nije partner is. Wat it tema al is is, nei ien kear lêzen noch net rjocht dúdlik. By in twadde lêzing falt der mear op it plak. Echt literêr. En dat foar in boekewikegeskink!
It ferhaal giet fierder oer Esau dy't allinnich fierder giet, earst noch even mei Gea, mar út de petearen fan harren twaen, wurdt it de lêzer dúdlik dat hja net fan belang is. It binne triviale petearen. De banaliteit fan de mins yn it algemien wurdt beklamme yn it besykjen fan Gea om unyk te wêzen: ‘As ik mei in man bin, sa as no mei dy, dan sangeret my yn 'e holle om dat ik mei him yn 'e wyldernis wêze wol dêr't wy noait wer in minske tsjinkomme sille.’ Ja, wa wol dat net? Even letter seit Esau dan ek: ‘Watsto wolst wol elkenien.’
Dit rekket it tema: gjin minske is unyk. Alle minsken wolle itselde: lokkich wêze, en hawwe allegear de langst en ûnwennigens nei eat. It ferskil leit dêryn dat net elkenien ûnwennich is nei itselde. De bertegrûn spilet dêrby in wichtige rol. Dat wurdt dúdlik as se frije: ‘Frije’, hie se sein, ‘witst wêr't dat nei rûkt? Dat rûkt nei de see, nei de see út myn bernetiid’ (s. 8). As se nei Amsterdam ride, geane se earst fia de bertegrûn fan Gea yn Seelân: ‘Se woe Esau it Swin sjen litte dêr't se altyd omslein hie foar't se nei Amsterdam gongen wie.’ en ‘Se rieden nei Gea har plakje’ (s. 12) en dan folget de wat kryptyske passaazje: ‘Gea sei dat se der altyd fan dreamd hie dat oer de dunen yn 'e fierte in jonge op har tasetten komme soe en tagelyk hie se dêr bang foar west. It wie net bard en dat fûn se ferskriklik, want no hie se harsels noait kennen leard.’ It libben nei dy tiid is foar har net fan belang en Esau seit dat se har libben oars besjen moat.
Gea sjocht er fierder net wer, mar de rest fan it boek is in útwreide ôfspegeling fan wat hja oer harsels sein hat. Ek Esau hat in plak en in geur. Dêr't hja ûnder it frijen de see rûkte, rûkte hy feangrûn. ‘Syn plakje’ is de Alde Feanen en De Warren. Dêr is er ek mei gjin frou of fanke west, dat docht bliken as Yfke seit dat se him noait nei dat plak ta krije kinnen hat (s. 35). Hâldt dat yn dat ek Esau - lykas Gea - himsels noait kennen leard hat? Ja, want as er in âlde wetterkaart sjocht en de geografyske nammen opneamt is er der finaal ôf: ‘Hy siet yn in kokon. Esau biet op 'e tosken. Nei dy kaart sjen en dy nammen opneame, dat wie ek fuort it uterste. Alles wat er dien hie en noch dwaan soe wie surrogaat. De kokon soe net iepenbarste by syn libben, miskien by syn dea’ (s. 36).
Dit is dramatyske taal: alles wat er dien hie en noch dwaan soe wie surrogaat. Men kin hjirút ôfliede dat ek Esau - lykas Gea - himsels net ken en dat ek hy syn libben oars besjen moat.
Dan folget it haadstik oer Frou Klazinga, de