| |
| |
| |
Wilco Berga
Hearst se noch razen as wylden
Hearst se noch razen as wylden
as wie der in skip fergien, hearst se
wer âljen om it wûnder dat it doarp
sûnt jierren wer ris oandien hie,
de weake grûn noch hieltyd weagjend,
litst de stien fannijs oer 't wetter
saaie dy't, fansels, lykas alle oare
yn in eachwink út it sicht ferdwynt.
Dy kear tochtste: dit is 't libben,
sa oerémis as se nei de dyk ta fleagen,
alle jonges gek om wat dêr yn 'e nacht
Dat oertinkend dikerst wer de reiden
oer nei rôze stipkes yn 'e mar, dêr't
men fan sei dat it wol fyftjin wienen,
alle jierren ien, tochtst by dysels.
En tinkend oan de flamingo's fan earder
hearst it wer: se bin' sa ûnwerklik!
Soks is seldsum, sei ien dy't it libben
koe, en woest it dalik leauwe.
| |
| |
| |
Wa't allinnich mei de bus giet
Wa't allinnich mei de bus giet
nei de lytse doarpen op 'e kust
- inkeld mei syn tinzen ûnderweis nei
wat er leaf hat - sjocht wat om him
hinne, harkjend nei it skeakeljen fan
de sjauffeur om oaren yn te heljen,
hoe't de toeren fan 'e diesel stadichoan
oprinne, hoe't dy piipjend remmet foar
de froulju yn har simmerklean.
Dy't nei de kust giet sjocht it oan,
dy skoot wat op yn 't gongpaad; bist
allinnich ûnderweis nei in freondinne.
Wa't sa mei de bus giet, dy besiket him
in byld te foarmjen fan de haven of
har mûle - hoe't se fluch de see opsylt,
yn 't lije wetter glierket en har jout
Dy kin amper noch geduld dwaan as
de haltes har hydraulysk iepenje, wer
Dy sjocht it oan en stiet yn 't gongpaad
foaroan as de rook fan lân oergeand yn
| |
| |
as fierderop de loft feroaret.
Ien dy't mei syn leafste farre wol,
dy sjocht it foar him ûnderweis:
de skippen, al hoe lyts, bemanne mei
bretaal genietsjend folk, hysels dêr
tuskenyn oan 't helmhout.
Dy harket nei it ritme fan 'e diesel
mei it ûngeduerich lûd, al sa fertroud
Wa't sa nei de kust giet - dizze tiid
fan 't jier de bus nimt - dy besjocht
de drokte yn it skodzjend gongpaad,
inkeld tinkend oan har mûle.
| |
| |
| |
In kear oan board fan in âld skip
In kear oan board fan in âld skip,
om ús hinne klonken izer yn
moai rûne gongen dy't, sa mienden we,
Wyn dy't lûden meibrocht: gjalpen
op 'e kant, en as de wyn wer lizzen gie
it skriemen fan in bern of fan in frou,
Wetter batste rûnom tsjin it izer,
weagen noegen ús te dûken.
Wa't doe earst wie is net mear te sizzen,
likemin wa't earst wer boppe kaam,
safolle is fergetten - yn it lochboek gjin
notysjes fan sok stil, ûnwerklik waar.
Wat letter waaide 't dat it rikke,
wyn út alle hoeken fan it paradyslik lang
nee, neat wie doe ferbean, en 't waaide ús
noch lang net hurd genôch.
It skip it harnas, en it izer moast bewize
dat it net omdôch sa klonken wie dat
| |
| |
weagen har fuortdaalk de nekke brutsen.
Dan dy kear dat we de mar oerstutsen
en 't gefaar wyld skomjend op ús takaam,
lykas op 'e kant de striid mei lâns en
wa't it wûn hat is net mear te sizzen.
| |
| |
| |
Gers, ûneinich gerslân om ús hinne
Gers, ûneinich gerslân om ús hinne,
hokker plak of paad is net te sizzen,
ek al hearden we de stêd tichtby yn
dûnsjende heechspanningskabels,
inkeld bisten seagen we dêr rinnen,
iensum oan 'e foet fan stielen tuorren
- heech, gâns heech de stêd dy't
En de skiep dy't alle kanten út fleachen
oe sa kwetsber, fûnen we. Men moast
wat sizze; de petearen fan dy nacht te
pynlik om al op werom te kommen.
Dat we hienen 't oer in man dy't foarby
kaam, dêr wol wenje soe; sa nochteren
tôge er mei in kring om - sa fansels
de dea, as alles wat dêr fêstlei,
wêrt 't dan ek wie. Sa ûngemurken
hienen we it paad ferlitten,
elk rûn no op fearjend gers, it gûnzjen
fan de stêd folslein fergetten.
|
|