Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 56]
| |
De Skiere Lingerie fan Smink.It kaft en de titel fan de nijste bondel fan Jacobus Quiryn Smink binne dúdlik genôch: it giet hjir om de erotyk. Lingerich Tekstyl & swarte side hjit de bondel. Dat ‘lingerich’ kinne wy lêze as lingerie en sa't eltsenien wol wit is swarte lingerie fan side it toppunt fan erotyk. Ek it brûkte sitaat fan Rixt út De Gouden Rider (1952) wiist yn deselde rjochting: ‘Mei't dy wêze Eros yn koart opûnthâld / my is it nacht en dei, lizzen en stean’ (s. 4). Mar Smink foldocht wat my oanbelanget net hielendal oan de ferwachtingen dy't er opropt. Erotyk yn poëzij ûntstiet troch subtiliteit en troch suggestje. At it goed is, wurdt yn sokke fersen in byld oproppen dat trochskimerje lit wat der bart. Erotyk yn poëzij hat metafoaren nedich. At yn de poëzij de died wol presys beskreaun wurdt en der dus neat ferburgen wurdt, soe men sizze kinne dat it giet om pornografyske poëzij. Sokke poëzij heart foaral prikeljend te wurkjen en moat dus tagelyk gefoel, lichem en ferstân oansprekke. Smink mist de subtiliteit om echt oer erotyk te skriuwen. Wat er oan erotyk sa no en dan suggerearret, wurdt faak yn de oare rigel al wer de boaiem ynslein. Yn it fers ‘Cro Magnon’ begjint er mei in moaie earste strofe: ‘Klaai dy út, wol dy hearre yn stil / Fel, sa ferrifelje my de jierren / Net, dyn smelle stal en dyn bûgen / Jou der my yn del en brek dyn wil’ (s. 6). Yn de twadde en tredde strofe bliuwt der fan dy erotyk net folle mear oer. De ferwachting wurdt ferbrutsen troch rigels as ‘As in néandertaler fergryp my’ en ‘Want do hast de slinger al leard te brûken.’ Soe men Smink syn poëzij dan pornografysk neame kinne? Yn de sin dat Smink sa no en dan tige plastysk de died beskriuwt, kin men him yndie pornografysk neame. Mar prikeljend en orizjineel binne syn fersen net yn dat opsicht. It fers ‘Nokturnen fan it begearen’ is in fers dat dúdlik de died beskriuwt, mar der is neat aparts oan. It begjint mei de rigel ‘Liiflik begearen, mei skokkend bil en ûnderliif’. (s. 25) At in fers mei | |
[pagina 57]
| |
sokke rigels begjint, is der yn de rest fan it fers net folle spanning mear te ferwachtsjen. En it is al hielendal net prikeljend. Guon fersen binne wol hiel moai lykas ‘Tolfde hûs’ en ‘In simmersang’. Hjir slagget it Smink wol en bou in bepaald soart spanning op yn it fers mei moaie en eigen bylden: ‘Wat ferburgen is sil aanst bleatlizze / En wa't út 'e wei wurdt ea fûn / Net om it witten mar it skyl nei skyl / Untwikkeljen fan lingerich tekstyl’ (s. 5). Mar in pear fan sokke fersen yn ien bondel is wol in hiel lyts bytsje. Fierder ûntkomt Smink net oan de klisjees dy't altiten brûkt wurde om seks te beskriuwen. ‘Ik wol har pakke, dy bûtengewoan blonde / Har earmen fan goud en sa moai / Sa'n multsje’ (s. 20) of ‘Nim dy, jou dy, nim my, jou my’ (s. 24). Lingerich Tekstyl & swarte side ferfollet net de ferwachtingen dy't de titel opropt. Smink jout in byld, mar makket it byld net ôf of brûkt wurden dy't it byld kapot meitsje. De ‘Jazz fan de hertslach’, sa't ien fan de fersen hjit en dat in prachtige omskriuwing foar de leafde is, bliuwt te faak plat op it papier stean. | |
De dichter en de fiskerDe tematyk fan de nije bondel fan Jelle Kaspersma, Fol Gas Sudenop en Oare Lieten, is ûnder te ferdielen yn fiskers, de natoer, oantinkens, de Iselmar en yndianen. Dat binne op himsels moaie tema's mar by Kaspersma komme de fersen faak net goed oer by de lêzer. Dat hat mei ferskillende saken te krijen. Yn it foarste plak is de yndieling fan de bondel wat sleau. Sa steane de fersen dy't Kaspersma oerset hat út yndiaanse talen middenyn de bondel, wylst in apart skift better west hie. It hie by dy fersen ek nijsgjirrich west en skriuw in lytse ynlieding oer de tematyk fan de fersen. De measte lêzers binne net sa bekind mei de kultuer fan de yndianen sadat in soad termen yn de fersen foar de lêzer wat frjemd binne. Wa wit bygelyks wat peyote betsjut yn it fers ‘peyoteman’? By de fersen oer de natoer sitte in tal moaie haikû lykas: ‘de hjerst sykhellet / wylst mist rikket út 'e sleatten / sykhellet de hjerst’ (s. 14). Kaspersma makket hjirre in hiel eigen en aparte sfear troch de herhelling. Hy skriuwt yn mear fersen op in prachtich byldzjende toan oer de natoer lykas: ‘it floeibere waard hammere troch de froast / in wûnder patroan wynderet ûnder de brêge troch’ (s. 13) of ‘maitiid hat him wer delset / yn in golvjend gea’ (s. 22). Mar faak bliuwt it by in pear moaie sinnen yn in fers, want hiel faak brûkt Kaspersma bombastyske wurden of klisjees. It fers ‘reeksynjalen’ begjint bygelyks mei de strofe: ‘de bus rydt | |
[pagina 58]
| |
troch in tryst lânskip / dat ropt om winterklearens / om sinne’ (s. 24). Fuort is de eigen en aparte sfear dy't yn oare fersen sa no en dan wol te finen is. Der is ek in tal fersen dat oer it fiskjen en fiskers giet. Op himsels fyn ik dat wol in orizjineel tema. Wat Kaspersma lykwols mei dat tema docht yn syn bondel, is mear it fertellen fan in ferhaaltsje mei in bepaalde sfear as it skriuwen fan in fers. Yn it lêste fers fan de bondel stiet in gedicht dat oer dy gedichten giet: ‘Joep syn songen taal / dy't ik net ferstie / kaam yn my del as de meast folsleine poëzij / dy't even letter fol gas sudenop gie’ (s. 53). Mar ik ha noch neat fan dy poëzij fan de fisker Joep út Volendam sjoen. Wat in dreech punt is by it lêzen fan de bondel is de fraach: wat wol de dichter eins sizze, welke kant wol er mei dizze bondel op? Wat besiket er no oer te bringen en wat is presys de ‘pointe’ fan it fers? En at in lêzer himsels dy fragen begjint te stellen, is it eins al mis. Want goeie fersen roppe gjin fragen op, mar jouwe de lêzer yn it foarste plak in gefoel, faak in gefoel fan werkennen. Pas yn in letter stadium begjint de lêzer te prakkesearjen en himsels ôf te freegjen wat him no krekt rekket en wêr't it fers presys oer giet. Miskien hie it holpen at der wat mear neitocht wie oer de foarmjouwing fan de bondel en de yndieling. De letters op de foarkant toane net en hawwe in ferskriklike kleur. De fersen steane hielendal ûnderoan de side printe wat it lêzen der net makliker op makket. Sa no en dan stiet der hielendal boppe oan de side noch in ferdwaalde titel. Fierders fyn ik tekeningen yn bondels in ferskrikking omdat se bedoeld binne om in fers te stypjen, mar meastentiids inkeld it omtinken fan de fersen ôfhâlde. Ek yn dizze bondel is dat it gefal en de dichter hie der dan ek ferstannich oan dien en lit de fersen foar harren sels sprekke. Fol Gas Sudenop en Oare Lieten is in bondel dy't wiswier wol potinsjeel hat mar dat potinsjeel komt der op ferskillende flakken net goed út. De fersen hawwe tefolle swakke parten dêr't de dichter de sfear sels ôfbrekt of tefolle in ferhaal bringt. Fierder hie it miskien wat west en hie de tema's wat dúdliker ôfbeakene en stal jûn. De foarmjouwing is in saak dy't yn de poëzij in soad omtinken fertsjinnet, mar by dizze bondel hiene útjouwer en dichter wol ris better neitinke mocht. En fierder bin ik noch hieltiten benijd nei de poëzij fan de Volendamske fisker Joep. |
|