Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 53] [p. 53] Harmen Wind Earst mar ris libje (foar Jacobus Quiryn Smink) It libben hat de dichter selskip jûn, mar hat men frede, hat men rêst yn dy drift? Jonger komt griffêst fan sjonger, mar hat men it fûn? De lêzers fan de smelle rigels ha it oardiel krigen út dy hichte wei, de leagen fûn yn wat har mei nimt: útstel, wille, doarren ta. It is net sa't it is, mei 't libben om te gean bin' dichters net geskikt. It deistige foarbygean flikt it kear op kear, men wol werom. Men lekket blom en beamte, wit wol better, smoart yn brûs en skom. [pagina 54] [p. 54] Ferbûn Dit is gjin waaien mear, de loft skriemt oer ús ierde. It rûzet net, it bâltet yn it hear. Ik hear de rein, de heilstiennen, de snie de finsters bestoarmjen, en myn eigen hûd docht sear. Lit my mar skûlje efter glés en oergerdinen, de lijte sykje by de waarme hurd, lit my mar yn myn reade dream ferdwine mei dy deun neist my: it fleiswurden wurd, lit my dy taaste, priuwe, sobje, sline, útraze tsjin de wyn, wês mei my grut. [pagina 55] [p. 55] Wintergesicht Is dit eartiids? Yn in steil skrift de wei op it wetter. Fan ûnderen de ljochtsjende djipte, fan foaren de fonkjende fierte, fan boppen de lôgjende loft. Ja dit is eartiids: in wite jonge mei in knoffelige mûle en kroandeade hannen, fêstbûn op Fryske houtsjes, keppels guozzen jeuzeljend oer him hinne. Vorige Volgende