mans dit jier, want dy romans moatte skreaun wurde foar it goede doel: dat is It Fuortbestean Fan De Fryske Kultuer. As men lean foar jins wurk hawwe wol, kin men better in Rely-ferhaal opstjoere.)
As der eat lêzen wurdt is dat wol berneliteratuer. Op 'e skoallen wurdt der tankber gebrûk makke fan fersebundels en ferhalebundels. It lesmateriaal fan 'e MSU steane gauris ferhalen yn. Dy boeken wurde lêzen op al dy skoallen mei it ferplichte fak Frysk!
En as der eat beoardiele wurdt binne dat berneboeken. Der is alle jierren in berneboekepriis, dy't takend wurdt troch in wikseljende berneboekesjuery fan in pear hûndert bern. Der wurdt in soad publisiteit oan jûn op 'e skoallen.
Ta ferliking: prizen foar folwoeksenen wurde mar ien kear yn 'e trije jier takend: de Obe Postma-priis, de Fedde Schurer-priis en de Gysbert Japikspriis. Dy sjuerys besteane hieltyd út trije minsken, in stik minder dus as dy pear hûndert bern alle jierren.
No is der gjin mins dy't tinke, lit stean sizze doar dat berneliteratuer gjin literatuer is. Of dat boeken foar de jongerein makliker te skriuwen binne. Of dat dy boeken net oan safolle kwaliteitseasken hoege te foldwaan. En it mei my net heuge dat ik in skriuwer betraapje kinnen haw op leechachtsjend praat oer in kollega-skriuwer fan boeken foar jongere lêzers.
Wat is it probleem soe men sizze?
Dit: skriuwers foar de jongerein wolle op itselde plak en deselde manier behannele wurde as skriuwers foar folwoeksenen. Net ûnderoan de side fan 'e krante mar boppe oan. Net allinnich mar yn ûnderwiisblêden, mar ek yn 'e literêre tydskriften. Se wolle dus ek krityk krije fan de wenstige kritisi. Se ferjitte dêrby ien ding: dy kritisi hearre net ta de lêzers fan jongereinliteratuer.
Der sitte gjin bern yn 'e redaksje. Der sitte ek gjin ûnderwizers yn (de mear yndirekte doelgroep fan de berneboekeskriuwers). Der sitte ek gjin âlden fan jonge bern yn. Der sitte sels gjin auteurs fan berneboeken yn 'e redaksje.
Fan dy groep lêzers binne it feral ûnderwizers en âlden dy't sels berneliteratuer skriuwe. Minsken dy't mei bern omgeane komme earder ta it skriuwen fan ferhalen foar bern. Dat hinderet neat, dêr is neat mis mei, elk mei witte foar hokker lêzers er/se skriuwt, dat is in kar. Mar dan moat der net eamele wurde oer de reaksjes dy't men eins fan oare lêzers hearre wol.