oansprekke sil. De skriftgelearden kinne der wol wer in moai skoft noflik op omkôgje. ‘Dat sit, sei de smid’ wie it prústige beslút fan Westra syn antwurd. Ja, yndied, in moaie symbolyk, en wat sit komt net in stap fierder. Op sa'n wize sil der ek nea in echt antwurd komme op de fraach: ‘Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?’
Wa is neffens de redaksje eins de Fries dy't nèt mear (of net méár?) Frysk lêst. Giet it hjir om in beheinde elite yn ivoaren tuorkes, dy't leechachtsjend delsjocht op kollega-skriuwers dy't noait oan har ‘heech literêre nivo’ takomme. Dan is it in moaie akademyske fraach. In antwurd dêrop te finen is in aardige tiidkoarting. Der sil lykwols nea bloed út floeie.
Of giet it dochs om de grutte mannichte. Dan sil it antwurd earne oars socht wurde moatte, bygelyks yn de resultaten fan de ûndersiken dy't de Fryske Akademy útfierd hat. Dat tsjil hoecht wier net op ‘en nij útfûn te wurden.
In oare en wichtiger fraach is: soene de heechlearde literatoaren harren net ris wat mear dwaande hâlde kinne mei it tagonkliker meitsjen fan harren wurk foar in grutter publyk. Dat hoecht alhiel gjin ôfbreuk te dwaan oan de kwaliteit. As literatuer gelyk is oan ûntagonklikens dan wiist it mâl mei de takomst fan dyselde literatuer. Benammen foar in lytse taal as it Frysk is sok elitêr tinken funest.
Binne skriuwers mei literêre pretinsje net by steat in grutter publyk oan te sprekken dan hat it gjin inkeld doel om mei de fraach ‘Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?’ om te tyskjen. Dat is tiidfergriemen. En jin mei in fikse poarsje selsbeklach ôf te freegjen wêrom't jins wurk mar net fan dat boppeste buordsje komme wol, is allyk sa.
Begryp my goed, skriuwers hoege wier net troch de knibbels foar grutte oplagen en hege omsetsifers. It is perfoarst net myn bedoeling om op kommersjele of hokfoar oare grûnen ek lektuer boppe literatuer te pleatsen. It is mear in kwestje fan it iene dwaan en it oare net neilitte. Koöperatyf tinken en hanneljen is hjirby it bêste biedwurd.
Harsenskraabje en dwerse kneppels smite is op syn tiid in aardige beuzichheid. Soks sil lykwols allinne in stimulearjende en kwaliteitsferbetterjende útwurking hawwe as it op freonskiplike basis bart en op plakken dêr't sokke sinjalen oppakt en begrepen wurde.