mar de oersettingen lêze, mar dochs.
De rol fan de Fryske skriuwers ûnder de besetting hat alles te krijen mei de ambivalinte hâlding fan de Fryske beweging. Alle Fryske skriuwers gienen earst troch mei publisearjen. Earst doe't men om ûtjûn te wurden, lid wurde moast fan de Kultuurkamer, kaam der in skieding. It is in hiele rige dy't nei 1942 noch útjûn is: Brolsma, Cuperus, Abe Brouwer, Burgy, P. de Jong, Meester - de Vries, Van der Veen. Allegear, ek letter noch, populêre skriuwers. De measten ha nei de befrijing fan de ‘ereraad voor Letterkunde’ in publikaasjeferbod krigen, meast fan ien jier.
Brolsma is it meast tragyske foarbyld fan de skriuwer dy't yn 'e fal fan de besetters rûn is. Hy hat him te min realisearre dat hy moaie propaganda foar harren wie. Venema jout oan syn gefal it measte omtinken. Brolsma wie fierwei de populairste skriuwer fan Fryslân doe't de Dútsers kamen. Hy wurke sûnt de jierren tritich as sjoernalist en nei syn minne jierren as ferver koe en woe hy syn wurk by de krante net opjaan nei de besetting. Hy wie net pro-Dúts, mar it gie him om syn ynkommen. Dêrby kaam dat er in soad wurdearring krige: de Harmen Sytstrapriis, in ynterview mei in Hollânske krante en in radio-útstjoering oer syn wurk. Syn boeken waarden oerset en dat fertsjinne fansels ek aardich. Al yn 'e oarloch ha minsken him dúdlik makke dat er ferkeard hannele en nei de oarloch is er yn in isolemint rekke. Venema skriuwt: ‘Brolsma hoefde niet in de gevangenis; hij was een gebroken man.’ Dat er by syn santichste jierdei, yn 1952, noch huldige is en dat by dy gelegenheid twa karlêzingen útkommen binne, wist Venema grif net, oars hie er dat moai brûke kind.
Foar in bûtensteander yn 'e Fryske literatuer makket Venema mar in pear unnedige flaters. Brolsma is bygelyks yn 1882 berne (en net yn 1892) en de roman fan Kiestra hyt net De Fryske Rige sa't Venema ha wol mar De Froulju fan de Fetweider. By de illustraasjes is in advertinsje opnommen foar De Stroojonker (‘Een diep menschelijke roman, die U vanaf de eerste bladzijde zal aangrijpen en boeien’). Yn 'e tekst seit Venema dat dat boek net mear útkommen is, mar de oersetting fan Brolsma syn Grûn en Minsken is der wier wol kommen en noch in kear werprinte. Yn hast elk antikwariaat kin men tsjintwurdich noch wol in eksimplaar keapje. Yn in bylage binne alle Frysktalige útjeften fan de besettingsjierren opnommen. It mei in wûnder hjitte, mar yn 'e stavering dêrfan sitte suver gjin flaters.
Venema bringt gjin nije feiten, mar nijsgjirrich is it byld dat er út Hollânsk perspektyf wei oer de Fryske literatuer jout, wol. Spitich is fansels dat er gjin oare mieningen oer de Fryske kollaboraasje brûkt hat en allin