Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 45]
| |||||||||||
Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?
| |||||||||||
[pagina 46]
| |||||||||||
him net en dêrom wurdt der sa'n bytsje Frysk lêzen. It Frysk dat de lêzers ‘oanbean wurdt is har net wier genôch. It is harren taal net. Sa sizze se it net, sa hearre se it net ien sizzen, en se kinne har ek net yntinke dat ien it sa sizze soe’. De iennichste konkretisearring fan dy stelling is dus it al neamde ‘oerkes’. Ear't ik neier yngean sil op de oannimlikens fan Westra syn ferklearring, moat ik koart twa oare saken nei foaren helje, dy't dêr oars wol ferbân mei hâlde. Hoewol't it der op liket dat Westra mei ‘wier’, ‘dogend’ taalgebrûk de (net allinnich mar persoanlike) sprektaal op it each hat, giet er yn werklikheid út fan (tige) noarmearre taalgebrûk, dat te finen is yn in noch gear te stallen ‘echte Fryske spraakkeunst, basearre op it materiaal út alle taalpraatsjes dy't de ôfrûne fyftich jier yn de Fryske kranten en tydskriften ferskynd binne’, ‘kombinearre mei it besteande kursusseguod’. It ûnderwiis, dat al yn it wurd ‘kursusseguod’ besletten leit, moat dy ‘dogende’ taal oerdrage. Ik merk foar de wissichheid op dat net in domein sa taalnoarmatyf is as krekt it ûnderwiis. As ik Westra goed ferstean, foldocht syn ‘dogend’ taalmateriaal yn alle gefal oan twa belangrike skaaimerken:
Westra seit sels ek mei safolle wurden dat er Hollanismen - ‘de grutte ynfloed fan bûtenôf op it Frysk’ - keare wol: ‘As dêr net in Fryske noarm foaroer set wurdt, sil dy ynfloed allinnich mar oanboazje’. It taalgebrûk fan fierwei de measte Friezen mei al syn Hollanismen foldocht dus yn Westra syn eagen perfoarst net oan it kritearium fan ‘wierheid’. Ik sinjalearje noch in oare tsjinstridichheid yn Westra syn riddenearring, dy't al min ofte mear út it foargeande te heljen is. We hawwe krekt sjoen dat neffens him de lêzers it (literêre) taalgebrûk beoardielje moatte op 'e fraach oft se dat út eigen of oarmans mûle kenne. Tagelyk is er lykwols fan betinken dat dyselde lêzers dat taalgebrûk, dat dus noarmatyf blykt te wêzen, net yn 'e macht hawwe. Dat komt net allinnich om't der (noch) gjin ‘echte Fryske spraakkeunst’ is (blykber soe dêr ek of sels foaral idiomatyske ynformaasje yn te finen wêze moatte), mar like goed om't ‘net eltsenien wit [...] hoe't dy taal der krekt útsjocht’, der is in tekoart oan ‘taalkundigens’. Dat jildt oars ek foar de skriuwers: ‘men [...] kin der net fan útgean [...] dat eltsenien dy't yn it Frysk publisearret wol wit wat al en wat gjin Frysk is’. Hoe't de lêzers dan op grûn fan net oanwêzige kennis fan ‘wier’ taalgebrûk de Fryske | |||||||||||
[pagina 47]
| |||||||||||
literatuer ôfwize soenen omdat dy net foldocht oan dyselde eask fan ‘wier’ wêzen, liket my in ûnoplosber riedsel ta. Dat boppedat de neamde lêzers al Hollânsk, Dútsk en Ingelsk - alle trije talen mei in (fierhinne) fêste noarm neffens Westra - lêze wolle, is my allikemin dúdlik: Westra wol dochs net úthâlde dat de trochsneed Fryske lêzer beoardielje kin oft dy talen, yn alle gefal it Dútsk en it Ingelsk, foldogge oan it kritearium fan ‘wierheid’? Jout Westra in oannimlike ferklearring foar de yn syn eagen lytse ‘groepen lêzers fan Fryske boeken’ (Westra makket nammers te'n ûnrjochte net dúdlik wat lytse groepen binne)? Nee. Sa't al út it foargeande op te meitsjen is, doocht Westra syn riddenearring oangeande ‘wierheid’ fan (literêre) taal yn mear as ien opsicht net. Hy kin dêr dus sa neat mei bewize. Der is lykwols noch in beswier tsjin it kritearium fan wierheid fan literêre taal as sadanich. Oars as Westra, bin ik fan betinken dat der, ek sûnder it bestean fan in ‘echte spraakkeunst’, sûnder mis in, sij it fleksibele, noarm foar skreaun en dus ek foar literêr Frysk oanwêzich is foar wa't dy kenne wol. Der is sûnt Gysbert Japiks in literêre taalnoarm yn opbou, yn ûntwikkeling. Faktoaren dy't bydrage ta dy noarm binne û.m.
De literêre taalnoarm wykt yn alle gefal op twa wêzentlike punten, te witten yn it ôfwizen fan (al te) dialektyske foarmen en fan Hollanismen, ôf fan de sprektaal. Mei dy (abstrakte, algemiene, foar net ien taalbrûker alhiel deselde) noarm yn 'e efterholle fersmite guon lêzers hjoeddeiske literêre teksten yn it Frysk: dy foldogge net oan har ideeën oer ‘wierheid’ fan taal. Westra is ien fan har. Der is lykwols ek in oare kategory lêzers: dy krijt in ôfskrik fan ‘de’ Fryske literatuer om't dy tefolle foldocht oan Westra syn ‘dogend’ taalgebrûk en dêrmei te fier ôfstiet fan de ‘gewoane’ taal, fan de sprektaal (dat Frysk alderearst is). Westra syn ‘twingend’ wierheidskritearium is dus net te brûken omdat it twa kanten útwurkje kin. | |||||||||||
[pagina 48]
| |||||||||||
As der al te minGa naar voetnoot1 Fryske literatuer lêzen wurdt, dan moat him dat oan wat oars lizze. Bûten de al troch de redaksje neamde algemiene, meast ek foar it Nederlânsk jildende, faktoaren, jou ik foar de fûst wei noch in stikmannich:
It is opmerklik dat Westra sokke, folle mear foar de hân lizzende ferklearringen, net jout. Noch frjemder achtsje ik it dat er mar ien faktor neamt, as soe dy allinnich de ferskillen tusken Frysk en ‘de “grutte” kultuertalen om ús hinne’ (Hollânsk, Ingelsk en Dútsk) ferklearje kinne. De werklikheid is frijwat komplekser. Dronryp, 19 desimber 1994 |
|