Albertina Soepboer
Kronyk fan de Poëzij
Oer: Gerben Rypma, Ik ha myn dreamen hân en fragen, Boalsert, Koperative Utjowerij, 1994.
By bondel fan Gerben Rypma hat de útjouwer in lyts boekje dien dat de titel Oer libben en wurk fan Gerben Rypma hat. Yn it foarste part jout Brattinga, de útjower en de skriuwer fan dit boekje, in ferantwurding foar dizze twadde fermeardere printinge dy't in útwreiding is fan de earste printinge út 1965. Sa'n ynlieding hie tige nijsgjirrich wêze kinnen, hie it net sa west dat de skriuwer nochal sleau is. Hy wurket yn it artikel mei in prachtich wittenskiplik noatensysteem, mar ferjit de skrapkes by in sitaat op side ien. In logyske yndieling fan de alinea's is ek fier te sykjen en de lêzer dy't mei in goed sin úteinset, sit al rillegau te huverjen. Mar hawar, de echte leafhawwers fan poëzij binne dochs al in folkje fan trochsetters, dus de kop der noch mar in kear foar.
Yn it part oer it libben fan Rypma steane wol wat aardige saken, mar wat moatte wy mei sokke klisjees as: ‘Hy is altyd de ienling bleaun, iensum en op himsels.’ (s.9.) Dat kin jo eins net mear mei goed fatsoen fan in dichter sizze of jo moatte der op syn minst in goed argumint foar jaan kinne. Brattinga lit wol moai sjen hoe't it omtinken fan Rypma ferskode fan folksskriuwerij nei de ‘echte’ poëzij, mar lit eins de meast ynteressante fraach lizze, al stipt er him wol efkes oan: wêrom hat Rypma nea de definitive oerstap makke fan folksskriuwerij nei de wiere poëzij?
Miskien is dat antwurd wol te finen yn de poëzij sels dy't sa no en dan in frjemde twaspjalt sjen lit. Oan de iene kant fine wy de jubeljende dichter dy't yn grutte, faaks nochal klisjeemjittige wurden de natoer besjongt, oan de oare kant stiet in dichter dy't yn tsjustere fersen in hiel oar sels sjen lit.
Ek Brattinga makket in skieding tusken de fersen oer de natoer en de mear persoanlike fersen fan de dichter. Foaral dy persoanlike fersen wol er sjen as wier literêre fersen. Mar ek yn dy persoanlike slagget it Rypma net om in wat oare, eigener toan oan te slaan. Hy bliuwt stykjen yn de wurdkar en bylden fan in folksskriuwer. Nim no it fers ‘Libbensstriid’ dêr't stiet ‘Hoe teach myn lok, myn rêst en wille hinne, / Hoe wif is my de lege leafde ûntflein. / En wie de hope skrie-