Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 35] [p. 35] Wilco Berga Sa't de strjitwei der noch hinne leit Sa't de strjitwei der noch hinne leit, no asfaltearre, mar deselde bochten: it lân wer swijend om ús hinne, as it swijt ha we der better sicht op, as it stil leit dolle we der makliker yn om. We hoege inkeld mar de feart te folgjen dy't foarop rint jout de tiid oan - dy't we noadich ha, tusken eb en floed; it momint dat alles liket wat it is. Lit' we foto's meitsje fan it wrede wetter, dat it stilstiet yn 'e albums fan 'e tiid dy't west hat: doarpen boud as timpels en de bisten makke út in stiente dat ûneinich meigiet. Wa't we wienen hat de trein, dy't net te hearren yn 'e fierte by de pleatsen lâns glydt, hjoed gjin tiid foar, lykas alles wat ús mei inselde gong passearret. [pagina 36] [p. 36] Better is 't om krekt te dwaan as sochten we wer aaien foar ús samling - wat bewarre wurdt is ivich, wat net ivich is beweecht hjir as de fûgels, mei deselde wjukslach. [pagina 37] [p. 37] Wat te sjen is op 'e tekening Wat te sjen is op 'e tekening - in jonge tekene mei beide hannen wat er seach, ljocht genôch, en oars wol by de lampe fan 't ûnthâld. Sketsen hoe't de skippen ruskjend binnenkamen, seilen dêr't de wyn mei alle krêft yn omsloech, hoe't in kraan de âlde huzen delsloech, oaren wer omheech brocht. Fan de frou dy't fan see werom komt tekent er allinnich de kontoeren, sa't se oeren yn 'e branning stie. Letter bylden fan har hûs mei wielderige beammen der omhinne, nacht en dei ferskillend, as sysels. Wat har sa begearlik makke - wat it tsjuster fan in tún teminsten sjen lit - witte oaren mear fan, lykas fan de jierren dy't noch komme; op sa'n jûn hat elk in auto of wit alles fan de dea ôf, hast gjin tiid mear te ferliezen en sjochst ôf fan tekenjen. [pagina 38] [p. 38] Mei houtskoal skriuwt men like maklik oer de see fan doe en no; de branning noch deselde, mar it hûs al jierren delslein. En skriuwst oer de wyn, sa't dy gysten yn 'e beammen omslacht Vorige Volgende