Sjoerd Bottema
Koarte kronyk fan it proaza
Oer: It kwea-each, Marten Toonder, Ketlik 1994.
Oarspronklike titel: Het boze oog, Amsterdam 1961.
Oersetting: Harke Bremer en Jarich Hoekstra.
Yn Toukebuorren op 'e Ramsterheide wenje steile kalvinisten. Wille en fleur jouwe gjin foech, want oeral loert it kwea. Wa't it weaget om bûten de stringen te stappen, wurdt swartmakke mei in swartsel dat nea wer út te wiskjen is, op in karre troch it doarp riden en dêrnei de boske ynjage. Dêr wenje dus de swarten. Neffens de heidsjers ha de swarten it kwea-each dat ûngelok bringt. De Romeoen-Julia-românse tusken in Toukebuorster jonge en de jongfaam Eike, dy't by de swarten heart, is dêrby oalje op it fjoer.
It kwea-each is it twadde Bommelferhaal yn Fryske oersetting. Oer de earste oersetting - fan Jan de Jong - wie ik destiids min te sprekken: ‘It prachtige wat âldfrinzige taalgebrûk fan Toonder is yn de oersetting fan De Jong sa goed as neat fan oerbleaun.’ Dat it hiel goed mooglik is om de argayske toan fan Toonder ek yn it Frysk te treffen, bewize Harke Bremer en Jarich Hoekstra.
Al fuortendaliks yn 'e earste alinea - in prachtige sfearbeskriuwing fan de streek Ramsterheide - toant dizze oersetting har krêft.
Oarekant de Swarte Bergen leit de Ramsterheide. It is in keale flakte mei brike, aaklike beammen en dampige petgatten dêr't rinsân yn wankt. De lju dy't der wenje beskreppe har brea mei it bouwen fan skrobberheide - in heukerich bestean fol soarch en lijen dêr't mar komselden yn lake wurdt. Ivich waaie de winen oer dy hoeke en de heidebouwers binne by nacht en by dei yn groubreidene wolle klaaid om it waar dêre treast te wêzen.