Gewoanwei steurend fyn ik dat Palstra yn al syn ferhalen konsekwint fêsthâldt oan de ik-persoan as ferteller, wylst de ienheid dy't er dêrmei suggerearret beslist net yn it boek werom te finen is. De echte flater leit wat dat oanbelanget lykwols mear by de útjouwer as by de skriuwer. De útjouwer hat de ferplichting om fan it pakket papier dat er fan in skriuwer oanlevere krijt in - literêr - produkt te meitsjen. De KU hie yn dat ramt dan ek nea de trije lêste ferhalen yn 'e bondel opnimme mochten. Hja falle bûten de ienheid, dy't de earste seis ferhalen wol dúdlik foarmje.
De earsten lizze in tematysk fundamint foar de bondel. De ik-persoan krijt in antlit. It is faaks net in botte spektakulêr karakter, mar as lêzer krijt men der in byld by. De ‘ik’ weeft ôf mei in pear âlde frustraasjes en is, lykas eltsenien, benaud foar it stuit dat er stjerre moat. It is allegearre neat nijs, mar it is in basis dêr't men op bouwe kin. Wat it aventuerlike, suver hast frivole fan Knopen, De boar en it ‘niemendalletje’ De lêste kear lykwols mei dy basis fan dwaan hawwe is folslein ûndúdlik. Ynienen jaget de modale ik-persoan fan niiskrekt achterop in motor mei in frou dy't er net kin troch de woastine. Wat Palstra mei dizze maneuvels wol, is in grutte fraach. Faaks wol er sjen litte dat er ferskate sjenres behearsket. In oare mooglikheid is dat er de realiteit fan syn bestean en syn dreamde libben foar inoar oer sette wollen hat.
Hie Palstra syn ferhalen yn eigen behear brocht, dan hie de nuvere tsjinstelling yn it boek der noch by troch kind. Om't in útjouwer mei pretinsjes der oer gear west hat, moat men by Tusken pij en wierheid grutte fraachtekens sette.
Hiele oare problemen hat men by it besprekken fan boeken fan Rink van der Velde. Diskusjes oer it feit of't fertellers no al of net yn 'e literatuer thús heare fiert men ommers yn sa'n bytsje elts taalgebiet?! Likegoed: wat let it dat de man skriuwt op de grins tusken literatuer en lektuer? De kwaliteit dy't Van der Velde leveret yn 'e lektuer-plus-kategoary leit ommers gâns heger as dy fan 'e grutte helte fan skriuwers yn 'e literatuerhoeke. Leaver goeie lektuer as minne literatuer, soe ik sizze.
Der binne twa redenen, dy't Van der Velde in spesjale posysje jouwe yn skriuwerslân. Alderearst is er alderferskuorrendst produktyf. Elts jier komt der wol in boek út mei syn namme der op en dan skriuwt er ek noch de wereld oan los wurk. De Friese Pers is der in hiele spekkeaper mei as men sjocht nei de ferkeapen fan 'e sutelaksje yn 1994. Produktiviteit is ien ding, mar wat Van der Velde foar my in skriuwer fan formaat makket is de wize dêr't er op mei syn taal omgiet.
Sjoch foar de aardichheid bygelyks ris nei de