Om dat te leauwen hat men betrouwen nedich yn it ferhaal dat de ‘ik’ fertelt. En dat is no krekt it probleem fan De Mafiaman.
By in thriller moat de spanning dy't de persoanen fiele, ommers oerbrocht wurde op 'e lêzer. Soks komt de lêzer fan De Mafiaman net oer. It is noch slimmer: Wêrom docht dy man sa frjemd, tinkt men allinnich mar. Hy wol gjin kontakt ha en giet der dochs hinne. Wêrom de freonskip sykje mei in man dy't men net lije mei? Miskien as sa'n man wat bysunders wie, mar de ‘mafiaman’ is net mear as in gewoan mantsje, dy't miskien wat better op syn frou passe moast en syn bern wol wat minder tramtearje mocht, mar as dat alles is! De ‘ik’ hoecht hielendal gjin gedoente mei de man te hawwen en út noch yn is dúdlik wêrom't er dat dochs wol.
In part fan it probleem by De Mafiaman is dat Abma sokke ûnnatuerlike petearen skriuwt. Dat wurket ek negatyf op it belûken fan de lêzer by it ferhaal. Bygelyks it petear mei Gerlof syn mem (s. 41): ‘Wat Gerlof jo ferteld hat oer my, is wier,’ sei se. ‘Ik haw deroer neitocht, ik wol jo dy ynformaasje net ûnthâlde. Wat jo derfan fine dat ik him op syn winken betsjinne haw, kin my neat skele, sels al ride jo nei hûs mei de gedachte dat Gerlof syn mem in ûnmins is. (..) Jo moatte jo konklúzjes mar lûke oer my en myn man. Mar hy en ik binne net gelyk. Tink dat net. It soe my muoie as Gerlof jo as freon ferlieze soe. Dêrom begripe jo? Ik winskje jo in goede reis. Ik tink net dat wy elkoar ea wer sjogge.’
It bliuwt, ek op de ein fan it boek, ûndúdlik hoe't de saken no yn inoar stekke. De ferteller narret de ‘mafiaman’ op dat stuit werom, mar hoe't it no gien is mei dy brieven en tillefoantsjes, dat witte wy dan noch net.
Miskien hie Abma de ‘mafiaman’ mar weilitte moatten. Spitich foar de barnende spanning, mar better foar it boek. As syn freondin by de ferteller weirint, begjint hy mei in selsûndersyk (‘Breadronken, as in nofteren keal, sa sawat moat ik yn it libben stien hawwe.’), mar ek dan giet it al rillegau wer oer de ‘mafiaman’. Dat is spitich, want it elemint fan de selsfoldiene man, dy't foar de tillevyzje sit mei de fuotten op in djoer fuottebankje en ûnderwilens syn relaasje ferrinne lit, is noch it meast aardige fan de roman.