Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 27] [p. 27] Jacobus Quiryn Smink Earst mar ris stjerre (foar Harmen Wind) De dea dy hat de dichter selskip jûn Mar men hat gjin frede noch wat rêst Yn dy drift, wat âlder komt griffêst Fan wat kâlder, nee men hat neat fûn Gjin lêzer fan 'e smelle rigels hat Treast ea krigen út dy djipte wei Fergees socht men om dat nimt my mei Of om wat útstel of miskyn de klad It is sa't it is, om mei de dea om Te gean is de dichter net geskikt Want is likefolle gewoan, mar flikt It kear op kear, wit fan gjin werom Byldet dy blom en beamte en men wit Wol better, dy letter dy bliuwt stom Vorige Volgende