Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 24]
| |
A. Soepboer
| |
[pagina 25]
| |
se ek sjoen nei gedichten dy't songen waarden en nei berneferskes. ‘De Spegel’ is in kar út al dy kategoryen en is sa it notiids sintrum wurden fan de Fryske poëzij oft jo dat no wolle of net. Eardere blomlêzingen ferskowe nei de perifery al hawwe se fansels harren ynfloed wol. Dat ‘De Spegel’ no al syn ynfloed hat op de kanon, waard lêsten dúdlik by ‘Taalstriid’ op Radio Fryslân. Der waard in fers fan Riemersma yn it Ingelsk foarlêzen. De dielnimmers werkenden it fers werom oan 'e titel ‘Fers 74’ dat ek yn de Spegel stiet.
Ek tydskriften spylje in wichtige rol yn de foarming fan de kanon. It publisearjen fan in fers yn in tydskrift betsjut dat in redaksje dat fers hifke hat en it goed genôch fûn om it te publisearjen. Dêrtroch krijt it tagong ta de kanon. At de dichter trochset, kin hy miskien in bondel publisearje om sa hielendal ‘akseptearre’ te wurden as in folslein dichter. Faak ek is de redaksje in plak foar dichters sels. Yn de ynlieding fan de ‘Spegel’ wurde Trotwaer en Hjir presintearre as twa tydskriften dy't op it mêd fan de poëzij beide harren eigen gesicht hawwe. At jo de haadstikken oer Trotwaer en Hjir neist inoar lizze, liket it derop oft der yn Fryslân mar twa groepen dichters binne: de Trotwaer- en de Hjir dichters. Trotwaerdichters binne dan Geart fan der Mear, Eppie Dam, Goaitsen van der Vliet alias Herman Heida en Wilco Berga. As Hjir dichters wurde neamd Tsjêbbe Hettinga, Jacobus Quiryn Smink, Sybe Krol, Harmen Wind, Villem J. Pytters, Cornelis van der Wal, Jan Kooistra en Syds Wiersma. Miskien wie dy ferdieling yn de jierren santich noch sa skerp doe't de Fryske literatoren ommers graach polemysk dwaan mochten, mar foar de jierren tachtich en njoggentich giet dat ferhaal lykwols net mear op. Yn de ynlieding fine wy oer Trotwaer yn de jierren tachtich neat, útsein it neamen fan de krisisgearkomste yn 1983. Foar Hjir wurdt in hiele list dichters presentearre as dichters fan de jierren tachtich. It liket wol oft Trotwaer nei 1983 hielendal neat mear oan poëzij dien hat en dat hast alle dichters yn Hjir publisearren. Dochs is de stân fan saken wat de poëzij yn de literêre tydskriften oanbelanget, oars as yn ‘De Spegel’ suggerearre wurdt. Wa't de nûmers fan Trotwaer fan 1983 oant no ta besjocht, krijt in hiel oar byld. Hast alle ‘Hjir’ dichters hawwe yn dy jierren ek yn Trotwaer publisearre. Guon dogge dat sels hiel faak lykas as Cornelis van der Wal en Harmen Wind. Ek docht bliken dat it idee, dat der yn de jierren tachtich yn Trotwaer net folle barde op it mêd fan de poëzij, net doocht. Hast yn elts nûmer fan Trotwaer ferskynde wol poëzij en útsein de ‘Hjir’dichters, | |
[pagina 26]
| |
steane der ek oare nijsgjirrige nammen tusken lykas Margryt Poortstra, Willem Abma en Josse de Haan. Wat wol dúdlik wurdt is dat de grinzen tusken Hjir en Trotwaer yn de jierren tachtich en njoggentich net sa skerp mear binne as earder it gefal wie. In soad dichters publisearje yn beide tydskriften en sadwaande kin der eins net mear praat wurde fan twa groepen dichters. Dichters brûke beide tydskriften om har wurk yn te publisearjen. It mei wol dúdlik wêze: ek yn de kanon fan de Fryske poëzij ferskowe de grinzen. Dêr't yn it ferline in skerpe grins wie tusken Hjir en Trotwaer, is no miskien in hiel lyts streekje dat kwealik de namme grins noch fertsjinnet. Dat proses is net werom te finen yn de ynlieding en dat is spitich. Sa liket it oft in part fan de dichters yn Fryslân noch hieltiten dwaande is mei de polemyk fan harren pakes. Sa'n idee fertsjinnet eins mar ien plak: yn de perifery fan de kanon. Want pakes tiid is no wol oer. |
|