Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 21] [p. 21] Goaitsen van der Vliet Pake fertelt Och myn leave jonge, ja, dy soele sneinen by ús op 't doarp! Moarns in tsjerkfol folk: dêr de fammen, dêr de feinten, hannen gear en blanke sabel ree. It wie in lust hoe't it oargel spile. Middeis yn droege sleatten en strewelleguod klonk it muzyk fan ritsen en knopen op de sacht hymjende wyn. Dat wie it gelok: tsjin iterstiid op hûs oan mei de broek fol rûchte en in kontfol nevebiten. [pagina 22] [p. 22] Mar dû dan, yn 'e frede Woest ha dû koest it tsjuster fiele, twa beferzen egen, en dat wie dat. Gjin wurd mear oer it wetter dat ús heultyd fierder spielde, de see. Dyn hannen tearden foar my iepen mar dyn fingers stutsen dea, en as it nacht wie fieldest oaljefjilden streamen, katte-egen, en heultyd fierder, de see. Ik wachte, hoe't dyn hûd ferblikke mei it moarnsrea, oant dyn netflues bruts en dyn lêste sike my net ontkôm. Hoeden spoon de sinne nije triedden, de dei. [pagina 23] [p. 23] Kammeraat Noait soe der, tocht ik, dat der gjin ein oan de oeren dy't wy sa brekber tegearre, doe't ús tekens noch gjin needsein, sjochst. Noait sil der, tink ik, as doe't de parren, it stikeltried en wy (hymjend in mûlfol) en hoe bang wy wienen (wat wienen wy) om fierder. Noait tochten wy de dea, of de grinzen fan ús lea. Mar de minsken flústeren, knikten, begriepen, en ik foon dy werom yn 'e krante dêr't foar it earst dyn namme. Sa, sjochst. Vorige Volgende