hawwe: Dubin's Lives fan Malamud en it eigen skriuwen fan de haadpersoan, sûnder titel. De roman fan de skriuwer Wadman is wer in oare tekst, dy't beide earder neamde teksten gearrane lit. En dan is der noch dy fjirde tekst, dy fan Spreuken 7, dy't opfallende oerienkomsten hat mei it ferhaal fan de man Bennekamp mei syn buorfrou. De yntertekstualiteit slacht dus foar master op en wurdt op in stuit sels wichtich as de frou fan Bennekamp it boek ek mar begjint te lêzen. Dubin's lives wurdt dan brûkt yn de net mear sa flotte kommunikaasje fan it echtpear Bennekamp en it boek krijt ynfloed op 'e gong fan saken.
It giet te fier om te bewearen dat Bennekamp mei syn buorfrou Ria begjint omdat er op gleed kommen is troch de haadpersoan fan Malamud, mar wol fynt er der in soarte fan befêstiging fan syn hanneljen yn: ‘Se kaam deun tsjin him oanstean. Hy seach op har ljocht hier del, dat net ûnnoflik roek, as je fan de sigaretterook ôfseagen. Der skeat him in passaazje út “Dubin's Lives” yn 't sin. Mar dat wie fansels oars, alhoewol...’ (s. 40).
Hy ferliket syn eigen echtgenoate, Aletta, mei Kitty, de echtgenoate fan Dubin en Ria, (syn freondin), mei Fanny Bick, de jonge freondin fan Dubin. Wat langer wat mear komt er derachter dat Ria en Fanny net te ferlykjen binne. Ek begjint er syn eigen ûntrou wêzen mei dat fan de haadpersoan Dubin te ferlykjen. Hy freget him ôf hoe't Dubin syn frou sa bedrage kin en lokkich yn 'e earms fan Fanny leit, mar ik haw my dan al lang ôffrege hoe't no krekt Albert syn frou sa bedrage kin. It kin him net iens safolle skele, liket it wol. Ek wol er net dat syn ‘minnares’ fragen stelt oer syn frou. En ik haw my hielendal besaud oer it feit dat er Ria betellet foar alle kearen dat se foar him plat giet. Hy hat der wol muoite mei, mar hy hâldt der net mei op! Der stiet dan wol geregeld dat Ria in geweldich ‘neuklichem’ hat, mar it wol my net oan dat er dêrom meibetelje wol oan har lisbad en har ôf(!)waskmesine. Under it lêzen fan De okse en Dubin's Lives wurdt de lêzer fan beide boeken gewaar dat de frou fan Albert in hiel oar mins is as de frou fan Dubin. Kitty fan Dubin is in widdofrou en is nochal ôfhinklik fan Dubin yn tsjinstelling ta Aletta, in sterke frou dy't har hiel goed rêde kin sûnder Albert.
Aletta krijt as frou har gerak net fan Albert, mar as personaazje krijt se dat ek net fan de skriuwer. Yn it begjin fan De Okse is Aletta in skym, se wurdt ôfskildere as de koele, ‘nononsense’ ega fan Albert. It sil oan 'e ein ta ûndúdlik bliuwe wat se foar Albert field hat en noch fielt. Likemin as dúdlik wurdt wat Albert no sanedich mei de buorfrou moat, wurdt it foar de lêzer ek net helder wat er foar syn frou fielt. Dat kin net folle wêze,