| |
| |
| |
Piet Calis
Anne Wadman
tusken de hege bergen fan 'e dream en it lege lân fan 'e realiteit
Lêzing hâlden op de jûn ta eare fan de fiifensantichste jierdei fan Anne Wadman, d.d. 18 novimber 1994 yn 'e Harmonie yn Ljouwert. Oerset troch Jurjen van der Weg.
Bêste Anne, dames en hearen,
Neffens de ieuwenâlde tradysje fan 'e retoarika krijt ien dy't in ferhaal hâlde wol hast altyd it advys om syn speech net ‘ab ovo’ - fan it aai, en dus fan it begjin ôf - te starten, mar ‘in media res’, earne yn it midden en dan de begjinfase der by wize fan sprekken yn folle gong noch eefkes by te nimmen. Ik tink dat dat faak ek wol opgiet, mar hjir soe ik likegoed dochs mei it begjin fan Wadmans libben as skriuwer begjinne wolle. Syn berte en de earste ferkenningen fan it konsultaasjeburo lit ik dêrby fierder mar foar wat hja binne. Krekt de perioade om syn sechstjinde, santjinde, achttjinde jier hinne hat ommers bepalend west foar syn skriuwerskip. Oer it ginneraal lykje dy jierren, dêr't in soad keunstners harren der bewust fan wurde dat hja skriuwer, skilder, musikus, dûnser of filmer wurde wolle, tige nijsgjirrich. In hiel soad fan itjinge dat letter ynfuld en fakentiden tichtmetsele wurdt leit noch iepen, eagen sjogge freegjend en ûndersykjend om har hinne en krije dêrtroch in hiel eigen skientme en algeduerich ûntsteane der wer nije plannen om it eigen libben en by need de hiele wrâld radikaal te feroarjen.
Ik tink oan it prachtige boek ‘A portrait of the artist as a young man’ fan James Joyce, dêr't er yn beskriuwt hoe't de jonge Stephan Dedalus, as de jûne falt, by de see delrint, it wetter om syn fuotten streakjen fielt en der fan dreamt in gedicht of ferhaal te skriuwen dat de wrâld feroarje sil. Hy is dwyl fan gelok om alle mooglikheden dy't der binne en ek om syn eigen kracht, de kreative wil om itjinge te meitsjen dat der yn syn ferbylding opkomt. Wa sprekke wol oer de lettere James Joyce docht der neffens my goed oan te begjinnen by dizze kuier by it strân del.
| |
| |
Oft Anne Wadman in soad by de see delrûn hat, wit ik net - it sille wol benammen de Fryske marren west hawwe, dy't er yn syn jeugd ferkend hat -, mar der is ús in boeiend dokumint bewarre bleaun om de jonge Wadman út kennen te learen. Hast tsien jier lyn kaam der yn eigen behear in boekje út, dêr't fragminten út Wadmans deiboek fan 1936 yn opnaam waarden. Anne Wadman wie doe sechstjin jier en siet op de HBS yn It Hearrenfean. In soad yn dat deiboek giet oer skoalle, oer de lessen, de leararen, de lytse konflikten, mar ynienen is der dan ek in ferwizing nei de Spaanske boargeroarloch, dy't krekt yn dat jier útbrutsen is: ‘Irun is gevallen... De rebellen juichen. Fordorie.’ (Nei alle gedachten is dat de meast sêftsinnige Fryske flok dy't ea utere is). Fierders komt de Fryske beweging, dêr't Wadman him krekt yn dizze perioade sterk foar begûn yn te setten, geregeldwei yn it deiboek oan 'e oarder. Hy hie him oansletten by it ‘Boun fen Frysk-Nasjonale Jongerein’ en skreau syn earste bydragen yn Fryske tydskriften. Ut it deiboek docht bliken dat er dêr in kear wurden oer hân hat mei syn heit, om't dy fûn dat er him tefolle wijde oan 'e Fryske saak. It deiboek giet fansels ek oer famkes. Sneon 5 septimber: ‘Vanmorgen de eerste ontmoeting met J. gehad en de eerste liefdevolle, liefderijke blik van haar smachtende ogen opgevangen. 't Is dus nog aan. Ze was zeer goed te spreken.’ Tiisdei 29 septimber: ‘'k Geloof dat het uit is tussen J. en mij. 'k Heb tenminste in geen weken meer met 'r gepraat, en ik schijn ook geen behoefte daaraan meer te hebben. [...] 't Spijt me soms wel een beetje. 't Was een goed meisje... En als ik denk aan die avond in de tram na de sportdag in Snits... maar dat is voorbij... voor altijd, tenzij... 't Was mijn eerste, na die mislukking met A., die ik niet meer aankijk. 't Zal ook wel een goed kind zijn, maar
ze is me wat te... te... onzelfstandig, laat zich te gauw door indrukken van buiten meeslepen. Waarom b.v. praat zo'n meisje nooit Fries, maar een Hollands dialekt, dat nergens op lijkt?...’ Goed trije wiken letter, op woansdei 21 oktober, lêst men dan lykwols ta jins fernuvering yn it deiboek: ‘Ik geloof, dat ik [...] wel kan meedelen dat ik geloof, let wel, ik zeg: geloof, dat ik weer verliefd ben, of word, en wel op dezelfde ster van vroeger, A. 't Is alsof een vreemde lokkende stem mij harer dwingt... Ook 's avonds in bed beleef ik dikwijls een teder verlangen naar haar streling, naar de tedere warmte van háár lichaam, naar haar diep-innige mond... Ben ik dan nog steeds zo onbezonnen? Word ik nooit wijzer?’
In pear wiken letter, op 4 novimber, notearre Wadman op de lêste bledsiden fan syn deiboek: ‘Nu ik aan het einde dezer met de hand der half-slapende geschreven en ge- | |
| |
dachte bladzijden gekomen ben, stel ik er prijs op een kort woord van weemoedige herinnering te wijden aan de tijd die dit alles omvatte, een tijd van geestelijk verzet, van zelf-kritiek, van Fries-voelend zijn, van bewust worden van eigen en anderer zwakheid, en tegelijkertijd van eigen innerlijke, stil en gestadig voortwroetende kracht, tot uitdrukking gebracht door weet- (niet leer-)gierigheid. Ik weet dat ik meer wil weten, en dat weten en dat willen beheerst mijn daden, mijn optreden. Ik besef grotere dingen des levens, en niet slechts HBS-nietigheden, doch waarlijk, ik voel me meer mezelf dan enige jaren geleden, en ook nog dan verleden jaar. Over de laatste twee, drie maanden kan ik gerust zeggen: Ik kwam van niet bewustweten tot het opgroeiend besef van een persoonlijkheid worden - zij het hoofdzakelijk in eigen ogen... Dit vindt wellicht zijn oorzaak in het feit, dat ik mijn optreden, ook voor de Friese beweging, gewaardeerd weet, en iets heb waaraan ik mijn jonge kracht kan wijden, zij het op bescheiden schaal.’
Oer syn favorite lektuer yn dy jierren fertelde Anne Wadman my, doe't ik him yn 1986 ynterviewde oer syn redakteurskip foar it literêre tydskrift Podium: ‘Mijn jeugdheld was Den Doolaard, niet omdat hij goed schrijven kon, maar omdat hij bergen beklom en naar de Balkan ging. Ik ben zelf nooit in de Balkan geweest en ik heb geen bergen beklommen, maar hij was mijn jeugdheld.’
Besykje wy ús no in foarstelling te meitsjen fan Anne Wadman doe't er sechstjin, santjin jier wie, dan komt hy, alteast op my, oer as in tige idealistyske jongbaas mei in sterk dreamlibben en mei grutte ambysjes. Allinnich al op hokker wize er oer syn ferealens skriuwt en oars ek it fragmint út it deiboek dat ik krekt foarlêzen haw, meitsje dat dúdlik.
Trije jier nei't Anne Wadman dizze notysjes yn syn deiboek makke hie, yn 1939, sette er ôf nei Amsterdam, dêr't er úteinsette mei de stúdzje Nederlânsk oan de Gemeentelijke Universiteit en dêr't er - úntfanklik as er wie - in ûnderfining opdie, dy't op syn literêre wurk in grutte ynfloed hawwe soe. Koart fóár de ynfal fan 'e Dútsers gie er nei in lêzing fan 'e essayist Menno ter Braak yn it Universiteitsgebou oan de Oudemanspoort. Dêr siet Ter Braaks freon Eddy du Perron op de foarste rige. Ter Braak, dy't inkelde wiken letter yn 'e rûzige dagen fan maaie 1940 in ein oan syn libben meitsje soe, spruts Wadman dy jûne tige oan. Wadman ferdjippe him fan dat stuit ôf yn it wurk fan dizze essayist, dy't oan it begjin fan 'e jierren tritich tegearre mei Du Perron yn harren tydskrift Forum fûl fochten hie tsjin alle ferheven taal yn 'e poëzij, tsjin alle grut- | |
| |
spraak en romantyske dreamerij, en dêrfoaroer yn it pleit gie foar it gewoane wurd yn 'e literatuer en foar in nochteren, saaklike ynstelling fan 'e skriuwer. Ek it sosjale en politike engaazjemint fan 'e Forum-mannen boeide Wadman, dy't sels út in sosjalistysk amtnersfermidden yn Langwar kaam.
Ik leau dat - neist de idealistyske ynfloeden út Wadmans jonge jierren yn Fryslân - ek it tydskrift Forum mei Ter Braak en Du Perron op Wadman in sterke ynfloed hie. Dizze ynfloed wie folle minder rjochte op romantyk, hie mear te krijen mei de striid foar it maatskiplik bewust wurden. Ik tink dat dizze beide fasetten - de macht fan 'e ferbylding, de dream, en dêrfoaroer de útdaging fan 'e realiteit - de beide poalen wurde soenen, dêr't Wadmans skriuwerskip yn lettere desennia om bar troch oanlutsen wurde soe.
Dat engaazjemint, rjochte him, doe't de oarloch oer wie, net inkeld op in dúdlike feroaring fan mentaliteit yn ús literatuer, mar ek op allegear aktuele ferskynsels op polityk en sosjaal gebiet. Dat docht benammen bliken út Wadmans redakteurskip fan it tydskrift Podium, dat yn 1944 yn Ljouwert oprjochte wie en dêr't ek geregeldwei wurk fan Fryske dichters yn publisearre waard. Yn dat blêd, dêr't de essayist Fokke Sierksma rillegau de earste fioele yn spylje soe, kearde Wadman him tsjin in ferskaat oan uteringen fan sêftsedich idealisme yn 'e letterkunde fan nei de oarloch. Wadman soe fan 1946 oant 1948 redakteur fan Podium bliuwe. Yn in soad opsichten kin men syn publikaasjes yn de earste jierren nei de oarloch fergelykje mei itjinge dat er fyftjin jier letter, oan it begjin fan 'e jierren sechstich, foar syn útdaagjende en tige polemyske ienmanstydskrift De Teannewâdder skriuwe soe.
It is aardich as men yn dat ramt betinkt, dat net inkeld Wadmans artistike opfettings, dy't yn Podium utere waarden, rûnom (ek yn Hollân) dúdlik ynfloed hân hawwe, mar dat ek syn namme de Flaamske skriuwer Louis Paul Boon, dy't yn dy tiid oan Podium meiwurke, ynspirearre hat. Yn syn roman De paradijsvogel, dêr't in filmstjer yn foarkomt, dy't mei har rûne foarmen gâns manljusherten op 'e kletter reitsje lit, hat in opfallende, agressive lustmoardner de namme ‘Wadman’ krigen. Jo begripe, dames en hearen, dat ik dêrmei útsoarte neat suggerearje wol oer de eroatyske foarkarren fan 'e fiifensantichjierrige jubilaris fan dizze jûn.
By Wadmans redakteurskip fan Podium falt op dat hy yn dizze perioade fûleindich opkaam foar it Fryske oanpart yn it blêd, dat oars al inkelde jierren nei de oarloch stadich minder waard. Yntusken wie er ek yn 'e redaksje kaam fan it Fryske literêre tydskrift De Tsjerne. De dichter Fedde Schurer hie dêr
| |
| |
by Wadman oer te praten west en dy sei him ta dat er meiwurkje soe. Yn de rûnte om dit tydskrift hinne, krige er in soad fan dwaan mei skriuwers lykas Douwe Tamminga, Jan Piebenga en Freark Dam.
Yn 1945 kamen der fan Wadman twa dichtbondels mei Fryske poëzij út, Op koart front en Fan tsien wâllen. Yn 'e bondel Fan tsien wâllenis - útsoarte yn it Frysk - in sonnet opnaam dat typearjend is foar Wadman yn dy tiid.
No kin iksels it Frysk, nei't ik oannim, aardich lêze (hoewol't ik dat faaks inkeld mar oannim en der net wis fan bin of't ik sa út en troch faaks in hiel oar boek lês as der doedestiids skreaun waard), mar myn útspraak fan de taal fertrou ik foar gjin stoer, al hielendal net foar in selskip as dit oer, dat mei it Frysk wekker wurdt en der nei alle gedachten ek mei op bêd giet. Ik wol dêrom it sonnet út Fan tsien wâllen yn in Nederlânske oersetting foarlêze, dêr't dus krekt efkes in soarte fan mini-‘Poetry international’ troch ûntstiet, dat dizze gearkomste in spesjale alluere jout. Jo, as oprjochte Friezen, sette it sonnet fansels fuortendaliks yn jo fantasije wer werom oer yn it orizjinele Frysk:
Wees eigenwijs en dwars en blijf stijfkoppig
de Soeverein over eigen dwaas bestaan.
Houd vast aan liefde en haat, eer, stoffelijk loon,
maar wees niet gulzig naar die van een ander.
Wees van je zaakjes zeker en laat niet slap
en sloom vreemd toezicht over je weten gaan:
blijf heer en meester over je eigen gaan en staan,
geloof in je oppermacht, strak, Fries, stijfkoppig.
Brul niet met moralisten en profeten
en oude of nieuwbakken kluizenaars
of andere hoerenbazen van de Geest,
maar zet je levenschoen op je eigen leest,
geloof zonder lef en geestelijke pretenties:
het leven heeft vijf, zes, acht, tien dimensies.
(Wês eigenwiis en dwers en bliuw stiifkoppich
de Soeverin oer eigen gek bestean.
Hâld fêst oan leafde en haet, ear, stoflik lean,
mar wês net nei in oarman's slij en roppich.
Wês fan dyn saekjes wis en lit net sloppich
en sleau frjemd eachweid oer dyn witnis gean:
bliuw Hear, en baes oer eigen gean en stean,
leau yn dyn oppermacht, strak, Frysk, stiifkoppich.
Bâlt net mei moralisten en profeten
en âlde of nijbakken anachoreten
of oare huorrebazen fan de Geast,
mar set dyn libbensskoech op 'e eigen least;
leau, sûnder lef en geastlike pretinsjes:
it libben hat fiif, seis, acht, tsien diminsjes.)
Jo sjogge it: dit is in soarte fan libbensprogramma, in tige persoanlike moraal, ûnder wurden brocht yn striidbere fersen. De toan hat in soad fan 'e Forum-poëzij, lykas dy fóár de oarloch skreaun waard troch Eddy du
| |
| |
Perron en Jan Greshoff: ‘Wês eigenwiis en dwers’ en noch sterker: ‘bliuw Hear, en baes oer eigen gean en stean, / leau yn dyn oppermacht, strak, Frysk, stiifkoppich’. It giet hjir om de persoanlikheid, de ‘vent’ lykas de Forum-mannen dat neamden, dy't de ferantwurdlikens foar syn eigen dwaan en litten op him nimt en de realiteit mei de eagen iepen yn 'e mjitte giet.
De kritikus Fokke Sierksma skreau yndertiid yn syn eigen blêd Podium oer Fan tsien wâllen: ‘Dit is een gevaarlijke bundel. Niet alleen voor de burgers, die, als ze door een noodlottig en niet te voorzien toeval dit boekje in handen kregen, wrevelig en haastig hun toevlucht zouden zoeken bij de veertig Rhodesia's en het rantsoen jonge klare.’ (Dit jout eefkes in yndruk fan 'e perioade lyk nei de befrijing, doe't sa'n bytsje alles noch op 'e bon wie en in nije tawizing sigaretten en alkohol rûnom mei jûchheigerop begroete waard.) ‘Wat erger en belangrijker is: Wadmans bundel is ook gevaarlijk voor dichters. Alle aestheten, dronken van de Droom en aanverwante artikelen, zullen rillen van deze verzen [...].’
Sierksma hat it measte net op mei de dream: hy hat it net om 'e nocht op in denigrearjende toan oer ‘de Droom en aanverwante artikelen’. Mar likegoed moat men fêststelle dat yn Wadmans bondel wis wol eat fan 'e dream bewarre bleaun is. Ik wiis jo inkeld al op de lêste rigels fan it gedicht: ‘It libben hat fiif, seis, acht, tsien diminsjes’. Dat binne der frijwat en dat jout fansels alle romte oan 'e fantasije, oan 'e ferbylding fan in oare wrâld. It docht bliken dat ek Fokke Sierksma dat yn syn resinsje beseft, as er skriuwt: ‘Wadman vecht op de grens van droom en realiteit. Als hij het gevecht wint, dan zal zijn Droom hard als basalt zijn, en niet een puré van prinsessen, feeën en arcadische coulissen. Good luck!’
Yn dat tiidrek lyk nei de oarloch libbe Wadman in skoftke yn Amsterdam, dêr't er syn stúdzje Nederlânsk ôfmakke en tegearre mei syn freon Gerrit Borgers, dy syn freondinne Anne van Poelgeest en syn eigen suster Martha yn in ûnbewenber ferklearre went yn 'e Amsterdamske Jordaan wenne. Dat hûs krige ûnder jonge Nederlânske skriuwers in beskate ferneamdens ûnder de útwrydske namme ‘het Podium Building’. Al dy tiid hold Wadman syn bân mei Fryslân. Hy skreau Fryske fersen, sette se oer yn it Nederlânsk en stalde de karlêzing Frieslands dichters gear, dy't yn 1949 útkaam. Foar myn gefoel fertsjintwurdige yn dy Amsterdamske perioade - doe't de redaksje fan Podium mei sa'n bytsje de heale wrâld yn de klinsj rekke en boppedat de oare helte dêrta útdage - Fryslân foar Wadman benammen it lyryske elemint. De langstme nei it heitelân
| |
| |
bleau sterk. Hy fielde him der mear thús, fielde him ek nofliker yn 'e rûnte fan De Tsjerne as yn dy fan Podium. It is alles yn alles net nuver dat Wadman al rillegau, ein 1947, nei Fryslân werom kaam.
Hoe sterk Wadmans bân mei Fryslân is, fernaam ik earst dúdlik, doe't ik doedestiids syn dissertaasje oer de njoggentjinde-ieuske skoalmaster Hjerre Gjerrits van der Veen lies, dy't healwei de jierren fyftich útkaam. Om earlik te wêzen moat ik sizze, dat ik my in bytsje tsjin it sin te lêzen sette. It seach der út as in echt âldstilich proefskrift, deugdlik, mar droech, en boppedat mei mear as trijehûndert bledsiden, ticht beprinte en yn 'e Fryske taal. Dat wie foar my gjin sinekuere. Mar lêzendewei de lektuer krige it libbensferhaal fan dizze Fryske skoalmaster, dy't tagelyks fersen en ferhalen skreau en ek midden yn 'e sosjale striid fan dy dagen, healwei de njoggentjinde ieu, stie, my yn 'e besnijing.
Alderearst foel my op mei hoefolle leafde Wadman him bejûn hie yn 'e jonge jierren fan Van der Veen yn Grou en op hokker wize er de foarming fan dy syn persoanlikheid en ek syn dreamen en ferwachtingen mei in soad omtinken beskreaun hie. Wat fierder ik yn it boek kaam, wat mear it my yn 'e besnijing krige. Itjinge dat ik foar my seach wie in prachtich stik maatskiplike skiednis fan Fryslân yn 'e njoggentjinde ieu mei tal fan ûnferjitlike details, dêr't Wadman sûnder mis foar yn wit hoe folle argiven sneupt hawwe moat.
Sa hat er it oer de akte fan oanstelling, dy't Van der Veen krige, doe't er skoalmaster yn Driezum waard. Dêr docht út bliken, dat Van der Veen achte waard him ek mei it ûnderhâld fan 'e tsjerke te bemuoien. Utsein it oargelspyljen en bibellêzen, hearde dêr ta: ‘de kerk ten allen tijde schoon te houden, de Bijbel met zilver beslag te bewaren, voor de Godsdienst oefening in de kerk te brengen en na het eindigen derzelve weder met zich mee te nemen. De Onderwijzer zal verpligt zijn het uurwerk in den Toren op te winden, zijnde hem de meeste zorg aanbevolen over de goede en geregelde gang van hetzelve, moetende het benoodigde smeersel door hem worden bekostigd; rustende alsmede op hem de verpligting om de klok op de van oudsher gebruikelijke tijden te luiden. De Onderwijzer zal verpligt zijn het kerkhof behoorlijk te onderhouden, de hagen om hetzelve tweemaal 's jaars te snoeijen, de wandeling om het kerkhof zwart, en de straat naar de kerk loopende, schoon te houden en zorg dragen dat het hek gesloten blijft, en wanneer er iets aan de kerk, toren, kerkhof of schoolhuizinge mankeert, daarvan dadelijk aan Heeren Kerkvoogden kennis te geven.’ Dejinge dy't dit lêst, fernuveret him der oer wêr't Van der
| |
| |
Veen - tusken it opwinen fan it oerwurk fan 'e toer en it snoeien fan 'e hagen troch - de tiid fûn hat om sa'n grut tal fersen, ferhalen en skôgingen te skriuwen.
Sa'n soarte fan dokumint jout dan ynienen in tige direkte kyk op it Fryske plattelân yn 'e foarige ieu en it jout ek krekt oan yn hokker omstannichheden Van der Veen wurkje moast. Dat dizze man, dy't sa fol konsideraasje siet, dy't sa'n soad dien hat foar de kulturele ûntjouwing fan it Fryske plattelân, mei it establishmint yn konflikt kaam, is dan ek net nuver. In striid dy't meastentiids ek fan dwaan hie mei finansjele kwestjes yn dy tiid fan grutte earmoed en ellinde: sa wie de fraach tige aktueel of't bern dêr't de âlden it skoallejild net fan betelle hienen, de lessen wol folgje mochten.
Wadman beskriuwt dizze kwestjes tige sekuer. Dêrtroch falt it ljocht der tige skerp op en bringt it foar ús net inkeld eat oan it ljocht oer de mentaliteit en de skiednis fan 'e ideeën yn it njoggentjinde-ieuske Fryslân, mar ek oer it hâlden en dragen fan minsken yn it algemien. En dan wol ik dat ek ferbine oan it tema fan dizze kausery. Yn Van der Veen, dy't fol wie fan de dream fan frijheid en emansipaasje, mar dy't by syn striid om dy dream wier te meitsjen, hieltyd wer stjitte op de deistige realiteit fan de tradisjonele machtsferhâldingen, moat Wadman in soad fan himsels werom kend hawwe.
It meast bekend waard Anne Wadman troch syn romans, dêr't benammen it eigentiidske Fryslân it dekôr yn foarme foar kwestjes dy't yn in hiel direkte taal mei in soad psychologyske djipgong beskreaun waarden. Fan dy boeken krige it measte omtinken yn it Fryske binnen- en bûtenlân fansels de roman De smearlappen, dy't yn 'e jierren sechstich útkaam, doe't der elts jier wol in nije maitiid en in nij lûd, mar ek in nije revolúsje oankundige waarden. Ek yn dizze roman, dy't gâns opskuor joech, draait it om 'e tsjinstelling tusken dream en realiteit. It famke Eelkje dat fan in romantysk libben fol aventoeren dreamt, botst mei de hurde werklikheid dy't har de kâns net jout om út har treasteleas bestean te ûntkommen. As dochter fan in boer dy't him benammen dwaande hâldt mei de stambeam fan syn famylje, rekket se fereale op in baggerder en belibbet se mei him in pasjonearre aventoer, mar - it is it ieuwenâlde ferhaal, dames en hearen - syn leafde duorret spitigernôch net. Syn trije broers, kollega-baggerders, kinne har oantreklike persoanlikheid ek nei wearde skatte, se rekket swier, mar wit net krekt fan wa, in houlik komt it net fan, mar in bern wol en oan de ein fan 'e roman liket it der op dat der definityf in ein oan har gelok kaam is.
Yn it boek is dan al ferteld dat de romantyske Eelkje harsels as lyts famke fermakket mei it bouwen fan mearkeskastielen en it
| |
| |
meitsjen fan draken, klapbossen en pilebôgen. Letter heart de namme fan 'e stêd Amsterdam har as muzyk yn 'e earen en genietet hja fan har eigen spegelbyld: ‘As ik allinne thús wie, ús mem bygelyks nei har healsuster yn Beintumageast, mar ek wol jouns foar it op bêd gean, paradearre en pronke ik op 'e souder om, it iene út en it oare oan, en ik krige myn nocht net fan de spegel en myn spegelbyld. Ik wie myn eigen mannequin, myn eigen ûntwerpster en myn eigen publyk, en ik song der súntsjes by. Ik seach mei niget dat ik, hoewol net moai, gjin miss dit of dat, dat wit ik mar al te goed, dochs folwoeksener waerd en rouner, mûteler, frouliker, en dat master Boar, as er der noch west hie, gâns mear hâldfêst foun hie as doetiids. Ik draeide mei myn heupen en makke dounspaskes, ik lei myn hannen ûnder myn boarsten en ik beseach, moedsum maneuveljend mei twa spegels, myn efterkant. Ik seach mysels rinnen oer it strân en ik wist dat ik miskien de snoadste en grif de moaiste net wie, mar dat in man dy't net alderearst op hege geastlike dingen en fynbeslipe skientme achtet, syn eagen oan my forlustigje kind hie.’
As Eelkje dêrnei har Wilte moetet, de baggerder mei wa't hja mar sa koart it grutte gelok ûnderfine sil, wurdt Egypte - it lân dêr't de baggerders ynkoarten nei ta ferfarre sille - it symboal fan it aventoerlike libben. Egypte liket de befrijing te wêzen út it deistige sleurbestean, it is it lân fan alle mooglikheden, dêr't hja fan hopet dat hja har der útlibje kin, einlings frij fan alles. Totally free, lykas de ‘Mothers of Invention’ it yn 'e jierren sechstich yn 'e Amsterdamske Stadschouwburg foar in bolbjirken seal en méí in bolbjirken seal songen.
De heldinne fan Wadmans roman waard dêrmei ek de represintant fan in hiele generaasje jonge minsken, dy't fan frijheid dreamden, en dat ferklearret foar in part ek it súkses fan it boek. In soad âlderen fielden har der ûngemaklik ûnder - sa út en troch waard de jongerein der mei pedagogysk ophefte wiisfinger tsjin warskôge mar in ûnferwachte soad folwoeksenen koenen der noflikwei wurdearring foar opbringe. It is aardich om sa'n skoft nei dato yn guon kranteartikels te lêzen op hokker ferskate wize werjûn wurdt hoe't Eelkje net inkeld it swiete geniet fan 'e leafde genietet mei Wilte, mar ek hoe't har sjarmes dêrnei troch syn trije broers yn neier ûndersyk naam wurde. Yn de doe noch katolike De Volkskrant omskreau Gabriël Smit it eroatysk optreden fan Eelkje yn 'e roman, dy't er in oanwinst foar de Fryske letterkunde neamde, as in ‘ten prooi vallen aan liefst vier broers’, wylst Jan Spierdijk yn De Telegraaf him mear yn botanyske faktermen utere: ‘Debora Eelkje groeit op, ontluikt, bloeit en draagt vrucht’. Dat it famke hjir it ynisjatyf nimt en net - lykas earde- | |
| |
re heldinnen út de Viktoriaanske tiid - breidzjend en borduerend ôfwachtet oant de ridder op syn wite hynder einlings opdaagje sil, wie eat dat in soad minsken ferraste en by guon foar in lichte oanfal fan woede soarge. Yn 'e parse waard dêr gewoanwei nuansearre oer skreaun, meastentiids mei wat fan wille en fernuvering. Sa hie it deiblêd De Tijd it oer in famke, dat ‘wat slordig omgaat met haar gunstverlening op erotisch gebied’ en merkte it Rotterdams Nieuwsblad nochteren op dat Eelkje ien fan 'e fjouwers baggerders ferlate en dêrnei troch syn broers brûkt waard. De resinsint giet dan fierder mei: ‘het minste dat men er van kan zeggen is dat
het meisje zich niet te hevig verzet.’
No sil it aspekt fan eroatyske befrijing foar Wadman by it skriuwen wis fan belang west hawwe, mar de roman hat ek in ferskaat oan oare motiven, dêr't ik hjir krekt eefkes op yngean wol. Op in stuit merkt Eelkje, de ik-figuer fan it ferhaal, oer har frijer op: ‘Ik hie Wilte ta de doar útjage, oft it nedich west hie of net. It wie bard. Us heit bleau ynearsten thús, dus gjin gelegenheid om him wer thús te ûntfangen. It doarp of syn baggerfolk soe him wol ferdútst hawwe dat Lyklama Taconis’ - dat is Eelkjes heit - ‘gjin maklik man wie, ien dy't gjin strunerij om syn dochter om 'e doarren hawwe woe. It begjint al aerdich op in echte boereroman te lykjen, tocht ik. Ik hie dêr wolris om gnyske. Mar it gekke wie, dat sokke dingen dus dochs foarkamen, al wie 't mei in justjes oare biljochting, mei oare aksinten as dy skriuwers oer beskikke.’
No hat Eelkje hjir it wurd, mar it liket wol oft Wadman sels yn har stee sprekt, benammen yn dizze passaazje: ‘It begjint al aerdich op in echte boereroman te lykjen, tocht ik. Ik hie dêr wolris om gnyske.’ En dat hie Wadman sûnder mis yn syn essays en polemiken dien. Mar yn dizze roman is dan dochs praat fan in ‘oare biljochting’ en ‘oare aksinten’, lykas er dat neamt, en fansels ûntbrekt it folkloristyske elemint, it ferbale klompdûnsjen en findelswaaien dat guon eardere boereromans karakterisearre. Eelkje is in moderne jonge frou, dy't guon hjoeddeistige swierrichheden net frjemd binne en dy't yn har opfettingen sa út en troch tichte by itjinge komt, dat de Frânske eksistinsjalist Jean Paul Sartre yn it gâns grutstêdsker Parys doedestiids úttocht hie.
Dames en hearen, ik praat yn dizze kausery oer dream en realiteit by Wadman. Ik haw it koart hân oer de dreamen en takomstferwachtingen fan Eelkje, mar ik wol it der nei oanlieding fan De smearlappen ek noch op in oare wize oer hawwe. Eelkje langet nei in libben fol fan glamour mei moaie klean en aventoerlike, romantyske mannen, yn alle
| |
| |
gefallen íén grutte alles oerhearskjende leafde, en hja dreamt fan Amsterdam en Egypte, mar se giet nei in baggerskip, dêr't hja hopet it gelok te finen. Wat no fertsjintwurdiget mear de deistige realiteit as it baggerjen? De amerkes mei drek dy't omheech en wer omleech skowe, de swiere learzens dy't men by it wurk oan hat - gjin kreaze ljisklearzens, lykas guon famkes oan hawwe, dy't mei diamanten opsmjuk oant yn fierten sûnder ein omheech riizje, nee, sljochtwei hinne wurklearzens de drek dy't oeral oer hinne leit, dat alles liket inkeld mar in fertsjintwurdiging fan 'e realiteit en net fan 'e dream. No, Eelkje besiket dus har dream te ferwêzentlikjen yn dy wrâld fan it baggerjen, yn dat symboal pur sang fan 'e realiteit. It aventoer, de romantyk, de totale fitalens moat yn ús eigen wrâld te finen wêze.
Ik tink dat dat sûnt syn jonge jierren ek it ideaal fan Anne Wadman is. Yn syn wurk siket er altyd mar wer nei dy synteze tusken dream en realiteit. De man, dy't yn syn jongesjierren mei A. den Doolaard dreamde oer it beklimmen fan 'e Alpen en it meitsjen fan trektochten troch de Balkan - beide dreamen binne spitigernôch noch net útkommen, mar Anne Wadman is noch jong - en dy't letter, yn Amsterdam, yn 'e kunde kaam mei de nofteren, engazearre fisy op de realiteit fan Menno ter Braak en Eddy du Perron, hat yn syn driuw om alles sa totaal mooglik te belibjen, besocht om dy fantastyske ambysje wier te meitsjen. De dream net foar de realiteit oer, mar der middenyn.
Fokke Sierksma doelde dêr al op yn 1946, doe't er oer Wadmans bondel Fan tsien wâllen skreau: ‘Wadmans bundel is zo negatief als rattekruid. Omdat hij zo eerlijk is om het drama van een mens, die de stommiteit beging een droom te conserveren, niet in een aestheticistische rose-lampjes-sfeer onschadelijk te maken, maar om dat drama tot op zijn eigen botten uit te vechten.’
Yn de roman De smearlappen rint it aventoer fan de romantyske Eelkje mei har baggerder spitigernôch op 'e non. Eelkje rekket swier, mar har heit ferset him tsjin in houlik mei Wilte en ek Wilte sels, dy't noch al oanbean hie mei har te trouwen, is dêrby net út de skroeven. Dat de heit net in soad foar it houlik fielt, hat der mei te krijen dat er stomme graach in nije stamhâlder hawwe wol, ien dy't syn eigen namme hat, en as Eelkje net trout en it bern net offisjeel in heit hat, krijt it de namme fan 'e mem, fan Eelkje, de namme fan it geslacht Lyklama Taconis dus. De langstme fan 'e heit de stambeam fuort te setten, soarget der foar dat Eelkjes kâns op gelok ferneatige wurdt.
Sjogge wy dat symboalysk, dan is dat dus alderearst al in wâld nei de tradisjonele boereroman, dêr't alles krekt om de stambeam,
| |
| |
de tradysje, om de skiednis fan 'e famylje draait. Mar der kin ek noch in oare konklúzje út lutsen wurde. De macht fan 'e tradysje, fan it ferline hat ek fan gefolgen dat it ideaal fan in synteze tusken dream en realiteit net berikt wurdt. Dat is dan tagelyks ek de eftergrûn fan Wadmans striid foar fernijing, foar brekken troch besteande taboes en de eftergrûn fan syn revolúsjonêre mentaliteit.
It libben makket de leafde fan Eelkje en Wilte stikken. Faaks moat de konklúzje wêze, dat ek Wadman syn grutte ideaal net wiermeitsje kind hat. Faaks slagget it wol nea op dizze planeet. Mar dat er it mei sa'n grutte ynset en mei sa'n soad elan hieltyd mar wer besocht hat, merkbyt him as ien fan ús meast nijsgjirrige skriuwers.
|
|