by de ‘skeppende ferbylding’ dy't de ‘yntime wrâld’ iepensmyt ‘fan neitinzen, nostalgyske barrens, ferbeane winsken en begearten’. Josse wol net langer lije dat in skriuwer yn himsels omgriemt. Dêrfoaroer stelt Josse in nij gebod: Zoek jezelf.
Dat sykjen nei it subjektive is de hoop foar de literatuer as beweging yn it postmoderne tiidrek.
En wa't no net mear wit wat er moat, dy wurdt alles grif op slach helder yn de slotsin fan dit baanbrekkende essay. Dêryn easket Josse fan de skriuwer
in subjektiviteit yn it kwadraat, dat is net postmodern postisme, mar it is in werom-avantgardistysk-foarút.
Begrepen? In werom-avant-gardistysk-foarút!
It is fansels skoof en skande dat Josse syn stik net de essaypriis 1994 wûn hat. Dy essaypriisfraach hat befêstige wat Josse de Haan al lang wist: yn Fryslân binne gjin goeie essayskriuwers. It postmodernisme slacht hjir ommers foar master op. Slaan de twa literêre tiidskriften der mar ris op nei, ropt Josse.
De skimmels fan rêst en berêsting slane je temjitte. Rotterij en ferfal stjonke fan de siden.
Sa mâl beart de sjuery fan de essay-priisfraach net, al hat hja foar de nominearre essays amper in goed wurd oer. De priiswinnende ynstjoering fan Itty Sluis is neffens de sjuery ‘in sintúchlik stik, mear literêr as esseeïstysk’. Gjin essay dus. Wat in fertoaning. It priiswinnende essay is gjin essay. In klucht, dizze priisútrikking. Mar leafst seis skriuwers waarden nei it earepoadium sleept en der like hurd wer ôfwâde en de grûn ynstampt. Ien, twa foarsichtige skouderklopkes en dan trije, fjouwer grouwélige skoppen ûnder de kont. Net bewûnderjend of jaloersk oangappe troch it omsittend laach mar - lykas wenst by in klucht - útlake.
Fan Josse syn stik fynt de sjuery dat der suver neat yn stiet, ‘yn alle gefallen neat nijs’. In postmodernistysk stik dus, dat essay fan Josse. Ik helje Josse der sels noch even by oan:
Postmodernistyske geskriften [...] lykje soms wichtich mar herhelje fakentiids foarmen en ideeën dy't al folle earder brûkt binne en (dus) fersliten oandogge.
Lykas it ‘essee’ fan Josse de Haan, dat neffens de sjuery fol stiet mei herhelling en gjalpen en wakker ‘beart en docht’. Postmodernistyske skriuwers klopje har ûnderwerpen op ‘sadat se oan de bûtenkant wat lykje’, sa't Josse it sels sa skerp wit te sizzen yn syn postmodern-postismysk-werom-avant-gardistysk-foarút-essee.