yn Oscar van den Boogaard syn nijste boek (Bruno's optimisme. - Amsterdam 1993, s. 193): ‘[...] in grote families bewegen we ons door het leven’. Foar it Fryske literêre wrâldsje jildt dat alhielendal. Foar it útkiezen ha jo it net. Ut en troch kinne jo wolris fiks rûzje meitsje, lykas by sa'n krisisgearkomste en guon kinne mei de lilke kop der by weirinne, mar dy't oerbleaun binne, moatte dochs meiïnoar fierder. Mei in nij klubke op eigen manneboet in nijsgjirrich tydskrift meitsje, sûnder bydragen fan al bekende en betûfte skriuwers, moat yn Fryslân wol mislearje. It waard nei ‘83 dan ynearsten ek in spultsje fan heinen en slaan. Troch minsken út te noegjen om oer in bepaald tema te skriuwen, troch oan te sluten by lêzingen dy't hâlden waarden foar it Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, of troch yn te spyljen op kommende útstallingen by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, binne bydragen levere dy't men oars by de ynkommen kopij net samar fine soe. Tagelyk waard hieltyd útsjoen nei mooglike nije redakteuren.
Hans Westra dy't foar De harpe fan Bernlef resinsjes skreau dêr't piid yn siet, waard sadwaande in berop op dien. Klaas van der Hoek, net allinne op literêr gebiet, mar ek op it mêd fan de byldzjende keunst in fynpriuwer, waard der ek by frege. Hy besoarge yn oansluting oan in útstalling yn it Fries Museum in kar út de brievewiksel tusken Boele Bregman en Laurens ten Cate, fersoarge in skoft de oanklaaiïng fan Trotwaer en skreau boppedat - faak mei in wat iroanyske ûndertoan - prachtige poëzijresinsjes. Sybren Sybrandy, no al tsien jier Trotwaer-redakteur, folge al dy jierren yn syn rake, noait net lange besprekken it Fryske proaza.
Grins dêr't al dizze redakteuren har domisylje hiene (cq. hawwe), hie en hat it foardiel dat der frijwat jonge minsken út Fryslân wenje dy't har benammen yn har studintetiid wol mei Fryske literatuer dwaande hâlde wolle. As it wurk dat se letter krije har alhielendal opeasket, bliuwt der lykwols net folle romte mear foar it Frysk oer. Op dy manier krije jo in brek yn de kontinuïteit. Alle kearen as redakteuren út it studintefermidden rekrutearre waarden, moast dêr rekken mei hâlden wurde.
It stimpel fan akademisme dat Trotwaer al jierren (grif net terjochte) hat, sil sûnder mis gearhingje mei it feit dat fierwei de measte redakteuren studearren of studearre ha en dat hja bûten Fryslân wennen. Benammen as it giet om it besprekken fan wurk fan minsken dy't men yn Fryslân alle dagen tsjin it liif rint, kin it in foardiel wêze om op in feilige distânsje op in oar plak te sitten. Mar dat foardiel waacht net tsjin it neidiel op. Want foar in tydskrift is it sûnder mis fan belang om oanslute te kinnen by literêre bar-