kin op 't lêst net ferwachtsje dat ien hieltyd itselde foar jin herhelje woe. Soms sei ik dan dochs ‘wat seiste?’. Mar dan ferstie ik him de twadde kear likemin. Spitich, it hat gâns gegniis fan Alex oplevere en misferstannen jûn. No, hast tweintichjier letter, besykje ik de humor der mar fan yn te sjen.
Wy makken yn dy snuorje de ôfspraak dat in redakteur net langer as fiif jier sitten bliuwe moast. Farsk bloed moast in kâns krije; fêstroaskjen tefoarenkommen wurde. It muoit my dat dy prima ôfspraak blykber net mear jildt.
Ik blêdzje stadich fierder yn myn ordner en omdat it de earste kear is dat ik dat sûnt myn redakteurskip doch, kom ik ferhelderjende dingen tsjin. In boaze brief fan in ynstjoerder bygelyks fan wa't in bydrage wegere is. Syn antipatyën dy't ik net ferklearje koe, wurde no ynienen dúdlik. Jierren ferlyn is it sie siedde foar wat sa'n tsien jier letter blykber út âldsear wei skreaun is. Om reden fan privacy fan dy iene ynstjoerder waans bydragen gauris ôfwiisd waarden, kin ik der fierder net op yngean.
It skriuwen fan Bartle Laverman dêr't er syn redakteurskip fan Trotwaer yn opjout, is datearre op 13-5-1976. Hy spriek en skreau my altyd oan mei Willem, mar no is it ynienen Abma:
Oan Trinus, Geart, Alex en Abma,
Dit jier ha ik sa't jim witte 5 jier redakteur west, tiid om op te stappen dus.
Der wie wat animositeit tusken ús ûntstien omdat ik it lang net iens wie mei Bartle syn pleit foar ‘rasjoneel poëzij besprekke’ en him hold oan ús ôfspraak nei fiif jier syn redaksjesit oan in oarenien ôf te stean.
Bartle hat, sa wurdt geandewei it argyf wol dúdlik, in hûdfol wurk foar Trotwaer fersetten. Oer syn ôfgean of oanbliuwen, hie ik my dan ek, efternei besjoen, better stilhâlde kind, al moat ik der fuort by sizze dat ek de oare kant net swak byspile as it gie om it jaan fan ûnderhûdske stikels. It redakteurskip waard foar my dan ek stadichoan minder noflik, mar ik woe it perfoarst fiif jier folhâlde. Ta fertriet fan mysels en miskien noch wol mear ta dat fan de oaren. As opfolger fan Bartle binne earst frege Pieter Breuker en Berber van der Geest. It waard Eppie Dam dy't mei yngong fan de jiergong 1977 yn de redaksje komt.
De redaksjegearkomste fan 30-10-1976 by Trinus oan de Godsacker yn Frjentsjer sil my ek bybliuwe. Earst fanwege Satan, Trinus syn ûnbidige herdershûn dy't blykber rûkte dat ik it fuort net op syn soarte stean hie. Hy seach my gleon oan en skaaide driigjend om my hinne. Trinus krige it ek yn de gaten en hie dêr yn alle stilte wakker aardichheid oan. Ik fersocht him de hûn de keamer út te