| |
| |
| |
Priuwkes út 25 jier Trotwaer
Tr. Riemersma / ....Mevrouw, menear....
Ja, gean jim góng, mefrouw, menear,
smook jim mar rêsteg jim sygret
en nip fersichtig fon jim port of sherry.
Jim oandacht is tefolle ear
fwar dizze sang, dot harkje net
mar eamelje mar tróch en skóp mar herry.
Ut yntresjerret mij gjin bast mefrouw, menear
oft jimme ol of net goedgeunsteg nei mij jerre -
jim kin óm myn pat stjerre.
Jim bin de lju, mefrouw, menear,
de pylders fon 'e maatskippij,
behoeders fon 'e goede en froede sede.
Jim grouwe kónt yn plús of lear,
sa hôde jim jim yndeks bij
en olles hinget ô fon jim genede.
Jawis, ik haf de pest oan jim, mefrouw, menear,
jim dógge oas net os fwar ús de boel bedjerre -
jim kin óm myn pat stjerre.
Ik haf de pest, mefrouw, menear,
oan jimme kultúrele freet,
jim grouwe bwasten en jim fette troanje.
Jim hingje fon ferdoanens gear,
jim stjónke út jim mûlle en reet,
jim piele net fergees mei ôdekloanje.
Jim bin ferrotte en fergien, mefrouw, menear,
ol is 't mei prûk en poeier ridlek goed maskjerre -
jim matte ienres stjerre.
| |
| |
Wij binne ree, mefrouw, menear,
un poat fon jimme stoel te slaan,
of jimme poaten ien fwar ien te brekken.
Dur sit ferdómd fólle ôdsear,
mefrouw, menear, jim ha gjin aan
hût wij ús nócht ha fon jim wize bekken.
Wij havve ut hieltyt wer besocht, mefrouw, menear,
mar wot wij woene en diene is tróch jim misljerre -
mar skielek mat jim stjerre.
Jim tiid is óm, mefrouw, menear,
dot pak jim boel en smear him gauw,
en wól jim jimme stank net efterlitte?
Wy bring’ jim tank, mefrouw, menear,
fwar jimme iver en jim trouw,
wot jim prestearden sil wij nea ferjitte.
Jim dienen jim plicht fwar de kultuer, mefrouw, menear,
netwier: de jónge plont ha jim fergoed skonsjerre -
jim kin yn frede stjerre.
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
R.R. van der Leest
Mislearre parody?
Yn ‘foarmen’, de lêste ôfdieling fan ‘practicum’ (KU, Bolswert, 1970) haw ik fiif parodyen ûnderbrocht. Uterlik hawwe dy gedichten de skaeimerken fan ûnderskate soarten (ympressionistysk, ekspressionistysk, ensfh.), inerlik binne se leech.
Ien fan dy fersen is in kryptysk, tsjuster, gedicht, dat ik dêrom ek mar ‘nokturne’ (= forklanking fan nachtyndrukken) neamd haw. It is gearstald nei it lêzen fan gedichten fan Lucebert, in my wêzensfrjemd dichter. (‘poezie is kinderspel’, Bert Bakker/Daamen N.V., 1968)
Nokturne
dêr't de groed him biseart oan it wyt fan it each
en de klinge fan dwêst toarret djip yn de facht
dêr't de wyn him bitiist yn de strûp fan it wrâld
tusken gers op de hil neist de stien oan it skot
dregger is skeind troch de
dêr't it wylpjen foar floed by de spounsmoas forraent
yn de fûgel syn skreau nei it skuorren fan flues
boppe tonger biwend ûnder wolkense stjalpreinbrek
lâns it smokeljend grim tsjin de stek sûnder kil
leit it sulver en rust sk ynt it focht
dêr is fjûr om de troan ûnforsânleaze toarst
dêr kleeft bloed oan de peal yn it wek fan de loft
dêr't de groed him biseart oan it wyt fan it each. It wurd dêr't yn dizze en oare rigels wiist op in plakbipaling, de groed bitsjut fansels de groede: troch it weilitten fan de lêste letter wurdt it omtinken fan de lêzer even ekstra ferge. De groede biseart him: âlde wounen wurde iepenript. oan it wyt fan it each. Ik tocht oan de moanne as it each fan de nacht en ek oan de surréalistyske film ‘le chien andalou’ fan Luis Bunuel, Dêryn wurdt mei in skearmes in 'each trochsnien, en de klinge fan dwêst toarret djip yn de facht. In klinge (= limmet, lims) toarstich nei bloed wie my to gewoan. Dêrom
| |
| |
naem ik fan dwêst foar kar, dwêste = ‘lessen’ ropt assosjaesjes mei toarst op. In klinge (for)toarret net, mar forrustket. Hwat libbet of libbe hat, kin wol fortoarje. De klinge wurdt hjir as in wêzen sjoen. In tsjinoerstelling mei it hurde izer fan de klinge foarmet it sêfte hier fan de facht fan de skjidde. Sa slûpt der ek noch hwat seks yn.
dêr't de wyn him bitiist yn de strûp fan it wrâld. It moat fansels net wrâld mar wâld wêze, wer in opsetlike forskriuwing om de lêzer to aktivearjen. De wyn dy't himsels bitiist yn de strûp fan al dy beammen achte ik in komysk byld, dat it parodyeftige fan it fers trochskimerje liet.
tusken gers op de hil neist de stien oan it skot. Dizze rigel tilt fan forhâldingswurden, lykas dat ek faek it gefal is by dokuminten dy't biskriuwe hwer't ien of oare geheime skat forburgen is, hil=hill (heuvel), skot hat deselde klank as skat, mar bringt tagelyk ‘sjitten’ yn it sin en kin ek noch ‘schot’, it hollânske wurd foar sket oproppe.
dregger is skeind troch de
dregger is skeind. Earst forwachtet de lêzer dat sein wurdt troch hwa of hwat dregger skeind is, mar de folgjende rigel jowt gjin útslútsel, it bliuwt in meidieling. dregger is in fryskaerdige haednamme, makke fan it ingelske ‘to drag’ = slepe, tôgje.
dêr't it wylpjen foar floed by de spounsmoas forraent. Dizze rigel foarmet mei de folgjende twa in tuskenspul, dat omtinken jowt oan in natûrbarren. It bigjint mei lytse dierkes dy't bang binne to fordrinken yn heech wetter. ‘Kriten’ foun ik hwat to bot, dêrom naem ik wylpjen, in nijfoarming, foar kar. Dêr sit suver deselde klank yn, mar it lûd is finer, de spounsmoas moat fansels it spoansmoas wêze: in moedwillige flater, sjoch foar it hwerom hjirboppe. It spounsmoas sloarpet it wetter op, de driging fan in wetterfloed forraent = it tsjinoerstelde fan ‘fordroegje’, dêr't it assosiatyf mei forboun is.
yn de fûgel syn skreau nei it skuorren fan flues. It skuorren fan it flues yn it aei ropt gedachten op oan oare bertes dêr't ek fluezen by skuorre en it nije libben in skreau jowt. It byld fan de fûgel jowt in forbining mei de loft hwer't de rigel boppe tonger biwend ûnder wolkense stjalpreinbrek op slacht. De hege flecht fan de fûgel giet boppe tongerbuijen út dêr is er oan (bi)wend, lyk as oan wolkense (eigenskipswurd fan ‘wolken’, fgl. lekkense fan ‘lekken’) stjalpreinbrek. Trije fikse aksinten efter inoar, dat slacht fûl ta.
| |
| |
swat
swat is de trâns. In rêstpunt yn it gedicht, dizze koarte rigels. De stavering swat haw ik doetiids net fan Trinus Riemersma ôfsjoen, ik die it ek om in oare reden: de lêzer moast hjir-en-dêr sels hiaten oanfolje. Krekt oarsom as by rigel 5 en 6 ‘dregger is skeind (troch de)’ nou in oankundiging dy't wol ôfmakke wurdt, swat (hwat is swart?), swat is de trâns. It lêste wurd trâns ropt in kastiel foar eagen. Dat is ek de eftergroun foar de slútrigels fan dit gedicht.
lâns it smokeljend grim tsjin de stek sûnder kil. smokeljend forskilt net in soad fan ‘stokeljend’, grim is it foarste wurdlid fan ‘grimmitigens’. Dy't de skat opdolje sil, heart de stokeljende grimmitigens fan syn kweagunders al. tsjin de stek sûnder kil foarmet in enjambemint mei de folgende rigel, dus: tsjin de stek sûnder kil leit it sulver en rust skynt it focht. De stek fan de skeppe iepent de groun, mar deadet net: sûnder kil (ingelsk ‘to kill’, fgl. ‘hill’ hjirboppe). Tsjin de skeppe leit sulver fan jild en sieraden, rust fan izer, glinstert it grounwetter: skynt it focht.
dêr is fjûr om de troan ûnforsânleaze toarst. Striid om de skat, oarloch yn it lân, toarst nei rykdom en bloed, ‘ûndwêstlike’ toarst, of ‘ûndwêstbere’ toarst foun ik net moai, dêrom: ûnforsânleaze, ik tocht oan gatten dy't mei sân tichtsmiten wurde. Mar de dûbele ûntkenning forneatiget tagelyk it byld, wer in oantsjutting dat it gedicht in parody is.
dêr kleeft bloed oan de peal yn it wek fan de loft. Fijannen wurde oan de peal fêstboun, mei de swipe gisele, martele, deaslein. As wy fuotballen en it wie in rouwe wedstriid seine wy ek: bloed oan de peal. Dizze peal liket wol tusken de wylde wolken troch yn it wek fan de loft to fordwinen.
Dit fers is fansels yn de stoffearing stykjen bleaun. Boppedat is fan in ‘forklanking fan nachtyndrukken = nokturne’ net folle op 'e hispel kaem. It is mear in forhaeltsje oer in skat wurden. Hwat de dichter sels ûndergien hat, bliuwt ûnbikend. Mar it wie krekt syn bidoeling om in parody to meitsjen, mei opset sin liet hy it gedicht forûngelokje. Dit tsjustere fers is net mear as in wurdpuzzel en sa hat de dichter it wollen. Hoe pakt ‘in poëzy-krityk dy't bisjen lije kin’ sokke produkten nou oan?
| |
| |
| |
Herman Heida
Haven
de stêd harket mûsstil oan it sâlte
wetter, wachtet op in skipfol fracht.
túch waakst oer de kaai, âld hout
skommelt tusken âlde weagen, mar bûtenút
driuwt reek! wyld fjoer fan fierrens;
it skip dat, suchtsjend nei de havenskoat,
ferdwaalt yn grize nacht.
| |
| |
| |
Steven de Jong
Oer it groeien fan in fers
Doe't ik dwaande wie mei it bestudearjen fan 'e bondel ‘hjerstreach’ fan Daniël Daen, skeat it my yn 't sin dat ik ris in beskaat soarte fan wurden ‘taboe’ ferklearre hie foar moderne poëzij (sjoch quatrebras 9e jg. nû. 1). Dat wiene wurden as tear, stadich, ljocht, hôf, skruten, hjerst, dize, nacht, dream, wyn, rein, wetter, beam, blêden, fûgels ensfh. Disse wurden mocht in dichter fansels wol brûke, mar it beswier gau it feit dat poêzij hifke waard neffens de sfear, dy't dat soart wurden oproppe. M.o.w. ik krige de kribels fan 'e teare fersen, stadige fersen, ljochtfersen, hôf-skruten-hjerstfersen, en dize-nacht-dream-wyn-rein-wetterbeam-blêden-fûgelsfersen.
Dochs woe ik no sels ris in fers mei dy wurden meitsje. Benammen it wurd ‘dize’ yntrigearre my. Wêrom soe ik net ris in dize-fers meitsje kinne. En alhoewol't ik wat ironysk úteinsette, krige it spul my stadich yn 'e macht:
| |
| |
Yn 'e twadde rigel kipet it ironyduveltsje dúdlik om 'e hoeke. Dêrtroch komt der symbolyk yn. De symbolyk soe it fers net mear ferlitte, alhoewol de earste opset ympressionistysk wie.
Wêrom soe de twadde rigel net rime meie? It lichamelike ‘hân’ makket de romte persoanliker.
Disse persoanifikaasje fan it paad is in fynst en even letter sjoch ik de 3 dübele betsjutting fan ‘wyt’. Dus ik strampelje troch de dize oer in paad en wyt net wêr't ik útkomme sil. It paad wyt it wol. It paad is wyt fan 'e dize. wyt betsjut ek noch doel.
| |
| |
Dy lêste strofe wie ornearre as twadde fers yn in syklus. Mar wêrom soe ik it net as twadde strofe yn itselde fers sette? It wurd ‘strampelje’ sette my op dy gedachte. En sa kaam ik hommels ta in einresultaat dat as in foar myn gefoel geef fers yn mekoar sleat:
| |
| |
dize
de dize leit oer 't keale lân
't is oeral dize dêr't men sjocht
kjeld lûkt my yn 'e bleate hân
en fan 'e tûken dripket focht
ik stoarje dêr't de fûgel song
mar sjoch neat dêr't de fûgel song
it paad leit strampelieech
it paad is o sa lyts en wyt
faaks wêr't ik no noch kear
ik rin myn fuotten efternei
De dichter hat syn yngrediënten: kennisse, wurdkar, ûnderwerp, seleksjefermogen, gefoel foar sfear en klankkleur ensfh. Mar it geheim fan 'e poëzij is, dat dizze eleminten yn in synthese boppe syn macht in hegere ienheid foarmje, dêr't de ratio pas efterôf oer gear kin.
Dat wie it dan en no mar hoopje dat de ‘polyfony’ net allinne troch de dichter, mar ek troch de lêzer ‘belibbe’ wurdt.
| |
| |
| |
Doete Venema
Frou II
De frou kaam oerein en gong glimkjend op 'e râne fan it bêd sitten. Se ruts har lang ût, sadat har rêch hol luts en se gappe mei oerjefte.
‘It wurdt in hearlike dei, al wer in kostlike dei’, sei se yn harsels, wylst se de gerdinen oan kant skode. De sinne stie krekt boppe it strewelleguod. Oan 'e loft wie net in wolkje te sjen. Se treau de terrasdoar wiid iepen en fannijs ruts se har út, sadat al har spieren spand stiene. De tegels fielden kâld oan 'e fuotten en de noch frisse lucht die har hûd prykjen.
Se sette sterke krûdette en lei farske broadsjes mei boerebûter en jam op it blêd. Bûtendoar kôge se oerstadich de broadsjes fuort en dronk mei lytse slokjes fan 'e tee. Op bleate fuotten rûn se troch it gers en luts hjir en dêr in springbalsemyn út 'e modder, wylst se besocht om har dream fan dy nacht stal te jaan. Hjoed joech it gjin swierrichheden, om't it in kleare dream wie, dy't foar it grutste part út bylden bestie. Pastelkleuren yn 'e rykste skakearringen. In stêd mei rûne dakken tsjin in trochsichtich blauwe loft. Wat hie se graach skilderje kinnen om sa'n prachtich byld fêst te lizzen op in doek. No moast se har behelpe ta it skilderjen mei wurden yn har deiboek. Se soe har bêst der op dwaan om krekt dy wurden te kiezen, dy't folslein oerbringe koene wat se fannacht sjoen hie.
Se beskôge it as in soarte fan sport, harsengymnastyk. Krekt as se miende dat se in earste hâldfêst fûn hie, sipele dat fuort as wetter yn it kûmke fan 'e hannen. Leechte, machteleazens bleau oer. Mar hjoed wie alles klear en dúdlik. It soe in goede dei wurde.
Ik bin lokkich, tocht de frou, doe't se mei de fingers streekjes yn 'e wiete modder luts om it sied fan 'e stokroazen plak te jaan. Wa sil foar my bepale, dat ik feroardiele bin ta it oanrjocht? Wêrom wurdt der nea praat oer ‘feroardiele wêze ta de typmasjine?’ of: ‘feroardiele wêze ta fiifentritich pubers, dy't yn 'e klas har enerzjy kwyt moatte?’ Se liet it sied egaalwei út 'e hannen glydzje en skode der foarsichtich modder oerhinne. Doe rûn se mei de gieter nei de feart en liet him stadich tusken it kroas sakje, wylst se in tel stean bleau te wachtsjen op 'e kikkert dy't krekt yn it wetter plûmpt wie en no earne wer opdûke soe. Hast ûnbeweechlik stuts syn kop troch de oerflakte fan it wetter en stil bleau er lizzen. Se sette de gieter del en rûn mei stampende fuotten troch de sompige sleatswâl om noch mear fan dy plûmpen te hearren
| |
| |
en te sjen hoe't de kikkerts mei har fearjende sprongen út 'e wâl wei kamen en hoe't se de poaten strak útstrutsen foar't se kopke-ûnder gongen.
Se seach nei de basten fan 'e bjirkebeammen dy't oan 'e oare kant fan it wetter helderwyt yn 'e moarnssinne opljochten en nei de sulveren bledsjes dy't ljocht en skaad boarten mei de wyn dy't der sêft trochhinne rûsde.
Fierderop stiene in pear kij op har eigen, sleauwe manier te weidzjen.
Ien ko kaam der nijsgjirrich oan keuteljen en bleau oan 'e oare kant fan 'e feart stean, om har mei syn slome eagen dom oan te stoarjen. Unbeskamsum oan ien wei troch meallend, krekt salang oant se der allegearre oansukkeljen kamen.
Brokstikken fan sinnen skeaten har troch de holle..... Isolearre bestean fan 'e húsfrou..... mar ik fiel my lekker allinne.....
Se pakte de gieter op en rûn werom nei it plak dêr 't it sied yn 'e grûn lei. Mei in sierlike bôge liet se it wetter op 'e modder kletterje. Doe begûn se iverich de dûbele koblommen opnij út te setten, om 't se rûnom troch de oare planten opkamen.
Moarns op 'e tún te wêzen, tocht se, wylst se de skoffel in momint stil hold om de lytse hôfsjonger te ûntdekken, dy't syn weemoedige sankje sa sachtsjes weistjerre liet.
Fan 'e middei pak ik de race-fyts, kaam it ynienen yn har op, en dan flean ik der op út. Dan krûp ik boppe op 'e seedyk, sadat ik fier oer it wetter sjen kin en ik nim in boek mei! Dit is myn dei! Moarn gean ik wol as in stoarmwyn troch it hûs. Mar hjoed?!.....Wat?! Ik pak de fyts no en ik sjit fuort, plat foaroer, oant ik deawurch op 'e dyk delfal. Dan..... de bleate fuotten yn it gers, wat drinken foar de toarst en it boek út 'e tas.
Rimpen skuorde se yn 'e kast om, om de boel byinoar te krijen, as soene alle minuten dy't se ferlear har as gouden oeren ûntstellen wurde.
Gau, gau. In kras op in briefke:
Bin sa werom
Bin fuort op 'e fyts.
Hoi!
| |
| |
| |
Harmen Wind
Noch ien kear
Noch ien kear soed er him
reitsje: skreauwend skriuwe,
de tsjûgen ferstienje, de wrâld
| |
| |
|
|