| |
| |
| |
Steven de Jong
De besleine bril of troch de eagen fan in bern
Essay oer Fryske literatuer yn 'e 60-er jierren
(Mei tank oan 'e Stichting Fonds voor de letteren foar de opdracht)
23 febrewaris 1993
Sitaat foar de revolte: (Oer de dichteresse Rixt)
‘Yn hjar, it Grouster bern mei hjar brân fan langjen en ljeavjen, briek de Fryske siele hjar twang fan ynbannichheit en roun hja, in stream út snieën bergen allyk, de séën fan ivichheit tomjitte’.
Kalma, D. 1992: De nije moarn. - Dokkum, s. 1.
Sitaat út 'e tiid fan 'e revolte:
‘doede grupstra skriuwt in fers. earne yn syn lichum klaut it him (...) it wurdt al dan net goed korrigearre, ôfprinte, (...) decodearre troch abonné x (...) yn it lichum fan x klaut it earne, miskien wol op itselde plak dêr't it doede grupstra klaude,...’
Marten Brouwer yn Quatrebras, jg. 4 [1957], nû. 7, s. 13.
Revolte
Troch alle tiden hinne hawwe der minsken west, dy't opstienen tsjin 'e besteande, bejubele, fereare, toanoanjaande kultuer. Se seagen dêr in grut gefaar yn dat ferneatige wurde moast. Tink oan Kristus en de farizeeën, oan de reformatoaren, remonstranten, romantisy, Multatuli, jongfriezen, Forum, Dada. Faken wie it protest skerp, feninich, ferneatigjend. Yn 'e fêstige kultuer ealge men krêften dy't it wiere libben ferneatigen.
Neffens de dadaïsten wie de wrâldkriich de konsekwinsje fan ús rasjonalistyske, positivistyske beskaving, dy't sûnder euvelmoed it ferstân mobilisearre om de meast ferskriklike wapens út te finen om dêrmei mekoar as sabeare helten út te roegjen.
Der moast in folslein nije kultuer fan 'e grûn ôf opboud wurde, wêrby't de besteande benammen as negatyf beskôge waard. Men moast de wrâld besjen, ûnbefongen as troch de eagen fan in bern.
De dadaïsten smieten in stien yn 'e fiver en de weagjende sirkel wreide him út oer hiel Europa en kaam sels oan 'e râne, oant yn
| |
| |
Fryslân. Dat lêste fernaam men hjir pas goed sa'n 40 jier letter, nei de Twadde Wrâldkriich, want de earste hiene wy allinne fan bûtenôf besjoen.
Yn 1915 flechtsje Kalma c.s. yn 'e neoromantyk fan in Frysknasjonaal ideaal mei renêssânseskuon. Men fynt by Kalma in grut haatgefoel tsjin it Nederlânske boargerdom en de rasjonele lytsgeastigens fan 'e Fryske folksskriuwers. As men jin achterôf ôffreget wat dy faken abstrakte fijân oan bekrompenens en lytsgeastigens misdien hat, dan kin. men net folle mear fine as dat dy gjin romantikus wie.
It literêre tydskrift Quatrebras kaam let, pas yn 'e fyftiger jierren, mar hat al bestien, krekt as de mear rasjonele pendant derfan, Asyl. Beide tydskriften ha derfoar soarge dat men it Frysk út in bepaalde optyk wei noch altyd as in taal sjen kin. ‘Ook Friesland had haar modernistische bewegingen’. (Hessel Miedema yn ‘Skande skande sûnde sûnde’, 1964). Hjiroer sil dit essay gean.
Literatuer wurdt oanhâldend bedrige troch net suvere a-literêre fenomenen. Skriuwers binne idel, egoïstysk, eigenwiis ets. It is wier, mar lang net alle egoïstyske, eigenwize en idele minsken binne skriuwers dy't wier wat literêrs skeppe kinne. M.o.w. selssucht, heechmoed, idelens binne gjin literêre faktoaren. Ek kommersje en prizen binne dat net. Wol men wat yn 'e literatuer berikke, dan moat men net mikke op guodkeap súkses, op wurdearring by de mannichte. Sanet, literêr geniet hat dêr neat mei te meitsjen, mar wol mei it skeppingsproses. Der binne wier wol wat kritearia foar literatuer, mar dy ha allinne sin as se realisearre binne. Bygelyks is literatuer persoanlik, autentyk, unyk en as it dat is, dan is it it bêste wat der is. De skriuwer moat him op in bepaald stuit foar 100% oan syn wurk jaan kinne, oars moat er de pinne yn 'e bûse hâlde. Dus binne de heechste easken net heech genôch.
Dat betsjut foar Fryslân, dat Madurodam yn 'e wrâldliteratuer, ek in hâlding fan relativearjen, suver relativearjen en net moadysk. Yn it artikel ‘de grutte ferpressing’ (Quatrebras jg. 2 [1955], nû. 3/4, s. 2-6) besiket Marten Brouwer it revolúsjonêre elan fan Quatrebras te relativearjen. Dochs slagget it ek Marten Brouwer net om te ûntkommen oan 'e romantyske antyteze ‘in bettere wrâld’ tsjinoer de ‘ferpressende boargers’. Ommers, binne de boargers net de helten fan it rasjonalisme, is it rasjonalisme net de filosofy fan 'e boargers? Fryske skriuwers binne romantisy. Dat is net slim, as wy it mar wite wolle. Oft er it wite wol, wit ik net, mar Marten Brouwer is yn dat artikel de perfekte erfgenamt fan 'e dadaïsten:
Mar foarearst wurdt de literatuer yn West- | |
| |
Europa bihearske troch de greate forpressing. Kear op kear slagget it de boargers om de opkommende talinten, al dan net experimenteel, om to bûgen nei anthologyske Streberei. En foarearst is der foar Quatrebras ek al genôch wurk to forsieren, as it him der mei dwaende hâldt om safolle mooglik Fryske skriuwers en bylders út de priiskrante to hâlden, en har op to stjitten ta it sykjen nei in eigen wêzen mids de greate mannichte forpreste kûnstbruorren. Dêrom kin men it foarearst stelle sûnder in bigjinselprogram of in manifest, al hoe spitich dat dan ek wêze mei foar it fakboun fan literair-historyske etiquetteurs.
As er súkses hat, lit in skriuwer him maklik ‘encanailleare’ (it wurd is yn dit gefal fan Hessel Miedema) mei de hearskjende literêre klyk en dat is syn ûndergong as literator. It wie wat in jeugdich ideaal literêr wrâldsje dêr't ik yn siet yn dy tiid, mar sa fielde ik dat wol oan, doe't ik de earste stappen yn 'e Fryske lettertún sette.
De earste literêre wurken dy't my as sadanich oansprieken, wiene de skelkritiken (en ek it oare proaza wol) fan Lodewijk van Deyssel, dy't in learaar fan 'e kweekskoalle ús foarlies. Ik kin net sizze dat ik no sa'n lêzer wie, mar dit griep my hiel bot oan. As ik ea skriuwe soe, dan woe ik sa skriuwe.
Ik túgde de Bibliotheek der Nederlandse Letteren oan (útj. Amsterdam - Brussel, Elsevier 1950) foar in habbekrats en lies benammen it diel ‘Beeld van tachtig’ fan dr. N.A. Donkersloot sawat stikken. Ik woe dat ik libbe hie yn 'e tiid fan 'e tachtigers, dan hie ik grif ien fan harren west.
Tagelyk ûntdiek ik it ‘begeistere’ proaza fan Douwe Kalma yn 'e boekekast fan ús heit en even letter dat fan Folkertsma en ik makke stúdzje fan 'e Jongfryske Mienskip, dy parallel fan 'e Hollânske tachtigers, sa't ik doe miende.
It wie benammen de generaasjekleau dy't my boeide. Echte literatuer wie net itjinge dat fuort wurdearring fûn by de literatuerkenners fan 'e âlderein. De minne kritiken dêrwei liigden der net om. Mar letter blieken dy kritikasters folslein fergetten en de grutte mannen fan 'e beweging hiene noch altyd grutte nammen: Kloos, Van Deyssel, Kalma, Folkertsma ensfh. Myn dream wie in nije beweging yn myn tiid, de fyftigers, dy't in folsleine fernijing betsjutte soe foar de literatuer. De fyftigers soene de tachtigers of de jongfriezen fan it midden fan 'e ieu wurde.
No hie ik net de earsucht de lieder fan 'e beweging te wurden (miskien djip yn myn hert wol, mar djiptepsychology lit ik oan oaren oer), nee, as myn namme mar neamd waard yn dy ‘beweging fan Fyftich’ wie ik allang tefreden.
De myte fan 80 yn Hollân, de myte fan 'e jongfriezen yn Fryslân, it waard al gau wat relativearre. It boek Vincent Haman fan W.A.
| |
| |
Paap ferblikke it byld fan 80 aardich en dêrmei ek it byld fan 'e jongfriezen yn Fryslân. Alhoewol't de betsjoening fan Kalma foar my noait hielendal fuortgong, fielde ik my dochs mear thús by J.J. Hof mei syn skerpe kritiken op Kalma. Noch mear relativearre waard de myte, doe't ik Demasqué der Schoonheid fan Ter Braak lies en my fierder ferdjippe yn 'e essayistyk fan 'e Forumgeneraasje.
Dat wie nei myn kweekskoalletiid. Foar myn eineksamen dêr hie ik noch in wiidweidige skripsje makke oer de Fryske Beweging, wêryn't ik nochal heech opjoech fan 'e grutte lieders Kalma en Folkertsma. Krityk dêrop fan bûtensteanders koe ik min ferneare. It idee dat dy beweging yn 'e oarloch no net fuort in helderol spile hie, kaam net yn my op. Der wie yn 'e Fryske lektuer ek sa goed as neat fan te finen. Ik flechte yn 'e romantyk fan Fryslân om fan dy rotoarloch ôf te wêzen. Dat ik dêr letter krekt dy rotoarloch tsjinkomme soe, ha ik doe ek net witten. De kommittearde wie min oer myn wurkstik te sprekken. Omdat de leararen it heech besiferen, krige ik dochs noch in seis. De krityk sil west ha, dat ik gjin inkelde krityk op 'e grutte mannen hie.
Doe't ik û.o. Dostojevski, Multatuli, Vestdijk (De kelner en de levenden, ja ek oare boeken, mar dat foaral), Reve (De avonden), Couperus (Berg van licht) lêzen hie, krige ik it gefoel dat der gjin literatuer mear nedich wie. Alles wat ik betinke koe, wie al opskreaun en better as ik it betinke koe.
Wie dat mei oare keunsten ek net sa? Alle moaie muzyk wie ommers komponearre yn 'e 18e ieu en it begjin fan 'e 19e.
It echoot yn 'e 19e ieu noch wat nei, mar wat der no oan moderne muzyk ferskynt, binne wanklanken. As der dan noch wat fan 'e myte hingjen bleau, soe men it âlde wer ta libben bringe moatte. Mar dat wie net nedich, want dat hie al it ivige libben.
It wie miskien better myn libben te besteegjen oan it genietsjen fan âlde literatuer. Dy wie der genôch. Men hat mear as in minskelibben nedich om al it wichtichste te lêzen dat der is. En it moderne, wat wie it meast oars as wat moadyske tetteretet.
Ik kin net alles beskriuwe wat der yn dy tiid yn my omgong. Ik wie jong, yntrovert, pessimistysk, retrospektyf en dochs net tefreden mei sa't ik wie.
In moderne tekenlearaar hie my ris wiisd op de skientme fan linen, foarmen en kleurekombinaasjes. Ik begûn dêrmei te eksperimintearjen. Krige der sels tsienen op. Mar doe't ik it wurk ris sjen liet oan 'e keunstkritikus, E. Kools, fan 'e Ljouwerter Krante, wie dy fan miening dat ik miskien wol grutte talinten hie, mar perfoarst net op it mêd fan skilder- en tekenkeunst. Ik hie yn dy tiid noch autoriteitsleauwe genôch om mei dy eksperiminten op te hâlden.
| |
| |
Dochs gie it libben fierder en wêrom soe in nije generaasje net hiel wat nijs en hiel wat eigens meitsje kinne?
Ik hie in abonnemint op De Tsjerne, mar it wurk dêryn koe my meast net bekoare. As ik it begriep, fûn ik der neat oan en as ik it net begriep, soe it wol oan my lizze.
Ik lies de Fryske klassiken: Simke Kloosterman (De Hoara's fan Hastings, It Jubeljier), Reinder Brolsma (û.o. Groun en Minsken), Haisma, Van Houten; dat alles ûnder begelieding fan 'e jazzmuzyk en de boogie woogie fan myn broer en ik fûn it folle better as it moderne. Dochs liet de myte fan 'e generaasjekleau my net los. Dêrby spile faaks in rol dat ús heit, dy't yn 'e oarloch ‘fout’ wie, dochs mar in wichtige rol yn 'e Jongfryske Mienskip spile hie.
Fan 'e fyftigers yn Hollân moast ik yn earste ynstânsje net folle ha. Keizer Lucebert wie in modieuze oansteller, fûn ik en in protte mei my. Op skoalle waarden wy foar dizze ammorele figuer warskôge. De duvel woe no ienris moaie keunst stikken meitsje. No miskien, mar foar mysels hie ik it gefoel dat wartaal net de oplossing fan it probleem wie.
Dochs slûpte ûngemurken de mooglikheid de myte te realisearjen by my op 'e skriuwtafel. Op 'e Fryske les fan Krine Boelens krigen wy in eksimplaar fan it literêre tydskrift Quatrebras útrikt. Der wie in priisfraach by: wa't de bêste beoardieling fan it blêd skriuwe koe. Myn beoardieling wie úteraard negatyf, mar ik krige dochs in treastpriis. Ik leau net dat myn beoardieling noch te finen is yn it FLMD. Wat my fan it tydskrift opfoel, wie dat it sa ûnfrysk wie. Ik sil sokssawat skreaun ha as: ‘Wat jim ûntbrekt, is it ferbân mei Fryslân. As jim de wrâldproblemen ferarbeidzje wolle, doch dat dan yn 't Nederlânsk, want elke Fries kin dat wol lêze. En oars moatte jim dy problemen yn ferbân bringe mei de tipysk Fryske sitewaasje’. It wie (achterôf sjoen) de krityk fan Hof op Kalma. As treastpriis mocht ik kieze út wat boeken of in gratis abonnemint op Quatrebras. Dat lêste haw ik keazen. In skoftsje letter waard ik korrespondint fan Quatrebras yn Ljouwert (jg. 2, [1955], nû. 6-7).
Wat my yn it tydskrift boeide, wie, dat jonges, dy't dochs wier net gek wiene (se folgen in universitêre stúdzje en bakten der ek noch hielwat fan; se sieten yn it kulturele sintrum Amsterdam) har op dizze wize mei de Fryske literatuer opholden.
Dêrby kaam dat de negative krityk út myn eigen fermidden en fan it Frysk offisium my hieltyd yrreëler foarkaam. Quatrebras wie dekadint, Amsterdamsk, noarmleas, ûnkristlik. In figuer as Jelle de Jong moast wol in ûnhuere frustrearde seksuele maniak wêze, ensfh. Doe't ik kâns seach Marten Brouwer en Lambert Mulder foar in seal fol kwekelingen (doe noch, no binne it studinten) út- | |
| |
lizze te litten wat Quatrebras woe, waard dat wol in grutte teloarstelling. Grutte sprekkers en performers wiene it net. Nei ôfrin stiene somlike buorden fol mei sabeare moderne poezij:
kranksinnich
mesjoche
gek
idioat
fiis ensfh.
Lykwols, persoanlik wie ik der wol troch boeid. Ik stjoerde myn eigen ferhalen en fersen ek ris op. Ik wie nammentlik redakteur fan 'e skoalkrante en hie dêryn in Fryske rubryk. Myn ferhalen waarden lykwols weromstjoerd. Se wiene te provinsjaal, fan foar de oarloch en noch lang net oan Quatrebras ta. Quatrebras wie no ienris in tydskrift dat in bytsje yn dizze tiid passe moast. Ik moast mar ris it boekje Nieuwe griffels schone leien fan Paul Rodenko lêze.
Dat haw ik dien en de wrâld fan 'e Hollânske eksperimintelen gie foar my iepen. Benammen de autonomy fan byld en klank spriek my oan. In byld hoecht net altyd in symboalyske betsjutting te hawwen. In fers kin likegoed as in skilderij abstrakt wêze. En is ynstrumintele muzyk net altyd al abstrakt? Der wie in mooglikheid foar in folslein nije poëzij, de eksperimintele, ek yn it Frysk. Ik wie no ryp foar it meitsjen fan myn earste fers, folslein oars as alles wat ik oant doe ta skreaun hie. It wie net mear nedich om in moai fers te skriuwen. Ek de dichter dy't it idioatste, minste of beroerdste fers skreaun hie, wie in grut dichter, want hy moast beroerder skriuwe kinne as alle oaren. Ek it healwize hat syn skjintme. Binnen tsien minuten stie it op papier.
dû bist berne ûnder myn fingers en ik koe dy net...
De earste twa rigels holden fuort al in program yn. Literatuer wurdt berne ûnder de pinne en net fan te foaren betocht. Literatuer wurdt berne as in bern, is in nije persoanlikheid en is hoe dan ek wat nijs yn 'e see fan printe wurden, dy't oer ús hinne stoart wurdt. Ik makke trije fan ditsoarte fan fersen ûnder it motto: de wurden rûgelje my as sân troch de fingers. Mar sa simpel wie it net. De wurdkomposysjes moasten fersen wêze. Op ien of oare wize moast men oanfiele dat it keunstwurkjes wiene, want net alle wurdkombinaasjes binne fersen. Objektive rasjonele kritearia wiene der net. De nije literatuer moast berne wurde en wa kin dan fan tefoaren sizze hoe't it wêze moat?
Ien dúdlike karstien wie de redaksje fan Quatrebras, dy't de trije fersen mei jûchhei ynhelle, mar oare, dy't ik letter opstjoerde, ôfwiisde. Wêrom? Ja, plussen en minnen en sa. De mearderheid fan 'e redaksje besliste. In fers
| |
| |
wie goed of net goed, fierder gjin gelul. In rasjonele objektive karstien wie fijannich oan 'e nije poëzij.
In gefaarlike sitewaasje, want dan kin alles poëzij wêze, ek alle mooglike lege ûnsin. En lege ûnsin skriuwe wie it lêste wat ik woe. (Letter lies ik yn Het komplot der vijftigers fan R.K.L. Fokkema dat it yn 'e Hollânske literatuer net oars wie. Dêr wie it benammen Ad den Besten dy't bepaalde wat goed of min wie.)
De romantyk wie dat men gewoan oanfiele moast wat nij wie en fan dizze tiid en it gefoel en de erudysje fan 'e redaksjeleden fan Quatrebras wiene dêrby beskiedend. Net dat dy it altyd iens wiene, lang net. Mar wiene dy it al, dan hie men teminsten in goed fers skreaun.
Yn dy tiid haw ik wol fersen nei De Tsjerne stjoerd. Ik woe wolris witte wat dy redaksje derfan tocht. Ik krige se allegear werom. Se woene graach noch wolris wat fan my lêze, mar dizze fersen wiene noch net ryp, ea soene der ris fersen út groeie kinne. M.o.w. De Tsjerne easke nei de berte, in mear rasjonele útbou.
De essayistyk ûntbriek by Quatrebras foar in part. Dy wie stridich mei it gefoelsmjittich karakter fan 'e poëzij. Neffens Marten Brouwer en Hessel Miedema, dy't foar in grut part yn it geastlik klimaat fan Quatrebras de tsjinst útmakken, hiene de ‘sabeare essays’ gjin peil en wie it tiidfergriemen der oandacht oan te besteegjen. Dat nimt net wei dat ik dochs yn Quatrebras in artikeltsje publisearre krige ûnder de titel ‘yn 'e sel fan goed en kwea’. De redaksje neamde it mei in grut wurd essay. It nûmer stie net hielendal ûnder ferantwurdlikheid fan 'e redaksje. It wie in jongereinnûmer en de bydragen waarden minder normatyf hifke. Hessel Miedema wie letter tige min te sprekken oer it ferskuorrend lege peil fan dat nûmer. Myn essay dan hie in kristlike grûnslach en brûkte it ferhaal fan 'e sûndefal út Genesis om in romantyske oanfal op 'e ratio yn te setten, op 'e renêssânse, op ús kultuer en de heldeferearing dêryn. It wie ek in pleit foar de yntegraasje fan 'e keunsten, mar dêrby hie ik net de homo universalis, mar it bern foar eagen. Hoe't men jins ferstân dan al brûke moast, kaam net goed út 'e ferve achterôf besjoen.
Myn tinkwrâld wie yn dy tiid beynfloede troch ús pedalearaar, C. Bal, in man mei in grutte útstrieling op syn learlingen. Hy joech ús in ûnkonvinsjonele fizy op it ferhaal fan 'e ‘beam fan kennisse fan goed en kwea’. It paradys wie neffens him net histoarysk, mar wie it libben no. Mar sa gau as wy sa goed wisten wat goed en kwea wie, koene wy net fierder tinke, ferstoar ús ferstân. Us ferstân wie te lyts om de skepping te befetsjen. De diskusje wie fansels: as wy net wite meie wat goed is en wat kwea, hoe wite wy
| |
| |
dan dat it iten fan 'e ‘beam fan kennisse fan goed en kwea’ goed of kwea is. Kin men noch wol tinke as men net wite mei wat goed en kwea is. In diskusje dêr't net ien útkomt, mar dy't wol it motorke yn ús boppekeamer draaie liet.
De grutte teoretikus fan Quatrebras waard ik net, waard nimmen nammers. Om op 'e myte werom te kommen: fyftiger fielde ik my wol. Quatrebras koe wat folslein nijs bringe. De fyftigers yn Fryslan wiene aktueler en gauwer by de tiid as de mannen fan '15 (Kalma c.s.). Fansels de Fryske kulturele sitewaasje moat men goed relativearje. Wy hobbelen ommers achter de eksperimintelen fan Hollân oan. Mar mei dat? Ek Fryslân heart by it nei-oarlochske Nederlân en hat dêryn ek it rjocht fan in modern bestean. It plattelân wurdt ek hieltyd mear stêd en dat sil him ôfspegelje yn 'e Fryske literatuer. De romantyske idylle is foargoed ferline tiid. Sa tochten wy en sa hannelen wy en de eksperimintele poëzij wie dêrby ús ferfiermiddel. Yn ús fersen moast wat fan 'e revolte sitte tsjin 'e streekromaneftige Fryske kultuer.
De wichtichste dichter woe ik faaks wol wêze en soe ik grif wol wêze as Jelle de Jong en Hessel Miedema der net west hiene, dy't op in folslein autentike wize fernijende poëzij kreëarden. Benammen Jelle de Jong wie in unike ferskining. Syn fersen wiene folslein retorykfrij. Hast droech brocht er de gefoelens fan ús generaasje under wurden. It wie net in noflike tiid (om 1960 hinne). It wie it benaudste fan 'e Kâlde Oarloch. Men hie it gefoel dat der op elk momint in atoomoarloch útbrekke koe. Dat it noch net safier wie, wie in wûnder. Men koe noch it bêste deun by it fleanfjild wenje, dan krige men de bom fuort op 'e kop en hoegde men net stadichoan te krepearjen oan radioaktive strieling. Trouwe en bern krije, wie winliken misdiedich. De atoomdea wie it swarte gat fan 'e takomst. De iennichste ferdivedaasje wie noch de humor, de seks en benammen de oarloch tsjin 'e slûge by alles lânslibjende âldere generaasje, blykber sûnder euvelmoed.
Nei analogy fan bygelyks Nat ‘King’ Cole waard Jelle de Jong op in oan him wijde jûn yn 'e Prinsetún troch Marten Brouwer Jelle ‘Graaf’ de Jong neamd. Lykas dat Amerikaanske jazzidoal waard Jelle ús Fryske dichtidoal. Dat ‘Graaf’ betsjutte lykwols ek dat Jelle syn dichttalint lykas in seismograaf de skokken en trillingen registrearre dy't jonge minsken yn 'e fyftiger jierren ûndergiene. Dêrby wie Jelle syn taalgebrûk uterst simpel en reklamegjalperich, m.o.w. Frysk literêre jazzmuzyk. (It soe nijsgjirrich wêze it samle wurk fan Jelle de Jong ris út te jaan. Ik tink dat der in protte hjoeddeiske dichters by ferblikken.)
Yn dy sfear krigen wy (ik?) hieltyd mear it mier oan 'e estetisearjende poëzij fan 'e
| |
| |
âldere generaasje (Tamminga, Schurer e.o.) en de ôfglâns dêrfan op jongeren as Tjitte Piebenga, Durk van der Ploeg en Tiny Mulder. Sels Jan Wybenga, de Lurehert fan De Tsjerne (‘Hurrel’), koe amper genede yn ús eagen fine.
De dichter dy't yn dy tiid furoare makke by De Tsjerne wie Tjitte Piebenga. Achterôf besjoen tsjûget syn poëzijopfetting dochs noch wol fan 'e ynfloed fan 'e estetisearjende omke Douwe (Tamminga) en oare Tsjernedichters. Net it bern mar de grutte dichter stiet op 'e eftergrûn. M.o.w. hy koe ús ‘sound’ net fine. Wol hie er syn eigen ‘Julia affêre’ mei Quatrebras. Hy makke in sabeare fers yn Quatrebrasstyl en stjoerde dat op. It waard ek noch opnaam. Foar Tjitte it bewiis ensfh. (sjoch jg. 2 [1955], nû. 6/7 s. 32, ‘iepenbiering’).
No hie ik sels ek op dy wize myn earste Quatrebrasfers ynstjoerd, dochs wie myn appresjaasje oars. Der moast ommers in folslein oare poëzij komme? Dat folslein oare ûntbriek yn 'e serieuze poëzij fan Tjitte Piebenga en wie faaks wol oanwêzich yn dit quasifers. Ik kin dat miskien it dúdlikst yllustrearje mei in fragmint út myn artikel ‘oantekeningen’ (Quatrebras jg. 9 [1964], nû. 5, s. 1-9) wêryn't ik polemisearje mei dr. U.J. Boersma oer de moderne poëzij:
it hie fan greater bilang west as dr. u.j. boersma ris wiisd hie op it forskil tusken de jonge fryske dichters, dat se oanwiisd hie hwat nou echt en hwat sabeare modern wie. tusken tjitte piebenga en jelle de jong is in suver like great forskil as tusken kloos en achterberg. bg.: ‘nou leit in wurd fan nachtkristal forstoarn yn tûtsen sûnder tal’
it wurd fordwynt yn dit foarbyld fan tjitte piebenga yn 'e dize fan in swietlûdige rethoaryk. in knap fers, dêr net fan, mei gefoel foar lûd en ritme, mar efter de moade yn pleats fan der foarút en hwat it wichtichste is, bûten de realiteit. wy kinne dit wurd net forstean, it bistiet net. derfoaroer jelle de jong:
mei in klute moude oan 'e sturt
hja soene net forstien wurde
jelle de jong wol hjir sizze, dat sûnder de realiteit (moude ierde) de wurden neat binne. as de dichter de realiteit, dêr't de moade in essinsjeel ûnderdiel fan is, net mear byhâlde kin, seit er neat mear of wurde syn fersen rethoaryk en gejeuzel.
Hoe dan ek, Tjitte siet foar ús gefoel mear oan 'e Tsjerne- as oan 'e Quatrebraskant.
Yn it begjin fan 'e 60'er jierren kaam Quatrebras praktysk yn hannen fan Hessel Miedema, keunsthistoarikus, dy't yn dy tiid direkteur fan it museum ‘Princessehof’ wie.
| |
| |
Dêrmei belibbe it tydskrift syn grutste bloei. Fansels hiene ek de oare redakteuren wol ynbring, mar it wie benammen Hessel Miedema, dy't der persoanlik de measte tiid ynstiek en mei syn foarmjouwing en kopij syn stimpel derop drukte. Hessel syn talint ûntjoech him en stiigde fier út boppe wat der oant doe ta oan Fryske literatuer ferskynde. Dyselde Hessel Miedema wie ek de oarsaek fan it grutste konflikt tusken Quatrebras en it Fryskliterêre establishment. Dit konflikt wie ûntstien troch de simpele publikaasje fan in gedicht, dêr't it wurd kul yn foarkaam. It gedicht einige mei de rigel:
doe lei ik de kul oer 't skouder
‘De kul oer 't skouder lizze’ is in âlde Fryske útdrukking, mar dat wist de resinsint, J. Noordmans, fan 'e Ljouwerter krante net. Hy makke Hessel Miedema út foar sketpoëet en wegere fierders Quatrebras noch yn 'e Ljouwerter te besprekken. It Anjerfûns wegere in subsydzje dy't troch de redaksje fan Quatrebras oanfrege wie foar de bondel reade runen fan Ella Wassenaar. Wierskynlik op grûn fan 'e selde fersen. Quatrebras wie ‘een orgaan waaraan in brede kring aanstoot wordt genomen’ wie it argumint. Ek De Tsjerne protestearre tsjin dizze wegering, mar redakteur Tamminga koe it net litte oer Hessel Miedema it folgjende te skriuwen (De Tsjerne 1959, s. 317):
... dizze tirade slacht op in yn deselde jiergong forskynde rige poëtyske oprispingen fan in Hessel Miedema. Fersen yndied, dêr't elke poëzijlêzer al of net lid fan it Anjerfounsbistjûr, fan sizze moat dat hja stridich binne mei de goede smaak. Ynpleats fan in transponearjend dichter is hjir in mitich saletjonkerke oan it wurd, dy't losbrutsen fan syn memmebiningen oer erotyske saken mient skriuwe to moatten yn it idioom fan in dokwurker. En it is mislik dat in redaksje sok nozempraat ta poëzij promovearret troch it yn har tydskrift op to nimmen.
It sil dochs wol it seksuele taboe west hawwe, dat dizze negative wurden út Tamminga's pinne falle liet. It seksuele taboe yn 'e Fryske literatuer waard pas yn '63/'64 mei De smearlappen fan A. Wadman en Fabryk fan Irinus Riemersma trochbrutsen. Mar ek de toan fan 'e gedichten (as men dy fersen nei goed tritich jier wer lêst, fynt men der sûnder mis wol retoaryske ornaminten yn), alhoewol perfoarst net dy fan in dokwurker, sil de Tsjerneredakteur min oanstien hawwe. Yn 'e strofe mei de feroardiele Fryske útdrukking stiet fierders alles wat in Tsjerneredakteur as ûnpoëtysk oankomme moast (Miedema, H. 1973: Op 'e literaire toer. s. 50):
jow my in stikje fan dyn wytwalene jûpe
fan de genoegelike lûdtsjes dy't út dy komme
of dyn rêch stietst to waskjen
| |
| |
mei ik in stikje fan dyn kanten broekje?
ik sil in stikje foar dy sjonge
en mei ik in tútsje op dyn buk jaen?
dêrom lei ik de kul oer 't skouder
Inselde a-poëtyske taal brûkte Jelle de Jong. It is dan ek gjin wûnder dat Fedde Schurer yn in besprek fan 'e earste bondel fan Durk van der Ploeg in kiezzige útfal docht nei Jelle de Jong: ‘Dit (it wurdgebrûk fan D. v.d. Pl. - St.) is hiel wat oars as it sabeare djiptepsychologyske gedweil mei de taal, dat jin by in figuer as Jelle de Jong sa oanfleane kin, en dêr't men better it swijen ta docht’ (De Tsjerne 1959, s. 314).
Ek de dichter Sybe Sybesma (1924-1987) hat him kritysk útlitten oer de fersen fan Hessel Miedema. Sybesma wie ien fan 'e oprjochters fan Quatrebras. It feit dat er wat âlder wie as de measte Q-mannen, mar ek it feit dat er klassikus wie, hat him yn in tuskenposysje tusken Quatrebras en De Tsjerne dreaun. Fan Hessel Miedema syn fersen skreau er (Op 'e literaire toer, s. 167):
Hwant hjiryn doge hja net as poëzij, yn dat hja net los rekken fan it barren dat har skoep, yn harren exhibitionisme.
Lykwols de krityk fan J. Noordmans op morele grûnen fersmiet er fûl. It wie benammen de magy fan 'e taal wêryn't Sybesma de krêft fan 'e poëzij socht. De ‘eksperimintelen’ skreauwen neffens him likegoed yn De Tsjerne as yn Quatrebras (Tineke Bethlehem, Jelle de Jong, Durk van der Ploeg, Marten Brouwer) (sjoch Quatrebras jg. 5, (-), nû. 5, s. 11-16).
Nei't dizze kanonnen fan 'e âldere generaasje op him ôffjurre wiene, kaam Hessel Miedema dus begjin 60'er jierren yn 'e redaksje fan Quatrebras. It proaza en de poëzij fan Hessel wiene in trochbraak yn 'e Fryske literatuer. Quatrebras waard in bloeiende tûke oan 'e Fryske letterbeam.
It hat neffens my noch altyd in grutte flater fan J. Noordmans west, dat er dizze bloei net sjoen hat. De Ljouwerter Krante hat û.o. as taak de Fryske literatuer ûnder de oandacht fan in grut publyk te bringen. Al binne der dan mar in pear dy't der oandacht oan besteegje, dan hat de krante syn doel al berikt. Nei syn oanfal op Hessel Miedema hat Noordmans in hiel skoft Quatrebras net mear besprutsen. M.o.w. Noordmans hat in bloeiende tûke fan 'e Fryske letterbeam ôfknipt.
ik sels ommers (gewoan Miedema) ha it ek
se seagen my oankommen de dea yn 't hert
stiennen spjalten dêrt ik se oanrekke
| |
| |
kommisjes spatten kwetterjend útinoar
nachtspegels gulpten har kostbere ynhâld oer
koe net foarsichtiger fordomme ik
As men yndied as skriuwer op jins top stiet en wier net lytse kapasiteiten hat en jins bêste krêften wijt oan it ferbetterjen fan it kulturele klimaat hjir yn Fryslân en men wurdt hjir beskôge as in soarte fan undergroundfiguer, in amateur, net serieus naam, dan wurdt it tiid om jin te berieden op jins posysje. Wat is better: in wurdearre wittenskipper yn Amsterdam of de miskende kening fan 'e Fryske letteren. Hessel keas foar it earste, hâlde ynienen op mei syn Fryske literêre aktiviteiten. Hy stapte út de redaksje fan Quatrebras en ferhuze nei Amsterdam. Nei dizze ‘dea’ fan Hessel Miedema kaam de wurdearring al gau. ‘De deade dichter dichtet altyd better’, sei Willem Abma letter.
Yn it lêste nûmer fan Quatrebras (jg. 9 [1964], nû. 6) doe yn feite al in faillite boel yn fergeliking mei de tiid dat Hessel noch yn 'e redaksje siet, stiet noch in brievewiksel tusken Hessel Miedema en de (of inkelde leden fan de) redaksje fan Quatrebras. De kar fan Hessel like makliker as dy yn wurklikheid wie. Mei de problematyk, dy't er hjirmei achterliet wie dat itselde. Wêr't it op delkomt, is de frage oft de Fryske literatuer foar in bejeftige auteur sa folweardich is dat er dêr in wichtich part fan syn libben oan besteegje kin. Is de Fryske literatuer net yn prinsipe provinsjaal, bliuwt se net bewust achter by de Nederlânske of de wrâldliteratuer? Wurde dêrom de nijljochters net de provinsje útpest?
Hessel Miedema syn ûnderfining wie in dúdlik befêstigjend antwurd op dizze frage. Neffens him wie it Frysk in dialekt en wie de saneamde Fryske literatuer en kultuer oars neat as in myte, dêr't men jin sa gau mooglik fan befrije moast. De konsekwinsje fan syn opfetting wie: net mear Frysk skriuwe. Hy hat him dêroan holden, al hat er jierren letter noch ris in ferhaal yn De Tsjerne publisearre.
Hessel hat fol sitten fan 'e Fryske literatuer, hy hat him mei syn folsleine persoanlikheid derfoar ynset en dermei ophâlde, betsjutte foar him de amputaasje fan in wichtich stik fan syn bestean. Ik kin fansels de persoanlike, psychologyske en sosjale faktoaren dy't in rol spile ha by Hessel syn brek mei de Fryske literatuer net oersjen. Yn oktober 1992 wie Hessel in sûne VUT-er en relativearre er syn problemen fan doe sadanich dat er it te gek fûn de Fryske kultuer de skuld fan syn doetiidske literêre problemen te jaan. Ik leau net dat syn problematyk dêrtroch minder wichtich woarn is, lit stean dêrmei oplost is. Der binne mear foarbylden fan dichters/skriuwers dy't nei in briljant begjin
| |
| |
der ynienen mei ophâlden binne (al of net programmatysk). Yn Fryslân binne dat bygelyks Piter Jelles Troelstra, Lútsen Wagenaar, Johannes Doedes de Jong, Jelle de Jong, Bauke de Jong en faaks noch mear; yn Nederlân Nicolaas Beets (Hildebrand), Piet Paaltjens en faaks ek Nescio. Unyk is it ferskynsel dus net.
Neffens Hessel Miedema skeat ek it Frysk funksjoneel te koart yn 'e moderne tiid. Fryslân hie gjin grutte stêden mei in yn dizze tiid stevich funksjonearjende taalkultuer. Flaanderen hie dy wol mei Antwerpen en Gent en it koe altyd weromfalle op 'e Hollânske kultuer. Dy grutte stêd hie Fryslân net en dêrom wie it Frysk foar dizze tiid net libbensfetber.
Hessel syn opfetting gong my persoanlik te fier, alhoewol't dy wol ta in sûne relativearring bydrage kin. Dochs hoecht men de Fryske literauer ek net dea te relativearjen. It is ek wat men der sels fan leaut. Ik keutele (formulearring is fan Miedema) yn it Frysk troch. Neffens my wie yn dizze taal in folwoeksen literatuer mooglik. Op yrrasjonele grûnen gong ik troch. Men is op it lêst romantikus of men is it net. It gong úteinlik om de man achter syn blanko blêd papier. It provinsjale kulturele of literêre klimaat beskiedt net de wearde fan literêre teksten, mar dat docht de skriuwer sels. Dit nettsjinsteande de geast fan 'e tiid, wêryn't ferkeapsifers en toptsien allesbepalend lykje. Wittenskip en keunst falle bûten it merkmechanisme; it weardefolle komt fansels boppedriuwen.
It mytyske ideaal, ‘in folslein nije dichtkeunst’, hat dat ek wat oplevere?
Yn it earste nûmer fan 'e 9e jiergong fan Quatrebras ferskynde de tekst fan myn lêzing oer ‘de poëzij fan no’. Mei dy lêzing die ik mei oan in sympoasium fan De Tsjerne oer de poëzij fan doe en no. Utgongspunten soene in pear bondels wêze dy't doe krekt ferskynd wiene, ntl.: in bondel ‘fersen’ fan J.D. de Jong en in bondel ûnder dyselde titel fan Tjitte Piebenga. It sympoasium wie op 29 desimber 1963. Ik gie der simpelwei fan út dat der in ferskil wêze moast tusken de poëzij dy't yn De Tsjerne ferskynde en dy fan Quatrebras. M.o.w. wie der ferskil tusken de poëzij fan Tiny Mulder, Durk van der Ploeg en Tjitte Piebenga (it Tsjernekamp) en dy fan Ella Wassenaer, Jelle de Jong en Hessel Miedema (it Quatrebraskamp)? Oan 'e poëzij fan J.D. de Jong bin ik feitlik net takaam, mar ik skeakele him sûnder problemen by de âldere generaasje. Ik konstatearre by de âldere generaasje en yn 'e Tsjernepoëzij in dichterlike sfear, dy't berikt waard troch de kar fan wurden as tear, stadich, ljocht, hôf, skruten, hjerstdize, nacht, dream, wyn, rein wetter, beam, blêden, fûgels ensfh. Der siet in waas fan estetyk omhinne. (Quatrebras jg. 9 (-), nû. 1, s. 17):
| |
| |
Begryp my goed, ik ha neat tsjin it gebrûk fan boppesteande wurden, mar wol tsjin it feit, dat de poëtyske wearde fan in fers hifke wurdt neffens de sfear dy't dat soart wurden oproppe. Men kin hjir sprekke fan in Tsjerneretoaryk.
As treffend foarbyld helle ik in strofe oan fan it fers ‘hjerstich hûs’ fan Tjitte Piebenga:
It manierke om op dizze wize poëzij te meitsjen hie neffens my syn wearde folslein ferlern. Folle yndruk ha myn wurden blykber net makke, want yn de yn 1990 ferskynde blomlêzing Hûndert fersen stiet datselde fers ôfprinte, wylst Tjitte dochs wol bettere fersen skreaun hat. Ut it wurk fan Durk van der Ploeg socht ik de meast frekwinte ‘poëtyske’ wurden en makke dêr in persiflaazje op syn poëzij fan:
Wat ûntbriek by de âldere dinhters en har epigoanen wie ek de demokratisearring fan it wurd, de revolte en de direktere erotyk (sjoch boppe Hessel Miedema).
It Quatrebraskamp skoep in folslein oare poëtyske sfear. As foarbyld helje ik hjir in fers út de bondel út 'e pas fan Jelle de Jong oan (De Jong, J.; út 'e pas, s. 27):
Poppen fan gips
de minsken bin poppen fan gips
ik lûk him oan 'e fingers
syn holle is in wûnder ding
troch de lege kûgelgatten fan 'e eagen
sjoch ik syn stiennen harsens
miskien sjogge myn maten him net
hja soene him ek oan 'e fingers lûke
syn holle soe falle fan 't skodzjen
dat mei net yn in etalaezje
| |
| |
Skerper kin men ek net in generaasjekonflikt ûnder wurden bringe.
Neffens in krityk yn De Tsjerne wie de bondel út 'e pas fan Jelle de Jong ‘in nekrologysk dokumint’. De skriuwer fan dizze krityk, Lolle Nauta, dy't him doe mar min foarstelle koe dat soks útjûn waard, hat him letter fan dizze krityk distansearre en tige loovjend oer Jelle de Jong skreaun.
Ek de poëzij fan Hessel Miedema, waans proaza neffens Anne Wadman yn dy tiid wol in Gysbert Japicxpriis wurdich wie, helle ik as tige eksimplarysk foar it nije nei foaren. De fersen fan Miedema binne krekt as guont fan Jelle de Jong laden mei erotyk, religy en revolte. Yn dit fers giet it oer it folwoeksenwurden fan in famke fan sa'n 14 jier (Miedema H.: Op 'e literaire toer, s. 160):
sjoch de mem seit strang: ik moat mei dy prate
en de mem praet mei in heal wurd forsteanber
hja praet plechtich forkearde oanwensten
praet knoeijerij ûnrjochtmjittich
praet de timpel it lichem
berget har eagen efter traljes taboe
hja kôget helpleas huverjende neamwurden
snijt it brea skinkt de thé treastget ek de heit
yn 'e hûs hingje de wurden doomnysfrjemd
Neffens Durk van der Ploeg yn De Tsjerne ûntstie ditsoarte literatuer út taalhuorkerij (De Tsjerne 1963, s. 176).
De Ljouwerter Krante swijde yn dy tiid Quatrebras dea, sa't wy boppe al sjoen ha. Ek it wurk fan Ella Wassenaer (as proazaskriuwster yn Fryslân bekend ûnder de namme Ypk fan der Fear) hie lykas dat fan De Jong en Miedema minder moaiskyn en wie in direkter utering as de retoryk út it Tsjernekamp.
De poëzij fan 'e moderne Tsjernedichters neamde ik heal konvinsjoneel. Dêr kaam foar myn gefoel ek noch wat oars by dat net yn boppeneamd artikel stiet. Achter dy fersen ealget men in grut dichter, in fakmanhealgod, de heroyk fan ús renêssânsistyske kultuer, de heroyk, dy't yn Fryslân ta bloei kaam by de jongfriezen, dy't dêrby yn 't plak fan in boerepet in fierstente grutte hege hoed opsetten.
De Quatrebrasdichters dêrfoaroer wiene foar myn gefoel gewoane minsken, dy't al of net slagge fersen skreaunen en dy fersen uteren dan ek direkt wat se bedoelden.
Der binne fansels folle mear foarbylden te finen om it ûnderskie te yllustrearjen. De poëtyske sfearen rinne ek wolris yn mekoar oer en beide tydskriften publisearren wolris strieminne fersen. Lykwols de grutte linen rinne aardich útinoar.
De heroyske sfear fan 'e poëzij fan 'e Tsjer- | |
| |
neklub wie in min ûnder wurden te bringen fenomeen, omdat dy mear yn 'e details en de toan siet as yn 'e kearn en de grutte linen. En omdat dat sa wie, waard de kontroverse tusken De Tsjerne en Quatrebras benammen fan Tsjerneside faken weimoffele.
De sfear fan ûnoantaastberens fan 'e Fryske literatuer yn 't algemien en de poëzij yn it bysûnder kin men ferdúdlikje mei in anekdoate út 1961. Yn dat jier krige de dichter Marten Sikkema de Gysbert Japicxpriis. Yn de sjuery hie der wat spul om west, benammen tusken de sjueryleden Gerben Brouwer, in dichter, en Marten Brouwer, ek dichter, mar benammen Quatrebrasredakteur. Ik tink dat de lêste de priis oan Jelle de Jong ta hawwe woe (dêr't Fryslân dus noch lang net ryp foar wie). Op de jûn fan it feest yn Boalsert hong earne in affysje mei de tekst ‘Gerben en Marten Brrrrr’. It ferhaal giet dat Fedde Schurer der poerlilk om wie en der by Gerben op oanstie dit net te nimmen, want hjir waard in Fryske dichter (i.c. Gerben Brouwer) misledige. De feestkommisje wie sa goed om de tekst te ferwiderjen. Dizze heroyk dy't paste yn 'e sfear fan 'e renêssânse, mar ek by de fergodliking fan 'e poëzij fan 'e tachtigers en dêrnei fan 'e jongfriezen wie miskien in reaksje op in minderweardichheidsgefoel. Yn in emansipaasjebeweging as de Fryske tige begryplik.
Foar ús, Quatrebrasjonges, wie dy heroyk, hoe't dy ús idelheid ek streakje koe, in gefaar foar in earlike literatuer. Wy moasten ús der fier fan hâlde. Yn dy sfear wie Hessel Miedema syn sels keazen abdikaasje fan syn Fryskliterêr keningskip in sûne, relativearjende ynjeksje. (Omdat it hjir net yn it foarste plak oer persoanen giet, haw ik de dichter Jan Wybenga net neamd. It moat dúdlik wêze dat de fergodliking fan 'e poëzij net op syn wurk slacht. Hy makket sels in literêr tema fan it begekjen dêrfan. (sjoch ‘dichters útfeart’, Barakkekamp, s. 32)).
It resultaat fan it krewearjen fan Quatrebras is sûnder mis de wurdearring dy't de nije poëzij stadichoan yn breder kring krige. Op side 23 fan syn brosjuere Preokkupaasje of frije kreativiteit (útj. 268 fan 'e Fryske Akademy) skriuwt Ype Poortinga oer de Fryske poëzij: ‘mar oer it gehiel ha de fernijers de slach rojaal woun’.
It waard tiid om kontakt te sykjen mei de âldere generaasje. Gearwurking mei De Tsjerne kaam yn 't sicht.
Neist en benammen foar De Tsjerne oer wie in nij literêr undernimmen begûn, in stinsele tydskrift mei de namme Asyl. It wie in twamansûndernimmen fan 'e bekende dichter Tjitte Piebenga en de oant dan ta folslein ûnbekende Bauke de Jong. Ik ferwachte der earst net folle fan. Fan 'e poëzij fan Piebenga gie foar myn gefoel net safolle fernijing út en Bauke de Jong die bliken proazaïst en
| |
| |
dan benammen kritikus en essayist te wêzen. It wie in Quatrebraserfenis dat lêste net al te serieus te nimmen.
Doe't lykwols Bauke de Jong it artikel ‘E.B. Folkertsma, ús bêste tsjerkebledtsjeessayist of de doarpsidioat as essayist’ publisearre, wiene yn Fryslân de rapen gear. It wie in kanonskot op it hert fan 'e Fryske beweging en ek fan 'e Fryske literatuer, in skot dat trochklonk oant yn 'e lannelike parse, in skot dat rekke. Bauke de Jong sette yn in styl dy't tinken docht oan dy fan Du Perron (Uren met Dirk Coster) op in iroanyske en net selden sarkastyske wize grutte fraachtekens by it kristlike en Frysknasjonale jargon fan Folkertsma.
Folkertsma syn Frysknasjonale én syn kristlike fizy foarmen in probleem. Yn wêzen sleaten dy mekoar út. By it krús fan Kristus wie de minske neat en koe er ek net antysemyt wêze; alle minsken wiene dêr like sûndich, ek de joaden. Yn syn Frysknasjonale fizy brûkte Folkertsma dúdlik antysemityske stereotipen en bloes er de Fryske (Germaanske) heldeferearing ta kosmyske proporsjes op (alteast yn 'e artikels dy't Bauke de Jong oanhelle en dy't er yn fotokopy ôfprintsje liet). In dúdlike syntese tusken beide boppeneamde fizys is slim te finen nettsjinsteande hûnderten bledsiden proaza. It krús fan Kristus kin sa ek maklik in ferlechje wurde om mar raak te sûndigjen (i.c. wei te driuwen yn brallend heroysk proaza).
Ik bin gjin teolooch, mar it ferklearret faaks wêrom't der tusken kristenen (nei 2000 jier noch) nasjonale oarloggen wiene, wêrom't der yn it superbeskaafde kristlike Europa in systematyske moard op miljoenen joaden plakfine koe.
Wat Bauke de Jong E.B.F. (en yn him de âldere generaasje) benammen kwea-ôf naam, wie, dat dy net fjouwerkant achter de ferfolge joaden stean gie, mar yn breed skôgiend proaza syn dualisme stal ioech.
Yn de kontroverse dy't troch dat artikel fan Bauke de Jong ûntstie, wie it foar de Quatrebrasredaksje net slim partij te kiezen: wy stienen fjouwerkant achter Bauke de Jong.
E.B. Folkertsma sels swijde oer dizze saak en rekke dêrnei geastlik al gau yn 'e fersukkeling. Douwe Tamminga en Fedde Schurer ferdigenen E.B.F. fûl en beskuldigen Bauke de Jong fan alles wat mar raar wie (‘amokmakker op Poepeklompen’ of ‘pisjende mopshûn’, Tamminga; ‘selsmoardbrigade’, Schurer).
Bekende publisisten as Lolle Nauta, Freark Dam, Laurens ten Cate en Fokke Sierksma keazen partij foar Bauke de Jong. In fertsjinste fan J. Noordmans fan 'e Ljouwerter Krante wie dat er rûm oandacht oan dizze saak bestege.
Bauke de Jong hie yn 'e roas sketten. E.B. Folkertsma waard oant dan ta yn Fryslân sjoen as in ûnoantaastber monumint op it
| |
| |
mêd fan it essayistysk proaza. Hy wie neffens J. Piebenga, doetiids haadredakteur fan 'e Ljouwerter Krante en skriuwer fan in toanoanjaand hânboek oer de Fryske literatuer, in essayist fan Europeesk nivo. De taal fan E.B.F. wie it grandioaze bewiis fan it feit dat it Frysk in taal wie. Hy hie neffens D. Tamminga it Frysk rêchbonke jûn. Allegear miskien wier, mar Bauke de Jong makke der wol gehak fan. Men moat net ferjitte dat De Jong syn krityk yn it foarste plak in literêre en net in politike krityk wie. In werprintinge fan it ûnfoltôge essay fan Bauke de Jong liket my foar de ûntjouwing fan de Fryske literatuer fan ûnwittend grut belang.
Sûnder rekken te hâlden mei persoanlike gefoelens fan de dêrby belutsen skriuwers dy't mekoar te faak en te mijen op 'e lije side oankamen, hifke Bauke de mieningen yn 'e âld porsleinkast fan 'e Fryske literatuer of better sein de lektuer fan guon Fryske ideologen. Dat er yn dy porsleinkast de nuverste dingen seach en dêrby dan as in oaljefant te kear gong, kin men him achterôf net kwea-ôf nimme. In byldestoarmer kin men him neame, mar de bylden dy't er tsjinkaam, wiene te faak fermôge, út 'e tiid en yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldkriich hartstikke fout. De folkloristyske skientme fan guon groteske ‘tinkers’ koe er miskien noch wol wurdearje, mar noch mear seach er achter de dogmatyske tinkwrâld fan mannen as E.B. Folkertsma, J. Piebenga en H. Algra de terreur, dy't moderne keunst ûnmooglik meitsje soe as de machtsferhâldingen oars kamen te lizzen. By De Jong siet in stik rankune dy't glêshelder de rottige plakken yn 'e Fryske kultuer yn in ferneatigjend Ijocht sette.
Wat opfoel by de kritisy fan 'e âldere generaasje dy't it foar Bauke de Jong opnamen, wie de ôfwizing fan de toan, de wize, de styl wêrop't De Jong skreau. ‘In racheljende styl’, neffens Freark Dam, ‘onbehouwen’, neffens Ten Cate. Troch dy styl bedjert er de wierheid dy't er oantoane wol, wie de teneur. Sa'n styl hie Folkertsma net fertsjinne. No miskien wol net, mar it Frysk establishment fan dy tiid wol. It wie ferbjusterjend mei wat foar ûnbegryp op de problematyk, dy't Bauke oproppen hie, reagearre waard. Dêr komt by dat foar myn gefoel dy sarkastyske toan no krekt in grut part fan 'e literêre wearde fan Bauke syn skriuwerij útmakke. Ik mien dat Ph. Breuker ris sein hat dat men oer 100 jier it proaza fan Bauke noch mei nocht lêze sil. It koe bêst ris wier wêze. Soks kin net sein wurde fan it proaza fan Folkertsma, dat yn 'e sechstiger jierren al in knap ferâldere yndruk makke. It moat wol in tige romantyske Frysknasjonale generaasje west hawwe, dy't dat geswimel mei grutte wurden serieus naam hat.
Fansels wie Folkertsma net in nasjonaal sosjalist. Dat hat Bauke noait suggerearre, fan- | |
| |
sels hat er ek wol neitocht, faaks djip neitocht oer de politike sitewaasje fan syn tiid. Allinne elk minske, ek Folkertsma, hat syn beheiningen, mar dat mei net blykber by in sjeny. Wat Bauke de Jong yn neamde artikels fan Folkertsma ûntdiek, wie it feit dat de kristlik nasjonale tinkwrâld wêrút Folkertsma syn artikelen skreau, der dúdlik antysemityske stereotipen op neihâlde yn in tiid dat dat út protest tsjin 'e joadeferfolging troch de nazys net mear mocht.
Faaks binne dy stereotipen bysaken, details yn syn wurk en gjin haadsaak, mar yn 'e literatuer, dy't syn wearde krijt krekt troch details, kinne dy mislik ûnopfallende bysaken haadsaken wurde, benammen yn sitewaasjes wêryn't alles út 'e hân rint, lykas yn in oarloch. 't Is fansels te gek E.B.F. de skuld te jaan fan 'e moard op 'e seis miljoen joaden, mar syn kristlik Frysk nasjonaal jargon, dat grif net allinne troch Folkertsma brûkt waard, mar faaks ek troch gâns ‘dominys’, hat it wol mooglik makke dat in grut part fan it folk de eagen ticht hie of die, doe't it grutte drama fan 'e holocaust yn it Germaanske kristlike heechbeskaafde Europa, dêr't ek Fryslân by heart, plakfûn. It wie in folslein kultureel ramt, sa te sizzen in kultureel jargon, wêryn't de woekerplant fan 'e nazy-ideology tiere koe. Dat oan te toanen wie net in lytse prestaasje fan Bauke de Jong.
Hy wurke hjiryn yn 'e tradysje fan it Dadaïsme. It Dadaïsme ûntstie yn 1916 yn Zürich (Switserlân) en wie in soarte fan antykultuer. De dadaïsten (pasifisten) wiene fan betinken dat in wrâldoarloch ynherent wie oan ús beskaving, oan ús fan 'e renêssânse ôf opboude kultuer. M.o.w. dy kultuer moast ôfwiisd wurde. Wy moasten wer folslein op 'e nij begjinne mei in folslein nije kultuer, de wrâld besjen as troch de eagen fan in a-kultureel bern.
It Dadaïsme paste wer yn 'e tradysje fan 'e romantyk, de grutte reaksje tsjin 'e renêssânse yn it algemien en it rasjonalisme yn it bysûnder. De romantyk wie in protest tsjin de ûnmooglike sitewaasje wêryn't de kulturele ûntjouwingen ús brocht hiene: yndustriële revolúsje, Frânske revolúsje, wrâldkriich ensfh.
Is Bauke de Jong dan in romantikus? Ik soe sizze ja en nee. Om dat dúdlik te meitsjen, sil ik út myn beheinde optyk wei in literêr-histoaryske ûntjouwing beskriuwe moatte, alteast de grutte linen dêrfan sa't ik dy sjoch troch myn besleine bril. It liket wol moade om net mear yn 'e grutte linen fan 'e histoarje te leauwen. It moderne skiednisûnderwiis makket der ien grutte brij fan projekten fan, dy't as losse stikken neist inoar steane.
Yn 'e literatuerhistoarje (sjoen troch myn besleine bril dus, de details falle wei, de grutte linen bliuwe oer) is der in dúdlike line: De Republyk fan 'e Nederlannen wie in tipyske renêssânse-steat, dy't yn in lange striid
| |
| |
him frijfochten hie fan 'e konservative midsieuske machten op godstsjinstich en maatskiplik mêd. Dy steat hie in typyske stêdskultuer (Amsterdam, Den Haach) mei in typyske konstruearre kultuer- en boeketaal (tink oan 'e Steatefertaling fan 'e Bibel). Yn Fryslân besocht Gysbert Japicx op dat kultuertaalmêd wat, mar hy bleau in ienling. It Frysk waard praktysk net in kultuertaal en Gysbert krige syn echte wurdearring pas yn 'e Romantyk en yn 'e Neoromantyk (sjoch fierderop). Fryslân wie doe ek al te lyts foar de renêssânsedream in nije kulturele wrâldtaal út de pleatslike dialekten te meitsjen nei analogy fan it Latyn. Amsterdam wie in grutte stêd mei mooglikheden, mei de takomstdream fan it nije Rome. Dy takomstdream kaam net út, ek de hiele Republyk wie te lyts, mar it slagge konkurrint Londen wol de nije wrâldtaal stal te jaan. It Ingelsk is hjoeddedei wat it Latyn alear wie. Fryslân hie net iens in Amsterdam; it renêssânseaventoer fan Gysbert Japicx moast wol op neat útrinne.
Yn 'e lêste helte fan 'e 18e ieu rûn yn Nederlân de renêssânsekultuer wat fêst yn klassisisme en rasjonalisme en ûntstie as reaksje dêrop de romantyk. De romantyk sette net de kultuer, it ferstân, de stêd, de moderne tiid ensfh. sintraal, mar de natuer, it gefoel, it ferline, it plattelân. (It is fansels sa dat aksje en reaksje byinoar hearre en dat dêrom de romantyk ek by ús renêssânsekultuer heart, mar foar it gemak doch ik mar even as is dat net sa.)
Yn 'e tiid fan 'e romantyk (ein 18e ieu en net earder) ûntstie de Fryske beweging sa't wy dy no yn ûnderskate fasetten kenne. Yn prinsipe is de Frvske literatuer in romantysk ferskynsel, in flecht út 'e oermachtige kultuertaal (Nederlânsk) nei de ús natuerliker oandwaande streektaal (Frysk). De Fryske skriuwers fan namme (útsein Gysbert Japicx, dy't in romantysk ideaal waard) komme dan ek nei dy tiid nei foaren, û.o. de Halbertsma's. Ik bin fansels lang net folslein. Der komme yn 'e Fryske literatuer ek mear rasjonalistyske en sels naturalistyske figueren nei foaren lykas Waling Dykstra en S.K. Feitsma. It is in normaal ferskynsel dat aksje reaksje opwekt. De romantyk wie in soarte fan antykultuer, antyrasjonalistysk, mear noch as antyklassisistysk. Mar antyrasjonalistysk slacht faken oer nei antyrasjoneel en ja, dan barre der nuvere dingen. Dêrby komt dat ek fernijers (om romantisy mar even sa te neamen) in kultuer opbouwe dy't net selden ferstjurret. Tink begelyks oan 'e tachtigers, dy't yn har antyretoaryske ynstelling (de retoryk hearde by de renêssânse) romantisy wiene, mar troch har oerwurdearring fan 'e foarm (sonnetten ensfh.) úteinliken de iene retoryk troch de oare ferfongen.
Sa is Bauke de Jong mei oaren as Lolle
| |
| |
Nauta, Fokke Sierksma de rasjonalistyske reaksje op it romantyske establishment fan Folkertsma en Piebenga. Mar de Fryske literatuer bliuwt ek mei dizze reaksje romantysk. Sa is Bauke de Jong dus al en net in romantikus.
De Beweging fan Tachtich yn Hollân hat amper gefolgen foar de Fryske literatuer; dy komme pas yn 1915 mei de jongfriezen. Dochs wol ik it ûntstean fan it Kristlik Frysk Selskip (1909) en fan de Jongfryske Mienskip (1915) pleatse yn it ramt fan 'e neoromantyk, dy't yn dy tiid yn Hollân bloeide (Bloem, Roland Holst, Van der Leeuw, Van Schendel, Slauerhoff). Ek Obe Postma en Simke Kloosterman hearre dêrby. Dêrfoaroer is Brolsma tocht my in mear realistyske ympresjonist (alhoewol romantikus om't er Frysk skriuwer is).
Ek it Frysk nasjonalisme is in romantysk ferskynsel. De grutte helden fan 'e natio Frisica binne net Willem Loadewyk, Bogerman, Tsjerk Hiddes ensfh., typyske renêssânsisten, mar figueren as Bernlef, Aldgillis, Redbad, Grutte Pier, wêrfan't amper wat wittenskipliks te fertellen falt, mar dy't wol libben yn 'e Midsieuwen (foar romantisy de ideäle, wat ‘kultureel tsjustere’ tiid.) Folkertsma is dus in typyske Noardnederlânske neoromantikus.
Neffens Bauke de Jong stean yn it ferdomboekje fan Folkertsma de wurden: materialisme, positivisme, marxisme, yntellektualisme, rasjonalisme, yndividualisme, ynternasjonalisme (Asyl jg. 2 (1965), nû. 2, s. 67/68). It is it typyske ferdomboekje fan in romantikus. Yndividualisme is fansels ek romantysk, mar Folkertsma fersmyt dat omdat er him identifisearret mei in kollektyf, ‘It Fryske Folk’. Wat dat oanbelanget, is er in typyske midsieuske kollektivist.
Is it no wier wat Bauke de Jong suggerearret, dat nasjonalisme en antysemitisme by mekoar hearre, út mekoar fuortkomme? Faaks al. De romantyske nasjonalist Folkertsma warskôget altyd mar wer tsjin dy ûneigen ûnseedlike kultuer, dy't fan bûten ôf (d.w.s. út 'e stêd) oer de Friezen hinne spielt. Yn gâns artikels fan Folkertsma priuwt men op 'e achtergrûn de myte fan it yn syn eigenheid suvere Fryske folk dat yn talleaze fariaasjes ferdigene wurdt. De joaden (foar de oarloch sûnder eigen lân) wiene twongen ynternasjonaal oriëntearre en ûnderfûnen ditsoarte nasjonalisme meastal as fijannich. Wa krije ek makliker de skuld fan 'e ymport fan it ûneigen ûnrant as de joaden?
In sitaat fan Folkertsma (út ‘de jage Joad II’. De stim fan Fryslân 6-1-1939):
Hy (de joad - St.) kin yn it folkslibben in bifruchtsjend elemint wêze, mar gauris is er ek in oansettenden- en fornielendenien.
Wêr't nasjonalisme yn in moderner foarm
| |
| |
ta liede kin docht bliken út in gedicht út 'e Samle Fersen (s. 110) fan G.N. Visser:
en 't lân, freon, fan myn hert,
ik koe, ik kin, ik wol net ynsjen ienris,
Om it stjerren fan Fryslân yn ferbân te bringen mei it libjen fan Israël tsjûget fan in abjekte wrâldfrjemdens. Yn 1978, goed tritich jier nei de holocaust, wêrby't tsien kear safolle joaden as der ea Friezen west ha ombrocht waarden, mient Visser dit politike rymke yn Lyts Frisia publisearje te moatten. Syn Frysknasjonaal hert moat dan wol stiiffol antysemitisme sitte. Visser is miskien wol Fryslâns grutste dichter fan 'e 20e ieu, mar syn nasjonalisme bringt him dochs wol op uterst gefaarlike ideeën oer Israël. Bauke koe wolris gelyk hân ha. Yn 'e dizige emosjonele sitewaasje fan no is in objektyf ûndersyk nei it ferbân tusken nasjonalisme en antysemitisme mear as needsaaklik, benammen no't it etnysk tinken wer yn 'e moade komt.
It minskdom is faken túch, mar tusken dat túch en út dat túch bloeie soms de moaiste blommen en dat kin gefaarlik wêze. It is saak om de kankerswolmkes ek yn it wurk fan de wichtichste skriuwers/dichters yn 'e skynwerpers te setten. Dy swolmkes kinne útsiedde wurde en de skiednis hat ús wol leard dat ús kultuer fruchtbere grûn wêze kin foar deadlike ideologyen.
Yn 1966 waard der úteinliken in fúzje realisearre tusken De Tsjerne, Asyl en Quatrebras. Yn 'e nije redaksje soe ek Bauke de Jong in sit hawwe. Ynienen waard dy fúzje troch de Tsjerneredaksje opsein. It die bliken, dy stie ûnder druk fan it establishment fan dy tiid (i.c. de útjouwster fan De Tsjerne, de stifting Je Maintiendrai mei û.o. Vondeling, Spiekhout en Tamminga yn it bêstjoer), dat Bauke de Jong net yn 'e redaksje ha woe. Yn in ynstjoerd stik yn 'e Ljouwerter krante neamde ik de wurdbrek fan 'e doetiidske Tsjerneredaksje it grutste skandaal yn 'e Fryske literatuer fan 'e 20e ieu. Achterôf koe ik dêr wolris gelyk oan hân ha. De joademoard yn it kristlik superbeskaafde Europa is it grutste skandaal fan 'e 20e ieu. As dan jongere skriuwers yn dit ramt op fouten wize yn 'e Fryske literatuer en se wurde troch reginten yn machtsposysjes mei ûnkontrolearbere manipulaasjes oan kant set, dan is dat in ferskynsel dat wol goed yn 'e skynwerpers mei. Lolle Nauta hat dat fuort ynsjoen en stapte út de redaksje fan De Tsjerne. Trinus Riemersma dy't earst wakker de wurdbrek ferdigene, bekearde him letter, wêrtroch't yn 1968 de fúzje wol trochgean koe.
Wie Bauke de Jong wier in ûnmins, in
| |
| |
ûnderwrâldfiguer sa't Douwe Tamminga him neamt? (De Tsjerne 1965, s. 363). Dat soe sa west hawwe, as er rücksichtslos Folkertsma foar fassist, nazy of antysemyt, dy't achter de gaskeamers fan Hitler stie, útmakke hie. Folkertsma hat neffens De Jong net trochtocht, doe't er skreau: ‘It kin sin hawwe it joadske tal te ferminderjen’. Folkertsma as doarpsidioat is oars neat as it relativearjen fan Folkertsma as ‘essayist fan Europeesk nivo’, sa't J. Piebenga him neamt.
Douwe Tamminga, de fûlste bestrider fan Bauke de Jong (sjoch: ‘In spultsje fan bline Bauke’, De Tsjerne 1965, s. 141-144), giet yn syn emosjonaliteit safier De Jong derfan te beskuldigjen dat er by dizze kwalifikaasje de geastlik hendikepte susters fan E.B.F. op it each hawwe soe. Yn dat gefal soe Bauke wier in nazy west hawwe, mar hy wist fan harren bestean neat ôf. ‘Underwrâldfiguer, pisjende mopshûn, desperado op poepeklompen, Mussertknaap fan moarn’, de kwalifikaasjes fan Tamminga lige der net om. Se wize wol op in sterke emoasje, mar perfoarst net op in reedlike argumintaasje. Yn bline hate miende Tamminga De Jong literêr deaslaan te moatten. It ôfbrekken fan boppeneamde fúzje wie ek foar in grut part oan Tamminga te witen. Yn in oarloch falle de minsklike remmen hoe langer hoe mear wei, de stellingen wurde betrutsen en it fijânbyld skerper.
Nei de dea fan J. Piebenga foel De Jong yn in lêzing foar de regionale omrop dizze skriuwer fûleindich oan. Foar myn gefoel is dizze krityk minder sterk by achterôf lêzen as de oanfal op Folkertsma. By syn stik oer Folkertsma hellet De Jong folle mear sitaten oan as by dat oer Piebenga, dat emosjoneler is. Ek dizze krityk is yn 't foarste plak literêr. De minske Piebenga lit er bûten beskôging, ja hy jout him sels alle eare as fersetsheld. 't Is wier de styl fan Piebenga is retoarysk, hinget alteast fan retoaryske fraachtekens en oare trúkjes oan mekoar. Oft de mentaliteit fan Piebenga no sa ferdjerlik wie as Bauke suggerearret, wurdt my net alhiel dúdlik. It docht my tinken oan 'e folgjende anekdoate. As lyts skoalmasterke yn Surhuzum oan 'e kristlike skoalle waard my ris in abonnemint optwong op it Friesch Dagblad, want de Ljouwerter wie dochs mar in heidenske krante. Doe't ik der tsjinyn brocht dat ik wol neist Piebenga oan it hillich nachtmiel sitten hie, sei it haad fan 'e skoalle, in goed griffermearde âlderling, dat Piebenga dan in dwalende kristen wie. Foar my wie Piebenga as de heit by Carmiggelt, in stakkert dy't yn it tsjuster taast (en like iroanysk bedoeld). Piebenga wie ek, lykas E.B.F. ien fan 'e grutte ûnoantaastbere Fryske monuminten (‘een denker, een dichter’ ensfh.) en dat sil Bauke ta syn sarkastysk kommentaar brocht ha. Lykwols bliuwt foar my de affêre Bauke de Jong - Piebenga fier yn it skaad
| |
| |
fan dy fan Bauke de Jong - Folkertsma. Dêrby komt dat Piebenga as literêre figuer lang sa wichtich net wie as Folkertsma.
De aksjes fan 'e tsjinstanners wiene emosjonele gjalpen sûnder wêzentlike arguminten. In foarbyld: ‘It meast muoit my, dat Nauta (in ferdigener fan B.d.J. - St.) gjin each hat, alteast gjin krom meistimming blike lit hwat oangiet de teneur fan myn stik yn it aprilnûmer fan dit tydskrift. Dêryn wie wier net in “demagooch Tamminga” oan it wurd, dy't tafallich “in emosionele” rite hie. It stik wie dúdlikerwize in protest tsjin de vulgaire wize hwerop yn it tydskrift Asyl immen dy't him kenne liet as ûnderwrâldfiguer op in skriuwer as E.B. Folkertsma omhaffele’ (De Tsjerne 1965, s. 362-363).
It ferbjusteret jin by neilêzen hieltyd wer dat Tamminga en in protte mei him gjin inkeld each hiene foar de mannichte reedlike arguminten dy't yn Bauke syn skriuwerij te finen wiene. Der moat fansels ferskil fan miening mooglik wêze, mar in polemyk moat mei reedlike arguminten fierd wurde kinne, en dy wiene der net by de tsjinstanners fan Bauke de Jong. Dy koe mei Multatuli sizze: ‘Wjerlizze fan 'e strekking fan myn essay is net mooglik’. Miskien, tocht ik, siet der noch de measte reedlikheid yn in artikel fan Doede Wiersma yn De Stim fan Fryslân (17-3-1967) mei as titel ‘It sicht op Jan Piebenga’ en mei noch gruttere ûndertitel ‘Protest tsjin minderweardige krityk’. Mar ek dat falt ôf. Wiersma hellet in macht sitaten oan om Piebenga yn in posityf Ijocht te setten. Dan wiist er ek noch op Piebenga as foarmingslieder, politikus ensfh. Yn dat totaal is wat Piebenga ús skonken hat oan literatuer net fan folle betsjutting, seit er. It sil sa wêze, mar it gong hjir krekt om in boekje mei teksten. En de essinsjele krityk fan Sierksma op Piebenga, ntl. dat dy beweart dat de joaden sûnder leauwe by it nasjonaal sosjalisme útkomme (sjoch fierderop), omsylt er en dêr siet no krekt de oast.
It is dan ek folle nijsgjirriger om de artikels fan 'e meistanners fan Bauke de Jong te lêzen. De polemyk berikte foar myn gefoel in hichtepunt doe't de essayist Fokke Sierksma him mei de saak ynliet (De Nieuwe Linie fan 4 febr. mei de ferfolgen en repliken fan Tamminga en Lolle Nauta op 11 en 18 febr. 1967). 't Is spitich foar Fryslân dat dat yn it Nederlânsk barde. Oan 'e oare kant hie de saak wol folle mear belang as allinne it Fryske.
Sierksma naam it boek Minskrotten - Rotminsken fan Trinus Riemersma as útgongspunt. Yn dat boek flokt in skoalmaster by de dea fan in learling. Neffens Sierksma wie dat in tige religieuze utering. Mar de minsken yn de doarpkes dêr't Riemersma ûnderwizer wie, tochten dêr oars oer. Dy woene him út de kristlike skoalle ûntslaan en smarden op âldjiersjûn syn ruten yn mei stront.
| |
| |
Wêr't Sierksma him no benammen op rjochtet, is in artikel fan Noordmans (opfolger fan Piebenga as haadredakteur) yn 'e Ljouwerter Krante, wêryn't dy dizze Fryske wandieden net allinne bagatellisearret, mar de skuld fan alle illinde by de skriuwer leit. Noordmans neamt dêrby yn ien azem Gerard Reve, dy't doe yn Greonterp wenne. Ik wol it sitaat dat Sierksma fan Noordmans oanhellet hjir ek oanhelje, want dêr sit in wrâld oan literatuerhistoarje yn:
‘Evengoed als Gerard Karel (sic.) van het Reve dat uit ervaring weet van Greonterp, weet Trinus Riemersma van Gau en omstreken dat de mensen daar bijzonder plezierig en verdraagzaam en wijs zijn. De vaalten van de roddel en de mesthopen van de onverdraagzaamheid liggen niet zozeer in Gau en Greonterp als wel op en om het Leidseplein. Als ergens mensen christelijke verdraagzaamheid en wijze tact getoond hebben, dan zijn het de mensen van Greonterp, Gau en Goaijenga geweest. Het is alleen jammer dat Riemersma en Van het Reve in hun literaire werk niet altijd die wijsheid, tact en verdraagzaamheid tonen en diezelfde mensen (van G, G en G) wel eens aanstoot geven. Dat verdriet die mensen meer dan dat het hen kwaad maakt. Maar dat zijn zaken die hoog-culturele, hoog-literaire en hoog-artistieke milieus dikwijls te hoog gaan’.
As men dat lêst, wol men no amper leauwe dat sa'n kommentaar mooglik west hat. Hjir is in stikje romantyk te sjen dat alle kwea yn 'e stêd lokalisearret, de plattelânsbewenners as ingelen foarstelt, de skuld fan alle misstannen by de skriuwers sels leit en last but not least in stikje anty-yntellektualisme útwazemet.
Laten we... vaststellen dat hier een walgelijke vorm van nationalisme de kop opsteekt, dat eigen kwaad op het Leidseplein projecteert, zoals de nazi's dat op de joden deden,
is it kommintaar fan Sierksma.
Hoe romantysk dat stikje fan Noordmans ek is, gefoel sit der net yn, alhiel net foar it gesin Riemersma, dat yn dy tiid troch in hel gong en fan 'e Ljouwerter ek noch in traap achternei krige.
Yn 'e Piebengasaak stie Sierksma fjouwerkant achter Bauke de Jong. ‘Eigenlijk is Bauke de Jong nog zachtzinnig geweest’, seit er sels en dan kombinearret er twa sitaten:
1. | ‘Een jood blijft altijd een gelovige, ook al noemt hij zich Marxist of humanist; het geloof is dit volk immers door God als een last in het bloed geschapen’.
(Aarden Vaten, s. 103) |
| |
2. | ‘Er is inderdaad veel kans dat het zionisme een geseculariseerde (verwereldlijkte) vorm van de oude joodse godsdienst wordt en dat het zich vooral op de verwerkelijking van een bepaalde vorm van socialisme zal toeleggen, maar in dat geval zal het uiteindelijke resultaat bedenkelijk veel op het nationaal-socialisme beginnen te lijken’.
(Aarden Vaten, s. 79/80) |
| |
| |
Dêrút konkludearret er dat Piebenga in gefaarlike tinker wie.
Ek is Sierksma fan betinken dat Bauke de Jong net te wjerlizzen oantoand hat dat Folkertsma antysemityske útlittingen dien hat yn ‘De jage joad’ en hy falt Lolle Nauta by as dy De Jong ferdigenet tsjin Tamminga.
Tamminga krijt yn 'e Nieuwe Linie de gelegenheid foar in tsjinwurd. Dêryn alles oer de ynhumaniteit fan B. de Jong, mar neat oer it antysemitisme fan Folkertsma of it gefaarlike tinken fan Piebenga. Tamminga smyt alles op it persoanlike en lit it saaklike bûten beskôging. De teneur is: yn Fryslân is alles goed en dy't it oars seit hat gjin kennisse fan saken. In dochs wol ferbline romantyske fizy (as men it sa neame mei) op Fryslân. Hoe siet dat by Tamminga, Schurer, Noordmans ets.? Bewust, ûnbewust? As men it nei safolle jier wer lêst, wurdt men dochs wol kjel fan sa'n wrâldfrjemde blinens foar de feiten.
Persoanlik haw ik echt wol each foar de gruttens, de tragyk, mar ek foar de lytsens fan figueren as Folkertsma en Piebenga. Troch har útgliders en stommiteiten (dy't iksels gelokkich ek ha) wurde it foar my minsken. Ferjit net, it binne publisisten (scripta manent). As har produkten net goed kritysk yn it fûle ljocht set wurde meie, wurde it stânfriezen, d.w.s. graniten spoeken, dy't Fryslân mear kwea as goed dogge.
Persoanlik reagearre ik op in stik fan Noordmans oer dizze publikaasjes yn 'e Nieuwe Linie (Leeuwarder Courant, 20-2-1967) ûnder de titel ‘Mest en riolen’. Ik liet de saak Riemersma bûten beskôging en sette de wurdbrek fan de al besteande fúzje tusken De Tsjerne, Asyl en Quatrebras derby sintraal. In wat wiidweidich sitaat dêrút liket my ek no noch wol aardich:
In de literatuur moet met scherp geschoten kunnen worden. Om bepaalde verschijnselen te relativeren. Is dat niet mogelijk dan ontstaat frustratie met als gevolg dat op den duur met echte kogels geschoten wordt. De literaire kogels zijn redelijke argumenten en daar ontbreekt het de tegenstanders van Bauke de Jong aan. Hun argumenten liggen in het emotionele vlak.
Volgens hen is Baukes wijze van schrijven inhumaan en kwaadaardig. Inderdaad! In plaats van zich in de handen te knijpen dat er onder het grote aantal zeer humane Friese publicisten een kwaadaardige duivel rondloopt, maakt men het hem onmogelijk te publiceren. Kwaadaardige schrijvers kunnen nl. zeer belangrijk zijn en zeker in de Friese literatuur. Bauke de Jong is een belangrijk schrijver voor Friesland en gezien de reacties, zowel positief (Nauta, Sierksma) als negatief die hij veroorzaakt heeft, waarschijnlijk de belangrijkste van dit moment. Men moet niet vergeten dat Folkertsma en Piebenga op hun zeer humane wijze ook kwaadaardig waren als ze het hadden over de moderne cultuur, de mo- | |
| |
derne mens, de intellectueel, de seksualiteit, de randstad enz. en dan meestal niet zo goed geargumenteerd als Bauke de Jong, maar wel een veel groter publiek bereikend.
De oorzaak van alle ellende zoek ik niet zozeer als Sierksma in de Fries nationale mythe (al heeft die er natuurlijk mee te maken) maar meer in een soort oligarchie bij de Friese publicisten. Vele Friese schrijvers, journalisten, dichters zijn nl. familie, vrienden of goede kennissen van elkaar. Hoe kan het ook anders in het kleine Friesland. En als men weet hoe gevoelig een schrijver is voor het oordeel over zijn werk (een essentieel onderdeel van zijn persoonlijkheid) is het begrijpelijk dat het in de Friese schrijversclan onmogelijk is elkaar eens fiks de waarheid te zeggen. Men kan daar niet de persoon en zijn werk scheiden. Zelfs de kwaadaardige Bauke de Jong kon er in ander verband nooit toe komen om eens flink op de tenen van zijn mederedacteur van Asyl, Tjitte Piebenga, te trappen, hoewel die toch qua mentaliteit 180 graden van hem verschilt.
‘Entmythologisieren’ is wol in moadewurd, mar it sloech wol yn dizze saak de spiker op 'e kop. De ûnoantaastbere Fryske myte moast trochprikt wurde. Itselde wat Hessel Miedema dien hie mei syn kar foar Amsterdam. Allinne wy bleauwen yn Fryslân, yn it Frysk, sûnder myte, yn 'e hope faaks wat reëlers te kreëarjen. It is net slim romantikus te wêzen, mar men moat it wol wite (wolle).
Fan Freark Dam, dy't fierders net folle fan Bauke de Jong syn racheljende styl ha moast, krige ik yn in iepen brief oan F. Sierksma (Strikel 1967, s. 20-21) ek noch byfal foar myn stelling dat it benammen de persoanlike bannen binne, dy't in sûne skerpe krityk faken yn 'e wei steane.
Nijsgjirrich is it no om wat stealtsjes fan Bauke de Jong syn polemyske ‘rachel’ styl oan te heljen: op it artikel fan Tamminga ûnder de titel ‘In spultsje fan bline Bauke’ reagearre er mei in sabeare Tammingawurdboek: û.o.
blyn: is elkenien dy't de eagen iepenhâldt as Douwe Tamminga se ticht docht.
Omdat Baukes essay fol sitaten stiet, sil dat hjir ek moatte:
Piter Wybenga:
‘Doe't my yn 1940 de Joadeforklearring foarlein waerd, haw ik dy tekene en der alle Joaden mei forret en “útlevere”. Sjesa, de lju dy't no tsjin Folkertsma oankopje, him hjitfolgje om in wurd, kinne it my ek dwaen op wurd en died.
(Stim 4-6-1965)
Sju piterke, harkje ris eefkes, hwant ik wol graech mei dy yn goedens, ik hjitfolgje Folkertsma net om in wurd, mar ik ha mei alle sêftmoedigens dy't my eigen is, wiisd op it antysemitisme fan Eeltsje Boates Folkertsma, en it publisearjen fan dy artikels yn De Stim is neffens my in misse died.
Ja, gean mar eefkes to pisjen piter’.
| |
| |
De Stim: ‘Us mienskiplike skuld is troch F. yn kleare wurden ta utering brocht yn De Stim fan 30 april 1965’. Dy mienskiplike skuld is in pracht fan in alibi foar de E.B.F.'s - (D.A.T.(amminga - St.) docht it hwat bretaler, dy skout my al razend en skellend de skuld yn 'e skuon) - mar dy mienskiplike skuld ynteressearret my net sa bot. Oft E.B.F. him persoanlik al of net skuldich fiele wol, dêr moat er himsels mar mei rêdde. Hwat my ynteressearret - mar it is sinleas om dernei to freegjen - hokfoar reden hie E.B.F., yn 'e goedichheid, hoe krige er it yn 'e harsens om to skriuwen: ‘Tige sinlik is de Joad’, dat siz je dochs net samar of wol?
Mar 't is ommers ek sa, dêr is E.B.F. to biskieden foar en jow hjir opheldering. E.B.F. is och sa biskieden, dy bringt leaver yn ‘kleare wurden’ ‘ús mienskiplike skuld ta utering’. Halleluja’.
‘Oan dat totaelbyld (de fijannige hâlding fan 'e kristenheid foar de joaden oer - St.) kinne in pear “eenvoudige christenen”, dy't wisten hwer't se stean moasten net folle forhelpe. Der wiene tefolle “komplisearre” kristlike E.B.F.-en’.
Yn 'e rin fan 1968 koe De Tsjerne it allinne net langer bolwurkje, frâl net doe't Trinus Riemersma spyt krige fan syn ‘ferried’ oan 'e fúzje en út 'e redaksje stapte. Op in rûzige oktoberdei romme de âlde redaksje fan De Tsjerne plak foar in nije. Dat barde nei ferheftige diskusjes, want Asyl en Quatrebras easken dat Bauke de Jong yn 'e redaksje komme soe. De man dy't it langst wjerstân bea, wie Durk van der Ploeg, de redaksjeskriuwer. De trochbraak waard forsearre troch Tjitte Piebenga, dy't sei dat er graach in boekekast timmerje woe en dêrfoar de tsien planken brûke koe dy't Durk foar de kop hie.
De nije redaksje bestie út: Bauke de Jong, Steven de Jong, Leo Popma, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag. Dy redaksje wie lang gjin ienheid. De Folkertsma-affêre hie de beide De Jongen wol foargoed yn 'e opposysje brocht. Dêrfoaroer stiene de Tsjerne-erfgenamten Popma en Riemersma, dy't folle fermoedsoenjender foar it establishment oer stiene. De âlde Tsjerneredaksje woe graach dat in sa grut mooglike groep him mei de opfettings fan 'e redaksje konformearje koe. De opposysje achte dat in ûnmooglik kritearium, omdat dan kontroversjele figueren (as Hessel Miedema en Bauke de Jong) útsletten waarden en krekt dat soart skriuwers leveren wichtige literatuer. Kwaliteit wie earste eask en feninige krityk moast mooglik wêze. Net mijen wêze omdat it sokke aardige minsken oanbelanget.
Sa waard der ferheftich diskusjearre oer in krityk fan Bauke de Jong op Durk van der Ploeg (‘Durkjemuoi op 'e praatstoel’) en fan my op Tiny Mulder (‘Woekerplant’, Trotwaer 1969, nû. 1, s. 19-23).
Geart van der Zwaag wie troch syn persoanlikheid in tuskenfiguer. Hy wie wol út de Quatrebrasrûnte ôfkomstich en wie ien fan
| |
| |
'e oprjochters fan it súksesfolle poëzijprojekt ‘Operaesje Fers’ (dêr't ik aanst op werom kom). Hy waard redaksjefoarsitter.
De redaksje koe mar slim in ienheid wurde. Dêrom kaam der as kompromis in nije rubryk ‘Trioel’, dêr't skriuwers har frustraasjes yn kwyt koene sûnder dat de redaksje achter dy uteringen stie. Dat hat in drege rubryk west, dêr't in protte gebrûk fan makke is. Ek redaksjeleden ûnderling fochten hjiryn har skelen út (Trinus tsjin Bauke, Leo tsjin Steven ensfh.). Nij wie ek dat de redaksjeleden har ûnderwerpe moasten oan it oardiel fan 'e redaksje, d.w.s. allinne by mearderheid fan stimmen waard in bydrage fan in redaksjelid opnaam.
Fierders woene wy ôf fan 'e folkloristyske boerenamme De Tsjerne. Op foarstel fan Bauke de Jong waard it Trotwaer en dat bestiet noch (1993). It blêd krige ek in oare útjouwer. Fan Je Maintiendrai gie it nei Miedema Pers. Ald-Tsjerneredakteur Leo Popma betanke al gau as redaksjelid. Foar him yn it plak kaam Reinder van der Leest. Dy lêste die bliken in grutte oanwinst foar de redaksje te wêzen. Behalven dichtsje en skriuwe koe er ek tekenje en cartoons meitsje. Mei syn B-film- of tekenfilmstyl (popartachtich soe men hast sizze) brocht er in folslein nij elemint yn 'e Fryske literatuer en bepaalde foar in grut part it gesicht fan Trotwaer.
In hichtepunt foar myn gefoel berikte er, neist gâns oare opfallende prestaasjes, mei ‘De Fryske Suite yn S great’ (lês-partituer), (Trotwaer 1970, nu. 3/4, s. 33-45). Yn sabeare noateskrift set er hjir de hiele konfliktsitewaasje om Trotwaer hinne yn in iroanysk ljocht. Konfliktsitewaasjes bleaunen der, ek al troch Trinus Riemersma, dy't in oar wichtich part fan it gesicht fan Trotwaer útmakke. Hy ferdigene mei prachtige irony Tony Feitsma tsjin it bestjoer fan 'e Fryske Akademy en faaks noch skerper foel er it FLMD oan. Polemysk proaza fan 'e boppeste planke al hoecht men it net altyd mei him iens te wêzen.
Sels hie ik mei it konfliktmodel allinne it belang fan 'e Fryske literatuer foar eagen. Ik hie it idee dat dat net tsjinne waard mei allegear hoflikheden en plûmstrikerij nei kollegaskriuwers/dichters, mar wol mei ferheftige kritiken en diskusjes en polemiken. Sa't de Tsjernegeneraasje, benammen Tamminga c.s. besocht hie de wichtichste skribinten fan 'e opposysje wei te skriuwen like my de ûndergong fan 'e Fryske literatuer. Krekt fûle kritiken as dy fan Hessel Miedema en Bauke de Jong en benammen de toan dêrfan setten in protte saken op it plak dêr't se hearden, ntl. net al te heech op 'e kulturele ljedder. Relativearring wie it kaaiwurd. In spoekbyld wie foar my in tydskrift, dêr't gjin dominy oanstjit oan nimme soe. Net dat ik sa'n
| |
| |
hekel oan dominys hie, mar oanstjit wie yn dy tiid in literêre kwaliteit. Al soe it tydskrift mar in pear kear útkomme, as de argewaasje mar sa grut wie, dat der oer skreaun waard. Spitich, de Ljouwerter Krante wie like stil as yn 'e tiid fan Hessel Miedema. Foar myn gefoel in bewiis fan 'e kwaliteit fan Trotwaer, allinne Fryslân fernaam der sa neat fan. Sa net, de Ljouwerter bespriek yn dy tiid net ien Frysk tydskrift mear. Reorganisaasje wie letter it argumint fan Noordmans. It sil wol sa west ha, mar beroerd wie 't al.
Yn 'e earste nûmers fan Trotwaer kaam de polemyk ta bloei. Trotwaer siet foargoed yn 'e opposysje, ferdigene mei krêft syn literêre fenomenen tsjin it konservative bolwurk. Dat bolwurk hie ek inkelde bastions lykas it Skriuwersboun, de Fryske Akademy en fansels de Ljouwerter Krante. Skriuwers as Riemersma, Josse de Haan, W. Abma, G. van der Zwaag en ûnderskreaune makken it ‘establishment’ yn goed skelproaza dúdlik dat opstannige skriuwerij yn Fryslân mooglik wie. Wol waard de maatskiplike posysje fan Trotwaer der net better op. Noch al wat skriuwers betanken. Elk nûmer moast fanwegen jildproblemen (subsydzjes dy't we net krigen of dy't te let kamen) foar de helsdoarren weiskuord wurde. Lykwols, hoe mear yn 'e opposysje, hoe swierder it bestean sa te sizzen, hoe feniniger Trotwaer waard. In polemysk hichte- en djiptepunt waard it supplemint 2 fan oktober 1970. Dy needútjefte siet fol skerpe rachels (koarte polemyske oanfallen), mar ek fol polemyske artikels, dy't de tradysje fan Bauke de Jong dúdlik fuortsetten. Djiptepunt wie in artikel fan Gerben Abma tsjin Freark Dam, dat nearne nei roaide, mar in rachel relativearre dat wol wer.
In foarbyld fan 'e toan:
Neiskrift:
My wurdt krekt meidield dat it Skriuwersboun net allinne kloaten en sekken (koartsein kloatsekken), mar ek âlde taerten en preuten ûnder syn leden telt. Jezus!
Tr. Riemersma.
RACHEL XVI
gerben abma kin goed in selspetret meitsje; hy projektearret it allinne graech yn in oar.
‘Moat dit no allegear?’ sil de fatsoenlike steatsboarger freegje. Hy hat gelyk, mar wy wiene skriuwers yn 'e opposysje. Soms is it konfliktmodel hiel sûn.
Doe't ein 1969 wer in nije generaasje de macht fan Trotwaer oernimme woe, wie ik dêr earst wakker foar. It wie in groep Amsterdamske studinten dy't in eigen tydskrift - Sonde - hiene. Dyselde studinten hiene yn 1967 in treflik dichtersfestival yn 'e Harmony yn Ljouwert organisearre mei tsien Nederlânsktalige en tsien Fryske dichters. Dy moeting wie in grut súkses, sawol foar it publyk as foar de dichters fan beide talen sels.
| |
| |
De Fryske literatuer koe hiel wol meidwaan. Ik seach yn dizze Amsterdammers de opfolgers fan Quatrebras. Dochs krige ik op 'e reboeljegearkomste, dy't de redaksje al sa demokratysk útskreaun hie, net de yndruk dat se it measte fan 'e problematyk om Trotwaer hinne begrepen hiene. It waard in domme machtsgreep mei miskien wol in mûnlinge, mar net in skriftlike teoretyske achtergrûn (en dêr giet it yn 'e literatuer dochs om). Boppedat waard it in machtsgreep yn 'e mande mei guont fan 'e âldere generaasje (It Skriuwersboun) en dat soe in fal tebek west ha. It moast by neier ynsjen neffens ús mar net trochgean.
Omdat ien fan ús programmapunten wie, net te lang yn in redaksje sit te hawwen bin ik der ein '70 ek mar gaueftich útstapt. Faaks in goede beslissing; myn deistich wurk liet net folle tiid foar it redaksjewurk oer. Der ûntstie yn Fryslân in knap rankuneus literêr klimaat. Dat wie fansels ferfelend foar de persoanlike ferhâldingen. Mar dy persoanlike ferhâldingen hiene de Fryske literatuer omtrint ferstikt. Krekt yn dit rankuneuze klimaat, dat fansels net allinne troch Trotwaer ûntstien wie, mar ek by de tiidgeast hearde (studintereboeljes, demokratisearring), kamen treflike literêre projekten ta bloei.
As earste neam ik hjir ‘Operaesje Fers’, de dichterstelefoan, in ferbjusterjend súkses wat de popularisearring en de demokratisearring fan 'e poëzij oanbelanget, in sukses dat ynternasjonale neifolging krige (‘Dial a poem’, New York). Yn Quatrebras (jg. 4 [1957], nû. 6/7, s. 13-20) hie Marten Brouwer al ris besocht in karakterisearring fan 'e moderne ûntjouwingen yn 'e poëzij te sketsen. Hy makke ûnderskie tusken sjoch- en harkfersen. It feit datde measte minsken gjin analfabeten mear binne, hie de poëzij gâns feroare. Poëzij wie no benammen keunst mei it skreaune wurd. Dêrom waarden metrum en rym ek hoe langer hoe mear ôfskaft. Wol soe der miskien yn 'e takomst mei lûdferfoarmingen op bantsjes in nij soarte fan harkfersen makke wurde kinne. Lykwols de moderne ûntjouwing dy't yn Fryslân plakfûn, hat Marten Brouwer net foarsjoen. It nije harkfers waard it telefoanfers. Geart van der Zwaag, Josse de Haan en Meindert Bylsma foarmen de earste redaksje fan ‘Operaesje Fers’ (1968). It leit net op myn wei de skiednis fan dit fenomeen te beskriuwen. In pear opmerkingen deroer. De telefoanpoëzij waard in boarne fan kreativiteit, dichters-jûnen, performances ensfh. Dêrby kaam dat der ek in Nederlânsktalige line wie, sadat in grut publyk berikt waard en der kontakten ûntstienen tusken Fryske en Nederlânsktalige literatoaren, wat tige befoarderlik wie foar in rûm by de tiidsk literêr klimaat.
Wêr't ik op wize wol, is dat ek ‘Operaesje Fers’, hoewol los fan Trotwaer, yn 'e opposysje
| |
| |
siet, net yn it minst troch de oarssoartige poëzij, dy't de telefoan en de dichtersjûnen fergen en benammen ek troch it modernere literêre fermidden dat bûten de bewende rûntsjes foel. Ek ‘Operaesje Fers’ hat troch it útbliuwen en ôfwizen fan subsydzje op stjerren nei dea west. Hoe wie it? Wurke it establishment dochs tsjin?
Doe't yn 1969 de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis dy priis takende oan de ‘Stifting Operaesje Fers’, waard dat advys net oernaam troch de Steaten. Neffens de regleminten koe sa'n priis allinne oan in persoan jûn wurde. Under it motto: de regleminten bin der foar de literatuer en de literatuer is der net foar de regleminten hat doe de Trotwaerredaksje op 'e Lange Piip yn Ljouwert in alternative Gysbert Japicxpriis útrikt (9 oktober 1969). In prachtich knipselnûmer fan Trotwaer (it septimbernûmer, 1969-9) jout in treflik byld fan 'e bloeiende, mar ek opposysjonele kreativiteit fan ‘Operaesje Fers’. Benammen it kontakt mei de net Frysktalige dichters/skriuwers modernisearre it Fryskliterêre klimaat net in bytsje. It is spitich dat dy Nederlânsktalige line deablet is. Dy soe der sa gau mooglik wer komme moatte.
In oar treflik inisjatyf wie it oprjochtsjen fan 'e Koperative Utjowerij, in útjouwerij fan 'e skriuwers sels, dy't literêre kwaliteit safolle mooglik foar kommersjeel gewin stelde en dy't dus nochal wat ûnrendabele fersebondels útjûn hat. Ek dêr sil ik de skiednis net fan beskriuwe. Wol kin men stelle dat sûnder de útjeften fan dizze útjouwerij, de Fryske literatuer gâns minder mooglikheden hân hie en dus gâns earmer west hie.
De konklúzje kin wêze dat it rankuneuze klimaat fan 'e 60er jierren inkelde treflike literêre fruchten opsmiten hat. Sawol Trotwaer, ‘Operaesje Fers’ as de Koperative Utjowerij bestean noch en bestean faaks al langer as De Tsjerne bestien hat. Oft se no ferâldere binne, leit bûten it ramt fan dit opstel.
Ik kôm noch even werom op de âldere generaasje, want dêr sitte in pear saken dy't net sa fraai binne. Ik haw it idee dat de kwestje De Jong - Folkertsma deablet is en noait útiten. Hieltyd ûntstean der wer sitewaasjes dy't dêroan refereare, sûnder dat der serieus op yngien wurdt. Sa wie it stik ‘E.B. Folkertsma, de ivige kroanprins fan it Frysk nasjonalisme’ fan Durk Nota (Hjir 1985, nû. 4) in uterst dom ferfolch op Bauke de Jong syn essay. Tony Feitsma koe dan ek maklik de ûnwittenskiplikens dêrfan oantoane (Fryx 1985, nû. 3, s. 89-105). Nota moast syn stik werroppe. It is spitich dat Tony Feitsma blykber tefolle Fryskbeweechster is om reedlik tsjin de essays fan Bauke de Jong oan te sjen. Sa skerp as se Durk Nota oanfalt, sa swak docht se dat Bauke de Jong. Bauke suggerearret net dat Folkertsma foar, yn en nei de oarloch nasjonaal-sosjalist west hat, mar hy relativear- | |
| |
ret mei noch al wat polemysk geweld it romantyske, hjir en dêr gefaarlike, kristlike jargon fan Folkertsma. (‘Folkertsma is in doarpsidioat, hat it nivo fan in doarpskapperke’). As wittenskipper moat men dêroer kinne. En it ferbân tusken antysemitisme en nasjonalisme is miskien wol net bewêzen, mar is sa dizenich dat in objektive stúdzje dêrnei ek yn Fryslân mear as needsaaklik is (sjoch Visser en Folkertsma).
Wat de âldere generaasje oanbelanget, kom ik ek noch even werom op ien fan 'e earste nûmers fan Quatrebras. Is it tafal of wie it it gefolch fan in bewust keazen program, dat de redaksje fan Quatrebras yn it artikel ‘Snipperprogram’ (Quatrebras jg. 1 [1954], slotnû., s. 15-20) de Tsjerneredaksje geweken nimt, dat dy net meidwaan wol oan in lannelike suvering fan literêre tydskriften fan ferkearde, d.w.s. nazy- of fassistyske eleminten yn 'e literatuer? Fedde Schurer hie der glêd de gek mei en miende dat De Tsjerne sels wol foar dy suvering soargje koe. Dat sil yn it begjin fan 'e fyftiger jierren spile ha. As men de Encyclopedie van Friesland fan 1958 leauwe mei en men lêst it haadstik oer de Fryske literatuer fan dizze ieu, dan hat de Wrâldkriich op dy literatuer totaal gjin ynfloed hân. Grutte skriuwers en dichters, dy't ‘hartstikke fout’ wiene yn 'e oarloch, bliuwe grutte skriuwers en dichters. Der wurdt inkeld, (mar net altyd) lakonyk by ferteld, dat se nasjonaal sosjalistyske sympatyen hiene, in feit blykber dat literêr-histoarysk net fan belang wie.
Myn stelling is dat de Twadde Wrâldkriich, dy't us hiele kultuer yngripend beynfloede hat, pas mei Quatrebras en Asyl yn it bewustwêzen fan 'e Fryske literatuer trochkrong. De dadaïstyske mentaliteit fan beide tydskriften hat as in heilsume skop ûnder de kont ta dy bewustwurding bydroegen.
Fryslân hat razend ferlet fan in ûndersyk nei de fouten dy't troch literatoaren foar, yn en nei de oarloch makke binne. Dy fouten binne der en as se yn 'e dize bliuwe, wurdt aanst al it skriuwen yn it Frysk fertocht. Hjir leit in taak foar it Literêr Histoarysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy. R.P. Sybesma, D.H. Kiestra, D. Kalma, E.B. Folkertsma hienen har fouten yn ferbân mei de oarloch. Moat harren wurk dan mar op 'e dongbult? Wat wie der no winliken fout of wie der ek wat goeds? It wurdt in hiele toer om fan 'e dichters fan dy generaasje in sammelbondel te meitsjen sûnder dat der gedonder komt. Dat die al bliken by it ferskinen fan it samle wurk fan Kiestra en Visser. Wy ha hjir net te krijen mei rânefigueren of in lyts groepke ferdwaasden, sa't der altyd sein wurdt, lykas koartlyn noch foar de televyzje. Der bliuwt fan 'e literatuer fan dizze foar Fryslân dochs wichtige figueren, net folle oer as harren wurk net ris goed trochljochte wurdt.
| |
| |
Fansels woe net ien fan dy lju seis miljoen minsken bewust fermoardzje, mar se ha dochs hiel dúdlik bepaalde dingen net yn 'e gaten hân of ha wollen.
It dadaïsme foel in hiele kultuer oan mei it argumint dat dy kultuer in mentaliteit fuortbrocht dêr't in wrâldkriich út ûntstie. It wie in radikale foarm fan romantyk en lykas alle radikalisme rûn it op neat út. Ut jins kultuer kin men net flechtsje. Wol hie it grutte gefolgen, mei as wichtichst skaaimerk it grutte wantrouwen foar de bêsteande kultuer oer. Ek wat de keunsttechniken oanbelanget, kamen der folslein nije ideeën. Alles koe tenei keunst wêze: skroat, toutsjes, boartersguod, âlde blikjes, húskepapier, ensfh. De keunst waard fan syn hillichheid berôve. de keunstners wiene net mear de heroën fan 'e renêssânse, de sjenyen, ûnoantaastbere monuminten dêr't men kritykleas foar yn oanbidding lizze moat.
Wy moasten wer op 'e nij begjinne as it bern. It bestean besjen as mei de eagen fan in bern. Fansels kin dat net, mar der ûntstie wol in mentaliteit dy't de moaiskyn derôf helle en faaks komt dan de echte keunst better út.
Der is gâns moderne keunst dy't der sûnder it dadaisme, mei as erfgenamten it surrealisme en it ekspresjonisme, net west hawwe soe. Nei de Twadde Wrâldoarloch wurket dy sfear troch by de eksperimintelen yn Hollân en by Quatrebras yn Fryslân (adres Amsterdam). Koartom, it hiele avant-gardisme fan dizze ieu is dochs wol skatplichtich oan it dadaïsme.
In Frysk-literêre beweging dy't in folslein nije keunst, dichtkeunst, skriuwkeunst stal jaan soe? In healwize jongesdream fansels. En dochs, as men goed sjocht troch jins eigen besleine bril, is de myte dan net in hiel lyts bytsje wier woarn? Quatrebras, Asyl, ‘Operaesje Fers’, Koperative Utjowerij, dichtersfestivals, fersebondels, boeken.
Dit is in persoanlik stik woarn. Wittenskiplik rammelet it faaks oan alle kanten. Ik bin in skriuwer, gjin wittenskipper, gjin filosoof en ek gjin grutte tinker. Ik jou myn persoanlike yndrukken fan in literêr tiidrek dêr't iksels in roltsje yn spile ha. In persoanlike fizy is altyd beheind. Faaks haw ik Quatrebras en Asyl al tefolle yn it sintrum fan 'e kultuerhistoarje set. Mar dat waard fan my frege. Boppedat waarden foar myn gefoel hjir yn Fryslân de avantgardistyske fernijingen tefolle under it fliermatsje fage. Dat sadwaande.
De performance is oer, mar dy moat al syn gefolgen ha, benammen yn dizze tiid, no't neofassisme en rjochtsradikalisme wer de kop opstekke. No it doarke te skoatteljen en te sizzen: ‘Ook Friesland had haar modernistische bewegingen’ (Hessel Miedema) is de kop yn it sân stekke en bewust achterbliuwe wolle by wat der yn 'e wrâld geande is. Dat kin yn Fryslân net, want Fryslân leit midden yn 'e moderne wrâld en wat my oanbelanget yn it sintrum fan it hielal.
|
|