[Nummer 5/6]
By it fiifde lustrum
Dit is it lêste nûmer fan de fiifentweintichste jiergong en bedoeld as jubileumnûmer. It grutste part fan de ynhâld foarmet it essay dat Steven de Jong yn opdracht fan it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds skreau oer de perioade dêr't ek Trotwaer yn ûntstie. It past dus moai.
Fierder hiene wy de twaëntweintich noch libjende âld-redakteuren frege om in bydrage, mar dêr is net folle reaksje op kommen. Nei in tal jierren is it blykber dochs mooglik jin los te meitsjen fan it blêd, wat wy ús as redaksje noch mar amper foarstelle kinne. Allinnich de beide mannen dy't nei de lêste reboelje-gearkomste (al wer tsien jier lyn) hoek hâlden ha, Goaitsen van der Vliet en Jelle Krol, fielden har noch genôch betrutsen om te skriuwen en fierder Willem Abma, de man dy't altyd al in yntinse haatleafde ferhâlding ta Trotwaer hân hat.
Wy fûnen dat in pear priuwkes út de ôfrûne jierren ek net ûntbrekke mochten. In kar meitsje is fansels altiten tige subjektyf. Wat oer de programma's en de krityk is wol te finen yn ‘De krityk yn de earste tsien jier fan Trotwaer’, fan Sybren Sybrandy (Trotwaer (1987), s. 191-194) en yn Jelle Krol syn bydrage yn dit nûmer.
Nei wat kabalistyk (út eltse fiif jier wat kieze, ensfh.) komme wy út op it folgjende: de fjouwer omslaggen dy't ôfprinte binne, waarden fersoarge troch útjouwerij Miedema (1969), A. de Vries (1977), G. van der Vliet (1983) en K. van der Kooi (1988);
út jiergong 2 (1970) in fûleinige Riemersma en in anonime yllustraasje fan twa kwestjes út dy jierren;
út jiergong 8 (1976) in stik fan Van der Leest oer in eigen fers, yn it ramt fan de diskusje fan doe oer de poëzij-krityk;
bûten de rige in fers fan de spitigernôch jong ferstoarne Herman Heida, dat al twa kear ferkeard ôfprinte waard, om it no dochs ien kear goed te krijen;
út jiergong 13 (1981) in stik út it tema-nûmer ‘Skriuwen is in fak’, fan Steven de Jong; út jiergong 17 (1985) wer wat út in tema-nûmer, it ‘Frouljusnûmer’, fan Doete Venema; út jiergong 23 (1991) it tapaslike ‘Noch ien kear’ fan Harmen Wind. Wat wit nammers wat jiergong 26 ynhâlde sil?
De redaksje