Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 190] [p. 190] Sybout Hartog Under de seadden dit lân is sompich, nimmen wit it de hjerringslynder, takke-ein, sinkt swier fan wetter & fan rein in ko wjerkôget & ferjit it de muskusrôt, dy warbere wrotter, barget de wâlskant yn 'e sleat de treurwylch gûlt de woartels bleat & yn syn teisters sjongt de protter de ko bûcht nei it gers & fret dit is har grêf, har bou, har widze & tusken wier & eineflaach as yn 'e film - net sjen no! -, traach, sinkt der in boer fuort yn 'e dridze al wat der oerbliuwt is syn pet Vorige Volgende