Aafke Taekema
De See
Alles wat mei de see te krijen hat, yntrigearret Aafke Taekema. Hja hat har hiele libben by wetter wenne. Skiermûntseach nimt in bysûnder plak yn. Der rekke hja ûnder de yndruk fan de krêft fan it wetter, it spul fan wyn en sân, it hieltyd bewegen fan 'e wolken en de feroaringen yn kleur en foarm yn 'e ferskate tiden fan it jier. Datjinge dat op it strân oanspielt - skelpen, hout, bisten, fet ensafuorthinne - sjocht hja as spoaren fan libben. Se trune de fantasy oan en binne in byld foar de tsjinstellings yn 'e natuer: groeie en stjerre.
Ut al dy yndrukken wei besiket hja ta ienfâldige bylden te kommen.
Aafke Taekema wurket in soad op Skiermûntseach, dêr't hja in galery hat.