| |
| |
| |
Jant van der Weg
Mindert, dat wie in dreamer...
Elkenien, dy't dy saterdeis oer it hôf nei de doar fan it Twizelder tsjerkje rûn, hat se sjen kinnen, de blommen op it grêf fan Simke Kloosterman. Alle kearen as de priis útrikt wurdt, dêr't har namme oan ferbûn is, lizze dêr blommen. Utering fan romantyske gefoelens, dy't minsken bekrûpe by it lêzen fan byg. de poëtyske ynlieding fan De Hoara's fan Hastings? Ommers, Date dat wie in dreamer dy't syn geniet hie oan de natuer. Hoe't dat ek wêze mei, de priiswinder op dy 21ste novimber fan it foarige jier, Mindert Wijnstra, waard troch Teun Simonides mei dyselde Date fergelike. Simonides is skriuwer fan it Simke Kloostermanlien, dat noed stiet foar de iennichste Fryske berneboekebekroaning. Oft er in dreamer is, wit de auteur sels faaks it bêste. Feit is, dat fertellen en toanielspyljen yn syn libben al lang in wichtich plak ynnimme. En dreamen is by soksoarte aktiviteiten fansels noait wei.
Toanielspyljen dus. Yn 1966 waard er noch as de ‘bikende toanielspiler’ yn de Drachtster Krante affisjearre. Anno 1993 kinne syn fertelsessys dy't er ûndermear yn syn gea fan wenjen, Gasterlân, sûnt in pear simmers hâldt, as sadanich jilde. Yn dat ramt past it senario dat er yn opdracht fan de provinsje skreaun hat foar in bernefilm. Oft it oait noch ta in film komt en oft de skriuwer dêr dan sels ek in rol yn spylje sil, oer dy ikker sil noch hiel wat wetter streame moatte, net te ferjitten de ûnmisbere jildstream.
Toanielaktiviteiten - syn foardragen kin men dêr likegoed by rekkenje. Wa't it FeRstival-jubileumboekje Poëzij op 'e planken (1992) trochblêdet, sil ek syn namme tsjinkomme, sawol by de priiswinders as by de sjueryleden. Dy aktiviteit hat him net oan it skriuwen fan fersen set, wylst syn toanielspyljen al op skriuwerij útrûn. As auteur is er lykwols mear in man fan proaza en is er benammen bekend wurden mei syn ferhalen foar bern. Sûnt yn 1982 syn debút, Kninekeutels yn it oerwâld ferskynde, binne dêr noch trije boeken op folge, wylst er fan it boek Heechterp en it geheim fan de stien (1987) de einredaksje hie. Dat lêste boek ûntstie nei oanlieding fan in radioprojekt fan in skriuwerskollektyf dat oanwizings fan harkjende bern ferwurke yn in spannend ferhaal mei as ôfsluting in life radio-útstjoering.
| |
| |
| |
Debút
Oer it ginneraal binne Wijnstra syn boeken goed ûntfongen. Dat begûn al mei syn earder neamde debút, Kninekeutels yn it oerwâld. De titel fettet it dilemma fan fantasije en werklikheid gear, dêr't haadpersoan Henky yn betize sit. Hy fertelt syn ferhaal sels en al rillegau fernimme wy hoe't dy wat dreamerige jonge sa no en dan syn taflecht siket yn in fantasywrâld, symbolisearre troch it byld fan it oerwâld. Dêr ferkeart er, yn syn dreamen, mei buorfamke Nynke, net mei freon Klaas. Dy lêste, yn it begjin noch prominint oanwêzich, ferdwynt yn de rin fan it ferhaal hieltyd mear nei de eftergrûn. Tegearre binne de maten noch al, as se buorman, de heit fan Nynke, op in freedtemoarn betiid yn in Ljouwerter hotel mei in opsichtige dame sitten sjogge te breaïten. Buorman syn auto hie dy moarns net by syn hûs stien, wylst frou en bern al op fakânsje wiene. Heit glimke dêr al wat skealik oer, doe't Henky dat tsjin him neamde, mar wat der no krekt te rêden is, snapt de jonge net. Dat it net earlik doocht, begrypt er al. Buorman hat wille yn it libben en dêrom krekt mei Henky him oars wol graach lije. Hy laket in soad, sa'n soad, dat er him neffens Henky syn broer dealake hat. Dat bart as beide famyljes wer fan fakânsje werom binne. Henky mei syn âlden en jonger suske ha dy fakânsje oan see, op it neakenstrân trochbrocht, dêr't in doarpsgenoat, dy't it ‘thús’ altyd sa goed wit, no troch de koer falt: hy rint oer it neakenstrân te ‘kontsjekiken’.
It perspektyf fan de fertellende ik-figuer leit de auteur fansels wol de nedige beheiningen op, mar partet tagelyk de lêzer in aktive rol ta. Wat is der eins krekt mei buorman te rêden, sil dy him, krekt as de ik-figuer, ôffreegje. En wêrom laket Henky syn heit sa skealik? Tagelyk komt troch dat perspektyf de beskriuwing fan gefoelens en alles wat de ik-figuer dwaande hâldt, autentyk oer. It hâlden en dragen fan folwoeksenen en de dea, dy't samar ynbrekt yn it gewoane libben, sjogge wy mei de eagen fan in likernôch tsienjierrige jonge. Krekt sa krije de gefoelens foar buorfamke Nynke oer tige subtyl en ynholden stal. Sa'n ferhaalperspektyf sjogge wy yn mear moderne Fryske berneboeken tapast. De alwittende ferteller sa't dy it noch net sa lang lyn foar it sizzen hie, komt yn in soad gefallen net mear oan bod.
Dêrneist lit ek de romte dêr't de ferhalen har yn ôfspylje, sjen dat der de lêste desennia wat feroare is. De personaazjes binne net mear sa bûn oan har wenplak as yn âldere boeken. Wol wennet Henky op in doarp, mar op freed in reiske nei Ljouwert is hiel gewoan, wylst it neakenstrân in nij dekor is, dat wy noch net earder tsjinkamen. Dêr wurdt hiel natuerlik en fanselssprekkend oer dien sûnder in mooglik ferdigenjend toantsje. Henky
| |
| |
en syn famylje geane dêr al jierren hinne, no en...! Ek de dea, earder krektsa in taboeûnderwerp, komt op dyselde fanselssprekkende wize op it aljemint. De bern ferkeare yn dit ferhaal net yn har eigen ôfskerme jeugdlân, mar libje yn in wrâld fan folwoeksenen en bern meiinoar, dêr't grut èn lyts mei deselde saken konfrontearre wurde.
Nei in ynlieding fan in net konkreet bepaald tal dagen beslacht de tiid fan it ferhaal de simmerfakânsje mei de twa wiken dêrnei. Yn dy lêste twa wiken falt de dea en begraffenis fan buorman. Dat nimt 31 siden fan de 108 yn, wylst de libbene buorman dêrfoar ek rejaal oan bod west hat. De oare folwoeksenen yn it ferhaal binne krekt as de buorman minsken fan fleis en bloed mei har flaters en har net bepaald nuansearre praten oer oaren. Dat falt benammen op by de reaksjes fan de skoalmaster op ‘kontsjekiker’ Arjen E.O. dy't op skoalle oer de jonges komt te kleien. Nynke har heit wurdt fan dy folwoeksenen, al is it dan in bytsje karikaturaal oanset, noch it dúdlikst tekene.
Wat it taalgebrûk oanbelanget, hat de auteur benammen it each op minne lêzers hân. Dêrfandinne de koarte sinnen en de net al te drege wurdkar. Yn it earstoan docht dy styl mei koarte sinnen wat stjitterich oan, mar yn de rin fan it ferhaal lûkt dat wat by.
Dit debút waard troch de resinsinten frij goed ûntfongen. Sa sei Tiny Mulder der yn it Friesch Dagblad (27-11-1982) oer:
Wijnstra hat in grut part fan dit boek mei goede smaak en ynfielen yn it hâlden en dragen fan in jonge opskreaun. Bern sille harsels der maklik yn weromfine.
Minder te sprekken is se oer de lytsboargerlike hâlding fan Henky syn âlden op it neakenstrân, de wat denigrearjende opmerking oer de sneinsskoalle en oer de master:
Ek mislik is yn haadstik 26 it gedrach fan de master op skoalle dy't de bern helpt om in man, dy't komt te kleien om't bern syn fytsbân leechrinne litten hawwe, út te laitsjen. In berneboek hoecht fan my net opfiedend te wurkjen, der mei bêst in grap mei grutte minsken by, ferkeard gedrach fan grutten en bern mei bêst oantoand wurde, mar mislik gedoch moat lêzende bern net foarsteld wurde as normaal, of sels wol grappich.
Al wol Mulder net ‘opfiedend’ wêze, dochs is dit dúdlik in pedagogysk en net in literêr argumint.
Durk Geertsma yn de Drachtster Courant (20-10-1982) fynt dat Wynstra it ferhaal tige byldzjend skreaun hat. De resinsint fynt dat it boek in jongesboek is om't de haadpersoan in jonge is [!] en fynt dat de kontsjekikerij fan Arjen E.O. ‘op it ferfelende om ôf’ nei foaren helle wurdt.
Yn de Leeuwarder Courant waard it boek frjemdernôch net besprutsen; it ûnderwiis- | |
| |
blêd De Pompeblêden en (doe noch) ROF bestegen der al omtinken oan, troch middel fan resinsjes, mar ek - en dan haw ik it oer it earstneamde blêd - yn de foarm fan ferwurkingssuggestjes om op skoalle mei it boek oan 'e slach. Boekpromoasje dus. Sels wiisde ik yn de Pompeblêdresinsje op it gefaar fan datearring mei saken as Tros, André-van-Duinshows en neakenstrân. Ryklik tsien jier letter kinne wy sizze, dat de earste beide fenomenen noch altyd bêsteane. It tredde útsoarte ek, mar dat is sa ûngewoan net mear as yn 1982.
| |
Brieveboek
Fjouwer jier letter, yn 1986, ferskynde in foech brieveroman fan Wijnstra, Tante Ka en oare ferhalen. Om't de iene haadpersoan nei België ferhuze is, skriuwe twa kammeraatskes elkoar - yn it Hollânsk, want sa is de praktyk no ienkear - oer allerhanne saken en wurde dingen dy't se tegearre belibbe ha, wer opikkere. Dy brieven tsjinje as in foech kapstok foar de achterbleaune Tineke. Sadwaande beslacht de feitlike fertelde tiid mar ien dei, de dei dat sy wer in brief fan Leny kriget. Begjin en ein fan it ferhaal lykje op inoar: beide kearen moat mem de radio earst útdraaie om harsels fersteanber te meitsjen foar har dochter. De earste kear is dat om har te fertellen dat der in brief foar har is, de twadde kear moat se komme om te iten. Tusken dy beide mominten leit in wrald fan (oantinkens oan) freonskip en wille. Wille byg. mei de Amsterdamske oppas-titel-tante. Aventoeren mei neillak, blikjesmots en prúk. Dat tante Ka deselde soarte humor en fantasije hat as de bern, docht bliken as se mei de trein nei Ljouwert geane: se spilet it fantasyspul fan de bern yn de trein en yn restaurant ‘Onder de Parasol’ prachtich mei. Elke Ljouwerter en dy't dêr geregeld komt, wit mei dy lêste namme fansels daliks hokker restaurant dêr bedoeld is. En sa soarget it doaske dêr't Leny har brieven en foto's út dy tiid in plakje yn fûn hawwe, foar prachtige oantinkens, dy't Tineke hinne helpe oer har ûnwennigens.
It boek lit sjen, dat ek by ferhalen foar bern hiel goed mei in wat yngewikkelder opbou wurke wurde kin as it rjochtút en gronologysk fertellen fan in ferhaal. De brievekapstok is de oanlieding foar flashbacks dy't op in natuerlike wize yn it ferhaal befrissele binne. Dat bern dêr gjin muoite mei hawwe docht wol bliken út de reaksjes fan bern dy't ik fierderop neam.
It ferhaal sels is wat luchtiger fan tematyk en toan as it foargeande. Hjir soe men it sintrale tema de freonskip en de wille fan twa freondinnen neame kinne. Fantasije is in eigenskip dy't yn wurd en die nei foaren komt, mar betize yn de botsing tusken realiteit en fantasije lykas Henky út Kninekeutels yn
| |
| |
it oerwâld dat wie, binne de beide dames sûnder mis net. Sy rêde har oeral wol út.
It boek waard brûkt foar it meitsjen fan in t.v.-programma dat sjen lit hoe't in boek ta stân komt. Fan it begjin ôf, as de skriuwer syn earste idee krijt oant en mei it stuit dat it boek yn 'e winkel leit, passeare alle fazen de revu. Dêrtroch faaks waard de doelgroep wat better berikt as ornaris. Feit is yn alle gefallen, dat de Fryske Bernekrante dêr op ynheakke en yn it nûmer fan april 1988 in tal reaksjes fan bern op it boek publisearre; soks wurdt immen dy't berneliteratuer bestudearret net faak taskikt. No kin men yn it ginneraal mei spontane reaksjes fan bern faak ek net it measte, om't dy gauris hingjen bliuwe yn it neifertellen fan it ferhaal en yn kwalifikaasjes as ‘moai’ en ‘spannend’. Diskear sitte der in pear opmerkings tusken dêr't men wat mear mei kin, lykas dy fan Olaf Bijlsma dy't seit dat it ‘in moai boek (is) mei komyske [kursivearring fan my, JW] ferhalen’. Noch fierder giet Rutger van Goar den Oosterlingh:
Ik fyn it ek aardich dat der brieven yn ôfprinte binne en dat it einliks in ferhaal yn in ferhaal is. It spilet him ôf yn 'e keamer en nei it lêzen fan 'e brieven tinkt se wer nei oer wat der doe bard is.
En dan neamt er, lykas Olaf, as moaiste ferhaal dat oer beppe har keunstgebyt. Benammen lêzer Rutger lit sjen dat er each hat foar de struktuer fan it ferhaal, en bestriidt dêrmei yndirekt dy folwoeksenen, dy't fine dat bern in wat yngewikkelder struktuer fan in ferhaal net oankinne.
Ek dit boek waard fan de provinsjale kranten allinne troch it Friesch Dagblad (1-11-1986) besprutsen, wylst it krektsa yn De Pompeblêden (7-3-1987) omtinken krige. Yn oare blêden, ek de literêre, kaam it boek net oan bod, lykas dat mei Kninekeutels yn it oerwâld krektsa it gefal wie.
| |
Jongerein
Dochs hie Wijnstra mei dy beide boeken blykber wol syn reputaasje as auteur fêstige. Boppedat hie er ûnderwilens yn Hjirre!, in spesjaalnûmer fan Hjir mei jongereinliteratuer, in tige poëtysk ferhaal, ‘De rop fan it wetter’, skreaun, in ferhaal oer in jongfaam dy't seemearmin wurdt. Faaks dat dat ferhaal de oanlieding foar de provinsjale Opdrachtepotkommisje wie om him in opdracht te jaan foar it skriuwen fan in jongereinboek. It risseltaat wie Nul-nul (1988). Fan it poëtyske út it earderneamde koarte ferhaal is yn dit boek net folle te bespeuren. Hjir in realistysk ferhaal oer it mekoar treffen fan twa miljeus en oer fuotbalfandalisme. It boek foel justjes minder goed by de kritisy. Utsoarte is in jongereinboek in hiel oar sjenre as in ferhaal foar jongere bern en ferget it dêrom allinne al in oare oanpak. Toan en taal binne dêrby
| |
| |
fan grut belang. No skeelt dat yn Nul-nul net alles en passe dy beide wol aardich by de fermiddens dêr't de haadpersoanen Kees en Jenny yn ferkeare. Dochs komt de tsjinstelling dêrtusken net alhiel út 'e ferve en giet it net echt om in botsing, in konflikt, lykas men ferwachtsje soe. Allinne yn it lêstoan liket it dêr eventsjes op. It boek mist fierder de humor fan de foarige beide boeken, wylst de útwurking fan de karakters net sterk is. Fuotballeafhawwers foelen de skriuwer oan oer de titel en it dêrmei gearhingjende feit: in bekerwedstryd kin no ienkear net útrinne op de einstân ‘nul-nul’. Alles mei elkoar is it in hiel oar boek as wat Wijnstra fierder skreaun hat en is de kwaliteit dúdlik minder. De auteur joech dat yn ynterviews by gelegenheid fan de Simke Kloostermanpriis sels ek wol ta (û.o. yn it FD fan 14-11-1992): skriuwe foar jongere leeftydsgroepen leit him better.
Dochs wie (èn is) de tematyk fan dit boek wol aktueel. It boek giet oer - de titel wiist al wat yn dy rjochting - fuotbaljen, en dan benammen de hiele kultuer dêromhinne, ynklusyf it fandalisme. Twa wrâlden wurde yn it boek tekene, de wrâld fan Kees, de hegere middenstan dy't him fermakket op it tennisfjild en mei hockeystick en sylplanke (of surfplanke, sa't de skriuwer yn de taal fan de jongerein seit). Dêrfoaroer stiet dy fan Jenny, famke út in arbeidersbuert, sûnder al te folle kânsen, dêr't fuotbal, net aktyf mar passyf, dè sport is. Krekt mei dy sporten wurdt in karakterisearring fan beide fermiddens jûn. Dy twa figueren moetsje elkoar en Kees is sa ûnder de tsjoen fan Jenny dat er op in snein meigiet nei de bekerwedstriid tusken Cambuur en Feyenoord. De wedstriid rint út op de einstân nul-nul, mar dy heart Kees yn in sel fan it Ljouwerter plysjeburo. As deeglik eagjende jonge tsjinne hy as bewarplak fan de messen en oare wapens fan de maten. Hy rekket behelle by in fjochtpartij en brûkt dan ien fan de wapens. Dat it fuotbalfandalisme ek yn hegere fermiddens foarkomt, lykas de auteur neffens in ynterview yn Boekenijs (hjerst 1988) hawwe woe, makket er yn de tekening fan Kees lykwols net echt dúdlik. Eins rekket Kees allinne by fersin by de fjochtpartij belutsen. Hoewol't hy as haadskuldige beskôge wurdt, komt hy nei foarspraak fan syn heit frij, wylst Bowe, de âldere broer fan Jenny, dy't him helpe woe, sitten bliuwe moat. Mar ja, hy hie fansels al faker mei de plysje te krijen hân. Bowe syn maten ferwite Kees dan ek, dat er net solidêr mei har is. Foar Kees soe it probleem wêze moatte it hinne en wer lutsen wurden tusken Jenny en har fermidden en syn eigen, dêr't Dora as tsjinspylder fan Jenny fungearret. Dat aspekt wurdt net goedernôch útwurke.
De skriuwer hat it ferhaal sa opboud dat de saken om bar besjoen wurde troch de ea- | |
| |
gen fan Kees en troch dy fan Jenny, al oerhearsket it perspektyf fan Kees. Benammen yn it lêstoan komt Jenny amper mear oan bod, wylst it no krekt nijsgjirrich wêze soe om te sjen, hoe't sy út har fermidden wei op Kees reagearret. De tekening fan dit folksfamke is oars wol libben; sy komt dan ek, fral yn it begjin, better út 'e ferve as Kees en syn fermidden. In swak stee is de lange beskriuwing yn haadstik II-1 dy't hast trije siden yn beslach nimt en de lizzing fan it âlde stedsje oan de Iselmar (Starum?) beskriuwt. De ynformaasje dy't dêr jûn wurdt, hat mei it ferhaal as sadanich neat te krijen en hellet de gong der frijwat út. Krekt om't de dialogen oars aardich flitsend binne, falt soks namste mear op.
De fertelde tiid beslacht goed fjirtjin dagen. Dêrby krije de earste snein, tagelyk de earste moeting tusken Kees en Jenny, en de lêste, de snein fan de fuotbalwedstriid mei alles dêromhinne, it measte omtinken. De moandeis nei dy lêste snein fungearret as in foech epilooch, as Kees dúdlik makke wurdt, hoe maklik hy it eins hat yn ferliking mei Jenny, har broer en har freonen. Dochs hat it der alles fan, dat er úteinlik foar Jenny kiest.
Ek hjir fungearret Ljouwert wer as it plak dêr't de haadpersoanen mei de problemen yn oanrekking komme. Yn Kninekeutels yn it oerwâld seach Henky dêr de buorman yn kompromittearjende omstannichheden, yn Tante Ka en oare ferhalen komme de ferhaalfigueren, al is it dêr yn in wat boartliker setting, yn konflikt mei in ober, wylst yn dit boek de problemen yn it Ljouwerter fuotbalstadion har kulminaasjepunt fine en ôfrûne wurde op it Ljouwerter plysjeburo. De grutte(re) stêd as setel fan it kwea?
Mei dit tredde boek liket der mear belangstelling foar it wurk fan Wijnstra te kommen, lykas bliken dwaan mei út it tal besprekken fan dit boek. Neist it Friesch Dagblad (11-6-1988) kamen no ek de Leeuwarder Courant (15-7-1988), Frysk en Frij (14-10-1989), Bergumer Courant (16-9-1988) en Nieuwsblad voor Noord-Oost-Friesland (23-9-1988) mei in resinsje. By dy lêste beide kranten gie it om in selde besprek fan Jan Jongsma, dy't wiist op de moderne problematyk en de taal fan de hjoeddeiske jongerein yn it boek. Hy neamt it boek in oanwinst foar de Fryske jongereinliteratuer. Wieke Goeman-van Randen yn de LC is wat kritysker, al is ek sy wol te sprekken oer it ferhaal. Sy seit û.o.:
De skildering fan Kees syn eigen thús bliuwt wat hingjen yn it stereotyp. [...] It boek is goed en byldzjend skreaun, mar de lêzer bliuwt dochs wat oan de kant stean. Mooglik komt dat, trochdat Kees sels mei syn ûnsekerheid net hielendal skerp foar it ljocht komt. Syn emoasjes bliuwe wat flak. [...] Eins passe de stikjes dy't de skriuwer sjen lit fan Jenny har wrâld folle better yn mekoar. Sa't
| |
| |
se by Kees is, sa't se thús is en op skoalle, it lit hieltyd wer in nij stikje Jenny sjen en dochs slút it yn mekoar.
Sels wiisde ik yn it FD op it âlde tema fan twa jonge minsken út ûnderskate sosjale klassen dy't op mekoar fereale reitsje. Oer it slot:
Lykwols, in ‘happy’ ein yn de betsjutting fan de triviaalboeken sit der net yn. De lêzer wit, dat dy beide noch in lange wei mei gâns problemen te gean krije, safolle hat de auteur op dat stuit wol dúdlik makke.
Bouke Oldenhof neamt yn Frysk en Frij it boek fierhinne triviaal foar middle class jongerein, fynt dat it gjin ynsjoch jout yn it ferskynsel fuotbalfandalisme en komt mei in tal flaters oer it fuotbaljen as sadanich. No giet it mei dit ferhaal fansels net om in dokumintêre oer dat fandalisme, mar feiten, ek yn fiksje, moatte fansels al strike.
| |
Aksjeboek
Syn lêste boek oant no ta, dat tagelyk in hichtepunt yn syn oeuvre foarmet, ûntstie krekt as it foarige boek nei in opdracht. Diskear kaam dy opdracht fan de Stichting It Fryske Boek. De lêste jierren ferskine by gelegenheid fan de Berneboekewike yn oktober geregeldwei ‘aksjeboeken’ dêr't de Stichting skriuwers foar ynskeakelet dy't har spoaren op it mêd fan de berneliteratuer fertsjinne hawwe. Yn it earstoan ferskynden dêrtroch trije jier achterelkoar de ferhalen oer Frou Hilarides fan de auteurs Van der Veer en Wytsma. Dy boeken wiene keppele oan in teaterprogramma. By Wijnstra syn boek wie dat krektsa it gefal: Tsjitske de Boer skreau it teaterprogramma It Ferhaal, dat troch Jaap Oosterwyk, de man dy't ek by de oare programma's belutsen wie, en Leny Dykstra yn in dekor fan Babs Wijnstra útfierd waard. Babs, dochter fan de auteur, makke al earder, mei de yllustraasjes foar Tante Ka en oare ferhalen, har debút as boekfersierder. Diskear ûntstie, op it tema fan de Berneboekewike, ‘Wenje yn boeken’, yn nauwe gearwurking tusken auteur en yllustratrise it boek It hûs fol ferhalen (1991). It is opset as ferhalen yn in ferhaal, in ramtferhaal dus, dat eins in dûbeld ramt sjen lit. Alderearst is dat it ramt fan de jonge dy't mei in skriuwer yn kontakt komt en as twadde ramt fungearret binnen it earste it hûs fan de skriuwer mei syn ûnderskate romten.
Dat lêste gegeven paste de Hollânsktalige skriuwster Joke van Leeuwen yndertiid ta yn har Een huis met zeven kamers (1979) dat yn 1992 syn 6de printinge belibbe. Yn har ferhaal hat in omke in hûs mei ferhalekeamers en nei in koarte dialooch oer dy keamers tusken omke en omkesizzer folget dan in ferhaal of fers. Wat dat boek, krekt as oare boeken fan de auteur, sa oantreklik makket, is de boartlike fantasije, sawol yn 'e tekst as yn 'e yllu- | |
| |
straasjes, beide fan har hân. Dy fantasije sit krektsa yn it boek fan de beide Wijnstra's. Want dêr hat Mindert Wijnstra - mei rjocht en reden! - hieltyd tige de klam op lein: it is in boek net allinne fan him, mar fan skriuwer èn yllustratrise. Utsoarte is de Simke Kloostermanpriis, dy't it boek krige, in priis foar teksten, foar in literêr bouwurk, mar yn dit gefal kin de tekst net sûnder de yllustraasjes. En oarsom likegoed; beide fasetten spylje dúdlik op mekoar yn. Benammen by literatuer foar jongere lêzers tusken 8 en 12 jier, de doelgroep fan it boek, spilet dat uterlik in wêzentlike rol. De beide makkers fan it boek hiene dêrneist noch it gelok, dat der faklju oer de útfiering gear west hawwe. Der is soarch bestege oan de technyske útfiering fan it gehiel, wylst it oarssoartige model en de opfallende lay-out derfoar soargje dat it boek der útspringt. It moat benammen de yllustratrise goed dien hawwe te sjen hoe't de boekfersoargers har bêst dien hawwe der in moai boek fan te meitsjen.
It ferhaal sels kin men net allinne in fernijing yn it oeuvre fan de skriuwer neame, mar likegoed in fernijing binnen it gehiel fan de Fryske berneliteratuer. Wie Wijnstra syn earder wurk mear op de realiteit inte, al seagen wy yn Kninekeutels yn it oerwâld en Tante Ka en oare ferhalen al fantastyske eleminten, dit boek soe men hast in lofsang op de fantasije neame kinne. It hat yn syn gehiel wat sprankeljends oer him, dêr't de hieltyd wer opljochtsjende humor tige oan meiwurket.
Taalgrapkes en wurdboarterijen foarmje in ûnderdiel fan dy humor, mar ek it tekenjen fan sitewaasjes. Stel jo allinne mar de bus foar, ûnderweis nei ‘Earnehinne (fia Futsjefinne)’, mei syn wûnderaardige en aparte passazjiers. In inkelde kear giet dy humor wolris oer de hollen fan de bern hinne, bygelyks as de skriuwer mei syn gasten by de ‘twadde keamer’ mei syn griene bankjes lânskomt. Echt steurend is soks net, boppedat moat men lêzende bern net ûnderskatte en alhiel net allegear mei elkoar lykstrike. Wat de iene net oankin, snapt in oarenien faaks wol, krekt as dat by lêzende grutte minsken it gefal is. By foarlêzen is sa'n beswier fansels hiel maklik op te heffen. Benammen by de parten dy't ferwize nei oare Fryske literatuer, in alderaardichst gegeven yn dit ferhaal, kin soks hiel maklik al foarlêzende en pratendewei oplost wurde. Dat ferwizen, in item dat wy ek yn folwoekseneliteratuer gauris tsjinkomme, is yn dit boek dêrom sa aardich, om't de auteur ferwiist nei de eigen, Fryske literatuer. Dêr meie wy, grutten èn bern, bêst grutsk op wêze, liket it boek te sizzen. Gysbert Japiks en Diet Huber krije stal yn it wurk fan de yllustratrise. Sa hat se in stânbyld oprjochte foar Japik Gysberts, dy't twa ûnderskriften meikrige hat, in Hollânskenien en in Frysken. Dat lêste is sa:
| |
| |
Hy fertsjinne mei de kroantsjepinne syn brea mar hy is no al wer in skoft kroandea....
De fernijer fan de Fryske bernepoëzij krige it mear libbene stânbyld fan in beam tabedield, de ‘Diet Huberis’ of ‘Teltsjebeam’.
Grutsk wêze op eigen literatuer, in boadskip soe men it hast neame kinne, mar dan wol in boadskip dat allinne tusken de rigels troch heard wurde kin. Nearne hat it ferhaal moralistyske trekjes krige; it nimt de jonge lezer folslein serieus.
By de komposysje falt de moaie sirkelgong fan it ferhaal op. It is opboud, lykas wy al seagen, as in ramtferhaal mei in dûbeld ramt. Alderearst dan it ramt fan de relaasje fan Joast mei de skriuwer en oare personaazjes. It ferhaal begjint mei de tsjinstelling tusken boekeminsken en t.v.-minsken, fertsjintwurdige troch Joast en syn âlden. Dy âlden wurde karikaturaal delset yn har fiksearre wêzen op it blauwe skerm. Fermaaklik binne har amper artikulearre uteringen en de ynterpretaasjes dy't Joast oan dy healferstiene uteringen jout. Oan 'e ein wurde dy folwoeksen ‘tillefydioaten’, krekt as yn it begjin, te kak set en wurdt dat aspekt dêrmei ôfsluten. De oare personaazjes dy't Joast ûnderweis nei de skriuwer moetet, binne sa mooglik noch gruttere Typstra's. Ek sy krije in plakje, yn it slotferhaal fan de skriuwer, ‘Joast en de draak’. Joast is dêryn de haadpersoan sa't er him dat earder dreamd hie, kompleet mei draak en dreamprinsesse Sjutsje, dy't eins Amalia Hildegonde hyt. It is oant en mei syn titel de tsjinhinger fan it ferhaal dat de oanlieding fan alles wie: ‘De wraak fan de draak’. Dêrmei wurdt de sirkel fan it ferhaal op in knappe manier rûn makke, dy't by it earder neamde ferhaal fan Van Leeuwen no krekt mist. Dêr bliuwe de aparte ferhalen folle mear op harsels stean en is allinne it ramt fan it hûs it binende elemint. Yn Wijnstra syn boek biedt it hûs, lykas út de titel op te meitsjen falt, mei syn ûnderskate doarren tagong ta in ferskaat oan romten mei in like grut ferskaat oan literêre sjenres. De keamer mei de mearkes leveret in fertellend fers op oer prinsesse Annabella Salmonella. Wy sjogge hjiryn in omkearing fan it wenstige mearkepatroan: de prinsesse trout mei de jiskeman, mar dy wurdt net kening of by need prins. Nee, de prinsesse daalt ôf nei it nivo fan de mindere, of stiet dêr
eins fan jongs ôf al, lykas yn har gedrach besletten leit. In echte prinsesse sa't wy dy út mearkes kenne, wie sy fuort al net. Nei dy keamer folget de twadde keamer mei syn griene bankjes - troch de aktualiteit fan it nije parlemintsgebou ûnderwilens ynhelle - wylst de muzykkeamer it ferhaal oer it feintsje fan Menaam opleveret. Ek hjir âlde mearkemotiven dy't omkeard wurde. Sa is der in boer mei trije soannen, ien dom, de twadde lui en de jongste in bangeskiter. Der is in ponge mei
| |
| |
jild en de opdracht fan de heit, in frou te sykjen. De beide âldsten litte har ferrifelje troch Nel Del. Har namme makket wol dúdlik, hokker berop sy útoefenet, dat yn har portret nochris ûnderstreke wurdt. Mar ek de jongste komt net mei in frou foar it ljocht; hy, de bangeskiter, is it wiere feintsje fan Menaam: hy wiuwt tsjin elk jongfaam, mar hat net de moed har oan te sprekken. De opdracht wurdt dus - oars as yn it wenstige mearke - troch gjinien fan trijen folbrocht. Dochs libje se fuortoan tefreden op de pleats ‘Sin en Wille’ yn Menaam. In alderkostlikst ferhaal, dat troch it boartsjen mei de tekst fan it ferneamde ferske en mei it omkearen en útdjipjen fan wenstige mearkemotiven humoristysk wurket.
Achter de folgjende doar sit it húske en dat leveret in ‘skytfers’ op, wylst it dowehok foar in fabel oer de hûn en de flie soarget. De kelder, as lêste, leveret, hoe kin it oars, it ferhaal oer de draak op; it sissende lûd dat se dêr hearre, is ‘mar’ fan de sintrale ferwaarming.
Sa hat yn dit ferhaal alles mei elkoar te krijen en soargje hûs en Joast foar in stevich ramt dat de saken mei elkoar ferbynt. It is goed útwurke, sûnder dat it bonkerak steurend te sjen of te fielen is. Faaks dat Joast syn ramt as ynlieding wat oan 'e lange kant is. Dochs kin dat hast net oars, om't dêryn de meispylders yntrodusearre wurde.
De taal dêr't dat ramt mei syn ynhouten stal yn krige hat, is eigentiids èn ryk. Hjoeddedei wurde dy beide begripen soms as in tsjinstelling oanfield. Yn It hûs fol ferhalen sjogge wy dat sa'n tsjinstelling perfoarst net nedich is. It boek soarget foar útwreiding fan de wurdskat, jawis, mar men kin der ek - hiel gewoan - fan genietsje. It ferdraacht it goed faker as ien kear lêzen te wurden; hieltyd ûntdekt men nije aspekten dy't it ferhaal in mearwearde jouwe. Benammen it fantastyske elemint is in fernijing yn it Fryske berneproaza fan de lêste jierren. Noch altyd sloegen de realistyske ferhalen dêr foar master op, hoewol't dat sjenre yn de Hollânske en ynternasjonale berneliteratuer al wer in skoft ‘út’ wie. By dy literatuer hat him in weachbeweging foardien, fan de probleemboeken út de santiger jierren dy't de deistige werklikheid yn útfergrutte foarm delsetten, nei de fantasyferhalen. Hjoeddedei sjogge wy dêr in ferminging fan realiteit en fantasije. Bûtenlânske skriuwers as Margaret Mahy wurde dêrby sels wol New-Age-trekken yn 'e skuon skood. Fan de epigoanen fan ditsoarte skriuwers kin men dat yn alle gefallen wol sizze. Yn Fryslân rinne wy sa't it liket wer wat achteroan, al hoege wy net nei dy New-Age-achtige ferhalen út te sjen.
Yn alle gefallen is mei Wijnstra syn It hûs fol ferhalen syn eigen ûntjouwing fan realisme nei (mear) fantasije ta in hichtepunt kommen. Dat it boek goed ûntfongen is, die hjir- | |
| |
boppe al bliken út de takenning fan de Simke Kloostermanpriis. Yn de provinsjale deiblêden krige it omtinken (FD 14-9-1991; LC 1-10-1991), krekt lykas yn guon streekblêden as it Sneker Nieuwsblad (12-9-1991). In gefolch fan 'e priis wie, dat de deiblêden der ek noch in ynterview oan weagen. Yn Boekenijs (septimber 1991), it blêd fan It Fryske Boek, kaam it boek, útsoarte, oan bod.
Nasjonaal en ynternasjonaal kaam it boek krektsa yn 'e picture. Sa sil it boek troch de Nederlânske seksje fan IBBY, de ‘International Board on Books for Young People’ pleatst wurde op de Honourlist fan dy organisaasje, in ûnderskieding dy't útrikt wurdt op it kongres fan de organisaasje it oare jier yn Sevilla. Boppedat waard it troch in Nederlânske kommisje foardroegen foar de Premeo Europeo fan de universiteit yn it Italiaanske Padua, mar der helle it de einstreek krekt net.
Nettsjinsteande dat lêste kin men stelle, dat de Fryske berneliteratuer nasjonaal en ynternasjonaal sa stadichoan in gesicht krijt. De auteur Mindert Wijnstra hat dêr mei syn wurk in bydrage oan levere. Spitich dat dat wurk yn de Fryske literêre blêden oant no ta net mear omtinken krige hat. Mei dit artikel haw ik besocht wat oan dat manko te dwaan. Syn wurk fertsjinnet it.
14 juny 1993
|
|