| |
| |
| |
Eeltsje Hettinga
Poëzij as brea, of it tinken út mear as ien oarsprong wei
Tweintich jier ferlyn, op 17 oktober 1973, tweintich jier nei it útkommen fan har earste dichtbondel Die gestundete Zeit, ferstoar yn in sikehûs yn Rome de Eastenrykse skriuwster Ingeborg Bachmann oan de gefolgen fan 'e wûnen, dy't se oprûn by in brân yn har Romeinske wente, ûntstien, nei't sein wurdt, troch smoken op bêd, wat har dea, dêr't jierren fan swiere depresjes oan foarôf gien wiene, in absurd en tragysk karakter jout.
De net fan skuld frijskattende tiid
wurdt sichtber oan 'e hoarizon.
Ringen moatst dy de skuon fêstknoopje
en de hûnen weromjeie nei de himpleatsen.
Want de yngewanten fan 'e fisken
binne ferklomme yn 'e wyn.
Suterich brânt it ljocht fan 'e lupinen.
It each spoart yn 'e mist:
de net fan skuld frijskattende tiid
wurdt sichtber oan 'e hoarizon.
knoopje dy de skuon fêst.
Smyt de fisken yn 'e see.
Dizze rigels fan Bachmann kinne sjoen wurde as in ôfrekken mei it sjenre fan de (faak dizenige, mystike en meast net om grutte wurden ferlegen sittende) natuerlyryk, dat yn it Dútslân fan nei 1945 net allinne fertocht, mar ek besmet wie. De skriuwers, oansletten by de Gruppe 47, beretten har yn dy dagen op de betsjutting fan 'e literatuer en de wearde en funksje fan de troch it faksisme ferleagene en ferhuorke Dútske taal. Men frege him ôf, oft it langer mooglik wie en ferwurkje it ûnminsklike geweld fan 'e oarloch yn deselde taal, dêr't yn moarde en dien wie, sûnder ûnbetrouber te wurden, of sa't George Steinerit letter yn syn essay ‘It wûnder sûnder ynhâld’ stelde: ‘Hoe kin it wurd spritzen oait wer syn normale betsjutting weromkrije, neidat it foar miljoenen it spatten fan joadsk bloed op messen betsjut hat?’
Bachmann, beynfloede troch de ideeën fan de Gruppe 47, wist hoe suterich it ljocht fan 'e Dútske taal baarnde. De toan yn it hjirboppe oanhelle gedicht is dy fan de ôfrekken, fan it (eksistinsjalistyske) besef, dat men net langer burgen is en dat men soms, nettsjinsteande de dregere dagen, dy't der oan stean te kommen, datjinge wat men hat, en dus ek de taal, opjaan moat. ‘Dôvje de lupinen!’
| |
| |
| |
‘Der wurdt midden yn 'e frede moarde’
Ingeborg Bachmann waard yn 1926 berne yn it Eastenrykse Klagenfurt. Se studearre psychology, germanistyk en filosofy yn Graz en Wenen, dêr't se yn 1950 promovearre op it wurk fan Wittgenstein en Heidegger. Nei har earste publikaasjes wurke se in jier as wat as redakteur/sjoernaliste by de radio. Yn 1953 kaam de bondel Die gestundete Zeit út. It boek waard bekroand mei de groepspriis fan de Gruppe 47. It debút besoarge har op slach in foaroansteand plak yn 'e Dútske literatuer. Yn datselde jier sette se har nei wenjen yn Itaalje, ûndernaam fan dêr út ferskillende reizen nei Amearika, Poalen en Afrika en hold der yn dy tiid in nochal problematyske leafdesferhâlding mei de skriuwer Max Frisch op nei.
Yn 1956 folge har twadde en lêste bondel Anrufung des grossen Bären. Dêrnei joech se it skriuwen fan gedichten der oan, omdat ‘de needsaak om poëzij te skriuwen ûntbriek’. Wol publisearre se noch proaza, ûnder oaren de prachtige ferhalebondel Das dreissigste Jahr en de trilogy Todesarten, dy't se, pleage troch hieltyd langer oanhâldende depresjes, úteinlik net mear foltôgje soe. Oan 'e iene kant is de taal yn it wurk fan Bachmann it grutte tema, oan 'e oare kant is der de oarloch, ek dy yn it deistige libben. Beide ûnderwerpen steane by har lykwols net los fan inoar. ‘It is in fersin om te tinken dat der inkeld yn in oarloch moarde wurdt, of yn in konsintraasjekamp - der wurdt moarde midden yn de frede’, seit se yn in fraachpetear, dat letter mei oare ynterviews sammele waard yn it peteareboek mei de sprekkende titel: Wir müssen Sätze finden.
| |
‘Kein Sterbenswort’
De strekking yn de bondel Die Gestundete Zeit is it besef, dat men yn tinken en fielen beheltere is fan de wrâld en jinsels, wylst men tagelyk besykje wol om jin los te meitsjen, om der út te brekken en op te stappen, hoe ûnmooglik de stap ek liket. ‘It bêste is, der moarns/ yn it lemieren, by te wêzen,/ tsjin de net te ferwrikken himel te stean,/ de net begeanbere wetters gjin acht te slaan/ en it skip oer de weagen te tillen,/ de kant fan de altyd weromkearende sinne út’. (Ut: ‘Ofreis’). In soad tiid is der neffens de dichteresse lykwols net. De tiid, dy't men inkeld yn brûklien hat, ‘wurdt sichtber oan 'e hoarizon’. De oeren binne teld. Allegeduerigen driget de ferneatiging, de ûndergong. Bachmanns poëzij is in ûndernimming fan utersten. Der is de ôfwizing en de omearming, de fergonklikens fan tinken en de ûnstjerlikheid fan byld. Der is in mooglikheid de eangst rjocht yn it gesicht te sjen en in mooglikheid om te flechtsjen, al is der binnen dy spanning altiten it besef, dat men ienris ynhelle wurdt fan ‘de net fan skuld frijskattende tiid’. Want de
| |
| |
mins is skuldich. Fierders freget se har mear as ien kear ôf yn hoefier't leafde en skientme waan en yllúzje binne, sa't se ek hieltyd wer fragen stelt oer de taal, de Dútske taal. As it wurd gjin dea wurd (‘Kein Sterbenswort’) wêze wol, moat der in nije taal makke en sprutsen wurde. De wurden meie neat bemantelje of ferbergje. It is dizze tematyk fan de ferhâlding tusken taal en werklikheid, dêr't Bachmann yn har twadde bondel Anrufung des grossen Bären op fierder giet.
| |
‘Tink net út ien oarsprong wei’
Bachmanns lyryske poëzij is soms wif as de wyn, hjir en dêr ek behoarlik tsjuster en yngewikkeld, mar altyd oerweldigjend yn syn rykdom oan bylden. Tradisjonele en klassike fersfoarmen wikselje har ôf mei frije, sterk ritmyske en sprektaalachtige gedichten, dy't bytiden in wat ekspresjonistyske ynslach hawwe, mar soms ek de surrealistyske kant útskaaie. Soks is net frjemd foar immen, dy't oait sei: ‘Tink net út ien oarsprong wei, dat is gefaarlik - tink út in soad oarsprongen wei’. Want wat is der ommers benearjender as de benypte hâlding fan dejinge, dy't sa gnyskjendewei seit: ‘Moraal is moraal, saken binne saken, oarloch is oarloch en keunst is keunst’. At wy sa meiinoar prate wolle, ferklearje wy ússels fallyt, en dêrmei ek de literatuer, al wie it mar omdat mei dy hâlding de literatuer him foar de maatskiplike werklikheid weiwynt, stelt Bachmann yn it kolleezje ‘Fragen und Scheinfragen’, dat se hold yn it ramt fan har ‘Frankfurter Vorlesungen’. Dêryn besiket se in antwurd te finen op de fraach wat literatuer winliken is. Dêrby giet se net út fan literêr-estetyske begripen, gjin stilistyske of oare formele kriteria. Nee, foar har is de literatuer in foarm fan tinken. ‘De werklik grutte prestaasjes yn dizze lêste fyftich jier, dy't in nije literatuer oan 't ljocht brocht hawwe, binne net ûntstien, omdat men mei allerhande stylfoarmen eksperimintearje woe, omdat men him dan werris sa en dan werris sa útdrukke woe, of omdat men modern wêze woe, mar binne ûntstien, omdat in nij ynsjoch eksplosyf de oanset joech ta in nij tinken. [...] It is dit tinken, dat mei taal en troch taal trochstjitte wol nei wat wy ynearsten neame sille: realiteit’.
| |
Idee en byld
Wy kinne ús tinken neffens Bachmann net oan in oar oerlitte, wy sille it sels dwaan moatte. It iennige wat wy fan dy oare leare kinne, is ‘dat wy sels de gefaarlike stap sette moatte sille’. Fan datselde tinken seit hja dat it tiidbûn is, wêrom't de gedachte ek wer fan tiid ferneatige wurdt. ‘Mar krekt omdat it de proai fan tiid wurdt, moat ús tinken nij wêze, as it echt wêze wol en as it wat úthelje wol’. It iennige wat Bachmann as net fergonklik sjocht, is it byld. ‘Tiidleas binne inkeld
| |
| |
de bylden’. Dat jout tagelyk it spanningsfjild oan, dêr't har poëzij him yn beweecht. De bylden, dy't tiidleas binne en dy't langer meigean as de flechtigens fan ús gedachten, ûntlient Bachmann meast oan it natuerlike lânskip. It is de kracht en oarspronklikens fan har bylden, dy't har gedichten ta in skitterjende foarm fan natuerlyryk meitsje. Wetter, ljocht, fjoer en ierde yn kombinaasje mei bisten, beammen, bergen en greiden binne hieltyd weromkearende eleminten yn har wurk. Der wie, krekt yn dy tiid nei de oarloch, doe't de natuerlyryk yn Dútslân in mear as fertocht sjenre wie, moed foar nedich om natuergedichten te skriuwen.
Bachmann doarst dat oan, omdat foar har neat fanselssprekkend wie. Nee, se stelde yn in bewust besykjen ta feroaring fragen, net allinne oan 'e literatuer, mar ek oan harsels, op sa'n wize, dat se wer konsekwinsjes hawwe soene. Poëzij wie foar har gjin keunst om 'e keunst, in ding foar de sjeu of foar de sjo, nee, poëzij wie nedich as brea. ‘Poëzij as brea? Dit brea soe ús tusken de tosken knerskje moatte en de honger oproppe, eardat it dy stillet. En dizze poëzij sil skerp fan witten en bitter fan ferlangen wêze moatte om de mins út syn sliep ferbalje te kinnen. Wy sliepe ommers, binne sliepers, út eangst om ússels en de wrâld ûnder eagen sjen te moatten’, seit Bachmann, dêrby miskien wol it sizzen fan Goya yndachtich, dat de sliep fan 'e rede inkeld mar mûnsters fuortbringt.
| |
‘In te betide pine’
Nei de hjir oanstipte tema's, motiven en problematyk yn it dichtwurk fan Ingeborg Bachmann mei it jin net ferwûnderje dat de bondel Die gestundete Zeit foar in part de delslach is fan har traumatyske ûnderfiningen mei it alles ferneatigjende geweld fan it faksisme, sa't se dat yn har jeugd yn Klagenfurt sjoen en meimakke hat. ‘Der hat in bepaald momint west dat myn bernejierren ferwoastge hat. It delmarsjearjen fan Hitler syn troepen yn Klagenfurt. It wie sawat ferskrikliks, dat mei dy dei myn oantinken begjint: troch in te betide pine lykas ik dy letter faaks noait wer sa slim kennen haw’.
‘Wo Deutschlands Erde den Himmel schwärzt,
sucht die Wolke nach Worten
und füllt den Krater mit Schweigen,
eh sie der Sommer im schütteren Regen
It binne rigels, dy't mei al it rasistyske geweld, dat op dit stuit troch Dútslân raast, in beëangstigjend wiere sizzingskrêft ynhawwe. By alles wat op papier mei wurden beweard is en noch wurde sil, ropt Bachmann yn it gedicht ‘Hout en spuonnen’:
‘Seht zu, daß ihr wachbleibt!’.
| |
| |
| |
Brûkte literatuer
* | Ingeborg Bachmann (1983): Die gestundete Zeit
München / Zürich: Piper. |
* | Ingeborg Bachmann (1983): Anrufung des grossen Bären
München / Zürich: Piper. |
* | Ingeborg Bachmann (1988): Tijd in onderpand
(Gedichten oerset troch Paul Beers, tegearre mei Isolde Quadflieg)
Amsterdam: Amber. |
* | Ingeborg Bachmann (1990): Frankfurter Colleges I.
Yn: Revisor, nr. 6 1990. |
* | George Steiner (1974): ‘Het wonder zonder inhoud’.
Yn: Verval van het Woord. |
* | Paul Beers (1983): ‘Nerveuze gejaagdheid’.
Yn: Vrij Nederland, 20 oktober 1983. |
|
|