Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 170] [p. 170] Lida Dykstra Mjitte njoggentjin Foardat ik dy koe, bestiest net mear hiest gjin tiid om dreamen wier te meitsjen mei de wikseling fan it stille tsjuster en it drokke ljocht fertroud te reitsjen Wiest al wei wylst ik ûnrêstich wachte yn mysels in eigenmakke wrâld ûntduts Sûnder kâns op ôfskied kaam de ûnferwachte reade rein dy't rôze wolken iepenbruts Yn in doaze sit kabouterguod dat ik ynienen net mear brûke kin Fier weistoppe witte fan de bân dy't wy al hienen skuon mei mjitte njoggentjin Vorige Volgende