Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 166] [p. 166] [Nummer 4] Harmen Wind It lêste ein In grut momint: fjouwer stokâlde famkes fytse sûnder oare helten yn 'e wyn op foar myn finster del. Op harren antlit fjochtet wurgens mei de foarsmaak fan De Gouden Karper. De loft set oan. Noch in healoere faasje hâlde. Deun efter harren rydt attint de lykwein mei de gladioalen. [pagina 167] [p. 167] Help Lit my ûntstean yn wat ik meitsje: skytskjinne strânljippen dy't mei de bek fol ferrie de greide regeare. Fûleindich libben yn útstrutsen swartwyt dat soarget foar oarder en himet nei macht. In ivige gjalp jout gjin lûd en ivich fleane is hingje. Belibje myn wurden, blaas amme yn myn byld en war dy, war dy. [pagina 168] [p. 168] Foarskrift Us boarre Bobo leit de swarte kop op dizze leechte, sjocht my noch in amerijke út 'e hichte oan en jout him kroanend del. Ik wit myn plak en skriuw myn weitsjen dimmen om syn drôgen hinne. [pagina 169] [p. 169] Foarbyld Sa't de einen it diene: koppen op en del as opwynbisten, de jerke fart syn rûntsjes om it wyfke, raamt har, hâldt har mei de snebbe by de nekke ûnder wetter oant se omtrint smoart en komt omheech, skoddet mei de kont, slacht mei de wjukken, kwekkert dat it sta seit, om har as in âlde krante driuwe te litten... Ik hie it al sa faken sjoen. Mar Sipke koe wol mear sizze: boppe, op it grutte bêd, hoden de oerklaaide tekken en it Dútske lekken har alle dagen katoen. Vorige Volgende