| |
| |
| |
Oene Spoelstra
Knibbelje by de Sodommermar
Oer: Harmen Wind, Boppe wetter, Boalsert, Koperative Utjowerij, 1992.
Yn 1992 ferskynde by de Koperative Utjowerij yn Boalsert de seisde dichtbondel fan Harmen Wind, Boppe Wetter. Foar syn debút Ut ein (1985) krige er de Fedde Schurerpriis. In jier letter kaam yn gearwurking mei keunstner Pieter Krijthe de bondel Een spoor van verbeelding út. Foar de bondel dy't hjir besprutsen wurdt, hat Krijthe ek it omslach en in tal yllustraasjes by de gedichten fersoarge. Yn 1989 ferskynden in Frysktalige en in Hollânsktalige bondel: In wjirm mei in izeren rêchbonke en Het gesticht. Yn 1992 waard Het scheermes van Ockham publisearre.
Literatuer moat yn ferbân sjoen wurde mei har kontekst. Dat kin it literêre ferline wêze fan it eigen taalgebiet. Mar krekt likegoed de dwersferbannen dy't te lizzen binne mei hjoeddeistige streamingen yn 'e literatuerwittenskippen en oare besibbe fakgebieten. Wat Harmen Wind syn wurk oangiet: syn lêste bondel soe yn kombinaasje mei syn oare wurk bygelyks yngeand út 'e psychoanalytyske literatuerteory wei besjoen wurde kinne. De bylden fan de heit, it ferlies, de tematyk fan ‘dat wat ferburgen is en nei boppen wol’, it binne útsoarte de tema's foar de krektneamde literatuerteory. Ek de ferbining tusken literatuer en filosofy soe skoan te lizzen wêze. Wind brûkt net om 'e nocht in sitaat fan de kristen-eksistinsjalist Sören Kierkegaard as begjin fan syn bondel. It ûnderskie dat Kierkegaard makket tusken it estetyske, it etyske en it religieuze is yn Wind syn bondel ek goed nei te kommen. De wûndere skientme (it estetyske) dy't fan de dingen útgean kin, bringt de dichter fuort yn it begjin fan de bondel ûnder wurden as er beskriuwt hoe't syn heit bylden makke oan 'e Prikkedyk, yn 'e foarm fan boerepleatsen (s. 12):
Sa't men yn it skema op de folgjende side sjen kin, liket Wind in boumaster dy't in trochtochte struktuer jout oan syn bondel. Yn it skema wurdt it each earst nei boppen
| |
| |
Boppe wetter De minske ûnderskiedt him fan it bist, mei't dat sûnder sprake is. Mar faaks is it bist dêrtroch yn it foardiel, himsels teminsten net, krekt yn it heechste, bedrage te kinnen. Sören Kierkegaard
|
Begjinnensein |
Underskied |
Tekoart |
Hâldfêst |
Twaresom |
|
8 gedichten |
8 gedichten |
8 gedichten |
8 gedichten |
8 gedichten |
ta lutsen, nei de titel, it dak oer alles hinne, de iepen en bleate wierheid ferpakt yn twa wurden: Boppe Wetter.
Dan folget it kredo, it foarsichtich optillen fan de wale, it filosofysk testamint fan de skriuwer: Minske, minske, do ûnderskiedst dy fan de rest fan de natuer troch dyn sprake. Mar as it oankomt op it heechste: de leafde, it ferlies dêrfan, it tekoartsjitten dêryn, dan kinst dysels en de oar allinne mar in rêd foar eagen draaie. Dan drukt de taal wat oars út as wat eins bedoeld wurdt. Want as de minsklike taal úteinlik tekoart sjit op dy mominten, dy't wy eksistinsjeel neame en dêr't Kierkegaard him al yngeand mei dwaande holden hat, wat moat men dan dwaan om jins tekoartsjitten goed te meitsjen? Miskien is it skriuwen fan in gedicht de iennichste foarm dêr't men dan noch yn oerbringe kin wat men net sizze kin of wol. It gedicht as foto ta oantinken.
Nei it filosofysk bleatlizzen fan de kaarten, folgje de keamers fan it hûs. Elke keamer hat in opskrift en yn elke keamer wenje in achttal gedichten. Dy opskriften sizze in bulte, se fetsje gear, wêr't it yn it libben (en yn alle gefallen yn dizze gedichten) om gean moat en wêr't it sa faak ek mislearret.
‘Begjinnensein’ is de titel fan it earste skift. Alle begjin hat de ein yn him. Us stjerlikens wurde wy al jong mei yn 'e kunde brocht. It alsjende each (God, de metafysyske komponint yn Wind syn wurk) weitset oer minske en bist. Wind jout yn ‘Rekkendei’ de suggestje fan in fûgel-mem dy't op har piken
| |
| |
tafersjoch hâldt. Fierder wurdt in metafoar brûkt foar it plak fan de minske: leech by de grûn en yn 'e besnijing fan wat flak foar eagen bart. Mar mei ûnbidige wjukken fart de âlde oer ús hinne en hâldt tafersjoch. De dream wurdt pas ferbrutsen by de konfrontaasje mei ús eigen kwetsbere lichem (‘yn it stikeltried / feroare ik yn fleis / dêr't noch libben yn siet’) (s. 13):
Rekkendei
It hânskrobbersnêst oan de
Sodommermar. Wy knibbelen
om it hillichdom foar trije
each op ûnbidige wjukken.
dêr't noch libben yn siet.
De dichter wurket gauris mei polariteiten. Yn it foargeande gedicht om it ierdske, sûndige, noch skerper ôfstekke te litten tsjin it himelske, it hillige, brûkt er de tsjinstelling fan it knibbeljen by de Sodommermar. Mei ien pinnestreek wurde de kontrasten delset. Men sjocht hjir de krêft fan Wind syn poëzij. Njonken it realistyske gehalte fan de ynformaasje (in jonkje leit op 'e knibbels nei trije piken te sjen by in marke) jout it gedicht alle romte ta oare ynterpretaasjes. In oandwaanlike foto wurdt ta in eksistinsjeel barren. Wind hat hjir in nije siswize betocht foar de Fryske taal: By de Sodommermar knibbelje: jin oerjaan oan, bûge foar / jinsels ferlieze yn de tsjoen fan it ierdske.
As wy de earste twa strofen fan ‘Toaniel I’ en de lêsten fan ‘Toaniel II’ gearfoegje, wurdt dúdlik hokker libbenshâlding Wind beskriuwt (s. 17, 18):
Bin' wy publyk? Binne wy figuranten?
Spylje wy yn dit stik in rol?
[...] hoe't ik ek
traapje yn in rûs nei hûs, der is
gjin útwei mear fan dit toaniel.
Yn in pear strofen skilderet de dichter hjir de minske ta fuotten út. Wy besykje de wrâld te besjen as in toaniel, as eat dat bûten ús stiet, dêr't wy op syn heechst oan meidogge yn de frijbliuwende rol fan figurant. Mar it frijbliuwende is moai gau út: sa jong as wy binne, wurde wy konfrontearre mei de man mei de heakel (‘Mûlen yn 't kier foar de man mei de heakel’) (s. 17). Dan is it praten út, ús mûlen falle iepen, wy gapje nei de siken (‘Gapjend nei de siken fal ik fan myn leauwe’) (s. 18). Ien minske hoege wy mar stjerren te sjen en wy witte it foargoed: al besykje wy ús libben der yn te blazen, al wurkje wy as gekken troch (‘Hoe't ek de boeren dwers troch alles hinne haaie’) en besykje te ûntkommen (‘hoe't ik ek traapje yn in rûs nei
| |
| |
hûs’): der is gjin útwei mear fan dit toaniel.
Mei de titel fan it twadde skift, ‘Underskied’, liket de dichter oanjaan te wollen: Do witst it no minske, do kinst no it ûnderskied: it libben liket in dream, in toaniel dat dy betsjoent. It liket sa fredich allegear, mar oeral winkt de dea, it ferlies. Alle begjinnen hat de ein al yn him.
De dichter realisearret him dat it ûnderskied bestiet. Yn it fers ‘Ofskie’ jout de ‘ik’ him leaver del yn 'e dream en wol hy net oan it toanieleftige tinke (s. 27):
‘Underskied’ is in titel dêr't men in protte kanten mei út kin. It kin stean foar: it witten dat yn alle begjinnen de ein besletten is; mar ek weet hawwe fan it ûnderskied tusken minske en natoer, tusken jeugd en âlderdom, tusken wat de taal seit en wat wy troch de taal ferswije. En yn al dy dingen: it besykjen dêroan te ûntkommen en tagelyk it witten dat der gjin ûntkommen oan is. Dat jout in gefoel fan weemoed, prachtich ferwurde yn it lettere gedicht ‘It âlde liet II’ yn it skift ‘Hâldfêst’ (s. 51):
It âlde liet II
Is dit it dan? It drôve âlde
hieltyd opnei herhelle liet
fan leafde, dat sa lang bestiet
as langstme? Kinsto fan my hâlde
wylst tiid ús opfret? Al te koart
is ús bestean, 't wurdt jûn en nommen,
it ôfskie sit al yn it kommen,
wêr soe bedarje wat ús bart?
Yn it skift ‘Tekoart’, in rige fan acht gedichten mei yllustraasjes fan Pieter Krijthe, wurde de oantinkens oan de skoaltiid werombrocht. Dat skift soe men it meast koherint neame kinne. Tematysk binne de gedichten in ienheid, yn styl en opbou komme se wakker oerien. Ut de sitewaasje fan it skoallokaal wei - earst mei de skoaljuffer yn 'e haadrol en dan de skoalmaster - skilderet Wind in wrâld dy't folle fierder rikt as de anekdoate en it wertinken oan eartiids. De dichter set bygelyks de âld skoalmaster del yn al syn kwetsberens en tagelyk as kaptein fan generaasjes bern. Prachtich is it begjin, dêr't de dichter yn sjen lit hoe't de âld skoalmaster net allinne ien is mei syn jonge folkje, mar sels ek wer opnommen wurdt yn in grutter ferbân (s. 45):
| |
| |
noch ien kear draacht him
ien kear is er ien mei dizze
lytsen: én heit, én soan, sa
wier at er hjir stiet. Dan
wurdt de klasse in iepen plak,
syn mûle hâldt op 't kier
Yn it dan folgjende skift ‘Hâldfêst’ sjogge wy de breklikens fan it minsklik bestean. De teloarstelling ek: ‘Is dit it dan? It drôve âlde / hieltyd opnei herhelle liet / fan leafde, dat sa lang bestiet / as langstme?’ Mar tagelyk sjocht de dichter in perspektyf (s. 52):
Al bliuwt ús iensumens tegearre,
is dit ferbûn in siden tried,
it bin ús dagen mar dy't stjerre,
it is mar witten dat fergiet.
en ek (s. 51):
Yn dizze kwetsberens bliuwt swijen
allinne oer. Do bist my nei.
't Wêzen hat neat mei gean te krijen,
fan it momint, en yn ús frijen
spilet fan fierren sjongen mei.
Lykas faker is Wind hjir bysteat en jou in fyzje op it libben stâl yn wurden dy't bûten tiid en tafalligens stean. De foarm mei dan bûn wêze oan wat wy no gongber achtsje, fan alle tiden is de ynhâld. Foar my binne dit sterke gedichten. De dichter lit him hjir net allinne sjen as taalkeunstner, mar ek as tinker. Sokke gedichten sprekke my oan.
Wind is ek in romantysk dichter. Romantyske poëzij giet oer wat men ferlern hat, wat net te berikken is (de leafste bygelyks), it ferburgene, dat wat men efterlitte moat. It binne útsoarte de tema's dêr't Wind syn gedichten yn ûnder te bringen binne.
Goede poëzij jout op heel eigen wize utering oan in byld of gedachte, poëzij dy't my rekket, giet oer wat de minske altyd dwaande holden hat yn syn striid om te oerlibjen. Poëzij as tiidleas ‘document humain’.
‘Twaresom’, it lêste skift, jout ynearsten de assosjaasje fan ‘wy tegearre’, smûkens, ienriedigens. ‘Twaresom reitsje’ betsjut ûnienichheid. De ynhâld fan guon fan de gedichten yn dit skift kinne yn dat ramt as sado-masochistysk ynterpretearre wurde, (s. 60):
| |
| |
Pear
do heinst my mei de mûle.
myn dea stiet yn dyn eagen.
slachst neilen yn myn fel.
It sil dúdlik wêze dat Wind in bondel skreaun hat, dêr't in tal prachtige gedichten yn foarkomme. Syn krêft bestiet yn it brûken fan metafoaryske bylden dy't in anekdoate ta in eksistinsjeel ferhaal optille. De bondel hat gâns losse strofen mei prachtige bylden en poëtysk taalgebrûk. De dichter kin yn in pear wurden in sfear delsette dy't jin bybliuwt, bygelyks (s. 21):
Hôf ûnder in read sintsje.
en (s. 43):
Gesichten sjen en dreamen
dreame. Hy sjocht himsels
yn harren kommen gean. In
By myn bewûndering foar Wind syn goede gefoel foar ritme yn 'e poëzij en syn poëtysk taalgebrûk, komt krityk op somtiden klisjeemjittich taalgebrûk. Dat is bygelyks it gefal yn ‘De kultuerdrager II’ (s. 37):
Hy fiert syn bernekrústocht
stjerrebylden yn de nacht.
oer. De storein risselt op de
ruten. Oan kertier foar tsienen
ta leare se bylden fan bûten;
skiednis wol syn tsjûgen ha.
Nei in sterk begjin, folget ‘Jiertallen stean as stjerrebylden yn 'e nacht’ en wat dêrnei komt. Yn ien kear wurdt in gedicht nei gichem holpen troch in wurdsje as ‘as’ en it sinteklaaseftige ‘De storein risselt op de ruten’. Men fernuveret jin oer soks, om't de dichter op oare mominten sjen lit hoe't er feilleas op it alderskerpst balansearje kin sûnder út te gliidzjen.
| |
| |
Ek yn ‘De kultuerdrager IV’ sjocht men hoe krekt it komt mei taalgebrûk en sinskonstruksje: koarte, byldzjende strofen geane oer yn in praterich, beskriuwend taalgebrûk. De krêft fan it gedicht wurdt troch ien besitlik foarnamwurd tefolle (syn), ien ferkeard brûkt bywurd (stikem) en ien fersliten byld (krieën op it tsjerkhôf) teneate dien (s. 41):
As twadde punt fan krityk hie ik de dichter in bettere redakteur ta ha wollen. De dichtbondel hie nei myn betinken sterker west as earst de gedichten mei deselde tematyk yn ien skift byinoar brocht wiene. Want as men goed lêst, bine dizze tema's te ûnderskieden:
1. | De anekdoatyske gedichten dy't gearhingje mei it oantinken oan de bernetiid. |
2. | De leafdesgedichten. Dy soene wer opdield wurde kinne yn de gedichten mei de langere strofen (‘Wy bin sa pynlik kwetsber skat - Is dit it dan? It drôve âlde hieltyd opnei herhelle liet fan leafde - Leau my mar op myn harkjen skat’) en dy mei de koartere strofen, dy't gauris ek oars fan strekking binne. |
3. | De gedichten ûnder it skift ‘Tekoart’. Se steane no ek byinoar en foarmje in hecht gehiel. It is it iennige skift dêr't men fan sizze kin dat de gedichten in ienheid foarmje. |
4. | De gedichten dy't de teologyske of filosofyske gedachtegong fan de dichter dúdlik meitsje. |
De fersen fan Wind sette jin oan 'e iene kant oan it tinken oer it wrâldbyld fan de dichter. Mar in oare kear krijt men de yndruk dat op keunstmjittige wize in riedsel opjûn wurdt, trochdat it fers logysk of wat it wurdgebrûk oangiet ûnnedich slim te folgjen is. In foarbyld (s. 23):
Hjir haw ik it idee dat de dichter sa yn riedsels begjint te sprekken dat ik der net mear út kom. ‘Do barst my [...] boppe de holle’ kin ik logysk grammatikaal net útkomme (boppe de holle barste) en yn it ramt fan it gedicht as gehiel seit it my ek neat.
Pieter Krijthe hat it omslach makke foar de bondel en ek in tal tekeningen by it skift ‘Tekoart’. De tekeningen jouwe de anekdoate foarm. Se soene in oanfolling wêze moatte
| |
| |
op it poëtyske gehalte fan de fersen. Dat is net bard en dat is spitich. It lit jin werris sjen hoe krekt it komt as taal en byld njonken elkoar set wurde. Wy ha yn 'e poëzij wol foarbylden dy't yn myn eagen tige slagge binne: it wurk fan Wilco Berga en ek folle earder bygelyks de bondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer fan Daniël Daen en Jan Stroosma en Te lange lêsten fan Eppie Dam en Henk Pietersma. Dat makket dúdlik dat taal en byld pas in poëtysk gehiel foarmje as beide media op harsels net te anekdoatysk binne. In oar punt is: byldwurk moat moai útjûn wurde. Dat is yn Boppe Wetter net it gefal. De bondel docht oer alle boegen earmoedich oan: it papier is guodkeap en de foarmjouwing fan de bondel docht de rûmte dy't in gedicht ha moat geweld oan. Dat is spitich om't it byldwurk no syn gerak net kriget. Wy sille hoopje dat de KU de kommende tiid wat mear tiid stekt yn it redaksjewurk en dat Harmen Wind syn gedichten wat langer lizze lit om it materiaal dat er hat ta in hechtere ienheid te meitsjen. Want dat Wind in dichter is mei kwaliteit stiet hjir bûten kiif.
|
|