Yn it ramt fan sochte krityk hearre ek Riemersma syn opmerkingen oer de taal fan myn proefskrift: ‘Wat my by einsluten fernuveret, is dat Breuker syn dissertaasje yn it Frysk publisearre hat’ (s. 82). Riemersma ferswijt twa fan de trije arguminten dy't ik jou om myn kar foar it Frysk te ferklearjen (de noarmdiskusje oer it Frysk wurdt hast hielendal yn dy taal hâlden en de belangstellende Nederlânsktalige lêzer kin mei wat muoite wol Frysk lêze) en it oare, te witten dat ‘de ynteressearre lêzer no boppedat fuortdalik in fergeliking meitsje [kin] tusken wat ik steld ha oer normearre Frysk en hoe't it dêrmei yn myn eigen taalgebrûk omgean’ (s. 17), past er by syn ferdraaide werjefte fan myn fraachstelling oan: ‘Neffens de teory fan Breuker is it Frysk gjin taal, mar hy brûkt datselde Frysk al op taalnivo, te witten foar in wittenskiplike publikaasje. Syn praktyk bewiist dus dat syn teory koal is’ (s. 82). Dêrmei einiget Riemersma syn stik sa't er it begûn is: ‘neffens de teory fan Breuker is it Frysk gjin taal’. Ik sil ta beslút noch op dat haadpunt yngean.
Ik meitsje fuort al oan it begjin fan myn proefskrift hiel dúdlik dat ik ‘it fraachstik fan de standerdisearring’ fan it Frysk behannelje wol (s. 18). Om dat dwaan te kinnen, brûk ik fiif (taalkundige en sosjale) kritearia, fjouwer fan Haugen en ien fan Stewart. Fierder behelje ik yn myn ûndersyk in definysje fan it Standert nederlânsk omdat ik it hiele boek troch foarm en funksje fan it Frysk fergelykje mei foarm en funksje fan it Nederlânsk. Neffens my moat it Frysk yn relaasje ta it Nederlânsk besjoen wurde, oars krijt men gjin reëel byld. Dat tige prinsipiële punt swije alle Fryske Bewegers yn har kommentaar dea en Riemersma docht itselde. Hy mist de term ‘minderheidstaal’, dy ‘komt by Breuker net foar, alteast net neffens it saakregister’ (s. 80). Hoesa ‘net neffens it saakregister’? As Riemersma it boek (hielendal) lêzen hie, dan soe er witte moatte, dat ik de term ‘minderheidstaal’ net brûk. Dat is gjin tafal: krekt dy (politike) term seit neat om't er nei folslein ferskillende taalkundige en sosjale situaasjes ferwiist. Op grûn fan de boppeneamde kritearia en útgongspunten gean ik eksplisyt en ymplisyt, oant en mei de lêste tekstside, systematysk nei oft it Frysk as in standerttaal besjoen wurde kin. Dat is in prinsipieel oare fraach as Riemersma de lêzer hieltiten wer leauwe litte wol. Sa skriuwt er: ‘De belangrike operaasje dy't Breuker útfiert, is dat er taal lykslacht mei standerttaal’ (s. 80). Nee dus, it giet my om Frysk as standert taal. Riemersma hat dochs wol bygelyks de bledsiden 13, 18-21, 28-29, 40-44, 68-72, 93-98, 123-128 en 234-238 lêzen? Riemersma jout myn teory konsekwint ferkeard wer, mar dat moat ek wol as er de konstruksje ‘taal’ - ‘dialekt’
oerein hâlde wol. Sa skriuwt er: ‘It feit dat 81%