gangsters. Wol krige de man in soad post, soms in oantekene stik, en wiene syn telefoanrekkens absurd heech. ‘As jo it my freegje, skille er de hiele wrâld oer. As ik by it rút dat er altyd iepen stean hie, lâns rûn en hy wie oan it skiljen dan hearde ik him Ingelsk of Spaansk. Al syn telefoanpetearen giene yn it Ingelsk of Spaansk, like it wol.’ Wit se dan net wêr't it oer gie. ‘Nee, ik ferstean min Ingelsk en Spaansk al hielendal net, mar ik haw wol de yndruk dat er sêfter begûn te praten sadree't er my lânskommen seach’.
Wa't troch de stikkene finsters sjocht, treft in wiere ravaazje oan. Diggels fan kopkes en pannen lizze rûnom oer de flier. Yn de gerdinen en it flierkleed, en sels yn it plestik taffelskleed sitte kûgelgatten dêr't de rânen fan skroeid binne. It bêd liket in gatsjepanne, as hawwe se witten wêr't it stie. De frou wyt noch te fertellen, dat de man soms post krige mei dr. foar de namme en der gauris op út gie mei in metaaldetektor sa't er it apparaat sels in kear tsjin har neamd hie, nei't se him oer it mad kaam, doe't er der mei op it hiem omskarrele. ‘Hy woe ha der soe hjir miskien goud yn 'e grûn sitte’. Dat hie se doe wol wat frjemd fûn.
As wy tsien oeren letter neifraach dogge, hat de plysje net stil sitten, docht bliken.
‘Nei't wy yn sân hasten it ien en oar neilutsen hawwe, ûntstiet der dochs wol wat in eigenaardich byld fan menear G.W.’, seit de hear L. de Zee, ynspekteur fan plysje yn A., dêr't it gehucht L. ûnder ressortearret. ‘Yn belang fan it ûndersyk is it ús net mooglik in soad meidielingen te dwaan. Wy witte it sels trouwens ek net krekt, alles stiet ús noch net klear foar de eagen, dat seit himsels. En fan de dieders ûntbrekt elk spoar. Mar safolle is wol dúdlik, dat G.W. mei enoarme skulden weromkaam is fan de Antillen. De man is yn 1974 út Nederlân nei de Kariben ferhuze. Hy hat dêrearne wiskunde dosearre oan in universiteit. Hy wie troud en hie in bern doe't er dêr oankaam. De man moat doe ± 25 jier west hawwe. Yn 1977 hat er syn dosintskip der oan jûn en is er úteinset mei in firma dy't Latynsk-Amerikaanske produkten eksportearre fia it Karibysk gebiet. Sa skynt er keunstfoarwerpen fan keramyk út Kolombia nei Nederlân ymportearre te hawwen. De firma is fallyt gien. Wat dêrnei allegearre bard is, is ús no noch net dúdlik’. Op ús fraach oft der sprake wêze kin fan drugshannel, wol de plysjeman yn it belang fan it ûndersyk net yngean. Wol hat út inkelde poststikken dy't de plysje yn it túnhúske oantroffen hat, bliken dien dat de man rûnom wei fan earbere skuldeaskers hjitfolge wurdt. “Mar”, seit De Zee, “in trochsnee skuldeasker sil om in pear tûzen gûne mear of minder net samar immen likwidearje. Us gedachten geane dan ek in oare kant út”. Hokker kant wol er net kwyt. It liket net ûn-