| |
| |
| |
Sybren Sybrandy
Fjouwer koarte besprekken
Oer: Durk van der Ploeg, Bertegrún, novelle. Drachten, Friese Pers Boekerij, 1993.
Sulver, 25 gelegenheidsfersen foar 25 jier Operaesje Fers. Ljouwert, Operaesje Fers, 1993.
Piter Terpstra, Bewarje myn namme, histoaryske roman oer Gysbert Japiks.
Drachten, Friese Pers Boekerij, 1993.
Baukje Wytsma, In see fan wetter. Drachten, Friese Pers Boekerij, 1993.
De redaksje wol foar de simmer skjin skip meitsje oangeande de te besprekken boeken. Oer guon boeken hawwe oaren ek al harres sein. Dêrom in pear kear wat koarter om 'e hoeke.
| |
Durk van der Ploeg, Bertegrûn. Novelle. Drachten, Friese Pers Boekerij, 1993.
Trinus Riemersma (Frysk en Frij, 1993, nû. 9, 28 april) hat al oanjûn dat it wichtichste probleem, dêr't it ferhaal gjin antwurd op jout, is: wat is der winlik te rêden mei de haadpersoan? Nimt men it ferhaal by syn titel, Bertegrûn, en sjocht men dat as Leitmotiv, dan soe dat faaks in ynterpretaasje opleverje kinne. Eigenaardich is nammers dat de haadfiguer de lêste tweintich siden syn letargy kwyt rekket, as er op syn bertegrûn in bousel oprjochtet en hy krijt it dêr allegearre moai foarinoar, foar salang it duorret. Wat him sa lûkt oan dy bertegrûn, wurdt lykwols wer net sa dúdlik: hy is der bedoarn troch mem en fiif susters, mar hurd oanpakt troch heit en âldere broer. Hat er dêr no o sa lokkich west, of krekt net? Wat krekt de reden is dat de haadpersoan sa yn himsels keard is, dêr komme jo yndied ek net achter as lêzer. De do-foarm, dy't de skriuwer brûkt, is symbolysk foar dat yn himsels keard wêzen. De haadpersoan praat yn himsels, hat ek nimmen oars oan wa't er wat kwyt kin. Hy praat net tsjin de lêzer, sa't Jelle Krol ûnderstelt (Leeuwarder Courant, 19-3-1993). Dan komt Rients de Boer (Friesch Dagblad, 27-3-1993) mear yn de rjochting, as er skriuwt: ‘De haadpersoan fertelt syn omstannichheden as stiet er himsels te besjen yn in spegel en sprekt er himsels hieltyd ta’.
Oer it generaal wurket dy do-foarm wol, al sitte jo wol mei it probleem dat jo jo net al dy wurden út de mûle fan dizze haadpersoan foarstelle kinne. Boppedat moat de
| |
| |
skriuwer guon feiten ek yn de do-foarm sette, wat soms wat frjemd oandocht: ‘Hjir leist yn in kelder’ (s. 76). De do-foarm leveret ek it moaie wurd ‘enst’ op: ‘... oant dyn skonken it net mear byhâlde kinne, enst troch sompen wetter batst’. Mar in gelok dat de Friese Pers Boekerij de apostrof ôfskaft hat, oars hie dit boek der grôtfol mei stien.
Al mei al lit it boek him flot lêze en is it in libben ferslach fan dit stikje libben. Der bliuwe lykwols fragen oer, dêr't de skriuwer omdôch yn besiket te foarsjen troch de Kristus-symbolyk (haadpersoan is trijentritich en leit trije dagen bedobbe) en troch de ‘oanklacht tsjin rasjonele machten’ (op 'e efterflap) der by te heljen. Rients de Boer sjocht de haadpersoan ek as de non-konformist dy't striidt tsjin de (steds)fernijing. Mar in non-konformist dy't werom wol nei it alderhûs wol my net oan.
| |
Sulver. 25 gelegenheidsfersen foar 25 jier Operaesje Fers Ljouwert, Operaesje Fers, 1993.
Sa't de titel al seit, hawwe wy hjir te krijen mei in bondel gelegenheidsfersen. Yn 1983, by it fyftjinjierrich bestean, ferskynde der ‘Kar út 15 jier Operaesje Fers, in boek mei 87 fersen, beselskippe fan in kassettebân fan 80 minuten. By it fiifentweintichjierrich bestean is de utjefte wat ienfâldiger, wat net sizze wol dat it mei Operaesje Fers minder giet. Yn de koarte ynlieding, mei in stikje histoarje, stiet dat der noch altyd twakear wyks in farsk gedicht te beharkjen is.
Op gelegenheidsfersen wurdt soms djip delsjoen, want de heechnedige ynspiraasje is fansels net by gelegenheid op te kommandearjen, wat dan ek soms te fernimmen is oan de produkten. Yn dizze bondel falt dat aardich ta, liket my. De measte dichters sille ek al wolris earder mei it ûnderwerp ‘poëzij’ dwaande west ha (de opdracht wie in fers dat begjint mei: ‘Poëzij is...’).
Binne dit no harkfersen of lêsfersen? Harkfersen misse gauris de geheimen dy't in lêsfers by lêzen en werlêzen op 't lêst bleat jout, mar se hawwe de sjarme fan de clou, it byld dat ynslacht en jin by bliuwt. In moai foarbyld is Baukje Wytsma har bydrage:
As jo in communis opinio sykje yn safolle ferskaat, is it wol ‘de leafste’, begjin en ein fan alle poëzij, alteast fan mannich fers:
‘Poëzij is wat ik dy sis / leave...,’ neffens Harmen Wind.
In moai bondeltsje.
| |
| |
| |
Piter Terpstra, Bewarje myn namme. Histoaryske roman oer Gysbert Japiks. Drachten, Friese Pers Boekerij, 1993.
Piter Terpstra hat mei dit boek syn trilogy oer Gysbert Japiks klear krigen. Op himsels al in hiele prestaasje! Dit diel beskriuwt de perioade 1640 - 1655, it hichtepunt - neffens de efterflap - fan it libben fan de dichter, en follet sa it gat tusken Mjitter fan ús jienen (1620 - 1636) en De dei is forroun (1655 - 1666). Yn myn besprek fan Mjitter (Trotwaer, 1989, s. 234 e.f.) hie ik as beswier dat al Gysbert syn aventoeren op 'e non rinne, hy pakt net troch, giet gjin biningen oan. Dat is fansels út romantechnysk eachpunt wol te begripen: der is oer Gysbert frijwat bekend, en yn de roman mei neat barre dat dêr net mei strykt. Gysbert kin dus wol in aardich frommes moetsje, mar hy kin der net mei op wrâldreis gean. Hoe't it gean sil yn de te beskriuwen perioade, stiet al fêst. Der is ek net in sintrale problematyk, dy't it boek behearsket. Dêrfandinne seit Jelle Krol yn syn besprek ek, dat it benammen in boek fan moetingen wurden is, moetingen dy't net ta wat bliuwends liede (Leeuwarder Courant, 26-3-1993).
In twadde beswier is, dat Gysbert hiel wat ôfprakkesearret, wat meibringt dat der net folle faasje yn it ferhaal sit. Saken wurde nochris oereide of der wurdt op it ferline weromgrypt. In foarbyld (s. 30/31): Gysbert stiet nei syn besite oan Margareta de Heer en har man wer op strjitte. ‘Achter de gevel fan it hearehûs wiene ferbjusterjende dingen op him takommen: ... (gearfetting fan wat er sjoen hat)’. Efkes fierder: ‘It hie Gysbert talake: ... (gearfetting fan wat er fan de besite oan Ljouwert ferwachte hie)’. En dan: ‘It wie him ôffallen.... (gearfetting fan wat him allegearre net tafoel)’. Gysbert pakt sa mei alles om. Dit nimt allegearre net wei - krektlyk as mei Mjitter - dat Terpstra it stramyn, dat fêstleit, wol mei fantasy ynfolle hat. It boek hat trije parten: Ljouwert - Molkwar - Ljouwert. Yn alle trije wurde nijsgjirrige figueren op it toaniel brocht. Yn it earste û.o. de al neamde skilderes Margareta de Heer en Gysbert syn útjouwer/printer Claude Fonteyne, yn it twadde de taalgelearde Junius, dy't Gysbert meitroait nei it heimsinnige Molkwar, en yn it tredde de ek al heimsinnige Gabbema, dy't sa'n soad kontakt mei Gysbert hân hat. Benammen de beskriuwing fan Molkwar is ferrassend, mar ek yn de oare parten is genôch nijsgjirrichs te finen foar wa't in bytsje yn de kultuer fan de santjinde ieu ynteressearre is.
| |
Baukje Wytsma, In seefan wetter. Drachten, Friese Pers Boekerij, 1993.
Dit is de fyfte bondel fan Baukje Wytsma, fjouwer jier nei By ljochtskyndei. It titelfers bringt jin bekende tema's fan Baukje Wyt- | |
| |
sma yn 't sin:
sil har by de seekant fine
sabeare streaket sy de weagen,
har fingerseinen al hast transparant.
Dochs is it yn dizze bondel net allinnich mear fan itselde. Der sitte mear anekdoatyske eleminten yn, bygelyks de sykli ‘Formentera’ en ‘Nei de muorre’, beide de delslach fan in reis, dus. Uteraard spilet it wetter in grutte rol, op allerhanne wize: de kleuren, blau, grien (dêr't it omslach moai by past), eilannen yn de sinne, fiskwetter, mar ek it wetter dêr't jo yn ferdrinke kinne. It mankelike lûd, dat Jetske Bilker yn By ljochtskyndei fûn (Trotwaer, 1989, s. 237 e.f.) is ek yn dizze bondel wer te finen, mar dat is net sa ûngewoan as it om sfeartekening giet.
Om noch efkes yn it byld fan de tekening te bliuwen: gauris wurdt de tekening ynkleure mei lytse halen, yn pastelkleuren. It byld dat yn ien kear ynslacht en fuort rekke is, fine jo mar komselden. (It probleem is dan soms ek wer dat sa'n geweldich byld de rest fan it fers oerstallich makket).
Faaks oan it slot fan ‘Arena’:
Sy klaait har hjoed noch ien kear sidesêft
De spegel hâldt mar amperoan
No de arena yn fan swit en bier,
de seare lokrop fan de waansin
In frjemde mûle foar de earste kear.
In rôfdier set syn neilen yn har lea.
Sy slacht de earmen warleas
Nochris werom nei de tekening: Jetske Bilker frege yn har besprek (sjoch boppe) om mear wite plakken, plakken dêr't de tekening noch net hielendal ynkleure is, sadat der foar de lêzer romte oerbliuwt foar selswurksumens. Dy fraach past ek foar dizze bondel.
|
|