Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 132] [p. 132] Jacobus Quiryn Smink Lytse sjonger Lytse sjonger dy't ik bin Fan protsjes mins en ferlerne Hoekjes, sellen en groei, Mar ta bloei kin ik nimmen Stjoere, lis wat rûkerkes Del en meitsje in miel Foar de oeren fan sin Oan en fansels skink Ik de glêzen fol. Ik skink de glêzen Fol út 'e flesse en brûk Oalje fan de sinneblom en Rier it bakken om it ranen Op 'e tonge en om op smaak te Kommen, mar hoe lekker it rûkt: Mear as kok sil ik net ferskine, Mear as rêst op 'e balke net wêze, Want lytse sjonger dy't ik bin. [pagina 133] [p. 133] Mei wol Dat er klimme doarst Sei dat wat soms, of Wie it mar taal, net In dúdlik ding of sa Hie it him dan yn de Kop omdraaie kind as In freonskip farrend Oer de see en fragen O nee, der komme dan Gesichten op it byld Mei dy skilige eagen Want wa stoar doe ek Sa jong as hja binne En fûleindich dûnsje Op ritmes fan 'e rep Mar kroandea gean se En lês de lêste sike Op de lippen fan dit Kwatryn, want hja of Hy, se azemje dy nei En mocht er se drage Kinne en mocht er se Hoedzje, en mocht er Se, mocht er, ja dan Vorige Volgende