Trotwaer. Jaargang 25
(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 124]
| |
It wittenskiplike gehalte fan in esseeJelma Sytske Knol hat har bydrage levere ta de beskriuwing fan 'e skiednis fan 'e Fryske literatuer mei in essee oer de Fryske dichteressen fan 1945 oant 1985. Yn it noch te skriuwen hânboek foar de Fryske literatuer nei 1945 moatte earst oerhearskjende streamingen oanwiisd wurde, dêrnei kin it wurk fan Fryske dichteressen dêr in plak yn krije, neffens Knol (s. 191). Wy hawwe hjir dus net al te krijen mei in haadstik út dat takomstich hânboek. Dat kin ek net, want it is in essee. Dat hat Knol fan te foaren dúdlik makke oan in elk dy't der nei frege. En ek yn 'e ynlieding fersommet Jelma Sytske Knol net om te sizzen dat it hjir om in essee giet en net om in wittenskiplik wurk. Hja tsjut it wurd essee noch wat dúdliker oan: ‘in ferhanneling’ (s. 10). Wat is krekt it wittenskiplik gehalte fan in essee? Dêr jouwe de neislachwurken gjin krekte ynformaasje oer: by de ien is it in subjektive fizy op in artistyk ûnderwerp dat út ferskillende ynfalshoeken wei beljochte wurdt, by de oar is in essee in stik deeglik fundearre skôgjend proaza mei lykwols in persoanlike fizy op in aktueel of persoanlik probleemGa naar voetnoot1. It mei dúdlik wêze dat de skriuwster fan in essee gjin wittenskiplike pretinsjes hat. Mei oare wurden: de skriuwster fan dit essee wol net oanfallen wurde op de ynhâld fan har wurk. Mocht der eat net hielendal doge, mocht der ûnsin stean, soe der wichtige ynformaasje weilitten wurden wêze... it mei allegearre, want it is in essee. Immen dy't wat oan te merken hat, hâldt him net oan 'e regels fan it sjenre. It liket derop dat kritisy by dit boek yn 't foar mei lege hannen stean. De fraach dy't dan opkomt, is wat men oan it boek hat. Knol seit sels al dat der in bitter bytsje ûndersyk dien is nei Fryske literatuer fan nei 1945. Hie it net better west | |
[pagina 125]
| |
om oan dat lytse tal ûndersiken noch ien ta te foegjen? Hie it dan net handiger west om wat te skriuwen dat as neislachwurk tsjinje kinne soe? It hat wierskynlik Knol har doel net west dat dit samar in subjektive ferhanneling wêze soe, dy't men nei it lêzen neist jin dellizze kin. Hja hat wol by teoretyske útgongspunten stilstien ‘dy't de grûnslach fan in wurk as dit foarmje moatte soene’ (s. 10), want ‘it soe dochs ek oan in pear kritearia foldwaan moatte’ (s. 10). | |
Gjin Fryske kanon?Dy ‘pear kritearia’ hawwe wy net fine kinnen. Knol hat mei ‘grutte niget’ De lust tot lezenGa naar voetnoot2 fan Maaike Meijer lêzen, mar nimt de útgongspunten fan dat proefskrift net oer. It wichtichste doel fan Meijer is om oan te jaan hoe't ús literêre systeem dat behearske wurdt troch de westerske blanke heterofile manljuskultuer, feroare wurde kin troch in oare sjenswize. Dy sjenswize hâldt yn dat elke kultuergroep syn eigen literatuer it bêste begripe kin. Meijer makket dúdlik hoe't literatuer fan swarte froulju yn Amearika ús frjemd oankomme kin. Om't wy de eftergrûnen en de skiednis fan dy groep net kenne, binne wy Europeanen net de oanwiisde persoanen om sok wurk te ynterpretearjen. As wy it lêze, komt it ús nuver oan en wy sille it grif net yn ús kanon pleatse. Yn 'e wrâldliteratuer sa't wy dy kenne, komt gjin literatuer foar fan minderheidsgroepen. Literatuer dy't bûten ús kanonbegryp falt, fine wy minder weardefol en ienfâldich. Meijer wol fan ien kanonbegryp ôf en freget foar elke kulturele groep in eigen plak, in eigen sirkwy. Al dy kultueren neist inoar foarmje it literêre polysysteem. It seit himsels dat yn it nije ka nonbegryp gjin sprake mear is fan âlde wearden lykas ‘it universele fan literatuer’, want, seit Meijer, wat universeel is, wurdt ek útmakke troch de dominearjende groep. It praktyske part fan har proefskrift behannelet de herynterpretaasje fan in pear Nederlânske dichteressen, dy't neffens Meijer ferkeard beoardiele binne troch de kritisy dy't ‘noch’ oantangele sieten mei it idee fan de Iene Kanon. Knol nimt Meijer har útgongspunt fan in literêr polysysteem net oer, om't der neffens har yn 'e Fryske literatuer net iens fan in kanon praat wurde kin: ‘It liket my no krekt typearjend foar de Fryske literatuer dat dy kanon hjir ûntbrekt’ (s. 10). Dat soe benammen foar de tiid nei 1945 jilde. Klaes Dykstra soe neffens Knol yn syn Lyts hânboek foar de Fryske literatuer gjin kanon presintearje, om't dat boek gjin sintrale fraachstelling of ynder- | |
[pagina 126]
| |
like gearhing fertoane soe. Ek it essee fan Jo Smit yn De Tsjerne fan 1968 soe mear ynventarisearjend as kanonfoarmjend wêze. Mar Knol hat foarbysjoen oan it feit dat dy twa wurken op it gebiet fan Fryske literatuerskiedskriuwing wol fan in kanon útgeane, krekt omdat de kar fan de opnommen literatuer net ferantwurde wurdt. Fierder neamt Knol de lêzingen fan it Literêr-Histoarysk Wurkferbân en skripsjes oer moderne Fryske literatuer in seldsumheid en pionierswurk. Dat ‘it earemetaal fan de Gysbert Japicxpriis guon skriuwers op in wat heger fuotstik set’ (s. 11) soe dan noch it iennichste wêze dat oan Fryske kanonfoarming tinken docht. De niis oanhelle sin is ien staaltsje fan Knol har suggestive, grif ‘esseeïstyske’ styl. Troch in tsjinargumint wer te jaan yn sterk relativearjend taalgebrûk, weeft hja der mei ôf. By it fuortargumintearjen fan it bestean fan in kanon yn 'e Fryske literatuer ferjit Knol wichtige kanonfoarmjende ferskynsels. Ien dêrfan is de ynfloed dy't útjouwerijen op in literêre kanon hawwe. Dat is ek yn Fryslân it gefal. Al in moai skoft publisearje auteurs mei literêre pretinsjes earder by de KU as by de KFFB. Fierder neamt hja net it aspekt fan it ûnderwiis: de boekelist dy't learlingen en studinten opstelle moatte foar har literatuertentamens wurket in beskate kanon yn 'e hân. In pear jier lyn wie der noch in grutte heisa yn Nederlân doe't dy list in definitive ynhâld krije soe. De opwining en it protest dy't dêr anneks mei giene, hiene te krijen mei de eangst foar in fêste kanon. Stie men as auteur net op dy list dan hâlde dat yn dat men net ta it algemiene kultuergoed fan it lân hearde. Ek yn it Fryske ûnderwiis is sprake fan in boekelist dêr't skoalbern en studinten út kieze ‘meie’: yn it fuortset ûnderwiis, it beropsûnderwiis, op 'e universiteiten en by de AFUK. En op dy listen stiet gjin Heeringa-Seepma en ek gjin Tasma-Hollander. En wat te tinken fan de ynfloed dy't de kanon hân hat by de seleksje fan skriuwers en wurk foar Tekst en Utlis en de Rige Fryske Klassiken? Jelma Knol hie rêstich fan it idee fan in Fryske kanon útgean kinnen, ek omdat hja har der eins sels oan hâldt. De yndieling fan har boek wurdt fierder net ferantwurde: yn 'e earste sân haadstikken folget hja gronologysk de ‘meast literêre’ dichteressen en krijt elke dichteres ien haadstik ta har foldwaan. Dan folget in haadstik mei de fjouwer blykber wat mindere goadinnen en as lêste haadstik wurde de ‘minor poets’ behannele. Knol har yndieling giet út fan beskate foarûnderstellingen oer literêre wearde. Knol folget dus de implisite Fryske kanon, wylst hja seit dat der gjin Fryske kanon is. Hja hie de dichteressen ek alfabetysk behannelje kinnen mei Geeske Aardema-Raukema yn it earste haadstik. | |
[pagina 127]
| |
Ien fan 'e punten fan De lust tot lezen is dat men jin bewust wêze moat fan jins eigen foaroardielen foardat men mei de ynterpretaasje fan in wurk begjint. Knol ûntkent it bestean fan in kanon en folget Meijer allinnich yn de revyzje fan it besteande byld fan dichteressen. De Fryske dichteressen moatte op 'e nij besjoen en ynterpretearre wurde. Meijer die dat út de neamde teory wei. Hja woe it dichtwurk út 'e hearskjende kanon weihelje, hja woe de eventuele betsjutting út harsels en út de poëzij helje. Meijer woe sjen litte dat oant no ta it dichtwurk fan beskate froulju net ta har rjocht komme koe ûnder dy hearskjende kanongedachte mei it patint op wat universeel is. Jelma Knol wol allinnich de revyzje fan 'e Fryske dichteressen, sûnder dat hja ferantwurdet wêrom't dat moatte soe. Ek jout hja gjin kritearia foar har lêshâlding by de ynterpretaasje fan it dichtwurk. Hja jout net goed oan wêr't har ynterpretaasje op basearre is. Faaks stiet hja in tekstymmanente lêshâlding foar, hja besiket alteast de betsjutting út 'e tekst en út de gearhing mei oar wurk fan 'e selde auteur te heljen. Fierder besiket hja om oan te jaan hoe't wurk fan Fryske dichteressen fan ynfloed op inoar wêze kinnen hat. Mar hja seit net wêrom't dizze oanpak fan ynterpretearjen better wêze soe as dy fan eardere kritisy. Hja jout hast nea in lêsferslach fan har assosjaasjes en konnotaasjes by it lêzen fan har poëzij. Hja docht gjin rekkenskip fan har foaroardielen. Hja jout net as froulike ynterpreet oan wat de manlike kritikus net sjen kinne soe en wat hja sels wol sjocht. It essee fan Jelma Knol wurdt karakterisearre troch in gebrek oan ferantwurding, subtiliteit en nuansearring. Dat Knol har bewuster fan har eigen foaroardielen wêze moatten hie, komt bygelyks út yn 'e besprekking fan Simke Kloosterman en Rixt. Kloosterman krijt minder sympaty fan Knol, om't hja oan har eigen myte meiwurke hat en har artistike foarming har blykber yn 'e genen siet (har heit wie ek keunstsinnich). Rixt dêrfoaroer ‘hat in pear echte leafdes kend en fertriet hân om it ferlies dêrfan. Dat makket har yn myn eagen al in stik sympatiker’ (s. 20), skriuwt Jelma Knol. Knol dy't de literêre krityk ferwyt yn pleats fan op it dichtwurk op ‘yrrelevante aspekten as (bygelyks) de persoan fan de dichteres’ (s. 10) yn te gean, makket hjir deselde fout. Hja brûkt dy as argumint om sjen te litten dat de positive wurdearring dy't der yn it ferline foar it dichtwurk fan Kloosterman wie, net hielendal terjochte wêze soe. | |
De Fryske dichtercssen. Wurk en resepsjeNei't Knol in eigen ynterpretaasje fan wurk fan de dichteressen jout, konfrontearret hja | |
[pagina 128]
| |
dy mei de resepsje. Har ynterpretaasjes binne bytiden hiel nijsgjirrich. Sa noeget har ynterpretaasje fan de poëtikale gedichten fan Tiny Mulder út ta it sykjen fan in gearhing mei de libbensfizy sa't dy út Mulder har oare fersen sprekt. Fierder leit hja yn har ynterpretaasje fan de Oktobersyklus fan Rixt de klam op it eroatyske aspekt yn dy har lettere poëzy. Oan 'e oare kant misse Knol har ynterpretaasjes gauris subtiliteit. Hja behannelet yn har boek in hiel soad fersen en dêrom kin it hast net oars en binne de ynterpretaasjes gauris wat flak. Hja giet te maklik oan wichtige saken foarby. Yn it werjaan fan de ynhâld fan fersen wurdt bygelyks gauris de essinsje net hielendal rekke. De inerlike spanning, it fynfielende yn it fers ‘post-nataal (1)’ fan Margryt Poortstra falt bygelyks wei yn de ynhâldswerjefte fan Knol: ‘It mem-wêzen is hjir net in ydillysk, rôze kleure barren of de ferfolling fan in tradisjonele famkesdream. It bern wurdt yn “post-nataal (1)” earder beskreaun as in parasitearjend wêzen dat as in fampier alle libbenskrêft weisûcht út de mem, dy't nei de berte amper noch oer fysike en geastlike reserves beskikt’ (s. 95). Subtiliteit mist ek yn konstatearringen lykas: ‘Baukje Wytsma grypt mei har poëzy werom nei de tiid foar “Quatrebras”. Se slút earder oan by it wurk fan dichters as Douwe Tamminga, Douwe Kalma en Sjoerd Spanninga. Mar (? - is dat in tsjinstelling? JB/BM) yn har poëzy is se wol eigentiidsk. [...] In grut tal fersen fan Baukje Wytsma kin mei rjocht no al klassyk neamd wurde’ (s. 88). ‘De préokkupaasje fan de dichteres Ella Wassenaer [...] mei de dea en de fysike kanten dêrfan roppe bepaalde tafrielen op dy't Johan Huizinga beskreaun hat yn syn Herfsttij der Middeleeuwen’ (s. 41). Sokke útspraken hiene òf better útwurke òf weilitten wurde moatten. De ferlikingen dy't Knol makket tusken de ferskillende dichteressen en de útspraken dy't hja docht oer beynfloeding meitsje in tafallige yndruk. Observaasjes oer besibbens op it mêd fan ferwurking fan religieuze gefoelens en boartlik taalgebrûk yn it wurk fan Anny de Jong en dat fan Tiny Mulder binne te tafallich om oan 'e hân dêrfan konklúzjes te lûken oer in eventuele Fryske froulike skriuwtradysje. Yn de paragrafen oer de resepsje jout Knol koart wer hoe't de literêre krityk it dichtwurk ûntfongen hat. Hja hat dêr materiaal út kranten en tydskriften by rieplachte, mar giet op it ferskil yn status fan de resepsjedokuminten net yn. In wichtige boarne, de ferslaggen fan it Literair Kwartier fan de RONO fersoarge troch ûnder oare Tiny Mulder, is net ferwurke. It byld dat benammen manlike kritisy trochstrings hawwe fan literatuer dy't troch froulju skreaun is, wurdt troch Knol op in krityske manier bleatlein. | |
[pagina 129]
| |
Om't de kritisy it dichtwurk kwalifisearren mei it adjektyf ‘froulik’, hiene hja gjin each mear foar oare eigenskippen fan de tekst en giene hja foarby oan de diversiteit fan it wurk fan dichteressen. Hiel oertsjûgjend toant Knol oan dat Tiny Mulder en Berber van der Geest troch de eardere krityk ferkeard beoardield binne. Spitich is it lykwols dat útspraken fan froulike kritisy dy't net iens safolle fan har manlike kollega's ôfwieken, net kritysk analysearre binne. De lêzer freget him ôf wêrom't Schurer de poëzy fan Tiny Mulder net boartlik neame mei (s. 64) en wêrom't Tineke Steenmeijer datselde wol sizze mei fan de gedichten fan Rixt Sudema (s. 104). Wie it Knol faaks te riskant om te konkludearjen dat de froulike kritisy foar in part faaks de noarm fan de dominante kultuer oernommen hawwe? De arguminten dy't de krityk troch de tiden hinne brûkt, bliuwe net troch alle tiden hinne gelyk. Knol skriuwt dat benammen by froulike dichters de krityk yn it persoanlike lutsen waard, mar it hie op syn plak west om de krityk op wurk fan dichteressen te ferlykjen mei dy op fersen fan manlike skriuwers. Spilen aspekten lykas de persoan fan de dichter ek net by de beoardieling fan wurk fan manlju in rol? Yn hoefier binne sokke arguminten foarbehâlden oan froulike dichters? Better hie it west as alle haadstikken - dus ek dy dêr't Knol har miening net oars is as dy fan de krityk - ôfsletten wiene mei in konklúzje dêr't yn neamd waard, hokker aspekten troch de kritisy ferkeard beoardiele waarden en hokker korreksjes Knol op dat byld jout. In krityske evaluaasje oan 'e ein fan elk haadstik hie it probleem skerper sjen litte kinnen. No komme de einkonklúzjes hielendal oan 'e ein fan it boek, as tongerslach út in kleare loft. Op de haadstikken oer it wurk fan de dichteressen en de reaksje dêrop fan de literêre krityk folgje de fraachpetearen. Yn it essee binne de fraachpetearen ‘Fremdkörper’. Knol makket de lêzer net dúdlik hokker doel hja hat mei de petearen en wêrom't hja krekt dizze seis dichteressen dêrta útsocht hat. Hie it miskien better west om de konklúzjes dy't no hielendal oan 'e ein fan it boek komme, direkt nei it esseeïstyske part te setten? Nuver is it feit dat Knol mei de dichteressen net eksplisyt praat oer de doelstelling fan har boek, de revyzje fan it plak fan de dichteressen. Op himsels nijsgjirrich, mar miskien net rjochte op dat doel fan dit essee, binne fragen oer de ynhâld fan it wurk. Wat bygelyks yn it petear mei Tiny Mulder it fragmint oer de betsjutting fan fûgels yn har wurk mei revyzje fan it dichtwurk te krijen hat, hie eksplisyt makke wurde moatten. | |
[pagina 130]
| |
It misferstânKnol konstatearret dat de krityk ‘froulikheid’ beskôget as in karakteristike eigenskip fan dichtwurk dat skreaun is troch in frou. Oan it adjektyf ‘froulik’ ferbynt de krityk eigenskippen lykas leaf, aardich, soarchsum en gefoelich. Froulike poëzy soe op inoar lykje. Kwa tematyk en foarm soe it oars wêze as poëzy dy't troch manlju skreaun is. Knol is it op dit punt net mei de krityk iens. Hja beskôget it as in misferstân dat ‘froulju a priori oars dichtsje as manlju. Dat it wurk “út syn aerd wei froulik” is en yn haadsaak út persoanlike, mar gauris foarmleaze leafdeslyryk bestiet’ (s. 186). Op de fraach wat ‘froulik’ dichtwurk fierder noch betsjutte kinne soe, ôfsjoen fan ‘troch in frou skreaun’ (s. 185), giet Knol net yn. Om't it bepopkjen fan dichteressen ‘in normale krityske oanpak’ (s. 187) fan it wurk yn 'e wei stiet, pleitet Knol foar in beoardieling fan dichtwurk fan dichteressen op de wize dêr't Hessel Miedema dat op docht: ‘Hy lit him net ferrifelje troch de “froulikheid” en sjarme fan Tsjits Peanstra har poëzy, mar (fetprinting JB/BM) easket kwaliteit en oarspronklikheid’ (s. 187). Knol konstatearret bliid dat der nei 1970 in ein kommen is oan positive diskriminaasje fan wurk fan froulju. By saneamde positive diskriminaasje giet it lykwols net om it meitsjen fan in kar tusken geslacht of kwaliteit. It ‘mar’ yn it boppesteande sitaat dat in tsjinstelling suggerearret, giet net op. Positive diskriminaasje draait om it bewustwêzen fan jins kritearia by de kwaliteitsbeoardieling en de maatskiplike eftergrûnen dêrfan. Mei har rop om in ‘normale krityske oanpak’ giet Knol te maklik foarby oan it bestean fan machtstruktueren yn 'e maatskippij, fan sosjale en ekonomyske ûngelikens dy't der tusken manlju en froulju bestiet. In ‘normale krityske oanpak’ sil hifkje neffens de noarmen fan de dominante kultuer. Dat is de noarm sa't dy útmakke wurdt troch de Westerse blanke hetero-man. It giet derby net om in konkrete man, mar om manlike machtstruktueren. De objektiviteit dêr't Jant van der Weg yn har besprek oer dit essee foar pleitetGa naar voetnoot3, is in yllúzje. Mei Knol fine wy dat de stereotype ynfolling fan it begryp ‘froulik’ gjin goed sicht jout op dichtwurk dat skreaun is troch froulju. Mar ûntkenning fan de kanon en dêrmei fan it polysysteem mei syn ferskillende sirkwy's lykas Knol dat docht, it ynpassen fan literatuer troch froulju dêryn, is fan gefolgen dat ferskillen ûntkend en it eigene fan de kanon útsletten wurdt. Literatuer skreaun troch froulju is fanwege de maatskiplike machtsposysje oars | |
[pagina 131]
| |
as fan manlju en moat dêrom beoardiele wurde as literatuer dy't heart ta in oar sirkwy. | |
Ta beslútJelma Sytske Knol har boek jout in oare beljochting op it wurk fan Fryske dichteressen. Troch har analyzes fan de literêre krityk is dúdlik wurden hokker konnotaasjes de krityk ferbûn oan de kwalifikaasje ‘froulik’. It boek foldocht lykwols net. Dêrta mist it de teoretyske ferantwurding en útwurking fan op himsels faaks nijsgjirrige observaasjes. Troch suggestyf taalgebrûk, de bytiden ûnnuansearre mieningen, it gebrek oan subtiliteit, it missen fan in neiere útwurking fan observaasjes bliuwt de lêzer mei in ûntefreden gefoel efter. Dat der ferlet is fan in diskusje oer it plak fan troch froulju skreaune literatuer - en der hat Jelma Knol wis in bydrage oan levere - mei dúdlik wêze, sjoen de ferskuorrend felle reaksje fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante. It kin net oars as De Groot fielt him oanfallen en hat syn nocht fan it praat fan Jelma Knol en Maaike MeijerGa naar voetnoot4. It is te hoopjen dat de diskusje oer it plak fan froulju yn 'e literatuer - ek wat de LC oangiet - op in heger nivo fuortset wurdt. |
|