wurk yn Fryslân mear populêr wurden is, mear lêzen en werprinte wurdt, en dat oan 'e oare kant bettere wurken yn it ferjit rekke binne’ (Trotwaer, 1985, 3/4, s. 203). Riemersma is ien fan 'e trije wittenskippers dy't it ‘editoarysk tafersjoch’ by de ‘Fryske Klassiken’ hat. Soe hy Trude, It Freark Jabiks folk, Hessel Ypma, De rook fan it lân no net mear sa beroerd fine?
Mar it is net allinnich de smaak fan de lêzers dy't der foar soarget dat in boek klassyk wurdt. Yn Fryslân wurde hieltyd deselde boeken werprinte, it liket wol as binne der gjin oare. Sa wurde dy boeken fansels klassikers en nije lêzers krije gewoan gjin kâns in oare foarkar te ûntwikkeljen.
It is in útjouwer net kwea-ôf te nimmen dat er goed ferkeapjende boeken útjaan wol. Mar no't der safolle ienriedigens wie, hienen It Fryske Boek en de Fryske Akademy der net foar soargje moatten, dat it werklike literêre ‘erfguod’ op 'e nij útjûn waard?
It bêste proaza fan foar 1945 bygelyks. Dêr hie aardich wat literêr ‘erfguod’ by sitten. Pollema hie dan in kâns hân, Feitsma, Sybesma of Holtrop ek. Har boeken sil no noait ien mear lêze. Wat net yn 'e winkel te keap is, bestiet net.
Trije romans út de rige binne der no:
De Hoara's fan Hastings mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker, Peke Donia mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en De Froulju fan de Fetweider mei in neiwurd fan Trinus Riemersma.
Oan 'e bûtenkant binne de boeken misbaksels, elk mei in hurd omslach as gie it om in berneboek. De útjouwers tinke grif dat minsken mei it boek heinderbalje wolle of it meinimme yn 'e boadskiptas. En dan de berneftige plaatsjes foarop, in moai klassyk boek is hiel wat oars. Peke Donia is troch it grouwe omslach en it papier sa tsjok wurden, it liket werklik wol in echte streekroman-omnibus.
Der wurdt nochal oer beard dat de romans út de rige werútjeften binne fan de earste printingen. Dat hat fansels te krijen mei it subsydzje. It jout ek in wittenskiplik tintsje oan it gehiel, mar folle hat it net te betsjutten. Sa is bygelyks sûnder kommentaar de foto fan de skriuwster dy't yn 'e moai klassyk útjûne earste printinge stiet, weilitten út De Hoara's. Yn Peke Donia binne alle haadstikken nûmere (wat Haisma net dien hie), mar dan tusken wittenskiplike [ ]. Efteryn stiet in healwize ynhâldsopjefte fan trije siden, allegear nûmers tusken dy fjouwerkante heakken. Hielendal net wittenskiplik is it, dat yn De Hoara's ‘om de lêsberheid [...] grutte oergongen binnen haadstikken troch in rigel wyt oanjûn’ binne. Dat binne yngrepen yn it