yn my stean har tosken as blyk fan in ferbûn
en nei de moarn is soms alwer it teare weauwen
yn my is in wei dy't wer nei har ta liedt
ik fiel de wyn mar kin it amper leauwe
Kooistra koe hjir gjin rymwurd fine op ‘hjerst’, wat oars, tinkt my, net sa'n hiele toer is, en ek net ien op ‘amazones’, wat yndied wat slimmer wurdt.
Foar it grutste part binne it fersen fan trije kear fjouwer strofen. It aliterearret bytiden eins net iens sa hiele raar, bygelyks yn ‘Prima donna’ (s. 18): ‘Sels in stjerrebern hast swijend yn dyn skurte hân’, mar it giet fansels om de ynhâld.
Der is ien grut tema: de Leafde en wat dêr de gefolgen fan binne. Mar der wurdt fan alles byhelle: prinsen, slaven, lyryske fonteinen, trûbadoers, wolven, Lancelot, Salomo, Salomé, Amazonefamkes, liuwen, de muze, Alice in Wonderland, Winnie the Pooh, J.Q. Smink, ridders en wat net mear! It kriget sa allegearre in ynfantyl toantsje, it ‘mearkeseftige’ sit him ek allinnich mar yn it brûken fan soksoarte wurden en nammen, it is te ‘betocht’. In foarbyld út it niiskrekt sitearre gedicht ‘De stilte’ is de rigel ‘en treuret stil de krêft fan tûzen amazones.’ Oerdriuwen is ek in fak, ik wurd lykwols alhiel net oertsjûge fan de needsaak fan de oanwêzigens fan dizze ‘tûzen amazones’.
Ik bedoel hjirmei oars net dat J.Q. Smink mearkeseftich wêze soe. Hy skynt wier te bestean.
Kooistra syn poëzy is dy fan in boargerlik suertsje. It wol my noch mar min oan dat, sjoen de stavering, dit mjitske wurk skreaun is troch ien út 'e Wâlden. Yntylt en degeneraasje hawwe ek dêr har ferneatigjende wurk dien. Kooistra brûkt syn mes foar it skilen fan parkes foar syn famke en syn berntsje (s. 35).
It is troch guon domme kritisy wolris sein, dat ien as Baukje Wytsma te ‘leaf’ skreau. Spitigernôch hat hja har dêr ek noch wat fan oanlutsen, sadat har dichtwurk kwalitatyf yn wearde sakke. De leafste Fryske dichter is no in man. De spirituele basis fan Wytsma har wurk ûntbrekt hjir lykwols folslein. It is útsoarte boargerlike poëzy: fereale, troud en in berntsje. Dat is it Libben. Ut en troch sit der in ûndogens wurdsje tusken: ‘kutsje’ (s. 17), ‘myn jachtigens’ (s. 27), ‘soks besoarget my betiden mar in hurden’ (s. 32).
Wat wol Kooistra no eins? Wêrom publisearret er soksoarte boekjes? Is dit faaks it antwurd? (s. 27):
De dichter
ik ha gjin oanstriid om de poezy te kinnen
dit hannenfol genietsjen freget my tefolle
de dagen wurde minder en de nachten winne
en ik ha gjin ljochten yn 'e holle