Trioel
Sybren Sybrandy
Stereotipen
Okkerdeis seach ik, dat ik troch Josse de Haan yn syn eigen tydskrift oanhelle waard - tegearre mei Trinus Riemersma - as autoriteit foar Josse syn oardiel dat de direkteur fan it FLMD gjin ferstân fan literatuer hat. Ik ha yndied ris krityk útoefene op Tineke Steenmeijer, doe noch allinnich resinsinte yn de Ljouwerter, nei oanlieding fan har resinsje oer Anne Wadman syn Yn Adams harnas, dat se te dreech fûn. Dat wie yn 1983.
It giet my der no net om, hoe't it mei de lieding fan it literêr museum sit - al wol ik wolris kwyt dat ik iepeningen fan útstallingen altyd hast ûnfrysk goed organisearre fyn; my fernuveret it feit dat Josse sûnder erch sitaten fan lang lyn brûkt foar syn oardiel oer it hjoed. Dat Tineke Steenmeijer der ûnderwilens wat by leard hawwe kinne soe, stel it gefal dat se doe yndied ‘gjin ferstân fan literatuer’ hie, komt net by him op. ‘Wie eens steelt is altijd een dief’ ha ik altyd in ûnbarmhertige wysheid fûn, mar Josse spikeret minsken graach oan har ferline fêst, liket it. Of faaks dol ik te djip, en is it gewoan in foarbyld fan it tinken yn stereotipen, dat jo oars by immen mei in ‘open mind’ as Josse net fuort ferwachtsje soenen. Of hat de tiid foar Josse stilstien en sit er noch altyd yn de santiger jierren?
It is Josse altyd goed slagge om it stereotipe byld fan de skriuwer-bohémien der by it grutte publyk goed yn te krijen. Hy gie ek foar de ienichste breaskriuwer yn it Frysk en hat as sadanich sa goed buorke dat er letter sels in eigen tydskrift útjaan koe. Dat in betûft sakeman nea tajaan sil dat it him goed giet, hie Josse lykwols goed troch. Yn de tiid dat er noch geregeld oan Trotwaer levere, waard it literêre debat oer de kwaliteit fan syn stikken altyd trochkrúst troch syn argumint dat er der fan libje moast. Ja, en wa binne jo dan, as amtner mei in fêst ynkommen, dat jo in oar syn brea ûntkeare wolle? Uteinlik wie it lykwols net fol te hâlden, want Josse wurke hurder as wy as redaksje yn ús fiif nûmers it jier byhâlde koenen. Frjemd fûnen wy wol dat der yn de stikken fan in prof-skriuwer faak noch safolle behoffene wurde moast. Dat hat - dit foar de literatuerskiednis - ek wolris fan gefolgen hân, dat ús