Cornelis Buijs
Fan skroat ta keunst
Cornelis Buijs (1944) makket bylden fan izer, somtiden útwreide mei jute, reid of hout. Hy skildere sûnt 1960, mar doe't er yn 1986 syn oplieding oan 'e akademy Vredeman de Vries begûn, ûntduts er izer as útdrukkingsmateriaal. Dêrby wie de byldzjend keunstner Jaap Mooy syn grutste ynspiraasjeboarne.
Cornelis fynt syn materiaal by sloperijen en âld-izerhannelers. Hy siket stikken mei ‘spontane beweging’. Sit dy der net fan it begjin ôf yn, dan smeit er it of slacht it kâld en lasket it gehiel ta in byld.
Cornelis Buijs wennet en wurket yn de pleats Modern Art ‘'t Tjeukemeer’ yn Delfstrahuzen.