| |
| |
| |
Pieter Duijff
In Bwarre mei in glânzjend feltsje
Oer: Trinus Riemersma, De Reade Bwarre.
Boalsert: Koperative Utjowerij, 1992.
Rjochtdwaan witte se net fan -
is de godsspraak fan Boldgrim.
De redaksje fan dit tydskrift skreau by in foarpublikaasje fan parten fan De Reade Bwarre yn 1991 noch, dat it ûnwis wie hoe en wannear't de roman ferskine soe. In goed jier letter stie yn in advertinsje fan de Koperative Utjowerij dat de roman op kommendewei wie, ‘yn in lytse oplage, allinne foar linige en ripere lêzers’. Dat de roman allinne ornearre is foar linige en ripere lezers, hawar, dér kin nimmen net syn nachtrêst om brekke, mar dat de oplage beheind is, is spitich, want in literêr monumint as dizze roman hat in grut publyk fertsjinne.
Yn de 500 siden tsjûke De Reade Bwarre wurdt gâns oeral helle.
Yn it foarste plak wurdt it ferhaal ferteld fan in gerniershúshâlding en syn striid om it bestean yn de Ferveter kontreien. De Bosma's, yn de folksmûle fan it Klaailân ‘De Módderklauers’, bebeulgje it útrûpele gerniersspultsje oan de ‘Mûndersloane’ sûnder der ea mear better fan te wurden as in tinbesmard stik brea en in brike beulch of in stive skonk. Mar yn Têke syn dreamen sil it nei syn troudei yn 1920 oars. As syn Eelkje en syn heit harren yn it wurk fan de goede kant sjen litte, sil er skielk in nij spultsje sette litte, sil er boer wurde kinne. It bliuwt lykwols by dreamen, want Eelkje rekket al rillegau swier en de âlde heit is it geefste al lang ôf. Dêrom weddet Têke op syn âldste en iennichste soan Harrem. As de jonge noch in foech beukerke is, lit Têke him al yn de hurde kluten omklauwe. Harrem is lykwols net ien foar it gerniersbedriuw, eins doocht er nearne foar. It giet by Harrem yn alles wat er docht om himsels, hy wol oeral better fan wurde. Yn 'e oarloch kin en wol er net foar in partij kieze. Hy fret fan twa wâlen oant it ferset him, neidat er Joadske ûnderdûkers ferret hat, nei de oare kant fan de Styx ferbant. Têke moat der sels wer plat foar, hy hat gjin inkelde hope mear, hy fielt him allinne litten fan syn neisten dy't er nea as syn bruor- | |
| |
ren en susters behannele hat. Eefkes lôget syn langstme nei in swider bestean op as ien fan syn dochters in stelt op 'e kast krigen hat. De jonge Efy Bosma kin skielk it spul fan pake oernimme en opbouwe ta wat gruts. Mar de hope hat alwer om 'e nocht west, de jonge sil nea op 'e klaaikluten omkrûpe, de skoalle sil him in bettere takomst jaan.
In oar wichtich ûnderdiel fan de roman is in libbensbeskriuwing fan Tilly, in Fryske skriuwer dy't yn de lette maityd fan 1938 yn Fervet berne is. Hy is de jongste út in húshâlding fan trije jonges en ien famke. De heit fan Tilly, Riemer, is boere-arbeider en kin troch de deunens fan de grutte boeren en de minne ekonomyske situaasje fan de tritiger jierren mar mei lijen de húshâlding sêd iten jaan. Net earder as nei de oarloch wurdt it wat rûmer yn de arbeidershúshâlding. Tilly syn heit hat lykas Têke Módderklauer ek in dream. Hy hat altiten krûm lizze moatten foar it deistich brea, mar syn bern sille it mei minder gebeulich fertsjinje.
Tilly syn âlden en syn âldste broer hawwe foar in wichtich part bydroegen oan it lokkichwêzen fan de jonge Tilly. De moaie en smûke plakjes fan it doarp hawwe dêr ek in wichtige bydrage oan levere. De Tilly-fan-no hat lykwols neat mear yn Fervet te sykjen: de minsken dy't er leaf hie lizze te hôf en de ynfrastrukturele modernisearring hat Fervet fernield. Der is neat mear fan de berneen feintejierren werom te finen, it bliuwt by oantinkens, sa is it en net oars. Wis, Fervet wurdt detaillearre beskreaun, mar de skets fan it fernielde doarp is mear as in byld fan it ferstoarne ferline fan Tilly syn doarp. Men sjocht tagelyk de ferfleine smûkens fan jins eigen doarp út 'e bernejierren foar jin. De roman krijt dêrtroch in mearwearde en dy leveret in wichtige bydrage oan de monumintalens fan de roman.
It tredde wichtige ûnderdiel fan De Reade Bwarre is de beskriuwing fan de skiednis en it stelsel, de begjinsels fan de religieuze streaming it ‘Bwarrisme’. It Bwarrisme is fûndearre troch de reade boarre Boldgrim, dy't yn de twadde helte fan de fyftjinde ieu libbe, en syn ideeën binne útprofetearre troch syn feint Grimbold, de profeet dy't lykas de Bibelske profeet Eliza by it wurk op it boulân weiroppen wurdt om it wurd foar hiel it folk te ferkundigjen. Ut de beskriuwing fan it dwaan en litten fan profeet Grimbold kinne wy opmeitsje, dat it wurd fan Boldgrim perfoarst net in bliid boadskip is. Wa't it Bwarrisme oanhinget, wit net wat rjochtdwaan is, dy besiket allinne mar om alle brij yn eigen skûtels te heinen. Skuonmakker Floares mai de Bult hat it non-evangeelje fan Boldgrim om 1550 hinne opskreaun. Nei 1640 wurdt de ‘Reade Bwarre’ konsekwint mei kapitalen skreaun.
De haadstikken oer it Bwarrisme steane op
| |
| |
ien útsûndering nei yn de earste helte fan De Reade Bwarre; der wurdt oer it Bwarrisme fan nei de santjinde ieu amper wat skreaun. Dat is terjochte en net tafallich sa. Nei dy tiid is it Bwarrisme as selsstannige streaming ophâlden te bestean, it hat him sûnt doe rûnom nestele. It ferrifeljende dêrfan is, dat it Bwarrisme net mear werom te kennen is. Dêrtroch is it in ûnbestriidber fenomeen. It histoaryske ramt dêr't it Bwarrisme yn De Reade Bwarre yn set is, is likemin tafallich. De iepenbiering fan Boldgrim en de staljouwing fan it Bwarrisme spylje harren ôf yn in wichtige tiid fan de skiednis fan it Protestantisme, it Kristendom en de tsjerke fan Fervet en omkriten. De skiednis fan de tsjerke nei it ferskinen fan de Statenvertaling yn 1637 krijt yn de skoalboekjes fan de twintichste ieu ornaris net folle omtinken mear. De herfoarme master Fokke Riemersma hat Tilly en syn klassematen grif net folle mear ferteld as wat yn de skoalskiednisboekjes stie. Wa herfoarme fielt him derta roppen om de bern it hoe en het fan de Ofskieding en de Doleânsje te ferdútsen, wa sil him bekroadzje om de grifformearden dy't de iennich goede tsjerke de rêch takeard hawwe, wa sil it net iens wêze mei it otterdoks herfoarme âldwiif fan Fervet dat de grifferkearden yn De Reade Bwarre ‘de afgeskeiden sekreten’ (s. 154) neame mei?
It neamen fan it kristendom yn it ramt fan it Bwarrisme is rjochtfeardige, want wa't kennis nimt fan it evangeelje fan Floares mai de Bult en it dwaan en litten fan de Bwarristen, moat ta de konklúzje komme, dat Riemersma in knappe ferliking mei de Bibel en de tsjerke en it kristendom makke hat. Hy hat der net foar keazen om op te neamen wat oan de Bibel en de tsjerke en it kristendom skilt, mar hy hat misstannen lykas eigenikkigens yn kristlike fermiddens oerbrocht nei syn optocht Bwarrisme. Dat is in fynst, want troch in bekend boadskip - der gappet no ien kear in gat tusken lear en praktyk fan it kristendom - oars as wenstich te ferpakken, falt it namste better op, komt it boadskip namste better teplak. Men wurdt as lêzer mei de noas op de misstannen yn it Bwarrisme drukt, men kin der net omhinne, en stel fêst dat Hear Boldgrim de skientme op 'e buorden set. Men moat wol sizze: ‘Boldgrim syn noarmen en wearden kinne uzes net wêze.’ Tagelyk moat men ta it ynsjoch komme, dat de praktyk fan it kristendom op 'e helling moat, dat ús maatskippij him ûnder doktershannen stelle moat, dat wysels mar ris oan de medisinen moatte.
Yn it lêste haadstik fan De Reade Bwarre komt it Bwarrisme noch ien kear as in soarte fan apokalyps - de Bibel slút ek mei in apokalyptysk boek - werom. Dêryn komt in grutte smite fan de persoanen dy't yn de roman beskreaun binne werom. Hja wurde alle- | |
| |
gearre troch Boldgrim roppen, dea of libben, elk moat yn de lange rige fan Ferveters, Baintemers, riken en earmen, mei nei de tsjerke dêr't Tilly sneins middenmank de fromme herfoarmen siet, dêr't Tilly syn mem de riken de eagen útstiek troch foaroan yn in hokjebank - dy't neffens tradysje net foar arbeiderslju ornearre wie - te sitten. Nimmen kin derfoar wei, want foar Boldgrim is elk gelyk, Boldgrim makket gjin ûnderskie lykas de God fan Abraham, Izaäk en Jakob ienris neffens de Bibelskriuwers al dwaan sil. Nee, foar Boldgrim jildt mar ien wet: der bliuwt net in rêst oer, want elk is gelyk. De lêzer fan De Reade Bwarre wit fier foar de oardielsdei fan Hear Boldgrim al lang, dat elk like ferkeard is, der binne gjin goeden, it minskdom bestiet út Bwarristen, út Modderklauwers dy't harren útlibje yn moddersmiten. Nee, gjin inkelde goedenien? It nijsgjirrige is, dat yn de lange list fan útferkarden fan Boldgrim Tilly syn heit en mem en syn broer Villem net neamd wurde. Wa't de stikken oer Riemer en Griet lêzen hat, sil it ek net fernuverje, dat se net yn it Boek fan in kweasiedzjende God skreaun binne. Mar dochs, de grêven fan it Ferveter hôf moatte allegearre iepen: ‘En no jimme deaden, jimme oere is kómmen, brek út jim kisten en ûnder jimme sarken vai. Ston óp jim strampels os jim dy noch havve en os jimme ta stof en maude fergien binne, vynderje don óp ús ta en slút jimme oan bij de vettergasten. Ek jimme, dyt ywenlyn [lês?: ywenlang] ûnder de tsjerkeflier bedóbbe vest havve,
kóm harren’ (s. 495). Hoe sit it mei Tilly sels? Hat hy ek in pûdsje mei boarrekloaten om 'e nekke te hingjen? Neffens ien fan de kopijskrjowers moat perfoarst net útsletten wurde, dat Tilly it Bwarrisme ek oanhinget. Dy setbaas fan Tilly hat it by it rjochte ein, want Tilly ferret himsels yn de ‘Epyloog’. De earste trije boeken dy't de roman befettet, binne yn opdracht fan Tilly de Tillefoanist skreaun troch in mennich kopijskrjowers, mar de ‘Epyloog’ betrout einredakteur Tilly harren net ta, dy skriuwt er hielendal sels. Hy skriuwt yn de ‘Epyloog’ oer Boldgrim as syn Hear: ‘No bûûgt Tilly him djip yn ut stof en freget syn Hear Boldgrim óm stype’ (s. 488). Tilly is dus ek Bwarrist!!
By einsluten jout Boldgrim it kommando om Fervet út syn lijen te heljen. Fervet is ommers siik, Fervet is it Fervet net mear fan Tilly syn bernejierren, Fervet kin net mear bestean, om't Fervet fernield is.
It lêste, ferrassende haadstik is in treflike gearfetting fan de hiele roman. It moaie Fervet bestiet net mear, en oan de iene kant is dat spitich, mar oan de oare kant is it neat net slim dat de tiid en it oardiel fan Boldgrim oan de winnende hân binne, want yn Fervet huze gâns ûnrant. Der wennen rike grifformearde boeren, dy't de arbeiders leafst
| |
| |
ferrekke lieten, guon stielen de pot foar in oarlochsmonumint leech, oaren platten de pel allinne foar de eigen wille en hienen gjin omtinken foar de neiste, of better de ûnderste. Koartsein, it stonk yn Fervet fan de Bwarristen.
Neist de trije wichtige ferhaallinen komt de Fryske Beweging mei syn foaroanmannen ek yn De Reade Bwarre foar. Wy kinne lêze fan J.M. van de Goot, E.B. Folkertsma, Daue Kalma, Doede Haaies de Vries, de haadpersoan fan de bekroande roman De Wuttelhaven del fan Steven de Jong, D.H. Kiestra en oaren. It giet om mannen dy't foar de oarloch as ien man lykje te striden foar Fryslân, mannen dêr't greidboer Vypke en syn feintsje Harmen Bosma heech by op sjogge. Mar it bliuwt by skyn, want as de Hitler-ideeën hjirre buorkundich en yn praktyk brocht wurde, geane de bewegingsmannen net mear ienriedich itselde paad, en brekke se de ied fan trou dy't se elkoar omtrint mei de hannen rêstend ûnder elkoarrens heupen yn de Jorveter boppeseal sward hawwe.
Gauris binne de stikken oer de Beweging humoristysk fan toan en ynhâld. Dêrachter is hiel dúdlik wat te fernimmen fan fine irony en in distânsjenimmen fan de Beweging. Der klinkt in boadskip yn troch fan: de Beweging hat de slach ferlern mei troch skeel yn eigen fermidden. Men heart Fedde Schurer ek hieltyd op 'e achtergrûn lústerjen dat de bining ferbrutsen is. Tilly nimt yn De Reade Bwarre distânsje fan de Beweging, de mannen kinne om him allegearre wol nei it hûs fan de grutte almachtige, it hûs fan Boldgrim laat wurde. Troch de humoristyske, bytiden hast healwize beskriuwing fan de bewegingslju winne de haadstikken oan krêft. De oerdriuwing soarget derfoar, dat de lêzer op in nije wize op 'e feiten, of eins better op in fyzje op de feiten oangeande de Beweging wiisd wurdt. Dêrmei krije wy itselde effekt as wat ik hjirfoar al neamd haw mei it each op de kritisearring fan de praktyk fan it kristendom. Men wurdt der op in noflike en tagelyk treflike wize ta twongen om ûnder en nei it lêzen fan De Reade Bwarre oer de realiteit, de maatskippij, de tsjerke, it kristendom en de Fryske Beweging fan ús ieu nei te tinken. Riemersma skriuwt oer en referearret oan profeten en hy hat de gek mei harren. Eins hat er de gek mei kollega's fan himsels, want hy is yn De Reade Bwarre sels in profeet, in profeet dy't fan it kluterige Klaailân wei it folk in jobstiding bringt: ‘De skientme is ferboelguodde, de faaiens en fredeloazens hawwe it pleit woan, bekear jimme ta it heil.’
Dat wol net sizze, dat de profeet syn perikopen allegearre frij fan apokrivens binne. Tilly hat al oankommen sjoen, dat de kritisy sizze sille dat guon parten minder relevant
| |
| |
binne: ‘Se [de kritisy] hifkje de relevônsje fon 'e greep dyt de skrjower út 'e verklekhyd dien hat: is dut un nijskjirrige stof? is dy epysoade vichteg? bljoot dot aspekt net tefólle yn ut tsjuster? vêróm vurt dy relaasje net lain? hie dy fyguer net better sintraal stean kinnen?’ (s. 309). Der komme yn de roman neffens my yndie minder wichtige episoaden foar. Fan en ta komme der refleksjes op it skriuwen fan in roman en De Reade Bwarre foar. Dy hienen om my der wol út kinnen, om't se yn it konsept fan de roman te min ta de saak dogge, se wurde der tefolle by sleept.
De relevânsje fan it haadstik ‘De Jeropeeske Mienskip’ is likemin grut. Yn dat haadstik wurdt beskreaun hoe't yn ús ieu de Europeeske katten besocht hawwe om harren te organisearjen, mar troch ûnderlinge ferdieldheid, wurdt it mei it organisearjen net folle. De Europeeske minderheden hienen hope om mei in organisaasje binnen de mienskip jern te bespinnen, mar: ‘Oan 'e healvize namme vie al te sjen dot dut óp strónt útdraaie mwast’ (s. 392). De folksbewegingen út minderheden steane yn dit haadstik sintraal en it ferbân mei de stof oer de Fryske Beweging is maklik oan te jaan. Der is ek hiel dúdlik in relaasje tusken de ynhâld fan it haadstik en Tilly syn Ferveter oantinkens en syn heite fyzje op de hegerein. Ta ferlyk nim ik it neikommende sitaat út it haadstik ‘Fon va is hij ien?’ oer. ‘Ut ferhûûddûkjen fon minsken laat dur óp 'un doer oltyten ta dot dy minsken harsels begjinne te ferhûûddûkjen en dot se har agresje rjóchtsje óp harsels en har lotgenoaten, nèt óp har ferdrukkers. Dot sjugt mun bij lytse fólken, klossen, rossen en grûpjerringen, sels bij frôlje en hûnnen sjugt mun dot’ (s. 396). Ek al is der in relaasje tusken dit haadstik en oare haadstikken oan te wizen, dochs misstiet it ferhaal oer de katten de roman, om't de kar foar de wize fan beskriuwen fan de problematyk fan de minderheden yn Europa te ynsidinteel, te tafallich is. Men komt ien kear de katten yn De Reade Bwarre tsjin en net wer. As de katten funksje hawwe sille hienen, hienen se har faker yn de roman oppenearje moatten. Sa't it der no mei de katten hinne leit, hie it haadstik ‘De Jeropeeske Mienskip’ der wol ut kinnen. It weilitten fan in hiel haadstik hie al gefolgen hân foar de makrostruktuer fan De
Reade Bwarre.
Yn it foargeande haw ik al wiisd op parallellen tusken de Bibel en de roman. Yn de struktuer fan De Reade Bwarre komt hieltyd it hillige Bibelske getal trije foar. Der sitte trije haadlinen yn de roman, dy fan de Módderklauers, Tilly en it Bwarrisme. De stoffe wurdt ferdield oer trije boeken, de boeken ‘Kotaaien’, ‘Kottekwea’ en ‘Kottelibben’. Elk fan dy trije boeken hat in omfang fan krekt mear of krekt minder as 150 siden.
| |
| |
It nijsgjirrige en tagelyk knappe fan dit gehiel is, dat de ‘Epyloog’ mei syn 50 siden it tredde part fan de grutte fan in boek is. Om ta sa'n ‘hillige’ trijedieling te kommen, hat Tilly, de gearfandeler en einredakteur fan de kopij fan syn skriuwers, grif konsesjes dwaan moatten oan de ynhâld fan de roman.
Alle trije boeken hawwe seis (2 × 3) haadstikken; de ‘Epyloog’ hat wer it tredde part dêrfan. Meielkoar binne der 63 ûnderhaadstikken. Yn dat oantal sitte twa hillige Bibelske getallen. 7 × 3 × 3! De trijedieling hie yn de yndieling fan de haadstikken eefkes konsekwinter trochfierd wurde kinnen, want fjouwer haadstikken foarmje in útsûndering op de regel dat de haadstikken trije ûnderhaadstikken hawwe. Riemersma hat him hjir net ûnder it twangjûk fan in Van der Goatsiaansk of KFFB-esk rezjym fan in tabemetten rûmte steld, en dat is winst, want de ûnderhaadstikken boppe de wenstige trije drage al by oan it konsept fan de roman.
Riemersma hat derfoar keazen, om de ûnderskate ferhaallinen net yn blokken yn de roman op te nimmen; se binne yn parten ferknipt en op in logysk plak yn de roman telâne kaam. Sa wurdt yn it earste boek ‘Kotaaien’ ferteld oer it oanbegjin fan it Bwarrisme en de pree- en iere postnatale jierren fan Harrem en Tilly. De kattekweaen kattelibbensjierren fan de lêste twa stean respektyflik yn it twadde en tredde boek.
It is Riemersma ek hiel knap slagge, om yn de mikro-struktuer relaasjes tusken de ûnderskate ferhaallinen oan te bringen. It resultaat dêrfan is, dat de roman in hecht bouwurk woarn is.
Utsoarte is it sa, dat men fan alle literêre wurken ferwachtsje mei dat de ûnderlinge dielen oantoanber ta elkoar yn relaasje steane. De ienfâldichste folksroman mei der ek op ferge wurde dat it by einslúten in som fan in mennich dielen is, mar in roman lykas De Reade Bwarre dy't troch in komplekse struktuer heech ynset, gâns pretinsjes hat, mei namste mear ferge wurde op in geef en hecht resultaat. Dy gevens en hechtens falt jin oanienwei ûnder it lêzen fan de roman op; benammen by in twadde lêzing giet der in wrâld fan dwarsferbiningen foar jin op. Ik neam in mennich út it grutte tal dat ik fûn haw.
Harrem Bosma hat as jonkje al rûch praat. ‘Ut vie altyten fon dot kop-kónt-en-beolegpraat mai Harrem, hij koe amper trije vudden seze of dur vie vot ónfûûgs bij’ (s. 127). Tritich siden fierder lêze wy dat einredakteur Tilly fan syn heit seit dat er [...] kanker troch de hele beoleg (hie) [...]’ (s. 157). Tilly mei dus wol oer Harrem syn styl.
Nei it ferhúzjen fan beppe Richt rêde de Modderklauers de bringst yn de gernierspleats oan de Mûndersloane op. Eefkes
| |
| |
earder yn de roman wie Tilly ‘[...] mai twa ómkesezers dwaande ut hok bij ut ôderhûûs leeg te klauen’ (s. 153) neidat syn mem ferstoarn wie.
Tilly-en-dy hawwe yn harren needwenning in buordpapieren skiedingswand om by de slieperij dochs wat privacy te hawwen. By Têke yn 'e hûs wurdt der rekken mei hâlden, dat der sa'n ôfskieding oanbrocht wurde moat: ‘Dur mwast in ôskieding kómme, bijneed mai lotten en bwódpepier [...]’ (s. 173). In tige nijsgjirrige oerienkomst tusken Harrem en Tilly is, dat se beide yn de maityd fan 1938 de wrâld yn geane: Harrem giet dan nei Tritsem om by Vypke it (greid)boerefak te learen; Tilly wurdt yn deselde tiid ynskreaun yn de boargerlike stân.
Evangeeljeskriuwer Flores mai de Bult behellet syn masterstitel yn it skuonmakkersgilde as er 21 is; Tilly sil ek 21 west hawwe doe't er mei ‘master’ oansprutsen wurde mocht.
As Harrem ienkear by Vypke wennet, jout er him yn it doarp op foar it fraachlearen en de jongelingsferiening. Yn dy tiid begjint er fraachtekens by it leauwe te setten. Op in gearkomste fan de jongelingsferiening moat de útferkiezingslear it ûntjilde: ‘Mun viste ómmes net ot mun útferkard vie, dot mun koe ek ol min bliid vêze. De kôns bestie doch ek dot mun fon God fersmyten vie?’ (s. 246). Yn it haadstik ‘Undergeast en bóppegeast’ wurdt ferhelle fan de striid yn it Bwarrisme tusken lju dy't it ûniens binne oer dyselde predestinaasjelear. Tilly hat ek mei deselde problematyk wraksele. Linkenwei hat er dy lear fersmiten. ‘[...] Luther (hie) ónjerre dot mun net óp grûn fon juns dwaan en litten, mar óp grûn fon juns ljowe beoardeeld vaar. Dot hat un ferskriklek stómme streek fon Luther vest, vont ut loskeppeljen fon ut tsjinjen fon god fon ut tsjinjen fon 'e minsken betsjutte un frijbrief fwar asoasjaal honneljen. Sónt Luther koe mun un smjunt en un rotsak vêze en lykvóls un pópke fon god’ (s. 279-280).
Wa't net in ûnbekende yn de Fryske literatuer is en mei in (nije) roman fan Riemersma begjint te lêzen, wit by foarrie dat it boek flot te lêzen is. Riemersma stiet ommers bekend as in treflik stilist. Yn De Reade Bwarre libbet er him ek wer alhiel út yn de taal, syn eigen Ferwertersk dialekt, teboeksteld yn syn eigen stavering.
Mei troch syn stilistysk keunstnerskip kin Riemersma minsken fan papier meitsje dy't folslein echt binne, dy't men as lêzer rinnen sjocht, dy't men praten heart. De wurden dy't Riemersma greidboer Vypke yn 'e mûle leit binne natuerlik, echt. Ik jou ien foarbyld. ‘Ik vól even kóntroleare ot ur jo net tefyter hôn hat, Harmen. Hij hat fonsels daleks fernómmen dot ut un oare hôn vie dyt him
| |
| |
mólk. Matte jo sjen, sjóg, sjógrus oan! Dêr komt it lêste los!’ (s. 230).
Riemersma hat wòlris fergetten om tidich op 'e rem te drukken, want der komme fan en ta passaazjes en opmerkingen yn de roman foar dy't de flauwe kant it neist binne. Sa set bygelyks it twadde haadstik fiif ‘Tilly dógt un bûkje óp’ frijwat eamelich útein. Op side 139 docht de passaazje oer de aktiviteiten fan it NS-ûnderhâldspersoneel amper ta de saak. Op 'e siden 162, 165 en 166 hellet er trije kear de Farizeeërs oan as sensurearders fan it Bibelboek Preker. Trijekear nei byelkoar is te folle fan it goede en wurdt flau. De opmerking dat ierdkarren der net mear binne yn de sin ‘Hût dot [it omfoarmjen fan “ierdkarre” ta “karre-ierd” troch it wurd faak en hurd achterelkoar út te sprekken] kin, vit Tilly net, dot soe un taalkundege rus útsykje kinne, ólhûvól, fólle doel hat ut net, vont jidkarren bin dur net mear’ (s. 266), hie om my wol skrast wurde kinnen.
Riemersma hat syn eigen stavering foar kar naam. Hy kin dêrmei syn Ferwertersk dialekt better benei komme as mei de offisjele Fryske stavering. De roman wurdt dêrtroch autentyk, oan alle kanten en einen ‘Ferwert en omkriten’. Hy beheint him lykwols net ta it Dongeradielsk. Hy lit bygelyks de greidlju ‘Fryske’ sizze, wylst er it sels op ‘Frieske’ hâldt. ‘Dûmny’ en ‘doomny’ komme beide neistelkoar foar. Mei it foarkommen fan de beide njonkenfoarmen ‘vie’ en ‘vji’, doetiidsfoarmen fan it tiidwurd wêze, liket er my de taal fan syn heit èn syn mem earje te wollen. Ut de roman kinne wy gewaar wurde, dat Riemersma syn kar foar syn eigen dialekt en stavering earder prinsipieel as praktysk is. Hy kiest foar solidariteit mei de groep dêr't er by heart en yn literatuer hoecht sa'n kar gjin inkeld beswier te wêzen.
It is my opfallen, dat Riemersma yn De Reade Bwarre in master is yn it beskriuwen fan wat yn de kopkes fan bern omgiet. Hy set beukers del fan fleis, bloed en geast. Ik wiis hjirre op de beskriuwing (s. 104 e.f.) fan de moedtastân en tinzen fan de fiifjierrige Harrem, dy't mei syn heit, de berneboal, de modderdoop ûndergiet.
Mei de parten oer Tilly syn heit en mem komt Riemersma ta in grutte hichte fan beskriuwingskeunst. Men kin sûnder oerdriuwen sizze, dat tanksij Riemersma twa ienfâldige, mar grutte Ferveter arbeiderslju, ferivige binne mei in granytstiennen taalmonumint, in monumint dat in eareplakje op it Ferveter Frijhôf fertsjinne hat, in monumint dêr't de rike Ferveter skevels de hoed út earbiedigens foar ôf hearre te nimmen. Mar it binne net allinne Tilly syn âlden dy't krekt troch de beskriuwing fan harren sterke èn swakke punten, har minsklikheid, sa sterk yn de roman libje. Riemersma hat oaren likegoed beskreaun lykas se binne. De Módder- | |
| |
klauers, it binne lju fan it klaailân mei harren eigen aard en oanlis. Elk fan de Bosma's-húshâlding is tekene, de ferskillen en de oerienkomsten tusken harren binne hierskerp troch Riemersma op papier set. De eangst foar ferrie en skande dy't by de Joadske ûnderdûkers libbet, makket Riemersma mei syn pinne ta de eangst fan de lêzer. Grimbold en Flores mai de Bult, it binne absurde figueren, mar yn al harren absurdens en oerdreaunens binne se echt en bliuwe net yn in mennich tsjûkbeprinte bôgen stykjen. Ik leau, de skepper fan De Reade Bwarre is yn de beskriuwing fan minsken grut troch it gewoane, troch dat wat elk werom ken, op papier te setten.
Yn de ‘Epyloog’ kin Riemersma it net litte en gean noch eefkes op de staveringsstriid fan foar 1980 yn. Hy sjocht it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân as de kweagenius achter de Steatestavering. Tilly hat noch al eefkes op oantrún fan syn útjouwer besocht om subsydzje foar De Reade Bwarre te krijen, mar allegearre om 'e nocht. Hy rint stomp op in amtner dy't hannelet neffens de letter fan de wet. It ferrassende is, dat dy amtner de oerwoanne soan fan Saepke Bosma is. Tilly krijt dêrom net allinne nul op it rekest om't er de dwarse kop derfoar hâldt en net yn de Steatestavering skriuwe wol, mar ek om't er oer amtner drs. Efraïm Bosma syn mem skreaun hat. Tilly kin dan by einsluten net oars en set de stikel ‘Utjûn sónder stype fon 'e Provinsje Fryslôn’ yn de roman.
De Reade Bwarre is der kreas, mei in bytsje setflaters en dochs noch goedkeap kaam sûnder stipe fan de kultuerwarders fan it Provinsjehûs. It moat Bosma muoie, dat er him net sterk makke hat foar in subsydzjetakenning. It hie him grif in fikse promoasje nei Lânbousaken opsmiten sadree't syn superieuren te witten kaam wienen, dat mei tanksij syn ynspanning de Fryske literatuer ferrike is mei de roman De Reade Bwarre.
|
|