Jan Dotinga
Wurden foar histoarje
Doe't ik my in jier as wat lyn ferdjippe yn Geschiedenis van Friesland (J.J. Kalma e.o. 1968) begûnen preehistoarje, Romeinske tiid en kerstening om te spanen yn myn tinzen. Dan moat der wat mei dien wurde. Yn in taalferbân bringe wat oanrikt wurdt út in fier ferline. Besykje wat oan geheim en fernuvering oanwêzich is op te roppen yn lûden. Mear en oar materiaal waard oantúgd út de Encyclopedie van Friesland (J.H. Brouwer e.o. 1958), de Skiednis fan Fryslân (D. Kalma 1935), út Fryslâns Forline (H. Twerda 1969) en De Aldste Kultuer yn de Sân- en Feankriten fan Fryslân (P.C.J.A. Boeles 1930).
Yn deselde snuorje lies ik de Canto General fan Pablo Neruda (Rainbowpocket 1988). Yn 1979, twa jier foar syn ferstjerren, krige de ferneamde Sjileenske dichter de Nobelpriis foar syn sântûzen siden fersen, om't er, neffens it sjueryrapport ‘yn syn poëzy mei de drift fan in elemintêre krêft it lot en de histoarje fan in kontinint ta libben wekt’. Syn Algemiene Sangen hat er skreaun, doe't er as kommunistysk foaroanman yn 1948 en 1949 ûnderdûke moast yn it suden fan it lân foar it diktatoariale rezjym. Neruda koe as diplomaat de skiednis fan Súd- en Midden-Amearika. Hy hie yn de tritiger jierren syn lân as konsul fertsjintwurdige yn Súd-Azië. Yn deselde funksje makke er yn Spanje de boargeroarloch mei. Hy waard kommunist, woe út dat polityk ynsjoch wei it folk rjocht dwaan. Yn dy ûnderdûkerstiid learde er it folk yn syn earmoede en gruttens kennen. Yn dy jierren wie de natuer him neier as ea. Hy learde geduld te hawwen, te wachtsjen. Hy beskikte oer de tiid om nei te tinken, om te formulearjen wat er seach, fielde, meimakke, wist. Sa waarden syn sangen hertstochtlike leafdeslieten oer de natuer fan Latynsk Amearika.
Yn de Canto General beskreau er de wrâldferoverers de iene kear mei bitter synisme, de oare kear mei felle woede. Syn hert kloppet fûl yn de taalmonuminten dy't er foar de frijheidsstriders boude. It measte meifielen leit yn de beskriuwing fan it hurde libben, dêr't de arbeiders yn de koperminen harren ûnder deljaan moasten.
Syn fersen tille op fan bylden, benammen yn de natuerbeskriuwings. Se litte in barokkens sjen, dêr't gjin ein oan komt, in oerdied fan metafoaren. Te uzes hie Sjoerd