Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 54] [p. 54] Jan Dotinga Oant it wêzen brekt Dit wachtsjen is alles: Sjochst oant it sear docht, harkest djipper as de stilte. Wurdste dôf fan alle fielen, priuwst it libben oant net mear fernearen. Hast dyn ein neamd: Dyn wurden binne ronfels, dyn hûd ferdroege taal. Ik sjong it kleiliet fan de ûntblêde tún. Nocturnes gûle om dyn ferfal. Efkes speeglest mei fersinnen: Wûnders binn' de wrâld net út... Mar as de stream stagnearret en it sop gjin piid mear hat? Lidden wurde ûneigen foarmen. Wat de ierde stal joech wol werom, it foarmleaze yn. [pagina 55] [p. 55] Wurden dêr't om frege is, nimme ta yn werklikheid. Sinnen sykje en libje oant it wêzen brekt yn sliepen, dreamen, dea. Lit der Ljocht wêze o Ivige, lit wurden los foar nij begjin. Vorige Volgende