men sjen as it ûnder wurden bringen fan 'e begearte nei de ferlerne of ûnberikbere leafste. Yn 'e twadde strofe sjocht er ûnder eagen dat it sa net langer kin, dat er sjen moat om derút kommen. De konfrontaasje mei syn leafste doart er lykwols yn 'e tredde strofe net oan (it swarte gat net yngean wolle). Realisearret er him dat de kombinaasje leavje en stjerre in ûnmooglikenien is? Tusken heakjes, dat is typysk wat foar romantisi. Ferlykje bygelyks it motyf fan 'e seemearmin. De lêste strofe kinne wy sa lêze: de rein fan 'e nacht (is: Hades) bringt him pynlik it ferlies of de ûnberikberens fan syn leafste yn 't sin, ja, alles (dêrmei anneks?) wat er net betinke woe.
Yn de twadde rige, ‘Folslein dysels’, hawwe de fersen in tradisjonelere ferpakking as yn 'e earste rige. Foar de helte giet it om sonnetten. De oare fersen hawwe meast strofen fan fjouwer rigels. En der is rym.
Yn it titelfers op side 30 sjogge wy nochris it ferfrisseljen fan in mytologysk motyf mei de wurklikheid. De do-persoan dy't by it rut sit te spinnen, de tried ferrinne lit en ôfbrekt, dy't him sa op trije wizen manifestearret, kin ferlike wurde mei de trije skikgoadinnen. It is de do-persoan dy't de toutsjes yn hannen hat fan it lok en it libben dat de do- en ik-persoan meiïnoar diele. It is de do-persoan dy't úteinlik de tried trochknipt, de bining ferbrekt, sis mar, de ferhâlding útmakket: ‘It momint is salang as dyn oandacht / ús byinoar hâldt’ (r. 5, 6). Nei't de ik-persoan earst fertwivele útroppen hat: ‘It kin net ferdwine’ (r. 6), wit er ta syn treast dat ienris in oare do-persoan op 'e proppen komme sil: ‘De klosse bliuwt bewarre yn de nacht, / in hân as dines sil him wer ûntwine’ (r. 7, 8). Klonk yn 'e earder besprutsene fersen noch in hoop op werieniging of berikberens, hjir sjogge wy dy hoop definityf ferlern gean. De ik-persoan sil nea wer wat mei de do-persoan diele, dy is no folslein him- of harsels.
Fierders komme foaral yn 'e twadde rige fersen foar mei natuerympresjes (bgl. ‘De dyk’) en mei nostalgyske oantinkens oan 'e bernetiid (bgl. ‘Boartsje by de beek’, ‘Ekspedysje op Skylge’, ‘Thúskomst’) of oan pake en beppe (‘Beppe’, ‘Hûs’, ‘Pake’), fakentiids mei in mankelyk flueske deromhinne. Soms rinne dy fersen út yn djipsinnich oandwaande slotrigels, soms ferwurdzje se in autentyk oandwaand libbensgefoel. It aardichste fers fyn ik it sonnet ‘Frijút’ op side 34. Dêryn wurdt it dichtsjen oer 'e natuer relativearre. Bedobbe ûnder skientme (‘De blossems fan de parrebeam bin' wyt’, r. 3, 8) dy't men samar fergees taparte kriget, freget de dichter him ôf wat er dêrmei oan moat yn ús tiid (‘no't rûnom it geweld syn gong mar giet’, r. 6). Wat moat er weromjaan foar dy skientme? En kin men eins noch wol