Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 46] [p. 46] [Nummer 2] Tsjits Peanstra De nacht I Wês no hiel stil, dan kinst it dúdlik hearre, ús heit syn rinnen mei dy swiere gong it stampen fan syn brede plompe fuotten bûkjen op hout, dêr't net in ein oan komt. Dit lûd is jierren âld en noait feroare, it flústerjen fan mem en dan syn stim alles oerhearskjend yn it sike hûs in wrakseling fan idioate wêzens wêrfan 'k by tafal noch de namme wit dy't my nea nei west hawwe, folslein frjemd. Wês no hiel stil, hoe lang kin dit noch duorje it oerwurk rint tebek, ik bin wer jong hy wynt de klok op yn de lege gong. [pagina 47] [p. 47] II It houlik kreaket yn de koop'ren rêden as hy de klok opwynt, ús mem dy skriemt ik lis myn holle tsjin de kâlde muorre de kjeld lûkt troch it moassige behang. Harkje hoe't er de swiere skuon no útskopt en ûnferskillich falle lit op 't hout ek flokt er rau en wreed in binnenmûls. 'k Fiel wer it taasten fan syn rûge kloeren as hy myn boarsten yn syn hannen nimt ik koarje hast fan pine en fan eangst. ik hear syn azem, aanst docht er it ljocht út wylst ik syn skaad noch yn it tsjuster sjoch it tikjen fan de klok giet altyd troch. [pagina 48] [p. 48] III No binne wy yn de fermôge keamer wêr't it nei kaamfer rûkt en nei de dea myn leafste, moatt' wy hjir tegearre sliepe de klok dy tikket en dy stiket nea. Oft it no augustus is of febrewaris de beien kleurje, 't bûtergieltsje bloeit driging en pine bliuwt in libben lang. Ik kin de dingen amper mear beneame nei jierren ha 'k dêrfoar wurden te min. O, leafste hâld my foar it libben fêst want dizze nacht sil noait in ein oan komme wês no hiel stil dan hearsto hoe't er praat dan witst myn wanhoop en dan fielst myn haat. Vorige Volgende