ynsylden: / De gûchelwrâld giet yn har steatsklean skûl’ (VIII, 13, 14). It deistich barren ferbynt er sa mei it deistige en oardere boargermansbestean. En dêr set er him tsjin ôf. Tsjerke en steat frustearje it djipste ik fan in mins: ‘(..) macht wol neat / as minskene wiere hûd en siel ferswije / en dekt har ta, is 't liif mar efkes bleat’ (IX, 12-14). Hy ferspijt de moaiskyn fan froulju, dy't har klaaie en opmeitsje neffens opleine noarm: ‘De skouders fuld, frjemd oanplakt bylkje titen, / útkypjend wang oertein mei koartsich read’ (X, 3, 4). Hja ferbergje harsels efter in masker. Sa net de dichter: ‘mar ik, heech steande yn simmers keine steat’ (XI, 14). Heech út syn ivoaren toer wei sjocht er dan del op 'e boargerij. Eefkes betinkt er dat se him, de ienling, wolris geweken nimme kinne. Mar hy hâldt de holle koel en past him net by de boargerlike maskerade oan: ‘Dat ik, troch alles hinne steech en dreech, / jo(u) bliid my bleat, ferspij en skaad en skûl’ (XII, 13, 14). Nee, hy stalt syn djipste ik út oan 'e minsken: ‘myn sangen kin 'k fan bûten foar dat doel’ (XIII, 4). Yn syn heechmoed tinkt er dan dat se him wol as in kening ynhelje sille, in heechmoed dêr't er him op itselde nivo as Kalma mei pleatst: ‘(..) sy sill' my koaning kroane / en nei de haadstêd fiere mei gejoel’ (XIII, 5, 6). Mar de wurklikheid is oars. Yn de folta wurdt it folk sprekkend opfierd: ‘Hjir is ús grutte dichter! Dy bêdmiger!’ (XIII, 9). Ynstee fan hege poëzy easket it folk fan de dichter gelegenheidsferskes ‘(..) foarst yn 'e feart / bedarrest (..)’ (XIII, 12, 13). Mei in bytsje fantasy kin men hjir ek in parallel lûke mei Jezus dy't as in kening syn yntocht hâldt en dêrnei troch it folk ferspijd wurdt. Yn it fjirtjinde
sonnet siket er dan mei eroatysk laden wurden hâld by it byld dat er fan Kalma hat: ‘Yn hite hei my oan dyn tors fergripe’ (XIV, 5). Hy freget him ôf oft er Kalma syn poëzy en pretinsjes faaks ferkeard begrepen hat: ‘en as ik dy del dwalend eat fergeat, / straf my der koel foar mei dyn soele swipe’ (XIV, 7, 8). Hoe't it ek wêze mei, de dichter stelt fêst: ‘Dyn glâns hat my út jierren dôvens wekke’ (XIV, 9). Hy wol Kalma syn foarbyld folgje yn pretinsje en yn dichtkeunst mar dan wol mei de folle ynset fan syn hiele persoan: ‘Woest brûzje ik lânnen troch as in rivier, / yn seeskom wer it earste byld ûntdekke: / In blom dy't har ûntjaan wol middeis ier’ (XIV, 12-14).
Yn 'e twadde sonnettekrâns, ‘Ban en boete’, fleant Yedema los, op eigen manneboet. Mei in fitale wjukslach fleant er om in sonnet fan eigen hân hinne. By it lêzen fan 'e earste twa rigels (‘It skaad fan wolken gliidt de heuvels oer, / dan daagje my de bylden lang fergetten’, XV, 1, 2) moast ik oars al fuort oan oare dichters tinke, ynearsten oan de poëzy fan symbolistyske dichters as Van