Trioel
Sybren Sybrandy
Oer blêde- en hegere polityk
Oant twa kear ta brûkt Pieter de Groot it wurd ‘noflik’ yn ferbân mei syn blêd, de Strikel (... in noflik ploechje makket elke moanne in noflik blêd...) neffens it artikel ‘Fryske blêden bliuwe op harsels’ fan Jelma Knol (Frysk en Frij 18/11/92). Dochs hat in redakteur fan dit noflike blêd him in oanklacht fanwege mislediging op 'e hals helle. It hat no gjin doel mear om djip op Bralts syn stik yn te gean. Hy makket him skuldich oan de flater dy't mear al te ivrige faksismebestriders meitsje, dat er gjin ferskil sjocht tusken immen dy't in yn syn eagen ferkearde útspraak docht, Tony Feitsma, en Adolf Hitler. It unike fan Hitler is de holocaust, en dy ûntkent Bralts sadwaande, wat him op syn bar yn rjochts selskip bringt. Hoe nasjonalistysk Fryslân trouwens wêze mei, it is dochs it bêste lân fan de ierde foar allochtoanen, want dy hawwe hjir al sûnt de midsieuwen de bêste baantsjes. Of is sok sizzen ek nasjonalistysk?
Hawar, oer Bralts net mear. Wol oer it feit dat De Strikel en benammen de Ljouwerter krante Frysk en Frij stikke litte. Fan De Strikel kin ik it my noch wol in bytsje begripe dat se net fuort oan in fúzje wolle. Elk blêd wol leafst selsstannich bliuwe, al is de motivaasje fan De Groot dat de redaksjegearkomsten yn De Pauw sa binend binne foar it blêd, wol wat swak. Jo kinne hiel wol nei de kroech ta sûnder yn in redaksje te sitten. It is sels wat omslachtich om dêr in blêd om yn stân te hâlden. Wat is, útsein it plak fan gearkommen fansels, no it útsûnderlike oan De Strikel? Wol in fraach om ris oan 'e oarder te stellen as der werris oer seurd wurdt dat de literêre tydskriften sa op inoar lykje! Mar goed, De Groot dielt de beswieren fan syn baas, wat fansels ek sa heart. Om dy baas giet it úteinlik.
Wat soe mear yn 'e reden lizze dan dat it grutste en rykste blêd fan Fryslân Frysk en Frij mei stipet? Mar sadree't de Provinsjale Parseferiening, útjouwer fan it Frysk Deiblêd, yn de nije stifting foar Frysk en Frij ferskynde, wie it praat foar de Ljouwerterút. De nije stifting wie ynienen besmet. Is it Deiblêd mei syn foech 20.000 lêzers dan in gefaar foar de Ljouwerter, dat út alle macht bestriden wurde moat? En jildt datselde foar it noch lytsere Frysk en Frij? De nearingsikens fan de Ljouwerter, dy't fansels al folle langer bekend is, komt hjir sa neaken oan