| |
| |
| |
Margryt Poortstra
Ofstimme
As de doar mei in klap tichtslacht, sjit de boarstel dêr't se it boerd mei ôffaget har út 'e hannen.
Mei in reade holle stiet Mark achter yn 'e klasse.
‘Mumumyn bôletrompke,’ stammert er. Se knikt en hy rint hastich troch de klasse om it út syn laad te krijen.
Hanne krijt de boarstel fan 'e flier, draait him om en om en sjocht Mark nei. Hoeden docht er de doar achter him ticht.
Se hat, lykas meastal, daliks doe't de bern fuort wienen, de ruten iepen setten. In bytsje frisse lucht yn it benaude lokaal. Hjir en dêr hat se in stoel teplak skood, boeken yn 'e kast setten, skriften op steapeltsjes lein. Alles yn in rêstich tempo, wylst de tinzen har troch de holle jagen.
Se is senuwachtich. No en dan praat se yn harsels. Se oefenet de wurden dy't se sizze sil, de klank, waarm en begripend om neat te fernielen of koart en beslist om gjin risiko's te nimmen, gjin slach om 'e earm te hâlden. Net te swier oansette, tinkt se.
Se sjocht nei har hannen dy't no hielendal ûnder it kryt sitte en leit de boarstel yn it bakje. By de kraan spielt se de hannen skjin en lit it kâlde wetter in skoft trochrinne.
Yn de mienskiplike romte tusken de lokalen rinne noch in pear kollega's. Hanne giet by de bûtenste râne lâns nei de útgong. It is betiid foar har dwaan. Elk wit hoe graach se noch wat neibliuwt yn de lege skoalle. Se sjocht wat wurk nei, leit wat klear foar de oare deis, jout har eefkes del yn it stille lokaal of giet mei in ploechje kollega's noch in skoftke yn 'e middenromte sitten mei in bakje tee, om pas dêrnei de ruten ticht te dwaan, har brot op te krijen en nei hûs ta te gean. Faak genôch is se de lêste en docht se de doar op 't slot.
As it teminsten net de dei is fan de muzykskoalle. Op tiisdei en tongersdei jout in muzykdosint les en giet de skoalle pas tsjin seizen ticht. Har dochter giet der ek hinne, mei de gitaar dy't noch fan har man west hat. Jan spile noch wolris doe't se elkoar krekt koenen, mar it ding stie al gau yn in hoeke op 'e solder oant Afke dermei begong te boartsjen en dêr sa'n aardichheid oan krige, dat se les hawwe woe.
Hanne docht gau in stap tebek as de doar fan it keukentsje iepenswaait. Joukje, dy't mei in teepot yn 'e hân achter de doar
| |
| |
weikomt, sjocht har ferheard oan.
‘Drinkst net in bakje mei?’ Hanne skodhollet.
‘In ôfspraak,’ seit se.
‘Net aaklik wol?’ Joukje is altyd ree om nei de ellinde fan in oar te harkjen en har lange earm om ien hinne te slaan. Hanne moat der net oan tinke.
‘Nee, nee,’ seit se en sjit achter Joukje lâns. Se fielt, wylst se nei har fyts draaft, hoe't se neisjoen wurdt.
Afke kôget op de pinne dêr't se it húswurk mei meitsje sil. Se drinkt in slokje út it hege glês mei kola en sjocht nei de iisklûntsjes, dy't stadichoan lytser wurde. No sit se hjir al mear as in oere en se hat amper wat opskreaun. Hieltyd as se in stikje lêzen hat fan de ynformaasje dy't se foar har wurkstik brûke wol, is se it wer kwyt as se it opskriuwe sil. Se sjocht Marijke foar har, sa't se seach doe't se it har fertelde, hoe't se oan 'e skouders luts, hoe't se lake en hurd fuortfytste, wylst se noch rôp: ‘That's life, Afke de Jong.’
Se hie it altyd al in aaklik bern fûn. Doe't se op de basisskoalle by har yn 'e klasse siet, bleau se altyd by har út 'e buert.
As Marijke de kâns kriich om ien foar gek te setten liet se dy net slûpe, tegearre mei dy tutte fan in Hinke. Rjochter woe se wurde, dat hie se al fan groep seis ôf sein. No, klear wienen je as sy letter mei in swarte jurk en in hammer achter de tafel siet om rjocht te sprekken. Se wie sels sa gemien as wat. Leare koe se wol, it soe har grif slagje om safier te kommen.
Afke byt sa fûl yn 'e pinne dat dy har út 'e hannen sjit. As by in pylk bliuwt de punt yn it papier stean, midden op it lege blêd. Se krijt him op en lit him oer it wite fel glydzje. Grutte bôgen makket se, blauwe, wiete bôgen oer it hiele blêd.
Marijke hat it betocht, se liicht, se hat har peste wollen, se is jaloersk. Har heit en mem binne inkeld noch byinoar om't it foar har heit syn wurk moat. In skieden boargemaster hat gjin moai oanklaaide en opmakke frou mear om mei te nimmen nei iepeningen en feestjes fan de gemeente. Elk wit dat. Wat mient se wol, mei har djoere klean en har kostbere harp, dêr't se fan fertelde dat har heit it swimbad dat se achter hûs krije soene, sjitte litten hie om har oan it skoandere ynstrumint te helpen.
Afkes heit wurket mei kompjoeters. Hy hat gjin harp foar har kocht, mar har syn gitaar jûn. Hy hat har leard hoe't se him beethâlde moat, hoe't se lûd út it ding krije kin. Hy song ferskes foar har en lake as syn fingers it net mear byhâlde koenen om't er it ferleard wie. Sy moast it mar oernimme, hat er sein, en no spilet Afke foar harsels en foar har heit.
| |
| |
In moai ynstrumint is it fansels wol, sa'n harp. En wis, se wie bêst wat jaloersk op Marijke, hielendal doe't se har spyljen seach op de útfiering fan 'e muzykskoalle. It lange, swarte hier hie se oan ien kant hingjen - dêr hie se grif wol in healoere op boarstele - en de harp line op it frije skouder. Hiel lang wachte Marijke foar't se de fingers op 'e snaren lei. It wie deastil yn 'e seal en Afke tocht mei alle minsken om har hinne hoe prachtich dat like, mar doe joech Jikke, dy't letter in gitaarstikje mei har spylje soe, har in stomp en se stuts gau eefkes de tonge út nei Marijke. Jikke hie ek in hekel oan Marijke, en se gniisden tegearre om dat eigenwize bern op it poadium.
As Afke de eagen ticht docht, sjocht se alles wer foar har. Tom, de dosint, dy't it programma oaninoar prate en heit en mem, dy't har grutsk taknikten doe't se mei Jikke fan it poadium stapte. No krijt se ek noch triennen yn 'e eagen. Stomme Marijke. Se skroevet de dop op 'e pinne en skoot de stoel tebek. Hjir kin se likegoed mei ophâlde, it wurdt sa dochs neat. Se rint nei de solder en giet op it krukje achter de muzykstander sitten. Mei de gitaar op 'e skurte stoarret se in skoft nei de blauwe loft achter it dakfinster.
Wie se der no mar wis fan dat Marijke liigd hat. Hoe moat se dêr no achter komme. Se kin Jikke freegje hoe't se it oanpakke sil, mar dat wol se leaver net, want as it no net wier is, wat moat Jikke dan wol net tinke. Fan begrutsjen hat se gjin ferlet, se wol it allinnich mar witte.
Har fingers sykje as fansels de wyskes dêr't se fan hâldt. Afke harket nei it lud fan de snaren en heart de rêstige stim fan Tom, fielt syn hân as er har hâlding feroaret: net sa foaroer, de hân omheech en net de holle nei ûnderen. Se sjocht it grize kroltsjeshier foar har, syn eagen dy't laitsje as it goed giet. Mem kaam it lokaal wolris yn, hiel hoeden, om har net te steuren. Dan gong se achter yn de klasse sitten om nei har te harkjen. Siet se dêr wol om nei har te harkjen?
Afke raamt oer de snaren, it kin har neat mear skele, oft se spilet sa't it heart. Se wol leven meitsje, slaan. Oars sit se hjir aanst in potsje te grinen en dan hat Marijke har sin. Dat krijt se net, want se hat liigd, it is net wier!
Hanne trapet stadich. Se is betiid, it kin wol lije, en boppedat genietet se fan 'e wyn dy't har waarme gesicht ferkuollet. Se hâldt fan de iere simmer yn maaie as de sinnige dagen noch nij binne. Alle winters sjocht se út nei de tiid dat de ruten en doarren wer iepen kinne, de jassen út, as se op bleate fuotten troch de tún rinne kin en nachts de swiere tekkens ôfskoppe. Alle kearen as it
| |
| |
wer maitiid is, as de sinnewaarmte te fielen is ynpleats fan te rieden, begjint it djip fan binnen in bytsje te brûzjen, as wurdt in kearde stream ynienen de frijheid jûn. Dan wol se aventoer, dan makket se plannen, dan stoart se har mei in net te hâlden enerzjy op it wurk, thús likegoed as op skoalle. Nije dingen wol se, oare dingen, aksje.
Hanne wit dat it alle jierren ek wer delbêdet, dat jubelgefoel. As de grutte fakânsje begongen is, is it al wer oer. Dan bestiet it aventoer út in bûtenlânse fakânsje, stekt se har enerzjy yn it keapjen fan lytse dinkjes foar it hûs, yn kuiers mei Afke en it tarieden op it nije skoaljier.
Noait earder hat se har rjochte op oare minsken, nije ferhâldingen. Altyd wienen Afke en Jan om har hinne, it lytse rûntsje fan freonen, famylje en kollega's, de fêste basis, al jierren itselde.
As se omheech fytst, by de dyk op, sjocht se dat it drok is op it wetter. Sylboaten farre stil en steatlik oer de mar, wylst de bûnte lapen fan de sylplanken der hjir en dêr al tuskentroch sjitte.
Juster hat se mei Jan oer it strân rûn, doe't it stil wie, by jûntiid. Se praten net, it soe mar steure, se rûnen rêstich, hân yn hân, en letter sieten se in skoft op in bankje oer it wetter te sjen. Hanne seach in pear kear nei it fertroude gesicht fan Jan, dat glimke as er it fernaam, en op 't lêst kroep se tsjin him oan. Hy lei in earm om har hinne en mei de holle tsjin syn skouder, mei syn bekende rook yn 'e noas en it lûd fan syn hertslach ûnder har ear, wist se dat se deselde jûns noch belje soe.
Fjouwer oere hawwe se ôfpraat. Se sjocht op it horloazje. Se is hast in kertier te betiid by it kafee yn 'e haven. It hinderet neat. Salang op skoalle bliuwe koe se dochs net, en earst noch nei hûs wie de muoite net wurdich. Boppedat wie Afke thús en op de iene of oare manier wie se bang om har foartiid te sjen.
Op it terras siket se in taffeltsje oan 'e râne, ticht by it wetter en safier mooglik by it yn en út rinnen fan de minsken wei. Hy sil har aanst wol fine. Se bestelt tonic mei sitroen, sadat se mei it stamperke piele kin. Se hellet op 't lêst it giele skyfke út it glês en byt derop. De sensaasje fan it soere sop dat har troch de mûle rint lit har eefkes huverje. Alles wat Jan die en sei yn de ôfrûne wiken krige in oare betsjutting. Noait hie se tocht dat it sa'n effekt hawwe soe. Se hie tocht dat se har skuldich fiele soe, dat de ôfstân tusken Jan en har ynienen hiel grut wêze soe, dat se ferlegen mei him wêze soe, net ticht by him wêze woe, mar it wie krekt oarsom. Mei lytse slokjes drinkt se fan de tonic.
| |
| |
De senuwen, dêr't se hjoed oerdei en de lêste oeren yn 'e klasse sa'n lêst fan hie, binne fuortsakke. Se hat se ûnderweis fuorttrape, se binne har it hier en de holle útwaaid. It measte seach se oan tsjin de wurden, it lûdop sizzen, wylst alles hjirfoar ûnder en achter de wurden lein hat.
Noait hawwe se deroer praten. It wie it eachkontakt, it glimkjen, it fuortdreamen ûnder it petear, it gefoel fan ‘lit de oaren om ús hinne mar prate, wy sitte tegearre op in eilantsje’. Wie it ek net de famkesdream, it boartsjen, de spanning?
Hanne lit har achteroer sakje en stekt de skonken nei foaren. De sinne baarnt op har gesicht en se docht de eagen ticht. Hoe lang hat it duorre? In moanne, twa? Se mocht him fuortdaliks. De earste kear dat er by har en en har kollega's siet, hie se him goed besjoen, nei syn stim harke dy't in moai dûnkerbrún lûd hie, en it wie har bybleaun. Wie it nei de earste kear al dat se fan him dreamde, of kaam dat letter, doe't se elkoar al wat langer koenen?
It wie ôfrûne tongersdei nuver stil yn skoalle, as wie it ôfpraat. Gjinien fan har kollega's wie yn 'e buert. Jikke moast nei de toskedokter en Geart heistere yn it hânwurklokaal om, dat koe se hearre, net sjen, mar fierder wienen se allinnich.
Se seach him troch de ruten nei de middenromte rinnen, hy stuts in hân omheech. Doe't se út 'e klasse kaam, siet er oan 'e rûne tafel yn papieren om te sykjen.
‘Wolst noch in bakje?’ frege se, hast wat ferlegen sûnder kollega's om har hinne, en hy knikte.
De keukensêne, tinkt se mei de eagen noch altyd ticht, en se glimket om dat wurd. Hoe faak hat se har de ôfrûne dagen de keukensêne wer foar de geast helle? En hoe faak kamen dêr net oare bylden achteroan? Bylden mei Tom, de aventoerkes, dy't oanfielden as ferbean snobbersguod, net goed foar jin, mar sa lekker, sa swiet. Bylden mei Jan, mei Afke, fan fakânsjes, fan doe't Afke noch in lytse poppe wie, fan doe't Jan gûlde doe't se sa slim siik wie, meiïnoar yn de tún, by de see.
De keukensêne. Se sjocht de wettertsjettel foar har op it oanrjocht stean. Se docht in hân omheech om it kastke iepen te dwaan, se giet op 'e teannen stean en rikt nei it buske mei teepûdsjes. Dan fielt se syn hannen om har mul, syn amme yn 'e nekke. Hy draait har sûnder wat te sizzen om, siket har mûle en tutet har. Se ferwart har net, triuwt him net by har wei, al sjit it eefkes troch har hinne dat dit in gefaarlik plak is. Se slacht de earmen om him hinne - hieltyd wer sa'n honger - sûcht him oan 'e lippen, wriuwt har gesicht tsjin syn prykjende wang en rôlet de holle genietsjend mei as er har ûnder it ear tutet, yn 'e hals.
| |
| |
Hy lit de hannen oer har heupen glydzje en skoot se stadich omheech. Se stekt de hannen ûnder syn jaske en streaket him oer de rêch. Hy rûkt lekker.
Ynienen út. In tokkeljend lûd klinkt yn 'e hal, in klap, en kjel litte se inoar los. Hy docht in stap tebek en sy draait har om nei it oanrjocht en krijt it earste wat har foar de hannen komt beet. As se him achter har fuortgean heart, sjocht se him oer it skouder nei. Mei sprate fingers giet er troch syn krollen, wylst er mei de oare hân syn jaske fan achteren teplak lûkt. De wettertsjettel trillet har yn 'e hannen en se lit him mei in bats op it oanrjocht delkomme. Se sykhellet djip en as se bûten de keuken fuortstappen heart dy't ferdwine, kipet se om 'e hoeke fan 'e doar. Hy hâldt de doar iepen foar Marijke en har harp.
Afke stiet mei in glês tee foar it rút. Se hat mar in bakje setten, genôch foar twa, mar se drinkt allinnich. Mem komt op moandei meastal wat letter, dan docht se fuort boadskippen as se út skoalle weikomt, mar se hope dat se miskien earder wêze soe, dat se by har sitten gean soe as de tee klear stie, dat se prate woe. Wa wit begong mem der sels oer of doarst Afke har wol te freegjen oft it wier wie dat se wat mei Tom hie.
Mem soe har grif mei grutte ferhearde eagen oansjen en dêrnei laitsje: hoe kaam se dêr no by? Afke knikt, sa soe it gean. Mar mem kaam net en se geat harsels in glês tee yn en dronk it mei lytse slokjes. Toarst hie se net iens, it wie inkeld om troch de tiid te kommen, wat te dwaan ûnder it wachtsjen. As it no àl sa is, as mem ferleafd is op Tom - wat se har net foarstelle kin, want Tom is fierste jong en te knap - wat dan? Wit heit der wat fan? Se giet nei hoe't heit en mem de lêste tiid tsjinoar dogge, mar se kin dêr neat ûngewoans yn bespeure. Se meitsje gjin rúzje, se gean elkoar net út 'e wei. Fansels is se der net altyd by, want se giet earder op bêd, mar likegoed, se soe it fernommen hawwe, dêr is se wis fan.
Hoe giet soks by oaren? Se hat wol bern yn 'e klasse fan skieden âlden, mar dy hawwe it der net oer, net oars as dat wolris sein wurdt dat de heit net mear by har wennet. Hoe soe it wêze, allinnich by heit of allinnich by mem? Soe se sels kieze meie by wa't se wenje wol?
Afke set it glês op 'e tafel en set in cd op, lûd. Se siket de koptelefoan út it laad en set him op 'e holle. No net mear tinke. Se skoddet mei de holle op it ritme fan 'e muzyk en lit har op 't lêst langút oer de flier sakje. Mei in kessen ûnder de holle leit se nei de solder te sjen, de eagen wiid iepen.
Hy stiet ynienen nêst har. Se fielt him mei de eagen ticht en as se dy iepen docht,
| |
| |
sjocht se hoe't er in hân útstekt nei har wang om har oan te reitsjen, op healwei ynhâldt, har oansjocht en glimket. Se glimket werom.
‘Bist dêr?’ Hy skoot in stoel tichter by it taffeltsje, tilt har glês op, sjocht om him hinne en stekt in hân op om te bestellen. ‘Wolst noch in kear itselde?’ freget er. Se skodhollet.
‘Kofje graach.’ As se tegearre yn 'e kopkes sitte te rieren, sjogge se elkoar wer oan en glimkje nochris. Hanne sykhellet om fan wâl te stekken, mar Tom praat al wylst er nei de kofje sjocht. Se ferstiet him net, konsentrearret har sa op wat se sels sizze sil, dat se net heart wat er seit, en se sjogge elkoar wer oan.
‘Dit wurdt neat,’ seit Hanne.
‘Begjin mar by it begjin. Do woest prate, seidest foar de telefoan. It is foar my net sa slim om te rieden wêroer.’
‘It is... it wie...,’ fierder komt se net. Hy wachtet, sjocht earnstich, wol nei har harkje. Se is derôf. Wat hie se no tocht? Dat alles fuort oer wêze soe? Dat Jan har man is, no en letter, en dat dêrmei besluten is, dat ferealens op oaren net mear bestiet. Se sjocht nei Tom syn hân dy't nêst it bakje kofje op 'e tafel leit en se wol him oanreitsje, har hân der oerhinne lizze. Se sjocht nei syn gesicht en se wol wer, noch in kear. It kaam net as in ferrassing, syn streakjende hân ûnder har rok yn de auto. De sensaasje, de siken dy't se ynhold, wylst it yn har holle rôp: ja, mear, fierder. Syn stim kaam fan hiel tichtby en se fielde hoe't se weak waard fan de waarme azem dy't har troch de hals streake.
‘Wolst wol nei hûs?’ frege er, en se hie ferheftich mei de holle skodde. Nee, se woe net nei hûs, it wie te betiid of te let, se wist it net rjocht, mar se woe net nei hûs. Se woe fuort, de wrâld út, it koe neat skele wêrhinne.
It jierdeifeestje fan it haad fan de skoalle, in ferplicht nûmer, dêr't Tom foar de earste kear by wie en dêr't er samar syn nocht fan hie. Hy stapte hast ûnfatsoenlike betiid op en frege oft er har thúsbringe soe. It wie net ôfpraat, mar it wie safier. Hoe banaal it ek wie, it wie no of noait.
Se gichele fan 'e spanning doe't er har yn 'e jas hyste en in pear kear de mouwe te heech hold, hy glimke mei in strak gesicht. Letter, yn syn hûs, op syn terrein, wie it oer. Net de spanning, dy wie allinnich mar grutter, mar de senuwachtige reaksjes wienen se kwyt. Se fergriemden gjin wurden, se lutsen de jassen út, smieten se oer de earste de bêste stoel en klaaiden elkoar fierder út, hastich, ferbiten suver as in knoopke net meijaan woe. Op de bank yn de keamer frijden se fierder, roppich, mar net hastich mear. Hanne lei al har jubelgefoel
| |
| |
yn har hannen, har mûle. Se treau har heupen omheech, rikte sa fier mooglik mei de hannen om de spieren yn syn skonken te fielen en wreau net te sêftsinnich omheech, oer syn billen, syn rêch.
Doe't se, oprôle yn syn moarnsjas, har twadde glês wyn op hie, waard se licht yn 'e holle. Se moast hieltyd laitsje, mar it kaam net fan 'e drank. Se wie bliid, ferromme, se boarste hast fan enerzjy. Tom warskôge har, dat se net mear drinke moast, mar hy begriep it net en se skodholle. Hy brocht har nei hûs en flüstere, doe't se him op 'e mûle tute hie - lang, om te bewarjen - dat se kalmoan dwaan moast. Se knikte, se wie kalm.
Yn 'e hûs wie alles tsjuster. Se dûste har sûnder it ljocht yn 'e baaikeamer oan te dwaan, op 'e taast, en stapte, hjir en der noch wat wiet, by Jan op bêd.
‘Bist dronken?’ hie er grommele en se sei ja, se wie hartstikkene dronken. Se hie gjin tiid hân om nei te tinken, se wie fuort yn 'e sliep fallen.
‘Ik kin it wol fan dy oernimme, it praten,’ seit Tom, ‘mar ik wit net watsto sizze wolst. Kom der mar mei.’ Koe se no de lichte toan mar fine, sa prate dat it like as wie it noch hieltyd boarterij, it fuortsetten fan in spultsje.
‘Ik... it spyt my, ik wol net...’
‘Do woest wol.’ Wis, se woe wol. Trije kear hat se wollen en se woe noch. Dit wie sa ûngefear de reaksje dy't se ferwachte, dêr't se bang foar wie. Hy leit in hân op har earm en laket.
‘Kalm mar, it wie myn bedoeling ek net, of leaver miskien wie 't myn bedoeling wol, mar it hie net wêze moatten.’ Hanne skodhollet.
‘It moast al wêze, it wie hearlik Tom, echt wier, mar ik moat ophâlde.’ Se drinke ferromme de kofje op en bestelle noch ien. It praat no folle makliker, se binne it iens. Gjinien fan beiden wol serieus fierder. Tom hat in freondinne, dêr't er wiis mei is en Hanne wit dat it goed is by Jan, fertroud, en dat se dat net kwyt wol. Spyt hat se net. Yn de fyftjin jier dat se mei Jan troud is, hat se noait wat mei in oarenien hân. Braaf hat se west, en sa fielde it op 't lêst ek: te braaf. As hie se alles wat spontaan en boartlik wie nei oaren ta djip begroeven. Se woe ien kear út 'e bân en se hat de kâns mei beide hannen oanpakt. Se hat derfan geniete, mar it hat genôch west.
‘Dy ûnsin, dat hâlden fan en ferealens twa dingen binne, dat wit ik net,’ seit se, ‘mar sa gong it no ien kear.’
‘En tusken ús?’ freget Tom. Hanne laket.
‘Sille wy mar wer gewoan op 'e nij begjinne?’
‘Wêrmei?’ pleaget Tom.
| |
| |
‘Freonen, goed?’ Hy knikt en as er har oansjocht, knikt sy ek, om it te befêstigjen, mar likegoed om it gefoel teplak te setten dat se krijt as se him oansjocht.
‘Hielendal oer is it net,’ seit se.
‘Moat ek net,’ fynt Tom, ‘dêr binne wy fierste aardich foar.’
‘Kom, Nero.’ Afke moat him hast út 'e koer lûke, sa'n sin hat er oan in kuier. As se him oanlinet, sjocht er har nochris begrutlik oan, mar Afke beart as sjocht se neat. Se wol net allinnich.
Op it strân makket se de hûn los, mar hy bliuwt by har, te âld en te sleau om te draven. Afke besiket him yn aksje te krijen troch sels fuort te spurten, mar hy sjocht har nei en giet derby sitten. In stôk achternei wol er ek net.
‘Wat haw ik no oan dy,’ seit Afke. Se streaket it luie bist oer de facht en rint by it wetter lâns nei de haven. It duorre har thús te lang en se krige it benaud, se woe de frisse lucht yn.
‘Witst wat,’ seit se, ‘wy helje in ysko.’
Nero wurdt der net oars fan, mar sels begjint Afke wat hurder te rinnen.
By it kafee giet se nei de sydkant dêr't se ysko's ferkeapje en bestelt in grouwenien. As it famke dat har helpt yn de friezer omsiket, sjocht se troch it finster hinne nei it terras oan de achterkant fan it kafee. Der sitte in protte minsken foar sa'n iere simmerdei.
It famke leit de ysko foar har del en stekt in hân út om it jild oan te krijen, mar Afke sjocht it net. Achter op it terras, fuort by it wetter, sjocht se mem mei Tom. Se stean, as sille se fuort, se prate en laitsje.
‘Hallo,’ seit it famke, ‘bist der noch.’ Afke jout har in ryksdaalder en sjit fuort. Se heart net dat se har achternei roppe dat se noch wikseljild krijt. Achter it muorke dat foar lijte op it terras soarget, bliuwt se stean en kipet om it hoekje. Nero triuwt de snút tsjin har skonken en jout him del as se net reagearret.
Tom jout mem in tút, hy streaket har oer de earm en hâldt har hân fêst. Afke hâldt de siken yn, it hert bûnzet har yn 'e kiel. ‘Stomme tutte. Rotmins.’ Nero grommelet en sil oerein, rjochting terras. Se krijt him mei beide hannen yn it facht om him tsjin te hâlden.
‘Hjir bliuwe,’ systert se en triuwt it achterein fan 'e hûn nei ûnderen.
As mem en Tom nei it kafee rinne, dûkt se achter it muorke, krijt Nero by it tou en draaft fuort. Se skuort de hûn, dy't ferheard tsjinakselet, achter har oan.
‘Kom dan, rotbist,’ raast se flústerjend. Se grynt deroer.
Oan de oare kant fan it kafee sjocht se hoe't mem achter de beammen nei har fyts rint.
| |
| |
As se dizze kant útsjocht, dan kin se har sjen. Afke draaft de dyk oer, it fytspaad in ein del, en sjit dan de boskjes yn. Se springt oer in greppel, skuort Nero achter har oan, dy't fan argewaasje begjint te blaffen en draaft likelang troch it gers oant se by de earste strjitte fan it doarp is. Dêr sjocht se achterom. Mem is net mear te sjen en ek de auto fan Tom net, dy moatte beide de oare kant lâns.
Wat moat se no? Nei hûs ta wol se net. As mem dêr al is, dan wit se net hoe't se har hâlde moat. Stadich rint se it doarp yn. Se faget har troch de eagen en oer de wangen. Sa, no besykje om wer gewoan te dwaan. Nero sjokt nêst har. Dat se sa'n frjemde kuier meitsje kin him blykber neat skele.
Yn 'e winkelstrjitte bliuwt se foar hast alle etalaazjes eefkes stean. It swit stiet har op 'e rêch en har hannen plakke fan de ysko dy't har ûnder it draven út 'e hannen foel. Se siket in bûsdoek en as se dy wer yn 'e bûse stekke sil, stiet mem ynienen achter har.
‘Afke!’ Mem sjocht nei har en nei de hun. ‘Hast de hûn mei? Dy wit net wat him oerkomt.’ Se laket. Toe mar, se laket. Afke sjocht har oan as koe se it foargeande op har gesicht lêze. Se laket!
‘Wat hast,’ freget mem. Afke seit neat.
‘Giest noch eefkes mei, ik moat noch nei de bakker en nei de bibleteek.’ Se rinne tegearre fierder. Mem slacht in earm om har hinne en lûkt har in telmannich tsjin har oan.
|
|