Attje Oosterhuis
Sammelje
Attje Oosterhuis (Westernieland 1950) is begûn as dosinte tekstile wurkfoarmen yn Easterwâlde, Hearrenfean en Drachten. Dêrneist hat hja op de Akademy Minerva Moadefoarmjouwing dien dêr't hja yn 1992 yn ôfstudearre.
Har wurk hat as tema ‘Sammelje’.
Benammen bern hawwe oanstriid om alles dat sy fine te bewarjen. Oosterhuis hat fan samlingen lykas postsegels, lusifersdoaskes en stickers patchwork-eftige stoffen makke dy't troch in laagje plastic beskerme wurde. Op 'e eineksameneksposysje wiene fral berneklean en aksessoires te sjen. Mar hja hat har wurkterrein no ek útwreide ta moade foar folwoeksenen.
Hjirfoar brûkt hja kranteknipsels dy't betsjutting ha foar it deistich libben en oantinkens oproppe.
Ek dêrfan makket hja festen en tassen dy't men demonstratyf meidrage kin.
Attje Oosterhuis wennet en wurket yn Ravenswoud.