Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] Harmen Wind Se sizze Se sizze, leafste, dat dit libben net duorje kin, dat wy in hoart ús gongen geane, doarmjend sûnder sin, leafste se sizze dat wy as dit gers fertoarje, wat wy binne is ferrin. Meand, swile, oppere, ferfearn. Hurd? Nee, se sizze hoechst net bang te wêzen, der is neat dat bûten ús noch eat betsjut. Gers leafste, gers om yn te lizzen, gers om ûnder te fergean. Se sizze dat út goederbêst, se sizze dat mar om te treasten, leafste. Se leauwe net yn dreamen, se swije fan bestean. [pagina 17] [p. 17] Eben Haëzer I Dat hege gûnzjen ûnder de plasse: yn dizze moarn brekt wer in mylde stjerdei oan. Te tidigjen op it ûnûntwynbere, it wikselliet fan 'e klysters, genedige dauwe, dat ûnthjittende, jammerdearlike. De ynkear fan in klinkert ta de ierde. [pagina 18] [p. 18] II Gjin amerij giet ea foarby. Fernuvere it mûskopjen fan twa hynders te opstrewearjen. Mei in streekt ketoenen boesgroen oan, te gast by it ferfal, stadich te fertichtsjen ta in swerfstien ûnder grien. Yn it lytste lûd ferliest him de tiid. Vorige Volgende